Nei't men doopt is, mei men jin in kristen neame, al bestiet der in ôfwikende miening dat men kristen wêze moat om doopt wurde te kinnen, en dat de doop inkeld in uterlike befêstiging is fan in ynderlike ûntwikkeling dy't syn beslach al krigen hat. By guon kristlike denominaasjes jout de doop tagong ta oare sakreminten, lykas it jûnsmiel.
Oarsprong
De doop wurdt fernijd yn it Nije Testamint fan 'e Bibel, dêr't de profeetJehannes de Doper de doop as teken fan bekearing en ferjouwing fan sûnden preket. Ek Jezus Kristus liet him neffens Mattéus 3:13-17 dope troch Jehannes, en dy syn praktyk waard letter oernommen troch de dissipels fan Jezus, wêrmei't de doop in kristlike inisjaasjerite waard.
It is mooglik dat de doop, dy't tsjintwurdich net yn it joadendom foarkomt, dochs weromgiet op in joadske oarsprong. Yn it Alde Testamint wurdt nammentlik it ferhaal fan 'e Arameeske legeroerste Naäman fermelden, dy't oanhelle rekket mei melaatskens en him dan yn uterste need ta de IsraelityskeprofeetEliza keard. Dyselde jout him opdracht om himsels sânris yn 'e rivier de Jordaan ûnder te dompeljen; dan sil er genêzen wêze. As Naäman dat mei tsjinnichheid docht, blykt de foarsizzing fan 'e profeet út te kommen. Naäman is dan sa tankber, dat er de heidenskegoaden fan syn folk ôfsward en joad wurdt.
Binnen it kristendom besteane ferskillende tradysjes oangeande de doop. De Roomsk-Katolike Tsjerke, de eastersk-otterdokse tsjerken en de measte protestantske denominaasjes hâlde de bernedoop oan, wêrby't bern fan kristlike âlden sa ier mooglik doopt wurde, yn 'e regel in pear dagen oant in pear wiken nei de berte.
Yn 'e tiid fan 'e Reformaasje ûntstie dêr rebûlje oer, doe't de anabaptisten de bernedoop ôfswarden, om't se fûnen dat de leauwenden der sels foar kieze moasten om kristen te wurden. Om't poppen dat fansels net koene, fierden sy de folwoeksenedoop yn, wêrby't men jin oan it begjin fan jins mearderjierrigens dope lit en sa folweardich lid wurdt fan 'e kristlike mienskip. De Roomsk-Katolike Tsjerke en ek ferskate protestantske tsjerken bestrieden dit idee yn 't earstoan fûleindich, en in protte anabaptisten einigen op 'e brânsteapel.