Yn 1920, doe't Dahl trije jier wie, kaam syn sânjierrige suster Astri te ferstjerren oan blinetermûntstekking. In pear wiken letter stoar syn heit mei 57 jier oan longûntstekking. Dahl syn mem naam doe yn omtinken om werom te gean nei Noarwegen, dêr't se by famylje ynwenje koe, mar om't sy en har man besletten hiene en stjoer de bern nei Ingelskeskoallen, dy't se as de bêste skoallen fan 'e wrâld beskôgen, besleat se úteinlik yn Wales te bliuwen. Yn Llandaff folge Dahl leger ûnderwiis oan 'e Katedraalsskoalle. Fanwegen it beslút om 'e bern nei Ingelske skoallen te stjoeren, waard er mei in jier as tsien oerpleatst nei de kostskoalle St. Peter's yn Weston-super-Mare, dy't fan alle Ingelske skoallen it neiste wie fanwegen de fearferbining oer it Kanaal fan Bristol. Op St. Peter's hie Dahl in ûnoangename tiid, mei't er tige ûnwennich wie. Hy skreau syn mem eltse wike in brief, mar hold syn ûngelokkigens foar har ferburgen. Dy brieven waarden troch syn mem allegear bewarre en Dahl fûn se nei har dea yn 1967 keurich byinoar bûn werom. Yn 2016, sechstjin jier nei syn eigen dea, waarden se yn in ynkoarte ferzje útstjoerd yn it BBC-radioprogrammaBook of the Week.
Yn 1929, doe't er trettjin jier wie, gie Dahl nei de middelbere skoalle oan in oar jongesynternaat dat folle fierder fan hûs wie: de Repton School yn Derbyshire. Dêr makke er in freeslike tiid troch. Yn in fermidden fan ûntgrienings, rituële wreedheid en klassedominânsje hearske dêr it rjocht fan 'e sterkste: de jongere jonges waarden twongen om as liiffeinten fan 'e âldere jonges te tsjinjen en waarden geregeldwei ûnderwurpen oan in skriklik wan bruien. De skoallieding wie foar in grut part op 'e hichte fan dy gong fan saken, mar beskôge it as tradysje en griep net yn. Krektoarsom, de learkrêften dielden sels ek om it hoartsje liifstraffen út troch de learlingen op 'e hûd te jaan mei in Spaansk reid. Mei't in soad fan dy learkrêften anglikaanskegeastliken wiene, joech Dahl letter oan dat syn jierren oan 'e Repton School him twifelje litten hiene oan religy en sels oan it bestean fan God.
Yn syn tinerjierren beoefene Dahl ferskate sporten, wêrûnder cricket, fuotbal, golf en squash. Hy wie ek in hertstochtlik leafhawwer fan literatuer, hoewol't syn dosinten doe fan syn eigen skriuwwurk net bepaald ûnder de yndruk wiene. Sa skreau ien fan leararen Ingelsk yn syn skoalrapport: "Ik haw noch nea earder immen meimakke dy't sa oanhâldend wurden skriuwt dy't persiis it tsjinstelde betsjutte fan wat bedoeld wurdt." Behalven literatuer hie Dahl ek in foarleafde foar fotografy. De simmerfakânsjes brocht er almeast troch by de famylje fan syn mem yn Noarwegen. Nei't er yn 1934 slagge wie foar syn eksamens en de Repton School sûnder rouwigens efter him litte koe, reizge er dy simmers nei Noard-Amearika, dêr't er dielnaam oan in organisearre kuiertocht troch Nijfûnlân.
Dahl waard oan it No. 80 Squadron RAF tawiisd, dat yn âlderwetske Gloster Gladiators fleach, de lêste twadekkers dy't noch by de RAF yn gebrûk wiene. Hy wie ferheard doe't er ûntdiek dat er gjin inkeld ûnderrjocht yn loftgefjochten krige, noch yn hoe't er in twadekkerfleanmasine fleane moast. Op 19 septimber1940 krige Dahl de opdracht om syn Gladiator yn etappes fan in fleanfjild by Ismailija, yn Egypte, nei in fleanfjild 48 km besuden Marsa Matruh, yn Lybje, te fleanen. By de lêste etappe koed er syn bestimming net fine, en om't syn brânstof suver op wie en de nacht ynfoel, wied er twongen en prebearje in lâning yn 'e woastyn. Dêrby heakke syn lâningsgestel efter in rotsblok en fleach de Gladiator oer de kop.
Dahl rûn in plassefraktuer en in brutsen noas op. Hy rekke tydlik syn gesichtsfermogen kwyt, mar wist himsels op it gefoel en gehoar by it brânende tastel wei te slepen ear't er it bewustwêzen ferlear. Hy waard aldergeloks op 'e tiid fûn en nei it fjildhospitaal yn Marsa Matruh brocht, dêr't er syn bewustwêzen weromkrige, mar syn gesichtsfermogen noch net. Letter waard er oerbrocht nei in sikehûs fan 'e Royal Navy yn Aleksandrië, dêr't er stadichoan opbettere en ûnderwilens fereale rekke op in ferpleechster, Mary Welland. In ûndersyk fan 'e RAF kaam ta de konklúzje dat it gjin wûnder wie dat Dahl syn bestimming net fine kinnen hie, mei't er by fersin nei in dwersferkearde lokaasje ta stjoerd wie, yn it nimmenslân tusken de linys fan 'e Alliëarden en de Italjanen.
Yn febrewaris1941 waard Dahl einlings út it sikehûs ûntslein en achte de RAF him wer fit genôch om te fleanen. No. 80 Squadron wie tsjin dy tiid oerbrocht nei Grikelân, dêr't se fanôf in fleanfjild by Eleusina, yn neite fan Atene, dielnamen oan 'e Slach om Grikelân. De Gloster Gladiators wiene ûnderwilens ek ôftanke en it squadron fleach no yn Hawker Hurricanes. Nei sân oeren flechttiid yn in Hurricane fleach Dahl yn april1941 sa'n fleantúch oer de Middellânske See fan Egypte nei Grikelân. Dêr sieten se om him te springen, want de Dútske opmars gie sa fluch dat de RAF tsjin dy tiid noch mar achttjin fleanweardige tastellen yn Grikelân hie: fjirtjin Hurricanes-jachtfleanmasines en fjouwer lichte bommesmiters fan it type Bristol Blenheim.
Nei syn oankomst waard Dahl dan ek daliks ynset, en op 15 april belibbe er syn earste loftgejocht, doe't er seis Junkers Ju-88s oanfoel dy't yn 'e haven fan Chalcisskippen oan it bombardearjen wiene. Hy skeat ien fan 'e Junkers' del, en de folgjende dei rekke er op 'e nij yn gefjocht en skeat er noch in Ju-88 del. Op 20 april naam Dahl diel oan 'e Slach om Atene mei oare Britske piloaten, wêrûnder syn freon David Coke en Pat Pattle. Fan 'e tolve Hurricanes waarden fiif troch de Dútsers delsketten, wêrby't fjouwer piloaten omkamen, ynklusyf Pattle. Fan 'e Dútsers waarden lykwols 22 tastellen delsketten, hoewol't troch de grimelgrammel fan yninoar omfleanende fleantugen net ien sizze koe wa't hokker tastel delhelle hie.
Yn maaie, doe't dúdlik waard dat de striid om Grikelân ferlern wie, waard No. 80 Squadron dêrwei evakuëarre. It squadron waard yn Haifa, yn Palestina, wer opboud. Dêrwei fleach Dahl fjouwer wiken lang eltse dei út. Op 8 juny skeat er in Vichy-FrânskePotez 63 út Syrje del, en op 15 juny noch in Ju-88. Hy krige lykwols hieltyd mear lêst fan pineholle, dy't te witen wie oan syn ûngelok út 1940. Doe't de pineholle op in stuit sa slim waard dat er der lytse skoftkes fan út 'e tiid rekke, waard er as oarlochsynfalide nei it Feriene Keninkryk ta stjoerd. Dêr waard er legere op in treningsfleanfjild fan 'e RAF by Uxbridge, dêr't er besocht om genôch op te betterjen om teminsten as fleanynstrukteur oan it wurk te kinnen.
Kommend út it troch oarlochskrapte troffen Ingelân liek Dahl de oerfloed oan iten en guod yn 'e Feriene Steaten suver dekadint ta. Hy dielde in hûs mei in oare Britske attasjee yn 'e wykGeorgetown en krige al rillegau in hekel oan syn nije wurk. Hy hie it gefoel dat er mar wat omhong wylst yn Jeropa syn maten omkamen yn 'e striid. It wie de bedoeling dat Dahl de helpende hân biede soe by it neutralisearjen fan it tradisjonele Amerikaanske isolasjonisme, mei't de Feriene Steaten pas fjouwer moannen earder, yn desimber1941, troch de Japanskeoanfal op Pearl Harbor oan it hier de Twadde Wrâldoarloch ynskuord wiene. Hoe't er dat krekt oprêde moast, wie him net dúdlik, oant er de Britske skriuwerC.S. Forester mette, dy't deselde put taskood wie.
Forester wurke foar it Britske Ministearje fan Ynformaasje en skreau Alliëardepropaganda foar it Amerikaanske publyk. De kranteThe Saturday Evening Post hie him frege in ferhaal te skriuwen op basis fan Dahl syn ûnderfinings as RAF-piloat, en Forester frege doe oan Dahl om wat oer syn ûnderfinings op papier te setten, sadat hy der in rinnend ferhaal fan meitsje koe. Nei't Forester lykwols lêzen hie wat Dahl him jûn hie, besleat er om dat publisearje te litten krekt sa't Dahl it sels skreaun hie, hoewol't de oarspronklike titelA Piece of Cake ("In Fluitsje fan in Sint") troch de krante feroare waard yn Shot Down over Libya ("Delsketten boppe Lybje"), om't dat mear dramatysk klonk, ek al wie Dahl hielendal net delsketten. It ferhaal waard op 1 augustus1942 publisearre. Letter wurke Dahl by it meitsjen fan lyksoartige propaganda gear mei oare Britske ofsieren, ûnder wa David Ogilvy en Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond.
Underwilens wie Dahl yn augustus1942 befoardere ta de rang fan flight lieutenant (like heech as in kaptein by de Nederlânske loftmacht). Fia syn propagandawurk rekke er belutsen by spionaazje-aktiviteiten yn it ramt fan it netwurk fan 'e Kanadeeske spionnemasterWilliam Stephenson, dy't bekend waard ûnder de koadenamme 'Intrepid' ("Unferfeard"). Dahl waard ien fan 'e aginten fan 'e Britske militêreynljochtingetsjinstBritish Security Coordination, dy't resortearre ûnder MI6. Hy hie ta taak om ynformaasje yn te winnen oer de gong fan saken yn it Amerikaanske regear en dy ynformaasje troch te spyljen oan it Britske regear. Sels brocht Dahl it letter sa ûnder wurden: "Myn baan wie om derfoar te soargjen dat Winston mei FDR troch ien doar koe, en om Winston te fertellen wat [FDR] tocht." Ien kear waard Dahl troch hegere funksjonarissen op 'e ambassade nei hûs stjoerd yn it Feriene Keninkryk, yn namme om't er him misdroegen hawwe soe. Stephenson besoarge him in tydlike promoasje ta wing commander (ferlykber mei in luitenant-kolonel yn 'e Nederlânske loftmacht) en stjoerde him daliks werom nei Washington. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Dahl noch desennia lang mei Stephenson befreone. Hy swaaide yn augustus1946 ôf út 'e RAF mei de rang fan squadron leader (like heech as in majoar yn 'e Nederlânske loftmacht).
Yn novimber1962 stoar Dahl syn âldste dochter Olivia mei sân jier oan in troch de mûzels feroarsake harsensûntstekking (subakute sklerosearjende panensefalitis). Har dea liet Dahl "weak fan wanhope" efter, sa't er it letter sels omskreau. Neitiid ûntjoech er him ta in grut foarfjochter fan faksinaasje tsjin bernesykten. Olivia har dea late yndirekt ek ta Dahl syn definitive brek mei it kristendom. Wylst er om syn dochter rouwe, socht er stipe by Geoffrey Fisher, de eardere aartsbiskop fan Canterbury. Mei ûntsteltenis hearde er oan hoe't dyselde him mei grutte wissichheid fertelde dat Olivia no yn it paradys wie, mar dat se har hûntsje Rowley, dêr't se sa fan hold, dêr nea weromsjen soe, om't bisten net nei de himel geane. Dahl fûn it te gek foar wurden dat Fisher dêr sa wis fan wêze koe, en begûn him ôf te freegjen oft "dizze grutte en ferneamde geastlike eins wol wist wêr't er it oer hie en oft er eins wol it lytste bytsje wist oer God en de himel, en as hy it net wist, wa yn 'e wrâld oft it dan wol witte soe."
Yn 1965 krige Dahl syn frou Patricia Neal trije harsensaneurisma's efterinoar wylst se swier wie fan harren fyfde bern, Lucy. Neitiid moast se op 'e nij leare om te praten en te rinnen, en Dahl wykte yn dy tiid amper fan har side. Uteinlik slagge it har om har aktearkarriêre wer op te bouwen. Dy perioade út it libben fan 'e Dahls waard yn 1981ferfilme as The Patricia Neal Story, mei yn 'e haadrollenGlenda Jackson as Neal en Dirk Bogarde as Dahl. Harren houlik einige lykwols yn 1983 yn in skieding. Dahl wertroude koart dêrnei mei Felicity d'Abreu Crosland, mei wa't er al in skoft in bûtenechtlike relaasje ûnderholden hie. Sy loek doe by him yn yn syn hûs yn Great Missenden. Yn 1986 stie Dahl op 'e New Years Honours List (de list foar de Britske lintsjesrein); hy koe ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) wurde, mar sloech dat ôf. Nei't it skynt woed er net genoegen nimme mei minder as in ridderoarder, om't er woe dat syn frou harsels 'Lady Dahl' neame meie soe.
Skriuwkarriêre
Skriuwen die Dahl, sa fertelde er doe't de NederlânskepresintatorIvo Niehe him foar it tillefyzjeprogrammaDe TV-Show op Reis thús opsocht, altyd op deselde manear: mei potlead op giel notysjepapier yn syn studearkeamer, sittend yn in fauteuil wêrfan't er in stik fan 'e bekling fuortsnien hie om't er sa'n pinerêch hie dat er dêr gjin druk ferneare koe. Mar dat wie op lettere leeftyd. Dahl syn earste publisearre wurk wie it ferhaal A Piece of Cake, oer syn delstoarten yn Lybje yn 1940, dat yn augustus1942 ûnder de dramatisearre titelShot Down over Libya publisearre waard yn 'e Amerikaanske kranteThe Saturday Evening Post. Hy fertsjinne dêr $1.000 mei, wat yn dy tiid in oansjenlik bedrach wie.
Dahl syn earste berneboek wie The Gremlins, dat er by Random House publisearre yn 1943, oer saneamde gremlins, ûndogenske lytse mytyske wêzentsjes dy't ûnderdiel wiene fan 'e beropsmjittigefolkloare by de RAF. (As der wat mis wie mei in fleanmasine, seine de piloaten en monteurs dat it euvel feroarsake waard troch gremlins.) Dahl skreau The Gremlins wylst er wurke op 'e Britske ambassade yn Washington, D.C., en stjoerde in eksimplaar nei Eleanor Roosevelt, de Amerikaanske first lady, om foar te lêzen oan har beppesizzers. It wie in súksesfol genôch boek dat Disney der de filmrjochten fan kocht, hoewol't it nea ta in ferfilming kaam.
It duorre hast tweintich jier ear't Dahl wer in berneboek skreau, en dy weromkear nei dat sjenre foel, net tafallich, gear mei de perioade yn it begjin fan 'e 1960-er jierren doe't er sels jonge bern hie. Syn twadde berneboek, nei The Gremlins, wie James and the Giant Peach, dat yn 1961 ferskynde by Alfred A. Knopf, Inc. yn New York. Dat boek ûntjoech him ta in wiere klassiker, en itselde gou foar Charlie and the Chocolate Factory, dat yn 1964 útkaam. Dat wie sa súksesfol, dat Dahl der yn 1972 in ferfolch op skreau, Charlie and the Great Glass Elevator. Oare tige súksesfolle berneboeken fan sines wiene û.m. The Twits (1980, yn it Nederlânskoerset as De Griezels), The BFG (1982), The Witches (1983), en Matilda (1988).
Yn 'e 1960-er jierren kocht Dahl in autentike wenwein fan 'e Romanitsjal (in Ingelske subgroep fan 'e Roma), dy't er parkearre yn 'e tún fan syn wente yn Great Missenden. Syn bern brûkten it ding om yn te boartsjen, en letter brûkte Dahl it sels om der yn 1975 syn berneboek Danny, the Champion of the World yn te skriuwen. Yn 1983 waarden Dahl syn berneboeken bekroane mei in World Fantasy Award foar syn hiele oeuvre.
Ien fan Dahl syn bekendste ferhalen, The Smoker, ek bekend as Man from the South, waard fjouwer kear ferfilme: twa kear, yn 1960 en nochris yn 1985, as ôflevering fan 'e tillefyzjesearjeAlfred Hitchcock Presents, en fierders as ûnderdiel fan 'e filmFour Rooms, fan regisseurQuentin Tarantino, út 1995. De fjirde ferfilming wie yn 1979, doe't Dahl syn ferhalebondel Tales of the Unexpected adaptearre waard ta in tillefyzjesearje dy't rûn fan 1979 oant 1988: it earste ferhaal dat yn dat ramt ferfilme waard, wie Man from the South. Yn 1983 fungearre Dahl as boekeredakteur foar de ferhalebondel Dahl's Book of Ghost Stories, dy't inkeld ferhalen fan oare auteurs omfette.
Fierders skreau Dahl yn 'e 1960-er jierren en 1970-er jierren in skoftke senario's foar films, wêrfan't twa, dy fan Chitty-Chitty-Bang-Bang en de James Bond-film You Only Live Twice, adaptaasjes wiene fan romans fan Ian Fleming. Dahl sette ek útein mei in senario-adaptaasje fan syn eigen roman Charlie and the Chocolate Factory, mar doe't er him neat oanloek fan 'e deadlines, lieten de filmprodusinten fan 'e ferfilming it wurk oernimme troch David Seltzer, dy't sadwaande úteinlik ferantwurdlik wie foar it skript fan 'e film Willy Wonka & the Chocolate Factory út 1971. Dahl woe letter neat mei dy film te krijen hawwe, mei't er "teloarsteld" wie om't "er fûn dat de film tefolle de klam op Willy Wonka lei en net genôch op Charlie." Hy wie ek "poerrazen" oer de ôfwikings fan 'e plot fan syn boek dy't Seltzer yn it filmsenario oanbrocht hie. It resultaat wie dat Dahl foar de rest fan syn libben gjin nije ferfilmings fan syn wurk mear tastie.
Yn 1961 fungearre Dahl ek as senarioskriuwer en presintator fan 'e fjirtjin ôfleverings tellende tillefyzjesearje Way Out, op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerderCBS. Dy searje omfette in ferskaat oan science fiction- en horrorferhalen, en wie eins in foarrinner fan 'e lettere en bekendere searje The Twilight Zone. Dahl skreau ek tillefyzjesenario's foar it komyskeBBC-programma That Was the Week That Was, presintearre troch David Frost. Ta beslút wie Dahl ek aktyf as toanielskriuwer, wêrby't er benammen toanielbewurkings fan syn eigen boeken skreau.
1999 – The Mildenhall Treasure (skiedkundich wurk, oarspronklik útjûn as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel The Wonderful Life of Henry Sugar and Six More)
As redakteur
1983 – Roald Dahl's Book of Ghost Stories (bondel mei horrorferhalen fan oare auteurs ûnder redaksje fan Dahl)