Ofkoarting
In ôfkoarting (gauris ôfkoarte ta ôfk.) is yn it skriftlik taalgebrûk in ferkoarte skriuwwize foar in wurd, wurdgroep of oare oantsjutting. De beneaming 'ôfkoarting' is in sammelbegryp foar ferskate kategoryen. Yn alle gefallen binne dêrby yn it skriuwen lykwols ien of mear letters weilitten. De ferskillende soarten ôfkoartings binne:
- ôfkoartings yn 'e ingere sin, dy't by lêzing folút útsprutsen wurde en einigje op in punt om oan te jaan dat der wat weilitten is (dus by "ensfh." en "d.w.s." lêst men "ensafuorthinne" en "dat wol sizze")
- symboalen, dat wittenskiplike notaasjes en oare koarte skriuwwizen binne, lykas "g" (fan gravity, "swiertekrêft"), "km" (foar kilometer), "l" (foar "liter"), "v" (fan velocity, "faasje"), € (foar euro) en ƒ (foar gûne)
- inisjaalwurden, wêrby't de letters fan 'e ôfkoarting apart útsprutsen wurde, lykas "wc" (útsprutsen as "weesee")
- letterwurden, wêrby't de ôfkoarting útsprutsen wurdt sa't er skreaun wurdt, lykas by "pin" of "Riagg"
- akronimen, ôfkoartings dy't mei haadletters skreaun wurde; dit binne tagelyk ek inisjaalwurden, lykas "VVD" of "GGD", of letterwurden, lykas "NATO" of "HAVO"
- wurdlidwurden, dy't opboud binne út wurdlidden fan 'e oarspronklike folute namme, lykas "horeka" (fan "hotel", "restaurant", "kafee") en Benelúks (fan "Belgje", "Nederlân", "Lúksemboarch")
List fan Fryske ôfkoartings
(Hjiryn binne inkeld algemiene ôfkoartings opnomd, dus gjin nammen fan organisaasjes, wetten ensfh.)[1]
A
B
C
D
E
- € – euro
- e. – east of easten
- EK – Europeesk kampioenskip
- e.k. – earste kertier
- eks. – eksimplaar
- ekskl. - eksklusyf
- ensfh. – ensafuorthinne
- e.o. – en oare(n) of en omkriten
- Eur. – euro
F
G
H
I
J
K
L
M
N
O
P
R
S
T
U
- û. haadred. f. – ûnder haadredaksje fan
- û.l.f. – ûnder lieding fan
- û.m. – ûnder mear
- ûng. – ûngefear
- û.o. – ûnder oare(n)
- û. red. f. – ûnder redaksje fan
V
W
Y
sjoch: i
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 21, 42, 153, 211, 227, 320, 363, 425, 452, 466, 551, 591/592, 638/639, 661, 734, 792/793, 839, 1023, 1101, 1151.
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
|
|