James Dalton is profesjonele útsmiter mei in mysterieus ferline, dy't tige súksesfol is yn syn wurk en op syn fakmêd wiid en siid bekend stiet. Yn New York wurdt er opsocht troch Frank Tilghman, de eigner fan in roadhouse (in kombinaasje fan in bar en nachtklub) yn Jasper, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steatMissoery, dy't slim te lijen hat ûnder in kliïntêle fan túch en ûnrant. Tilghman freget Dalton om foar him oan it wurk te gean en regaad te meitsjen. Dalton is de bêste yn syn fak útsein syn mentor Wade Garrett, en dêr wol er ek nei betelle wurde, mar de beide mannen komme ta oerienstimming en Dalton set ôf nei Missoery.
Yn Jasper set Dalton him nei wenjen op 'e ta ienkeamerappartemint omboude hynstetilingen boppe de skuorre fan in pleatslike boer, dy't Emmet hjit. Syn ruten sjogge dêr út op in mânske poel, mei yn 'e fierte oan 'e oare kant de filla fan 'e pleatslike miljonêr Brad Wesley. Dalton giet earst min ofte mear ynkognito nei de Double Deuce, de saak fan Tilghman, om 'e sitewaasje dêre te hifkjen. Nei't er haad befeiliging wurden is, fiert er daliks guon feroarings troch. Ien fan 'e útsmiters ûntslacht er om't dy sels slaanderij útlokket en dus ûngeskikt is foar syn wurk, in oaren kriget dien om't er yn 'e foarriekeamerseks hat mei in froulikeklant. In servearster moat ek oar wurk sykje om't se yn 'e húskes fan 'e Double Deucedrugsdealt, en in barman wurdt ûntslein om't er jild út 'e kassaefteroer drukt. Dalton leart de oerbleaune útsmiters in nije manear fan wurkjen, mei as wichtichste regel: bliuw altyd beleefd, ek as de lju jin útskelle.
De nije metoade fan Dalton wurket op himsels poerbêst, en it soarte lju dat yn 'e Double Deuce komt, betteret al rillegau op. It docht lykwols al mei gauwens bliken dat Dalton him sûnder euvelmoed swierrichheden fan in hiel oar kaliber op 'e hals helle hat troch it ûntslaan fan 'e stellende barman, Pat McGurn. Dat is nammentlik de omkesizzer fan Brad Wesley, in arrogantesakeman mei psychopatyske trekjes, dy't mient dat it hiele stedsje fan him is en dat de oare ynwenners him hearrigens ferskuldige binne. Om himsels noch mear te ferrykjen, makket er him skuldich oan ôfparsing fan alle bedriuwen yn Jasper. Hy stjoert McGurn mei in trijetal poatige trewanten werom om fan Tilghman syn baan werom te easkjen. Dalton en de oare útsmiters meitsje koart wurk fan 'e ynkringers, mar it is foar eltsenien dúdlik dat dat gjin oplossing foar de lange termyn is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Yn it gefjocht mei McGurn en syn helpers hat Dalton in snijwûne oprûn fan in mês dat ien fan 'e mannen loek, dat hy giet nei it pleatslike sikehûs om 'e wûnehechtsje te litten. Sa kriget er gedoente mei dokter Elizabeth Clay, in jonge, tsjeppe, skiedenfrou, mei wa't er al rillegau in romantyskerelaasje kriget. It is Cody, in blinemuzikant en âlde freon fan Dalton, dy't yn 'e Double Deuceoptreedt, dy't Dalton warskôget dat Wesley earder om 'e nocht besocht hat om Elizabeth foar him te winnen, en dat er har ôfwizing net goed opfet hat.
Koarte tiid letter ûntbiedt Wesley Dalton by him thús om te besykjen him by Tilghman wei te keapjen, mei't er sels mear as genôch wurk hat foar immen mei Dalton syn feardichheden. Yn it petear lit er blike bekend te wêzen mei in ynsidint yn it ferline fan Dalton, doe't er yn Memphis (Tennessee) by in fjochtpartij in man deade hat, nei't it skynt troch him de strôt út 'e kiel te skuorren. De familiêre ferwizing nei dat barren, dêr't er noch altyd psychysk mei ompakt, kin Dalton net wurdearje. Mei't er boppedat noch farsk yn it ûnthâld hat hoe't Denise, de minneresse fan Wesley, dy't de jûns tefoaren yn 'e Double Deuce om 'e nocht besocht hat Dalton te fersieren, no mei in blau each omrint, lit er Wesley yn net mis te fersteane bewurdings witte wat er fan him tinkt.
Neitiid brûkt Wesley syn ynfloed om derfoar te soargjen dat de oanfier fan sterke drank nei de Double Deuce stûket, om't gjin leveransier mei him deilis reitsje wol. Dalton bewurkmasteret leverânsjes fan in drankhannel fan bûten de steat, dêr't se noch nea fan Wesley heard hawwe. Dêrop stjoert Wesley syn trewanten om 'e levering fan 'e drank te fersteuren troch alle kratten stikken te smiten. Dalton jout Wesley syn mannen in wan bruien, wêrby't er help kriget fan syn freon en mentor Wade Garrett, in útsmiter dy't op jierren rekket. Dyselde komt yn Jasper del om poalshichte te nimmen nei't Dalton earder tillefoanysk mei him oer de sitewaasje dêre oerlein hie. Letter nimt Dalton Garrett mei om him yn 'e kunde te bringen mei Elizabeth.
It spul eskalearret as de oare jûns de garaazje fan 'e pleatslike ûndernimmer Red Webster, in omke fan Elizabeth, ferwoastge wurdt troch in brân dy't dúdlik oanstutsen is yn opdracht fan Wesley. Neitiid kringe Wesley en syn trewanten de Double Deuce binnen, dêr't de miljonêr syn rjochterhân Jimmy, in man dy't betûft is yn kung fu en karate, in fjochtpartij begjinne lit. Nei in konfontaasje tusken Jimmy en Dalton dy't ûnbeslist einiget, jouwe Wesley-en-dy har wer ôf.
De oare deis is Dalton oanwêzich by in gearkomste fan 'e pleatslike ûndernimmers, dy't beprate wat se tsjin 'e tiranny fan Wesley dwaan kinne. Webster, dy't no neat mear hat dat him yn Jasper hâldt, is fan doel om te ferhúzjen, wylst op 't langelêst bliken docht dat de oaren har net tsjin Wesley doare oan te kantsjen. Nettsjinsteande dat lit Wesley, as er lucht kriget fan 'e gearkomste, ien fan syn trewanten yn in monstertruck dwers troch de showroom fan it autoferkeapbedriuw fan Pete Stroudenmire ride, wêrby't de foar- en eftergevel fan it gebou oan gruzeleminten geane en in stikmannich nije auto's total loss reitsje. As Elizabeth Wesley op syn hâlden en dragen oansprekt, fertelt er har dat se der mar better foar soargje kin dat Dalton de stêd ferlit, oars sil er it net oerlibje.
Dy jûns siket Elizabeth Dalton op 'e hynstetilingen by Emmet op en besiket him te bepraten om it spul fierder gewurde te litten en fuort te gean. Dalton, dy't skjin syn nocht hat fan sokke lytse tirannen as Wesley, stegeret har ôf. Wylst se noch prate, fljocht de wente fan Emmet yn 'e brân. Dalton hat krekt genôch tiid om 'e âldman út 'e hûs te skuorren en bûtendoar yn feilichheid te bringen foar't it hiele hûs de de loft yn giet. Dalton sjocht hoe't Jimmy op in motor útnaait, en set him efternei. Oan 'e igge fan 'e poel komt er him oer it mad en skuort him fan 'e motor ôf. By it gefjocht dat dêrop folget, brûke beide mannen harren kennis fan Easterskefjochtsporten. Lang om let, as dúdlik wurdt dat er it net fan Dalton winne kin, lûkt Jimmy in pistoal. Mar ear't er Dalton deasjitte kin, skuort dy him mei ien hân de strôt út 'e kiel en deadet him. It lyk skuort er yn 'e poel om it nei Wesley syn filla oan 'e foaroerlizzende igge driuwe te litten. Elizabeth, dy't tsjûge wie fan 'e ein fan it gefjocht, is skokt troch sawol it feit dat Dalton in oare man ombrocht hat as troch de wize dêr't er dat op dien hat, en jout har yn walging ôf.
De oare moarns kriget Dalton in tillefoantsje fan Wesley, dy't him fertelt dat er òf Elizabeth, òf Wade Garrett fermoardzje litte sil; wa fan beiden hat er noch net besletten. Hy goait der in muntsje oer op, mar fertelt Dalton de útkomst net. As Garrett neitiid de Double Deuce binnen strompelet, nei't er in wan bruien krigen hat fan in stikmannich fan Wesley syn trewanten, giet Dalton derfan út dat dat betsjutte moat dat Elizabeth it doelwyt is. Hy hastiget him nei it sikehûs, dêr't er Elizabeth safier besiket te krijen dat se út Jasper fuortgiet. Se wol lykwols net nei him harkje. As er weromkeart nei de Double Deuce, treft er dêr Garret deastutsen oan mei op it mês yn syn boarst in bryfke mei de tekst "It wie munt".
Dalton set fuortendaliks ôf nei de filla fan Wesley om wraak te nimmen, mar dêr binne se ree foar him. Syn auto wurdt opwachte en trochsingele mei kûgels oant er oer de kop slacht. As Wesley syn mannen de autodoarren lykwols iepenmeitsje, blykt de auto leech te wêzen en it gaspedaal fêstset te wêzen mei it mês dêr't Garrett mei deamakke wie. Troch dy ôfliedingsmaneuver hat Dalton ûnderwilens fan in oare kant ôf de filla binnen witten te kringen. Hy skeakelet de trewanten fan Wesley ien foar ien út, oant er úteinlik Wesley sels treft. Dyselde besiket him dea te sjitten, mar Dalton slacht him it pistoal út 'e hannen, wêrnei't se mei-inoar op 'e fûst geane. Op in stuit hellet Wesley in lytse derringer foar 't ljocht, mar ek dy slacht Dalton him út 'e hannen. Hy stiet yn bestân om Wesley op deselde wize te deadzjen as Jimmy earder, mar sjocht der úteinlik fan ôf.
As er him omdraait, blykt Elizabeth efter him te stean, dy't alles sjoen hat. Wesley grypt nei syn derringer en wol Dalton dochs noch deasjitte, mar hy wurdt yn it skouder rekke troch in kûgel út in oar fjoerwapen. Red Webster blykt by Elizabeth te wêzen en lit syn jachtgewear sakje. Dan komme Emmet, Pete Stroudenmire en Frank Tilghman der ek yn, dy't ek bewapene binne mei jachtgewearen. Ien foar ien sjitte se harren wapens leech op 'e ferwûne Wesley, oant er it bestjert. As de sheriff arrivearret, dy't op 'e leanlist fan Wesley stie, beare se allegear dat se neat sjoen hawwe. As Tinker, ien fan 'e oerlibjende trewanten fan Wesley, frege wurdt oft hy wit wat der bard is, sjocht er ris om him hinne en beseft dat alles feroare is, wêrnei't er him wyslik fan 'e domme hâldt.
No't se mei eigen eagen sjoen hat dat Dalton net sa'n gewelddiedige keardel is as se nei de dea fan Jimmy tocht, komt it ta in fermoedsoening tusken Elizabeth en him. Wylst de Double Deuce in normale útgeansjûn mei in fatsoenlikekliïntêle belibbet, fermeitsje Dalton en Elizabeth harren troch neaken te swimmen yn 'e poel.
Fan 'e filmkritisy krige Road House oer it algemien negative resinsjes. It tydskriftVariety spitste syn krityk ta op wat "in boardkartonnen romantyskerelaasje" neamd waard tusken Dalton (Patrick Swayze) en Elizabeth Clay (Kelly Lynch), en skreau fierders dat "it figilantisme, de wetteleazens en it willensmoedse geweld bespotlik oandogge yn in moderne setting." Yn 'e Chicago Sun-Times parte Roger Ebert oan Road House 21/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "[De film] balansearret persiis op it rântsje fan 'e 'goede minne film' en de simpelwei minne film. Ik twifelje oft ik him oanriede moat […]. It is gjin goede film. Mar […] it is ek gjin saaienien."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Road House in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 43 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oft [de film] ienfâldichwei min is of sa min dat er goed is, hinget fierhinne ôf fan 'e sympaty fan 'e sjoggers foar Swayze – en harren duldsumens foar goedkeape gewelddiedige aksje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Road House in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 15 resinsjes.
Yn in fraachpetear mei kok en itensiedersprogrammamakkerAnthony Bourdain priizge de foaroansteande Amerikaanske komyk en akteurBill MurrayRoad House as in ûnderwurdearre film mei in komplekse plot, dêr't neffens him in protte akteurs yn 'e filmyndustry fan Hollywoodrespekt foar hawwe. Murray is de bêste freon fan Mitch Glazer, de man fan aktrise Kelly Lynch. Yn in fraachpetear mei The A.V. Club sei Lynch oer Murray, dy't sysels ek as in freon beskôget: "Eltse kear as Road House derfoar is en hy of ien fan syn idioate bruorren tillefyzje sjogge – en se sjogge altyd tillefyzje – skillet ien fan harren myn man op en seit, yn in ridlike neibearing fan [it stimlûd fan] Carl Spackler, út Caddyshack: 'Kelly hat op dit stuit seks mei Patrick Swayze. Se dogge it. Hy smyt har tsjin 'e stiennen muorre oan!' "
Hast tweintich jier nei dato waard in ferfolchfilm makke, Road House 2, dy't yn july2006direkt op fideo útbrocht waard. Dy film fertelt it ferhaal fan 'e soan fan Dalton en Elizabeth. Dalton sels, dy't yn Road House 2 al jierren lyn deasketten is, wurdt yn 'e film mar kwealk nei ferwiisd, hoewol't syn foarnamme (James) al dúdlik wurdt, dy't yn 'e hiele oarspronklike film net ien kear neamd waard.
Yn 2003 waard Road House adaptearre ta in musical dy't off-Broadwayop 'e planken brocht waard. It stik is eins in parody, wat ek dúdlik wurdt út 'e titelRoad House: The Stage Version of the Cinema Classic that Starred Patrick Swayze, Except this One Stars Taimak from the 80's Cult Classic "The Last Dragon" Wearing a Blonde Mullet Wig ("Road House: De Toanielferzje fan 'e Filmklassiker mei Patrick Swayze yn 'e Haadrol, Allinne Wurdt Hjir de Haadrol Spile troch Taimak út 'e Cultklassiker "The Last Dragon" út 'e Tachtiger Jierren, Dy't in Blonde Prúk mei in Matsje Draacht"). Fierders ferskynde yn 2020 in stripalbum mei de titel All Fucked-Up: Tales from the Roadhouse mei seis eroatyskefanfiksjeferhalen op basis fan 'e film, fan 'e hân fan Julia Gfrörer, Sean T. Collins en Gretchen Felker-Martin.