Lang hold The New Yorker fêst oan 'e âlde lay-out dy't suver in tradysje wurden wie. Pas ûnder it haadredakteurskip fan Tina Brown (1992-1998) waard it blêd modernisearre, wat ta in protte kontroverse ûnder de lêzers late. Brown yntrodusearre yllustraasjes yn kleur yn it blêd, wêrûnder ek foar it earst foto's (earder hiene de yllustraasjes allegear cartoons en oare tekenings west). Ek waard de regelôfstân fergrutte, sadat der minder tekst op eltse bledside stie en waard de lay-out yn algemiene sin by de tiid brocht. Fierders wreide se de ferslachjouwing oer de aktualiteit en bekende persoanen út en yntrodusearre se koarte kollums oer New York, wêrûnder ien oer it nachtlibben dy't faak op it rântsje wie.
Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren krige The New Yorker ûnder it haadredakteurskip fan David Remnick in eigen webside, dêr't (foar abonnees) in diel fan 'e ynhâld fan 'e hjoeddeistige edysje te lêzen is, mei dêropta wat stikken dy't inkeld online publisearre wurde en in grutte hoemannichte argyfmateriaal út eardere edysjes. Op 'e webside binne ek de cartoons út it tydskrift te keap, en teffens in digitaal argyf op CD-roms fan alle mear as 4.000 edysjes fan 1925 oant en mei april2008, mei yn totaal mear as 500.000 bledsiden.
Fan bysûndere betsjutting is Eustace Tilley, in weromkearend cartoonpersonaazje dat in soarte fan maskotte foar The New Yorker wurden is. Hy stie op 'e omslach fan 'e earste edysje fan it tydskrift út febrewaris1925, tekene troch Rea Irvin as in dandy dy't troch in monôkle nei in flinter sjocht. Fan augustus fan dat jier ôf ferskynde er ek op tekenings fan Corey Ford (1902-1969) binnenyn it tydskrift. Tradisjoneel wurdt de omslach fan Irvin elts jier op 'e nij brûkt op 21 febrewaris of sa ticht by dy datum as mar mooglik is. By inkele gelegenheden is Irvin har wurk lykwols ferfongen troch in nij tekene fariaasje op 'e oarspronklike omslach.
Oplaach en lêzers
De oplaach fan The New Yorker bedroech yn 2019 krapoan 1.232.000 eksimplaren. Nettsjinsteande syn namme wurdt it tydskrift yn 'e hiele Feriene Steaten lêzen. Fan 'e oplaach giet 53% nei lêzers yn 'e tsien grutste Amerikaanske stêden. Neffens ûndersyk fan Mediamark Research wie yn 2009 de trochsneed leeftyd fan in lêzer fan The New Yorker 47 jier mei in trochsneed ynkommen fan $110.000 yn it jier. Neffens in ûndersyk fan Pew Research is 77% fan 'e lêzers fan The New Yorkerpolityklinks oriïntearre.