Tsjin dy tiid wie Snipes ek úteinsetten mei it produsearjen fan films, en hoewol't (of miskien wol omdat) er as produsint by it meitsjen fan Blade: Trinity belutsen wie, ûntstie der rûzje tusken him, filmstudioNew Line Cinema en regisseur David S. Goyer. Snipes hold út dat syn salaris nea folslein betelle wie, dat er mei opsetsin bûten de casting fan 'e oare akteurs holden wie, en dat de byldtiid fan syn personaazje sûnder syn goedfinen beheind wie yn it foardiel fan syn tsjinspilersRyan Reynolds en Jessica Biel. It spul rûn sels út op in rjochtsaak, al koe de ûnienichheid letter sust wurde, sadat it úteinlik binnenskeamers ta in (geheim holden) skikking kaam.
Snipes is in ekspêr yn ferskate fjochtsporten. Syn training dêryn begûn er doe't er tolve jier wie. Hy hat in fyfdegraads swarte bân yn shokotan-karate en in twaddegraads swarte bân yn hapkido. Fierders is er ek traind yn 'e Brazyljaanske fjochtsport/dûnsfoarm capoeira en ferskate oare dissiplines, lykas de Sineeske fjochtsport kung fu en de Brazyljaanske foarm fan jiu jiutsu. Mei syn broer runt Snipes in bedriuw dat befeiligingsminsken en liifwachten traind foar filmstjerren en oare pommeranten, ûnder de namme Amen-Ra, wat ek de namme is fan syn eigen filmstudio.
Snipes wie fan 1985 oant 1990troud mei April Dubois, mei wa't er in soan krige, Jelani Asar Snipes (1988). Yn 2003 wertroude Snipes mei de keunstskilderesseNakyung "Nikki" Park, mei wa't er fjouwer bern hat: soan Akhenaten Kihwa-T Snipes, dochter Iset Jua-T Snipes (2001), soan Alaafia Jehu-T Snipes (2004) en soan Alimayu Moa-T Snipes (2007). It gesin wennet in diel fan 'e tiid yn Park har heitelân Súd-Koreä, dat Snipes syn "twadde thúslân" neamd hat.
Belestingûntdûking
Op 12 oktober2006 waarden Snipes, Eddie Ray Kahn en Douglas P. Rosile oanklage foar gearspanning om it regear fan 'e Feriene Steaten te bestellen (troch mei ferfalske gegevens oanspraak te meitsjen op foar miljoenen oan belestingweromjeften), it willensmoeds opjaan fan falske gegevens en seis ûnderskate gefallen fan belestingûntdûking. Yn reäksje hold Snipes út dat er in net yn 'e Feriene Steaten wenjend bûtenlanner is, hoewol't er yn wurklikheid sawol de Amerikaanske nasjonaliteit hat as yn 'e Feriene Steaten wennet. Fierders bewearde er dat der in foarbyld fan him makke waard fanwegen syn ferneamdens.
Nei in rjochtsaak dy't twa jier duorre, waard Snipes úteinlik op 1 febrewaris2008 frijsprutsen fan 'e oanklachten fan gearspanning en it willensmoeds opjaan fan falske gegevens, mar skuldich befûn oan trije fan 'e seis gefallen fan belestingûntdûking. Op 24 april2008 waard er sadwaande feroardiele ta trije jier finzenisstraf. (Syn mei-fertochten Kahn en Rosile waarden op alle punten skuldich befûn en krigen tsien, resp. fjouwer en in heal jier sel.) Yn heger berop waard it fûnis befêstige, wylst it Amerikaanske Heechgerjochtshôf Snipes syn berop net yn behanneling nimme woe. Snipes melde him dêrom op 9 desimber2010 by de plysje en brocht krapoan twa en in heal jier troch yn in federaal tichthûs yn Pennsylvania. Hy kaam op 2 april2013 omreden fan goed gedrach betider frij.