1 april1911: op Larkhill yn Wiltshire wurdt it Air Battalion oprjochte as part fan de Royal Engineers. It ûnderdiel hie 2 ienheden: in ienheid mei fleantugen en in oare mei fleanders en loftskippen.
Desimber 1911: de Royal Naval Flying School yn Eastchurch (Kent), wurdt oprjochte.
13 april1912: it Royal Flying Corps (RFC) wurdt oprjochte. It Air Batallion en de Royal Naval Flying School gienen dêr rillegau yn op.
1 july1914: it marine-ûnderdiel fan de RFC splitst him ôf en wurdt it Royal Naval Air Service (RNAS). Alle loftskippen falle ûnder de RNAS.
1 april 1918: de RFC en de RNAS wurde tegearre de Royal Air Force.
1 april 1924: oprjochting fan it Fleet Air Arm (marineloftfearttsjinst) as part fan de RAF
14 maaie 1937: Fleet Air Arm giet oer nei de Royal Navy