Tûzenen jierren lyn fierden fiif lânseigen stammen yn Sintraal-Afrikaoarloch oer in reuseftige meteoryt dy't yn harren wengebiet ynslein wie. De meteoryt wie makke fan 'fibranium', it sterkste metaal fan 'e wrâld, dat boppedat de biology fan 'e krite beynfloede. Ien kriger naam in 'hertfoarmich krûd' yn wêrfan't de genetyske koade troch fibranium feroare wie en krige dêrtroch boppeminsklike fermogens dy't him ta de earste Black Panther makken. Hy feriene fjouwer fan 'e fiif stammen ûnder syn regear en waard de earste kening fan Wakanda. Inkeld de stamme fan 'e Jabari wiisde syn hearskippij ôf en loek him werom yn 'e bergen.
Troch de iuwen hinne brûkten de Wakandezen harren fibranium om in heech technologyskemaatskippij te ûntwikkeljen, dy't ljochtjierren foarlei op dy fan 'e Westerske wrâld. Om't se bang wiene dat, as soks útlekte, útlanners komme soene om harren it fibranium te ûntstellen, isolearren se harsels fan 'e rest fan 'e wrâld en diene se har foar as in stôkearmûntwikkelingslân mei in maatskippij fan geitehoeders. Se stjoerden spionnen út nei oare lannen om 'e gong fan saken dêr yn 'e rekken te hâlden.
Yn 1992 is prins N'Jobu, de jongere broer fan kening T'Chaka fan Wakanda, ien fan dy spionnen yn Oakland, yn 'e Feriene Steaten, dêr't er him it lot oanlûkt fan 'e earme en marzjinalisearre Afro-Amerikaanskebefolking yn 'e binnenstêd. Hy wurdt besocht troch T'Chaka, dy't him derfan beskuldiget dat hy, N'Jobu, Wakanda ferret hat troch de Súdafrikaanskewapenhanneler Ulysses Klaue te helpen om in lytse hoemannichte fibranium út Wakanda te stellen. N'Jobu wol dat guod op 'e ynternasjonale swarte merk ferkeapje om oan jild te kommen wêrmei't er de Afro-Amerikanen bewapenje kin om yn 'e Feriene Steaten in revolúsje te begjinnen. It docht bliken dat de kening syn broer yn 'e gaten hâlde litten hat troch in oare spion, Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat it syn bêste freon wie.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
By de plechtichheid kieze de Rivier-, Mynbou-, Keapljus- en Grinsstammen derfoar om T'Challa net út te daagjen ta in duël foar it keningskip. Unferwachts, lykwols, arrivearret M'Baku, de foaroanman fan 'e Jabari, dy't T'Challa wol útdaget. Yn it dêropfolgjende duël slagget it de foar de gelegenheid fan syn boppeminsklike krêften ûntdiene T'Challa mar mei muoite om M'Baku te ferslaan. Hy kiest derfoar om it libben fan 'e Jabari-lieder te sparjen. Neitiid wurdt er by in fierder ritueel ta kening útroppen.
Underwilens stelle Ulysses Klaue en syn swarte Amerikaanske hantlanger Erik Stevens út in museum yn Londen in Wakandeesk objekt fan rôfkeunst, dat makke blykt te wêzen fan fibranium. It nijs fan it foarfal berikt al rillegau Wakanda, dêr't T'Challa syn freon W'Kabi, de krigerlieder fan 'e Grinsstamme, der bot by de nije kening op oan stiet om Klaue út 'e wei te romjen of him nei Wakanda te heljen om berjochte te wurden. W'Kabi syn âldelju binne nammentlik tritich jier lyn omkommen by Klaue syn eardere dieverij fan fibranium yn Wakanda. T'Challa wiist it oanbod fan W'Kabi om mei him te gean ôf, en nimt ynstee inkeld Nakía en Okoye mei nei Busan, yn Súd-Koreä, dêr't Klaue yn in kasino in moeting opset hat mei in potinsjele keaper fan it fibranium artefakt.
Dy keaper blykt spesjaal agint Everett K. Ross fan 'e CIA te wêzen, dy't krekt as T'Challa dwaande is mei in undercoveroperaasje. De beide teams ride inoar yn 'e tsjillen, mei as gefolch dat Klaue der lucht fan kriget dat it in mûklaach is en fan rutens spilet. Nei in wylde efterfolging slagget it T'Challa en Ross om Klaue te pakken te krijen. Mei tsjinnichheid lit T'Challa ta dat Ross de arrestant ûnderfreget. Klaue bringt oan 'e CIA-agint út dat it earmoedige imago fan Wakanda mar in dekmantel is foar in heech technologyske maatskippij dy't de rest fan 'e wrâld fier foarút is. Ross giet werom nei T'Challa om him dêroer te befreegjen, mar op dat stuit blaze Stevens en de oare hantlangers fan Klaue de bûtenmuorre fan 'e sel derút om him te befrijen. By it fjoergefjocht dat dêrop folget, wurdt Nakía fan in wisse dea rêden troch Ross, dy't yn 'e baan fan 'e kûgel springt en deadlikferwûne rekket. Ynstee dat er efter Klaue oangiet, bringt T'Challa Ross nei Wakanda ta om syn libben te rêden mei de futuristyskegenêskundige technology dy't allinnich dêr foar hannen is.
Wylst prinsesse Shuri, dy't alles fan 'e lêste technology ôfwit, Ross genêst, hat T'Challa in ûnoangename konfrontaasje mei W'Kabi, dy't poerrazen is dat T'Challa Klaue troch syn fingers glûpe litten hat, en noch wol om it libben fan in blanke te rêden! T'Challa siket syn heite spion Zuri op, dy't ûnderwilens opklommen is ta de funksje fan opperhofmaarskalk. Hy hat nammentlik oan ien fan Stevens syn fingers in ring werkend dy't allinne mar droegen wurdt troch leden fan it Keninklik Hûs fan Wakanda. No wol er fan Zuri witte wat der fan syn omke N'Jobu wurden is. Nei't T'Challa him ûnder druk setten hat, fertelt Zuri him oer de konfrontaasje dy't kening T'Chaka yn 1992 yn Oakland hie mei syn broer N'Jobu.
Nei't de kening útbrocht dat er N'Jobu bespionearje litten hie troch Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat er syn freon wie, fielde N'Jobu him sa ferret dat er in pistoal loek en Zuri besocht dea te sjitten. Mar T'Chaka beskerme Zuri troch syn eigen broer te deadzjen mei de klauwen fan syn Black Panther-pak. T'Chaka liet Zuri ûnthjitte dat er dêr nea mei immen oer prate soe, en dêrnei ferlieten se halje-trawalje Oakland om werom te kearen nei Wakanda. N'Jobu syn stoflik omskot lieten se efter om fûn te wurden troch de heal-Wakandeeske, heal-Afro-Amerikaanske achtjierrige soan fan 'e prins, N'Jadaka. Dyselde groeide op as in yn 'e steek litten wees yn ien fan 'e gewelddiedichste stêden fan 'e Feriene Steaten, en ûntjoech him letter ûnder de namme Erik Stevens ta in kommando fan 'e Amerikaanske Marine dy't belutsen wie by tsientallen 'swarte operaasjes' yn û.m. Irak en Afganistan.
Underwilens lit Stevens syn wiere aard blike as er Klaue, dy syn hantlangers en syn eigen freondinne Linda fermoardet, wêrnei't er it lyk fan Klaue meinimt nei Wakanda en by W'Kabi bringt. Dyselde seit dêrop ta om Stevens te stypjen by dy syn krewearjen om op 'e troan fan Wakanda te kommen. W'Kabi bringt him foar de stamme-âldsten, dêr't de wiere identiteit fan Stevens bekendmakke wurdt. Stevens daget T'Challa út ta in twakamp om it keningskip, en om't er sûnder mis fan keninklik bloed is, kin T'Challa dat net wegerje. Sûnder de boppeminsklike fermogens dy't er as Black Panther hat, kin T'Challa Stevens, mei syn eftergrûn as kommando, net oer. As opperhofmaarskalk Zuri tuskenbeiden besiket te kommen, deadet Stevens him, en dêrnei smyt er de ferwûne T'Challa oer de râne fan in hûnderten meters hege wetterfal. Neitiid nimt er it hertfoarmich krûd yn om 'e krêften fan Black Panther te krijen en jout dan op gewelddiedige wize befel om alle oare eksimplaren fan dat krûd te ferbaarnen. Mar Nakía glûpt de tunen binnen en nimt ien eksimplaar mei. Stipe troch W'Kabi begjint Stevens fuortendaliks te risselwearjen om mei it stjoeren fan futuristysk Wakandeesk wapenreau oeral op 'e wrâld revolúsjes te feroarsaakjen wêrby't swarte befolkingsgroepen de blanke regearings ûnder fuotten helje kinne.
Nakía, keninginne-mem Ramonda, prinsesse Shuri en de genêzen agint Ross ûntflechtsje de haadstêd fan Wakanda en bejouwe har nei de bergen, yn 'e hope om M'Baku fan 'e Jabari ta tsjinkening út te roppen. By de Jabari fine se lykwols in komateuze T'Challa werom, dy't yn it domein fan 'e Jabari oanspield is. Troch him it hertfoarmich krûd ta te tsjinjen witte Nakía en Ramonda him wer by besleur te bringen.
T'Challa keart werom nei Wakanda, dêr't er Stevens foarhâldt dat harren duël noch net dien is. De beide keningen geane de striid oan yn frijwol identike nanotechnologyske Black Panther-pakken. W'Kabi en de krigers fan 'e Grinsstamme fjochtje oan 'e kant fan Stevens, mar generaal Okoye en de Dora Milaje kieze de kant fan T'Challa. Nakía en prinsesse Shuri reitsje ek yn it gefjocht behelle, sadat it oan agint Ross tafalt om yn holografyske foarm in fleanende skûtel te bestjoeren dy't de earste trije tastellen mei Stevens syn wapenleverânsjes oan board delhelje moat. Dat slagget nauwerneed. As de leden fan 'e Grinsstamme de Dora Milaje troch nûmerike oermacht yn it nau driuwe, ferskine M'Baku en syn Jabari-krigers op it striidtoaniel om 'e kânsen keare te litten. Lang om let jouwe W'Kabi en syn mannen har oer. T'Challa wit einlings Stevens te ferslaan troch him mei in spearpunt fataal te ferwûnjen. Prins N'Jobu hie syn soan ûnthjitten om him ienris in Wakandeeske sinne-ûndergong sjen te litten, dat T'Challa draacht him nei bûten ta, dêr't krekt de sinne ûndergiet. Hy biedt oan om Stevens te genêzen mei de Wakandeeske technology, mar Stevens wegeret en skuort himsels it spearsoerd út it liif, sadat er binnen inkele mominten deabliedt.
Neitiid nimt T'Challa syn suster Shuri mei nei Oakland, dêr't er it fertutearze flatgebou oankocht hat dêr't syn heit tritich jier lyn syn omke deade. Hy is fan doel om der in mienskipssintrum en akademy fan it meitsjen om 'e earme Afro-Amerikaanske befolking fan Oakland te helpen. Sokke sintra moatte der yn alle grutte Amerikaanske stêden komme. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, sprekt T'Challa as kening fan Wakanda de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes ta en makket er bekend hoe ûntwikkele oft syn lân eins is.
Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling helpt Shuri Bucky Barnes, de Wintersoldaat (sjoch: Captain America: The Winter Soldier) mei syn genêzing.
Fan in film oer Black Panther, in swartesuperheld út 'e strips fan Stan Lee en Jack Kirby by útjouwerijMarvel Comics, wie foar it earst sprake yn 1992. Filmstjer Wesley Snipes makke dat jiers bekend dat er de strips ferfilmje woe. Syn projekt rûn lykwols úteinlings op 'e non. Neffens himsels wie ien fan 'e swierrichheden dêr't er tsjinoan rûn, dat minsken dy't ûnbekend wiene mei de strips de namme 'Black Panther' assosjearren mei de Afro-Amerikaanskeradikalepolitike beweging de Black Panther Party, út 'e 1960-er jierren. Neitiid waard troch de jierren hinne út en troch de mooglikheid oppenearre fan in Black Panther-ferfilming, mar it kaam der nea fan.
De fiktivetaal fan Wakanda, it Wakandeesk, dat in protte yn 'e film brûkt wurdt, is frjemd genôch eins Kosa (Xhosa), in taal út Súd-Afrika. It Kosa ûnderskiedt him dúdlik fan 'e Bantoetalen dy't echt yn Sintraal-Afrika sprutsen wurde troch de kliklûden dy't ûntliend binne út 'e Koisantalen fan Súdlik Afrika. Alle akteurs dy't yn 'e film Wakandeesk sprekke, moasten yn 'e lear by in spraakcoach om harren dialooch yn it Kosa korrekt en floeiend út te spreken. Om it ferskil tusken de fjouwer Wakandeeske leechlânstammen en de berchbewenjende Jabari fierder fuort te sterkjen, sprekt Winston Duke, dy't de Jabari-lieder M'Baku spilet, yn 'e film gjin Kosa, mar Ibo, in Bantoetaal út Nigearia.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Black Panther in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 531 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Black Panther tilt de superheldefilm nei spannende nije hichten en fertelt ien fan 'e meast meislepende ferhalen fan it Marvel Cinematic Universe, wêrby't guon fan 'e meast alsidich reälisearre personaazjes yntrodusearre wurde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Black Panther in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 55 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Black Panther brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$700,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $681,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.382,2 miljoen, oftewol krapoan $1,4 miljard. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $1.182,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Black Panther de op ien nei meast opbringende film fan 2018, nei Avengers: Infinity War, in oare superheldefilm út 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. It wie ek de op twa nei meast opbringende superheldefilm aller tiden, it op twa nei meast opbringende diel fan it Marvel Cinematic Universe, en de op acht nei meast opbringende film aller tiden. De websideDeadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Black Panther op $476,8 miljoen.
By de Saturn Awards waard Black Panther nominearre foar prizen yn 14 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Chadwick Boseman), bêste aktrise (Lupita Nyong'o), bêste byrol fan in akteur (Michael B. Jordan), bêste optreden fan in jongere akteur (Letitia Wright), bêste filmsenario, bêste filmmontaazje, bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. De film wûn 5 Saturn Awards, foar bêste stripferfilming, bêste regisseur, bêste byrol fan in aktrise (Danai Gurira), bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy. By de Satellite Awards waard Black Panther nominearre yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste kamerarezjy, bêste oarspronklike liet (All the Stars), bêste lûd, bêste artdirection en produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn 2 Satellite Awards, foar bêste regisseur en bêste special effects.