Oarekant de Atlantyske Oseaan is kroanprins Edvard fan Denemark in playboy dy't inkeld fan it libben genietsje wol en syn liiffeint Søren meisleept yn 'e healwiiste aventoeren. Syn âldelju, kening Haråld en keninginne Rosalind, witte net mear wat se mei him oan moatte. En it is net inkeld in privee-probleem, mei't Edvard syn ferantwurdlikheden as kroanprins gauris negearret of marzjinalisearret. Ynspirearre troch in fideo wêryn't studintes út Wisconsin harren topkes omheech hâlde om 'e bleateboarsten sjen te litten, beslút Edvard ympulsyf dat Wisconsin it plak foar him is om te studearjen. Sadwaande skriuwt er him ûnder de skûlnamme "Eddie Williams" yn oan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison. Syn âldelju binne it dêr net mei iens, mar om't Edvard mearderjierrich is, kinne se him net tsjinhâlde útsein troch de keninklike jildkraan ticht te draaien. Keninginne Rosalind stjoert wol Søren mei nei de Feriene Steaten om in eachje yn it seil te hâlden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Oankommen yn Madison besykje Edvard en Søren it universiteitskafee op 'e kampus, dêr't Paige in bybaantsje hat as barkeeper. Edvard freget har plompwei om har topke omheech te lûken en him har boarsten sjen te litten, mei as resultaat dat se de spuit op him set en him út 'e saak smite lit. Letter blike Paige en Edvard itselde kolleezjeskiekunde te folgjen. Edvard giet nei har ta om him te ûntskuldigjen foar syn eardere hâlden en dragen, dat er op tefolle alkohol op in noftere mage smyt. Sy akseptearret syn ekskús, mar hat der danich wat argewaasje fan as professor Amiel op dat stuit seit dat de persoan njonken de studinten harren laboratoariumpartner wêze sil, om't it betsjut dat se no oan Edvard fêstsit. Se warskôget him dat it kolleezje wichtich foar har is om't se medisinen studearje wol, mar by it earstfolgjende kolleezje lit Edvard al ferstek gean om't er útsliepe moat nei in wylde jûn. Paige is poer en komt yn syn studintekeamer del om him yn net mis te fersteane bewurdings de mantel út te fegen. Dat is in nije ûnderfining foar de prins, mei't der noch nea in famke sa tsjin him opsprutsen hat.
Om't syn âldelju syn talage stopsetten hawwe, moat Edvard wat betinke om himsels te ûnderhâlden, wat ek wat is dat er noch nea dien hat. It universiteitskafee siket noch in meiwurker, dat hy stekt dêr syn ljocht op en liicht de baas foar dat Paige him oanrikkemandearret. As sy dat letter oan 'e weet komt, is se mei stomheid slein fan lulkens en ferbjustering. It docht bliken dat Edvard sels de ienfâldichste dingen net kin (om't alles altyd foar him dien is), sadat se him alles bybringe moat. Trochdat se sa nau gearwurkje, ûntdekt Paige dat Edvard eins bêst in sjarmante jonge is, wylst Edvard gefoelens foar har begjint te ûntwikkeljen. As er har oan 'e ein fan 'e dei mei op in ôfspraakje freget, rekket er lykwols op 'e blauwe guds nei hûs ta. Dat is him ek noch nea oerkomd, mar Søren wiist der fyntsjes op dat er ek noch nea in famke mei op in ôfspraakje frege hat dy't net wist dat hy in prins wie. Edvard syn belangstelling foar Paige wurdt troch de ôfwizing allinne mar grutter ynstee fan lytser.
As tsjin ein novimberThanksgiving neieroan komt, risselwearje alle Amerikaanske studinten om nei hûs ta, om dy hjeldei mei harren famyljeleden te fieren. Mei't Thanksgiving yn Jeropa folslein ûnbekend is, en om't it net leannet en reizgje foar in lang wykein werom nei hûs, is Edvard fan doel en bleau dy fiif dagen mar gewoan oer op 'e universiteit. Paige har keamergenoate Beth, dy't Paige graach oan Edvard keppelje wol, slacht foar dat Paige Edvard útnûgje sil om mei har nei hûs. Dat liket Paige wol nei fleanen, mar as se dat tsjin Beth seit, beart dy dat sy dan Edvard freegje sil om mei harsels nei hûs. Dan docht bliken dat Paige ek gefoelens foar Edvard ûntwikkele hat, want om foar te kommen dat Edvard ynpikt wurdt troch Beth, freget se him gau dochs sels mei nei hûs.
Yn Manitowoc komt Edvard yn 'e kunde mei Paige har heit Ben, in melkfeehâlder, har mem Amy, in húsfrou, en har beide âldere bruorren John en Mike. Mei syn natuerlike sjarme wit er har heit foar him te winnen troch mei te helpen by de buorkerij en troch oandachtich te harkjen nei syn klachten oer de grutte korporaasjes dy't lytse famyljebedriuwen út 'e merk drukke. John en Mike moatte earst net folle fan Edvard hawwe, mar dat feroaret as bliken docht dat de trije jongemannen in foarleafde diele foar it racen mei alles dêr't in motor yn sit. De beide bruorren binne fanatike sitmeanerracers, en Edvard, dy't yn Denemark gauris mei auto's raced hat, slagget it om harren sitmeaners noch wat ekstra op te fieren. As er de oare deis mei in liende sitmeaner de wedstryd wint fan 'e pleatslike kampioen Keith Kopetsky, in notoire falskspiler dy't de beide bruorren altyd te glêd ôf is, kin er by harren net mear stikken. Dy jûns diele Edvard en Paige yn 'e skuorre harren earste tút.
Werom op 'e universiteit kinne Edvard en Paige de eagen net faninoar ôf hâlde. Yn 'e bibleteek, dêr't se eins hearre te studearjen, glûpe se nei in ôfhandich plakje om te frijen tusken de boeken dy't frijwol nea útliend wurde. Tsjin dy tiid hawwe de Deenske paparazzi prins Edvard lykwols opspoard, en it fereale pearke wurdt dêr yn heal ûntklaaide steat fotografearre. Nei't se ûntkommen binne, wol Paige witte wêrom't de fotografen "Eddie" oansprieken mei 'prins Edvard'. Dan komt it hege wurd derút, dat har frijer eins de kroanprins fan Denemark is. Paige is ûntsteld dat er tsjin har liigd hat, ek al beswart Edvard har dat him gjin ûnwier wurd oer de lippen kommen is en dat er inkeld ynformaasje foar har efterholden hat. Sy rint lulk fuort en hy bliuwt te lider slein efter. Fuort letter kriget Edvard fia Søren berjocht fan syn mem dat er thús komme moat, om't syn heit terminaal siik is.
Tanksij de help dy't se fan Edvard krigen hat, slagget Paige mei flagge en wimpel foar har mûnling tentamen foar Ingelske letterkunde. Wylst se de fragen oer it wurk fan Shakespeare beäntwurdet, dy't har steld wurde troch in panel fan dosinten, kriget se oan 'e hân fan har eigen antwurden ynienen foar it ferstân dat se Edvard in twadde kâns jaan moat, om't wiere leafde mar sa selden foarkomt. Fan Edvard syn keamergenoat Scotty heart se dat er werom gien is nei Denemark. Har freondinnen lappe jild foar in fleanticket dêrhinne. Paige arrivearret yn 'e Deenske haadstêdKopenhagen krekt op 'e dei dat dêr it nije parlemintêre jier iepene wurdt. Dêrby riidt de keninklike famylje yn in optocht mei ruters en koetsen fan it paleis nei it parlemintsgebou. Paige stiet oan 'e kant fan 'e dyk as Edvard foarbyriidt op in hynder. Se ropt oan him, mar hy heart har net. Dan wurdt se troch it omsteand laach werkend as Paige Morgan, fan har foto's yn 'e Deenske rabbersblêden. De minsken begjinne har namme te skandearjen, en as Edvard dat heart, sjocht er om him hinne en wurdt er har gewaar. Hy komt by har, nimt har efterop syn hynder en riidt mei har fuort.
Letter, as se wer yn it paleis binne, lit Edvard syn âldelju witte dat er fan doel is om mei Paige te trouwen. Syn mem is dêr poer op tsjin, om't se in boargerfamke is en noch in Amerikaanse ek. As Edvard har lykwols foarhâldt dat se him mei har trouwe litte kin of oars in oare troanopfolger sykje moat, jout se ta. Edvard docht Paige in houliksoansiik en sy jout him tawurd. Nei't se der tsjûge fan is hoe't har soan in skeel tusken wurkjouwersorganisaasjes en fakbûnen oplost, beseft keninginne Rosalinde dat er troch de ynfloed dy't Paige op him hat einlings en te'n lêsten folwoeksen wurden is. Underwilens wurdt it Paige lykwols dúdlik hoe'n dreech en regulearre bestean in keninginne wol net hat. Se kriget foar it ferstân dat se dêr al har eigen dreamen fan it wurden fan in dokter en it helpen fan minsken foar opjaan moatte sil. En dat wol se net. Mei grutte spyt ferbrekt se dêrom har ferloving mei Edvard en keart se werom nei Wisconsin, wylst Edvard inkele wiken letter syn om sûnensredens abdisearjende heit opfolget as kening fan Denemark.
Twa jier letter studearret Paige ôf oan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison. By de diploma-útrikking wurdt se lokwinske troch freonen en famylje. Dan hâldt der in dûnkere limûsine stil, dêr't kening Edvard út stapt. Ek hy lokwinsket har, mar freget har dêrnei op 'e nij om mei him te trouwen. Paige seit dat de Denen net ree binne foar in keninginne lykas har. Edvard antwurdet dat se har dan mar gau oanpasse moatte, want in oare keninginne krije se net. Dêrop wikselje hy en Paige in hertstochtlike tút út.
Fan 'e filmkritisy krige The Prince & Me mingde oant negative resinsjes. Sa skreau Manohla Dargis yn The New York Times dat de film "in mar kwealk fermaaklik, keken optocht en grammatikaal beheind* mearke" wie. Yn 'e kranteUSA Today ornearre Claudia Puig dat The Prince & Me oer it algemien "wolmienend, skattich en leaf" wie, mar dat de film der in stik op foarútgien wêze soe mei "in bytsje mear healwizens en minder hearrigens oan 'e formule". David Sterritt fan 'e Christian Science Monitor wie lykwols poerbêst oer The Prince & Me te sprekken, dat er in "hiel oansprekkende" film fûn, benammen "tanksij it lichtfuottich aktearjen en de stille rezjystyl fan Martha Coolidge".
*) Yn grammatikaal korrekt Ingelsk soe de titel The Prince & I west hawwe moatte.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Prince & Me in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 116 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de de film as in "saai, langrieddich en foarsisber stikje winskeferfolling". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Prince & Me in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 31 resinsjes.