Om't men yn 1941 noch rûnom yn 'e oertsjûging ferkearde dat oarloggen op see wûn en ferlern wurde soene troch de ynset (of it gebrek dêroan) fan slachskippen, konsintrearre de Japanske oanfal him benammen op 'e Amerikaanske slachskippen, dy't foar it meastepart ôfmarre leine oan Battleship Row, oan 'e súdeastkant fan Ford Island yn 'e midden fan 'e lagune. (Yn 'e folgjende jierren soe bliken dwaan dat slachskippen foar oarlochfiering op see al folslein efter de tiid rekke wiene, en dat de oarloch eins beslist wurde soe troch de ynset fan fleandekskippen.)
Fan 'e sân slachskippen oan Battleship Row rûnen de USS Maryland en de USS Tennessee relatyf lichte skea op. De USS Nevada, de iennichste fan 'e slachskippen dy't it slagge om 'e trossen los te goaien en by Battleship Row wei te farren, waard troch syn bemanning mei opsetsin oan 'e grûn set om sinken foar te kommen. De USS California en de USS West Virginia waarden ta sinken brocht, mar koene letter relatyf flot burgen en reparearre wurde om wer yn 'e tsjinst nommen te wurden.
De USS Oklahoma sonk ek, en rekke sa slim skansearre dat er nei berging net mear te reparearjen wie. De USS Pennsylvania wie it iennichste slachskip fan 'e Pasifyske Float dat net by Battleship Row foar anker lei om't der ûnderhâld oan ferrjochte waard yn in drûchdok oan 'e súdkant fan Pearl Harbor. It rûn lichte skea op, mar koe al hiel gau wer yn 'e tsjinst nommen wurde. In njoggende slachskip, de USS Utah, wie yn 1931 ôftanke, en tsjinne sûnt dy tiid as ûnbewapene doelskip foar oefenings. Ek dit skip waard ta sinken brocht en bleau neitiid op 'e boaiem fan 'e lagune lizzen.
Fierwei de measte deaden foelen op 'e USS Arizona, dêr't troch in Japanske bom in munysjemagazyn rekke waard. It skip ûntplofte en sonk fluch, mei 1.177 deaden ta gefolch. It wrak fan 'e USS Arizona waard net burgen; ynstee liet men it gewurde om't it as oarlochsgrêf sjoen waard. Fan 'e omkommen bemanningsleden waarden de stoflike omskotten fan 1.102 manlju nea weromfûn; fan harren wurdt oannommen dat se noch yn it wrak sitte. It achtste skip oan Battleship Row, de folle lytsere USS Vestal, dy't njonken de USS Arizona foar anker lei, rekke swier skansearre troch twa bommen dy't it slachskip misten. It moast troch de bemanning oan 'e grûn set wurde om sinken foar te kommen.
Skiednis
Yn 1942 brocht Robert Ripley, in sjoernalist dy't bekendheid krigen hie troch syn kollumnRipley's Believe It or Not!, wêryn't er aparte dingen beljochte, in besyk oan Pearl Harbor. Seis jier letter, yn 1948, naam er kontakt op mei de Amerikaanske Marine om't er fûn dat der in tinkteken oprjochte wurde moast ta neitins oan 'e 1.204 Amerikaanske militêren en boargers dy't by de Oanfal op Pearl Harbor omkommen wiene. Hy tsjinne dêr ek in idee foar yn, dat lykwols omreden fan 'e hege kosten troch de marine fuortendaliks nei de foddekoer ferwiisd waard. Men wie it lykwols al mei him iens dat der in tinkteken komme moast. Dêrta waard doe in kommisje, de Pacific War Memorial Commission, ynsteld.
Yn 1950 hyste admiraalArthur W. Radford, de kommandant fan 'e Pasifyske Float, in Amerikaanske flagge oan 'e boppe wetter útstykjende mêst fan 'e USS Arizona. It hisen en wer ynheljen fan 'e flagge dêre groeide al rillegau út ta in tradysje. Datselde jiers kaam de kommisje mei in foarstel om foarearst in tydlik tinkteken oer it wrak fan 'e USS Arizona hinne te bouwen. Radford frege finansiering oan om dat plan ta útfiering te bringen, mar dat fersyk waard ôfwiisd fanwegen jildkrapte dy't feroarsake waard troch it útbrekken fan 'e Koreaanske Oarloch.
Uteinlik waard it earste permaninte monumint, in 3 m hege basaltstien mei in plakkette, op 7 desimber1955 by de USS Arizona oanbrocht. Yn 1958 hechte presidintDwight Eisenhower syn goedkarring oan in plan om in grutter tinkteken te bouwen. De finansiering dêrfoar waard út ferskate boarnen gearfandele:
It ûntwerp foar it Tinkteken foar de USS Arizona waard makke troch arsjitektAlfred Preis út Honolulu, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarlochynternearre waard op Sand Island, yn 'e mûning fan 'e haven fan Honolulu, om't er yn Eastenrykberne wie. De Amerikaanske Marine spesifisearre by it takennen fan 'e opdracht oan him dat it in soartemint 'brêge' wurde moast dy't boppe it wrak fan 'e USS Arizona dreau en dêr't 200 minsken yn passe moasten. Preis ûntwurp in langwerpich gebou fan 56 m lang en likernôch 9 m breed, wêrfan't it dak oan 'e beide úteinen likernôch 7 m heech is, mar nei de midden ta stadichwei 'ynsakket'. (Kritisy hawwe it gebou wol omskreaun as "in yndûkt molkepak".)
It gebou bestiet út trije dielen: de yntree, de gearkomsteseal en it hillichdom. Yn 'e yntree binne ien fan 'e trije ankers fan 'e USS Arizona (in gefaarte fan 8.884 kg) en ien fan 'e beide skipsklokkenútstald. Ien fan 'e oare beide ankers leit útstald yn it Steatskapitoal fan Arizona yn Phoenix (de Amerikaanske steat dêr't de USS Arizona nei ferneamd wie), wylst it trêde anker noch by it wrak op 'e boaiem fan 'e lagune leit. De oare skipsklok hinget yn 'e klokketoer fan it Student Memorial Center fan 'e Universiteit fan Arizona yn Tucson.
De sintrale gearkomsteseal hat sân grutte iepen finsters oan eltse sydkant en ek yn it dak. It oantal 7 stiet symboal foar 7 desimber (de datum fan 'e Oanfal op Pearl Harbor), en it oantal 21 (3 × 7) soe ek in offisjele salútkanonnade fan 21 skotten symbolisearje kinne, mar in offisjele útlis op in plakkette oan 'e sydwand makket dúdlik dat dat lêste tafal is en net de bewuste bedoeling fan 'e arsjitekt. De seal hat ek in iepening yn 'e flier, dêr't men útsjen kin oer it wrak fan 'e USS Arizona. Dêr waarden foarhinne as earbewiislei (tradisjonele Hawaïaanske blommekeatlings) yn it wetter smiten, mar om't de stringen fan lei gefaarlik binne foar it libben yn see, wurde se no oer spesjaal foar dat doel tafoege standerts hongen by de nammen fan 'e slachtoffers.
Dy nammen binne ynkurven yn 'e wand fan it hillichdom, en foarmje in opsomming fan 'e nammen fan alle 1.177 deadlike slachtoffers ûnder de bemanning fan 'e USS Arizona. Foar de wand mei de nammen hâlde in stikmannich metalene pealtsjes, dy't mei-inoar ferbûn binne troch koarden fan ferwiel, de besikers op in earbiedige ôfstân. Lofts fan 'e wand mei de nammen is in behindige plakkette dêr't de nammen op steane fan 'e likernôch 30 bemanningsleden dy't ûnder de Oanfal op Pearl Harbor wol oan board fan 'e USS Arizona wiene, mar it bombardemint oerlibben (de rest fan 'e 1.512 bemanningsleden wie op dat stuit mei ferlof op 'e fêste wâl). Elts fan 'e 335 oerlibjende bemanningsleden hat it rjocht om nei kremaasje syn jiske troch dûkers yn it wrak fan 'e USS Arizonabysette te litten by syn fallen kammeraten.
Tachtich jier nei de Oanfal op Pearl Harbor lekt der noch altyd oalje út it wrak fan 'e USS Arizona. Dat ferskynsel, dat soms op poëtyske wize omskreaun wurdt as "de triennen fan 'e USS Arizona" of de "swarte triennen", hat oanlieding jûn ta noed om it miljeu fan 'e lagunePearl Harbor. Yn in artikel dat al yn 2001 yn it tydskriftNational Geographic ferskynde, joegen ferskate saakkundigen utering oan harren soarch dat de oanhâldende bleatstelling oan it sâlte seewetter de wanden fan 'e oaljetanks fan it slachskip meitiid sa oantaaste sil dat se it bejouwe, wat in oaljeramp fan oansjenlike proporsjes ta gefolch hawwe soe. It is lykwols net dúdlik hoe't dat foarkomd wurde kin sûnder it oarlochsgrêf te skeinen. De National Park Service, dy't it meastepart fan it deistich behear fan it Tinkteken foar de USS Arizona berêdt, hat bekendmakke dat de tastân fan it skipswrak sekuer yn 'e rekken holden wurdt.