In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, en lizze meastentiids ûnder wetter.
Archeology
Archeologen stelle fan harren berop út belang yn skipswrakken. Dy tûke fan de archeology wurdt ûnderwetterarcheology of maritime archeology neamd. Yn 'e lêste fyftich jier hawwe oeral op de wrâld maritym-archeologyske opgravings west, dêr't guon fan bergings wienen mei tige spektakulêre fynsten, bygelyks de Vasa yn Stokholm en fan de Mary Rose yn Portsmouth.
Sport
Skipswrakken dy't ûnder wetter lizze, op de boaiem fan de see of fan de oseaan, lûke fisken oan. Dêrom sykje sportfiskers soms spesjaal wrakken op om te fiskjen. Troch dûkers wurdt sawol nei skipswrakken dûkt as leafhawwerij of om guod te finen. Dat is net sûnder gefaar en dûkers hawwe de nedige kennis en ûnderfining nedich.
Nuestra Señora de Atocha - Spaansk galjoen, yn 1622 foar de kust fan Florida sonken en yn 1985 burgen. Yn de skipslading is de grutste goudskat fan in skipswrak ea fûn.