Yn 1989 nimt wittenskipper Hank Pym ûntslach by S.H.I.E.L.D. nei't er ûntdekt dat de organisaasje besiket om 'e krimptechnology nei te bearen dy't er brûkt yn syn hoedanichheid as de superheldAnt-Man. Om't er derfan oertsjûge is dat de technology libbensgefaarlik is as dy yn ferkearde hannen falt, beslút er om syn geheimen mei te nimmen yn it grêf. Tsjin 2015 is Pym lykwols út syn eigen bedriuw Pym Technologies set troch syn eardere beskermeling Darren Cross en syn fan him ferfrjemde rekke dochter Hope van Dyne. Ta ôfgriis fan Pym is Cross tichteby it perfeksjonearjen fan syn eigen krimppak, dat er de Yellowjacket neamd (letterlik "Gieljaske", mar ek "meeps" (Ned.: wesp) yn it Amerikaansk-Ingelsk).
Underwilens komt de ynbrekker mei in gouden hert Scott Lang frij út 'e finzenis, wêrnei't er ynlûkt by syn âlde selgenoat Luis. Hy komt sûnder foaroankundiging op 'e jierdei fan syn fjouwerjierrige dochterke Cassie, mar kriget fan syn eks-frou Maggie en har nije ferloofde, de plysjeresjersjeur Jim Paxton, te hearren dat soks samar net giet, temear om't er noch in grut bedrach oan efterstallige alimintaasje betelje moat. As Lang omreden fan syn kriminele ferline net oan wurk komme kin, beslút er him by de binde fan Luis te jaan om in ynbraak te dwaan.
Hy brek yn by in hûs en wit dêr in klûs iepen te krijen, mar dêr treft er inkeld oan wat er tinkt dat in âld learenmotorriderspak is, dat er mei nei hûs nimt. As er it pak oandocht, krimpt er himsels by fersin ta de grutte fan in ynsekt. Goed kjel wurden, beslút er dat er neat mear mei it ding te krijen hawwe wol, dat hy bringt it werom nei it hûs dêr't er it fûn hat. As er wer nei bûten komt, wurdt er lykwols arrestearre troch de plysje. De bewenner fan it hûs, dy't Hank Pym blykt te wêzen, siket Lang op yn syn sel en helpt him om út te brekken troch it krimppak binnen te smokkeljen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Neitiid docht bliken dat Pym in fan neat wittende Luis brûkt hat om Lang te manipulearjen ta it stellen fan it pak, dat in soarte fan test wie. Hy wol nammentlik dat Lang de nije Ant-Man wurdt en dat er yn it haadkertier fan Pym Industries ynbrekt om 'e Yellowjacket fan Cross te stellen. Dêrta traint er Lang yn it gebrûk fan it krimppak en fan technology dy't him by steat stelt om eamelders dwaan te litten wat er wol. Pym syn dochter Hope, dy't earst de kant fan Cross keazen hie tsjin har heit, is fan gedachten feroare nei't se de boasaardige bedoelings fan Cross ûntdiek. Sy leart Lang op hurdhannige wize hoe't er fjochtsje moat.
Hope hat it har heit nea ferjûn dat, doe't se in jier as sân wie, har mem fan 'e iene op 'e oare dei ferdwûn, wêrnei't Pym net mear nei har omseach en har nei in kostskoalle stjoerde sûnder har ea út te lizzen wat der bard wie. Under de training fan Lang bychtet Pym einlings en te'n lêsten op dat Hope har mem Janet him bepraat hie om har helpe te litten by syn geheime misjes, en dat er foar har in twadde krimppak makke hie, wêrnei't se de Wasp (Ingelsk foar "meeps") waard. Doe't se derop útstjoerd waarden om in Sovjet-atoomraket, dy't op 'e Feriene Steaten ôfsketten wie, ûnskealik te meitsjen, moast ien fan harren noch folle fierder krimpe om tusken de atomen fan 'e titaniumbemanteling troch te glûpen en it wapen te sabotearjen. Om't Pym syn krimppak skansearre rekke wie, naam Janet dy taak op har; it slagge har om 'e misje te folbringen, mar sels ferdwûn se yn it subatomêre kwantumryk, dêr't de wetten fan 'e natuerkunde net jilde. Pym stjoerde syn dochterke nei in kostskoalle om't er de hannen frij hawwe moast om har mem werom te finen, mar nei jierren fan ûndersyk kaam er ta de konklúzje dat der eins neat bekend is oer it kwantumryk en stied er mei lege hannen. Nei't se dat ferhaal heard hat, fermoedsoenet Hope har mei har heit. Pym warskôget Lang dat him itselde lot te wachtsjen stiet as dat fan Janet as er ompielt mei de krimpregulator fan it pak.
Underwilens hat Cross syn wurk oan 'e Yellowjacket ôfkrigen, en organisearret er in seremoanje yn it haadkertier dan Pym Technologies om syn útfining te presintearjen. Holpen troch Luis en syn binde en in kliber eamelders, ynfiltrearret Lang it gebou, dêr't er de servers sabotearret en springstof oanbringt. As er lykwols besiket en stel de Yellowjacket, wurde hy, Pym en Hope finzen nommen troch Cross, dy't fan doel is om sawol de Yellowjacket as it Ant-Man-pak te ferkeapjen oan 'e kriminele organisaasje Hydra. Lang wit lykwols los te kommen en tegearre mei Hope weeft er ôf mei de measte leden fan Hydra, hoewol't Pym delsketten wurdt. Lang giet efter Cross oan, wêrnei't Hope en har ferwûne heit yn it gebou fêst komme te sitten. It docht lykwols bliken dat it boartersguodtankje oan Pym syn kaairing in echte tank is, wêrmei't se, nei't Pym it ding syn wiere grutte weromjûn hat, witte te ûntkommen troch ienfâldichwei troch alle muorren hinne te riden.
Cross naait út yn in helikopter wylst it haadkertier fan Pym Industries troch de springstof ymplodearret en yn it neat weiwurdt. Mei in swaarm fleanende eamelders set Lang de efterfolging yn. Cross docht de Yellowjacket oan en by it gefjocht tusken him en Lang rekket de helikopter sa skansearre dat dy delstoart. Op 'e grûn oankommen wurdt Lang arrestearre troch Paxton, dy't him hieltyd al hjitfolge nei syn ûntsnapping út 'e sel. Cross giet nei Paxton syn hûs om Cassie te gizeljen, en as der oer de plysjeradio melding makke wurdt fan in ynbraak yn syn hûs, riidt Paxton dêrhinne, mei Lang noch efteryn 'e auto. Lang ûntsnapt oan syn hânboeiens troch te krimpen en giet op 'e nij de striid oan mei Cross, wylst de feralterearre Paxton Cassie yn feilichheid bringt. Om 'e Yellowjacket te sabotearjen, set Lang syn regulator út en krimpt ta in subatomêr nivo. Cross komt om (al is dat net hûndert persint wis), mar Lang rekket wei yn it kwantumryk. As er lykwols Cassie om him roppen heart, wit er de wil te finen om 'e krimpeffekten om te draaien en werom te kearen nei de makroskopyske wrâld.
Paxton, dy't no respekt foar Lang krigen hat, soarget der neitiid foar dat er net wer nei de finzenis hoecht. Ynstee wurdt er útnûge om by de Paxtons en syn dochter te iten. No't er bewiis hat dat it kwantumryk in ûnderfining is dy't oerlibbe wurde kin, freget Pym him ôf oft syn frou Janet net ek noch libje kin. Hy trappearret Lang en syn dochter Hope as se op 'e gong steane te tútsjen. Yn in sêne healwei de ôftiteling lit Pym oan Hope in nij Wasp-pak sjen en biedt har dat oan.
Ant-Man krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times neamde de film "boartlik op ûnferwachtse manearen en opfleure mei in oprjocht bryk gefoel foar humor" en skreau ek dat er "lichtfuottich [is] sa't de kolossen dy't Marvel ornaris leveret dat nea binne." Matt Zoller Seitz fan RogerEbert.com wie it dêrmei iens, en murk op dat de film "hânmakke oanfielt, net as in Marvel-fabryksprodukt." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy: "Hoewol't de ferhaaldynamyk yn 'e grûn ûnnoazel is, en it famyljegedoch, mei syn parallelle heit-dochter-melodrama, delkomt op fûneminteel knopkedrukken, wit in goede cast ûnder lieding fan in ynnimmende Paul Rudd de flauwekul op ridlik ûntwapenjende wize oannimlik te meitsjen."
Richard Roeper skreau yn 'e Chicago Sun-Times: "[Ant-Man] is in lichtgewicht, fan klisjees optillend oarsprongferhaal dat hinne en wer swaait tusken inside joke-komeedzje, logge ferlossingsferhaallinen en sênes mei, dat moat ik tajaan, kreaze special effects, dy't lykwols noch altyd relatyf lyts en ûnbelangryk lykje yn ferhâlding mei it heech spul en de stêdeferkrommeljende ferwoastging út 'e measte Avengers-films."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Ant-Man in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 328 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oanfierd troch in ynnimmende aktearprestaasje fan Paul Rudd biedt Ant-Man Marvel-spanning op in navenant lytsere skaal, hoewol net sa glêdsjes as syn súksesfolste foargongers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Ant-Man in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 43 resinsjes.