It is in healjier lyn dat syn frou Katherine oan kankerferstoarn is en sjoernalist Benjamin Mee is noch yn rou. As er foar it ferstân kriget dat er by syn krante inkeld út begrutsjen oan it wurk holden wurdt, nimt er ympulsyf út eigen beweging ûntslach. Underwilens wurdt syn fjirtjinjierrige soan Dylan fan skoalle stjoerd om't er allegeduerigen problemen feroarsaket en no ek noch stellen hat. Om't er sels yn syn buert alderhanne plakken mijt dêr't er oantinkens oan Katherine by hat, beslút Benjamin dat it tiid wurdt om te ferhúzjen. Mei syn sânjierrige dochterke Rosie en makelder Stevens giet er op huzejacht, mar nearne fine se krekt wat se sykje.
Uteinlik ûntdekt Rosie yn 'e map fan 'e makeler in grut, âld hûs op it plattelân. Stevens nimt harren mei tsjinnichheid mei dêrhinne, mar sadree't se it sjogge, wit Benjamin dat dit it hûs foar him en syn bern is. Dan komt de reden foar de tsjinnichheid fan 'e makelder oan it ljocht: by it hûs heart in yn ferfal rekke dieretún dy't al twa jier ticht is, mei in liuw, tigers, jagûars, kamielen, pauwen, wolven, sebra's, in grizzlybear en in grut tal oare bisten. Stevens leit út dat de ferkeapers, dat de erven fan 'e eardere eigner binne, bepaald hawwe dat de keaper net inkeld it hûs keapje kin, mar ek kontraktueel fêstlizze moat dat er de dieretún behâlde sil en derfoar soagje sil dat dy wer in fergunning kriget, sadat er wer iepen kin. Benjamin wifket, mar as er sjocht hoe gelokkich Rosie is as se mei de pauwen boartet, beslút er de keap troch te setten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Rosie is de wrâld te ryk dat se no yn in dieretún wennet, mar Dylan hat der in grouwéligen hekel oan om safier by al syn freonen wei te wenjen. Syn leafhawwerij is tekenjen, en hy lûkt him werom yn syn keunst, dy't sûnt it ferstjerren fan syn memmakaber wurde is. Duncan, Benjamin syn âldere broer, besiket him fan syn plannen ôf te bringen, mar Benjamin set troch. De wurknimmers fan 'e dieretún steane ûnder lieding fan 'e 28-jierrige haadoppasser Kelly Foster, dy't der earst net wis fan is wat se fan Benjamin tinke moat. Mei farske moed sette Benjamin en de oppassers útein mei it renovearjen fan 'e dieretún, sadat dy oer in healjier, yn july, iepengean kin. Underwilens rekket Dylan befreone mei Lily, de trettjinjierrige muoikesizzer fan Kelly. Dyselde rekket smoarfereale op him, eat dêr't hy him folslein ûnbewust fan is.
By in ferrassingsynspeksje troch de ûnsympatike dieretúnynspekteur Walt Ferris docht bliken dat der noch in protte oanpast wurde moat foar in nije fergunning. De kosten dy't dat meibringt, geane Benjamin syn budget te boppen. Rhonda Blair, de boekhâldster fan 'e dieretún, is har dêrfan bewust en rabbet tsjin 'e oare meiwurkers dat er de dieretún no sûnder mis ferkeapje sil. It moreel fan 'e stêf sakket dêrtroch alhiel yn. Lily fertelt it troch oan Dylan, dy't sa bliid as in protter is dat er hjir einlings wei kin. Dêrmei brekt er Lily har hert, mar dêr merkt er neat fan. Underwilens ûntdekt Benjamin dat Katherine foar har dea in ynvestearring dien hat dy't no $86.000 wurdich is. By de papierren dêrfan sit in brief fan har wêryn't se him opdraacht it jild te brûken om syn hert te folgjen. Duncan riedt him oan om 'e dieretún te ferkeapjen en it jild te brûken om op 'e nij te begjinnen, mar yn it brief fan Katherine stiet ek dat Benjamin net nei Duncan harkje moat. Hy beslút it jild yn 'e dieretún te stekken en Rhonda in protte súkses ta te winskjen by har nije baan yn Meksiko.
Dy nije ûntwikkeling komt Dylan rou op it dak en liedt ta in heechoprinnende rûzje mei syn heit. De oare moarns lizze se it lykwols wer by. As Dylan opbychtet dat er Lily mist, dy't him no begûn is te ûntrinnen, fertelt Benjamin syn favorite biedwurd oan syn soan: dat je inkeld tweintich tellen fan moed nedich binne om wat geweldichs te berikken. Troch it petear mei Dylan kriget Benjamin foar it ferstân dat er syn rouferwurking folslein ferkeard oanpakt hat: hy besiket hieltyd om Katherine te ferjitten, mar beseft no dat er ynstee besykje moat har neitins in plakje te jaan sadat er fierder kin. Dylan nimt de goerie fan syn heit oan en siket Lily op, oan wa't er bekend dat er fan har hâldt. Sy ferjout him foar syn eardere ûngefoeligens en se fermoedsoenje har mei inoar.
In wike foar de weriepening fan 'e dieretún komt Ferris wer del foar in yngeande ynspeksje. Hoewol't er war docht om dingen te finen dy't mis binne, blykt alles ynoarder te wêzen en winsket er Benjamin-en-dy úteinlik mei tsjinnichheid súkses ta. Inkele dagen foar de weriepening wurdt de krite troffen troch in stoarm, en de waarlju foarsizze de wietstesimmer yn hûndert jier. De moarns fan 'e weriepening brekt lykwols ûnferwachts de sinne troch. As Benjamin, syn bern en de oppassers alles ree makke hawwe, komme der mar gjin besikers opdaagjen. Dylan ûntdekt dat der op 'e tagongswei in reuseftige beam omwaait is, dy't dwers oer it paad leit en alle ferkear tsjinhâldt. Oare kant dat obstakel stiet in file fan hûnderten dieretúnbesikers te wachtsjen. De oppassers helpe de besikers om oer de beam te klimmen. Der komt safolle folk op 'e weriepening ôf dat de tagongskaartsjes opreitsje. As Benjamin en Kelly op 'e knibbels lizze om 'e kaartsjefoarrie foar de folgjende moanne op te sykjen, tutet sy him ynienen op 'e mûle en bekent dat se fereale op him rekke is.
Fan 'e filmkritisy krige We Bought a Zoo mingde oant positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 21/2 fan 4 stjerren, mei't er it "tefolle formule en net genôch belutsenens" fûn. Yn The New York Times hie Manohla Dargiskrityk op 'e "klassike filmlogika" fan We Bought a Zoo, mei't de haadpersoan bgl. ympulsyf syn baan opseit sûnder der in momint oer yn te sitten hoe't er syn bern itende hâlde sil. Ek fûn se de happy end fan 'e film ûnoannimlik, hoewol't se it "in ferliedlike beweging" neamde as "al Gods skepsels, grut en lyts, wielderich en blond, yn sa'n harmony bestean kinne."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie We Bought a Zoo in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 171 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in trochsichtich sûkerswiete produksje fan regisseurCameron Crowe, mar Matt Damon foarmet in sympatyk sintraal personaazje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle We Bought a Zoo in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 40 resinsjes.