Manilla (Filipynsk: Maynila; faak stavere as Manila) is de haadstêd fan de Filipinen.
Manilla leit op it eilânLuzon, oan de eastouwer fan de 48 kilometer lange Baai fan Manilla, dy't mûnet yn de Súd-Sineeske See. Manilla is ien fan 16 stêden en mienskippen yn de regio Metro Manilla, dy't 636 km² omfiemet. De Metropoalregio Grut Manila, dy't fier oer de grinzen fan Metro Manilla hinne rikt, hat 19,2 miljoen ynwenners (2008).