In brêge bestiet út 'e boppebou, dêr't it ferkear oerhinne laat wurdt, en de ûnderbou, mei pylders en fundearrings, dy't it gewicht fan sawol brêge as ferkear oerbringt op 'e ûndergrûn. Brêgen oer wetterwegen hawwe faak in beweechber ûnderdiel dat iepen en ticht kin, itsij op en del, itsij fansiden, sadat it oangeande wetter net hielendal ôfsletten rekket foar de skipfeart. Tsjintwurdich binne brêgen yn 'e regel makke fan beton en metaal (benammen stiel). Foarhinne (en noch wol foar bgl. fytsbrêgen) waard gebrûk makke fan lichtere materialen, lykas hout of sels bamboe.
Brêgen binne der yn ferskate foarmen. Sa komme yn Fryslân fan âlds foar:
in planke, balke post of hout (de ienfâldichste soarte fan brêge sûnder lining)
de barte: in losse helpbrêge dy't mei klampen of plankjes byinoar holden wurdt; sûnder lining foar fee of weinen
it set: in lânhaad dêr't in pear barten op lein wurde, in ienfâldich brechje wêrfan't it middenstik oan 'e kant skood wurde kin om skippen troch te litten