Deensk

Deensk
algemien
eigen namme dansk
lânseigen yn Denemark, Farøer Eilannen, Grienlân, Dútslân
tal sprekkers 5.500.000
skrift it Latynske alfabet mei Æ, Ø, Å, sûnder W
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Eastskandinavysk - Deensk
taalkoades
ISO 639-1 da
ISO 639-2 dan
ISO 639-3 dan

It Deensk (dansk) is in Noardgermaanske taal mei likernôch 5.5 miljoen sprekkers. It is de taal fan hast alle Denen en de ienige offisjele taal fan Denemark. Op de Faeröer, Grienlân en yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein wenje Deensktalige minderheden.

Yndieling

De skifting tusken de Noardgermaanske talen, de Westgermaanske talen is bard om de tiid fan it Grutte Folkeferfarren hinne. Dêr't de Westgermaanske dialekten al gau útwaaiden yn hieltiten slimmer ûnderling te begripen talen, bleauwen Noardgermaanske talen lang yn ien taal by elkoar; dy taal wurdt it Aldnoarsk neamd. Binnen dat Aldnoarsk wie in dúdlike skieding te meitsjen tusken it Aldwestnoardsk en it Aldeastnoardsk. Ta de westlike groep hearden de foarrinners fan it Noarsk en Yslânsk; it lettere Deensk en it Sweedsk foarmen de eastlike groep. Yn de rin fan de iuwen groeiden de dialekten út ta de hjoeddeistige Skandinavyske skriuwtalen. De talen hawwe wol deselde ûntwikkeling trochmakke. As der in fernijing trochfierd waard yn it iene lân dan barde dat ek al gau yn it oare lân. Dêrom binne it Deensk, Noarsk en Sweedsk ûnderling noch goed te ferstean en is der sprake fan in dialektkontinuum. De skriuwwize fan it Bokmål, ien fan de beide Noarske skriuwtalen, stiet it tichstby de Deenske skriuwtaal.

Wylst it Nederdútsk in protte ynfloed hân hat op it Deensk, bestiet der hjoed-de-dei in hurde taalgrins mei it Dútsk/Nederdútsk.

Taalgebiet & status

██ Gebiet dêr't Deensk de mearderheidstaal is.

██ Gebieten dêr't Deensk de minderheidstaal is.

Yn Denemark binne der goed 5 miljoen minsken dy't it Deensk as memmetaal hawwe. Net formeel fêstlein is it Deensk de facto de amtstaal fan Denemark.

Lear Deensk spandoek yn Flensboarch.

Yn Deenske minderheid yn Sleeswyk-Holstein beslacht sa'n 50.000 minsken. Dy groep is erkend as nasjonale minderheid en as taalminderheid. De measten wenje yn de bestjoerlike distrikten fan Flensboarch, Noardfryslân, Sleeswyk-Flensboarch en Rendsburg-Eckernförde. Neist de Deenske minderheid wenje der noch sa'n 6.000 Denen yn Sleeswyk-Holstein mei de Deenske nasjonaliteit. Der binne sa'n 50 Deensktalige skoallen (basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis) yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein [1].

Op de Faeröer hat it Deensk, neist it Faeröersk, de status fan twadde amststaal[2]. Op skoallen is it Deensk in ferplicht skoalfak. Der wenje sa'n 1.500 Deensktaligen op de Faeröer eilannen [3]

Op Grienlân spilet it Deensk noch in rol yn it ûnderwiis en by de Deenske ymmigranten dy't der wenje. Yn 2009 ferlear it Deensk syn status as amtstaal, it Grienlânsk is sûnt dy tiid de iennichste amtstaal. Sa'n 12% fan de ynwenners fan Denemark is fan Deenske komôf [4], mar it is net krekt bekend hoe grut oft de folsleine Deensktalige populaasje is. Nei alle gedachten wenje de measte Deensktaligen yn it Grienlânske haadplak Nuuk/Godthåb. In grut diel fan de Grienlanner befolking brûkt it Deensk as lingua franca.

Sûnt 1990 leare bern op Yslân it Ingelsk as earste frjemde taal. It Deensk komt op it twadde plak mar is wol in ferplicht fak. Yn 1944 hat it Deensk op Yslân syn status as amtstaal ferlern.

It Deensk is ien fan de wurktalen fan de Europeeske Uny en de Noardske Ried.

Skriuwwize

Deensk toetseboerd

It Deensk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet. Der binne trije tekens nei de z tafoege: : Æ/æ, Ø/ø en Å/å. Dizze tekens wurde sjoen as aparte letters. De letters q, w, x en z wurde hast net brûkt.

De grûnslach foar de Deenske stavering is it midsiuwske dialekt fan it eastlike Seelân. Dat wie doe it sintrale dialekt fan Denemarken omdat Skåne doe noch ûnderdiel wie fan it Deenske ryk. Hjoed-de-dei is it dialekt fan Kopenhagen de standert. Lykwols is de Deenske stavering frijwat konservatyf. Dat betsjut dat in protte lûden, dy't yn 'e rin fan de iuwen stom wurden binne, noch hieltyd skreaun wurde. Somlike letters binne om it prinsipe fan de analogy ynfierd, sûnder histoaryske grûnslach. Foarbylden dêrfan binne:

  • De <h> foar <v> en <j> is inkeld noch yn it Noardjutske dialekt te hearren en is in oerbliuwsel fan it Aldnoarsk. Bygelyks hvid [viðˀ] (‚wyt‘; Aldnoarsk hvít), hjul [juːˀl] (‚tsjil‘; Aldeastnoarsk hjúl).
  • De <d> yn kombinaasjes as <ld>, <nd> en <rd> lit sawol in histoaryske útspraak sjen as ek de tapassing fan it prinsipe fan de analogy. Bygelyks (etymolyske grûnslach) yn land [lænˀ] (‚lân‘; Aldnoarsk land), (analogysk ynfierd) yn fuld [fʊlˀ] (‚fol‘; Aldnoarsk fullr).

Dêrneist wurde net alle lûden yn it skriftbyld sichter:

  • De delgeande koarte /e/ yn wurdsjes as fisk [fesg] (‚fisk‘) en til [te(l)] (‚ta‘)
  • De delgeande koarte /o/ yn hugge [hogə] (‚haue, hakje‘), tung [toŋ] (‚lestich, swier‘)

Dialekten

It Deensk hat in ridlik grutte dialektyske fariaasje; de dialekten ferdwine lykwols hieltiten mear ûnder ynfloed fan it Ryksdeensk. Der binne foaral dúdlike ferskillen tusken it Aldwestnoardske Jutlânsk en it Aldeastnoardske Eilân-Deensk. De Deenske standerttaal is basearre op it Eilân-Deensk. Foaral it dialekt fan it eilân Bornholm is oars as it Ryksdeensk. It is tige lieard oan it Skânsk, dat yn het súd-Sweedske Skâne praat wurdt. It Súd-Jutlânsk is beynfloede troch it Dútsk en it Noardfrysk.

Ynfloeden fan bûten

It Dútsk hat in grutte ynfloed hân op it Deensk. Fanôf de lette midsiuwen (Hânze) oant yn de 19e iuw spile it Nederdútsk, troch hannel en geografyske ôfstân, in grutte rol yn Jutlân en op de Deenske eilannen. Sa bestiet der in grut part fan de Deenske wurdskat (25%) út Nederdútske lienwurden en lienoersettingen.[5] Dat makket it Deensklearen foar Dútskpraters ienfâldiger. Mei kennis fan it Dútsk is it alsa mooglik in protte begripen te rieden, as de Deensklearder wit op hokker wize dy lienoersettingen makke wurde. Yn it ferline hawwe it Nederlânsk en it Noard-Frysk (regionaal) in beheinde ynfloed op it Deensk hân. Fierders hat it Deensk in protte ynternasjonalismen (yn de ôfrûne desennia tanimmend Anglisismen).

Literatuer

  • Teake Hoekema& V. Tams Jørgensen; Deensk-Frysk wurdboek mei in koarte Deenske foarmleare. Frisisk-Dansk ordbog med en kortfattet frisisk formlaere. Grins, Wolters-Noordhoff, 1968.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Minderheiten in Schleswig-Holstein - die dänische Minderheit op schleswig-holstein.de (sjoen op 8 juny 2018)
  2. Faroese Language op government.fo (sjoen op 8 juny 2018)
  3. Folkstelling 2011
  4. Denemark yn it CIA Factbook
  5. Mittelniederdeutsche Lehnwörter in den skandinavischen Sprachen
Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Deenske ferzje.

Read other articles:

Lega Pro Prima Divisione 2011-2012 Competizione Lega Pro Prima Divisione Sport Calcio Edizione 34ª Organizzatore Lega Italiana Calcio Professionistico Date dal 4 settembre 2011al 10 giugno 2012 Luogo Italia Partecipanti 36 Formula 2 gironi all'italiana A/R, play-off e play-out Risultati Vincitore Ternana (1º titolo)Spezia (2º titolo) Altre promozioni Pro VercelliVirtus Lanciano Retrocessioni MonzaFolignoSPALPiacenzaBassanoTriestina Statistiche Miglior marcatore Gir. A: Ciro G...

 

Orem-oremOrem-oremTempat asalIndonesiaDaerahKota Malang (Jawa Timur)Dibuat olehSeni kuliner JawaBahan utamatempe goreng, ayam, kuah santan kental, ketupat iris, taugeSunting kotak info • L • BBantuan penggunaan templat ini Orem-orem adalah masakan kuliner Jawa dari Kota Malang yang berbahan dasar irisan tempe goreng, ayam, dan dimasak bersama kuah santan kental. Penyajiannya adalah dengan ketupat iris yang diberi tauge, tempe dan disiram kuah sayur kuah santan. Rasa kuah orem-or...

 

Si ce bandeau n'est plus pertinent, retirez-le. Cliquez ici pour en savoir plus. Cet article ne s'appuie pas, ou pas assez, sur des sources secondaires ou tertiaires (janvier 2023). Pour améliorer la vérifiabilité de l'article ainsi que son intérêt encyclopédique, il est nécessaire, quand des sources primaires sont citées, de les associer à des analyses faites par des sources secondaires. Cet article est une ébauche concernant l’économie et les transports. Vous pouvez partager vo...

Disambiguazione – Se stai cercando altri significati, vedi Carrizo (disambigua). Carrizocomune Carrizo – Veduta LocalizzazioneStato Spagna Comunità autonoma Castiglia e León Provincia León TerritorioCoordinate42°34′59.88″N 5°49′59.88″W / 42.5833°N 5.8333°W42.5833; -5.8333 (Carrizo)Coordinate: 42°34′59.88″N 5°49′59.88″W / 42.5833°N 5.8333°W42.5833; -5.8333 (Carrizo) Altitudine871 m s.l.m. Superficie42 ...

 

Scientific study of human behaviour Part of a series onPsychology Outline History Subfields Basic psychology Abnormal Affective neuroscience Affective science Behavioral genetics Behavioral neuroscience Behaviorism Cognitive/Cognitivism Cognitive neuroscience Social Comparative Cross-cultural Cultural Developmental Differential Ecological Evolutionary Experimental Gestalt Intelligence Mathematical Moral Neuropsychology Perception Personality Psycholinguistics Psychophysiology Quantitative Soc...

 

Offee bar in Kingly Street, Soho, London 1 Kingly St just after the new paving was laid in the summer of 2010 The Cat's Whisker was a coffee bar situated at 1 Kingly Street, Soho, London, during the mid-late 1950s. It offered London youngsters Spanish dancing, live rock 'n roll, and skiffle.[1] It saw the invention of a new style of 'dancing' known as hand-jive, dancing using hand gestures only as there was no space to maneuver in the crowded basement.[2] The venue was closed ...

This article relies excessively on references to primary sources. Please improve this article by adding secondary or tertiary sources. Find sources: 2013 Recopa Sudamericana – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2013) (Learn how and when to remove this message) Football match2013 Recopa SudamericanaRecopa Santander Sudamericana 2013Recopa Santander Sul-Americana 2013EventRecopa Sudamericana São Paulo Corinthians 1 4 (on aggregate)First l...

 

Bell X-22Uno dei due X-22 sulla pistaDescrizioneTipoconvertiplano Equipaggio2 piloti Costruttore Bell Data primo volo17 marzo 1966 Esemplari2 Dimensioni e pesiLunghezza12,07 m (39 ft 7 in) Apertura alare7,01 m (22 ft 11 in) (ala anteriore)11,96 m (39 ft 3 in) (ala posteriore) Altezza6,31 m (20 ft 8 in) Peso a vuoto4 763 kg (10 478 lb) Peso max al decollo8 020 kg (17 644 lb) PropulsioneMotore4 turboalbero General Electric-YT58-GE-8D Potenza932 kW (1 267 shp) ciascuno P...

 

尤睦佳·泽登巴尔Юмжаагийн Цэдэнбал1970年代时的尤睦佳·泽登巴尔蒙古人民革命党中央委员会总书记任期1958年11月22日—1984年8月24日前任达希·丹巴(第一书记)继任姜巴·巴特蒙赫任期1940年4月8日—1954年4月4日前任达希·丹巴(第一书记)继任达希·丹巴(第一书记)蒙古人民共和國部長會議主席任期1952年1月26日—1974年6月11日前任霍尔洛·乔巴山继任姜巴·巴特蒙赫�...

这是马来族人名,“尤索夫”是父名,不是姓氏,提及此人时应以其自身的名“法迪拉”为主。 尊敬的拿督斯里哈芝法迪拉·尤索夫Fadillah bin Haji YusofSSAP DGSM PGBK 国会议员 副首相 第14任马来西亚副首相现任就任日期2022年12月3日与阿末扎希同时在任君主最高元首苏丹阿都拉陛下最高元首苏丹依布拉欣·依斯迈陛下首相安华·依布拉欣前任依斯迈沙比里 马来西亚能源转型与�...

 

Buddha Amitābha dan para bodhisatwa pengikutnya Avalokiteśvara (kanan) dan Mahāsthāmaprāpta (kiri) Bagian dari seri mengenaiBuddhisme di Tiongkok汉传佛教 / 漢傳佛教Chinese: Buddha Sejarah Gandhara Kekaisaran Kushan Dharmaguptaka Transmisi Jalur Sutra Tokoh utama Kumārajīva Xuanzang Huiyuan Zhiyi Bodhidharma Huineng Taixu Hsu Yun Hsuan Hua Nan Huai-Chin Tradisi Chan Tiantai Huayan Tanah Murni Weishi Sanlun Tangmi Kitab Kanon Buddhis Tiongkok Tripiṭaka Taishō Arsitektur Arsite...

 

Process by which desired circuit behavior is turned into a schematic of logic gates Not to be confused with Synthetic programming. This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Logic synthesis – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (January 2013) (Learn how and when to remove this message) In comput...

Divination based on the movements of the stars Not to be confused with astronomy, the science that studies space. For other uses, see Astrology (disambiguation). Astrology Background Worship of heavenly bodies History of astrology Astrology and astronomy Planets Behenian Classical Zodiac Traditions, types, and systems Astrology and science Astrologers Astrological organizations Traditions Babylonian Chinese Hellenistic Hindu Islamic Jewish Tibetan Western Branches Natal Electional Horary Medi...

 

Ruler of Crimea Mehmed I GirayMeñli I Giray (centre) with the eldest son, future khan Mehmed I Giray (left) and Ottoman sultan Bayezid II (right).Khan of the Tatar Crimean KhanateReign1515–1523PredecessorMeñli I GiraySuccessorĞazı I GirayBorn30 November 1465DiedOctober 1523AstrakhanSpouseNurum Sultan KhatunIssueĞazı I Giray İslâm I Giray ...see belowDynastyGiray dynastyFatherMeñli I GirayReligionIslam Mehmed I Giray (1465–1523, reigned 1515–1523) was khan of the Crimean Khanate...

 

Questa voce o sezione sull'argomento software non cita le fonti necessarie o quelle presenti sono insufficienti. Puoi migliorare questa voce aggiungendo citazioni da fonti attendibili secondo le linee guida sull'uso delle fonti. Segui i suggerimenti del progetto di riferimento. DocksoftwareLogoIl Dock su macOS Big SurIl Dock su macOS Big Sur Generedock (non in lista) SviluppatoreApple Inc. Ultima versione1.8 Sistema operativomacOS LicenzaEULA(licenza non libera) Sito...

Institutional corruption in the country Political corruption Forms and concepts Bribery Cronyism Economics of corruption Electoral fraud Elite capture Influence peddling Kleptocracy Mafia state Nepotism Pyrrhic defeat theory Slush fund Simony State capture State-corporate crime Throffer Anti-corruption International Anti-Corruption Court Group of States Against Corruption International Anti-Corruption Academy International Anti-Corruption Day United Nations Convention against Corruption Corru...

 

1840 engraving by George Girdler Smith 1879 woodcut from The American Cyclopædia Stereoscopic image Image by John P. Soule (1827–1904) Gore Hall Under demolition, 1913 Seal of the City of Cambridge (designed 1846 by Harvard President Edward Everett) showing Gore Hall Plaque on north facade of Widener Library Gore Hall was a historic building on the Harvard University campus in Cambridge, Massachusetts, designed by Richard Bond. Harvard's first dedicated library building, a Gothic structure...

 

شون باتريك فلانيري (بالإنجليزية: Sean Patrick Flanery)‏  معلومات شخصية الميلاد 11 أكتوبر 1965 (العمر 58 سنة)ليك تشارلز، لويزيانا، الولايات المتحدة مواطنة الولايات المتحدة  الزوجة لورين ميشيل هيل  الحياة العملية المدرسة الأم جامعة هارفارد  المهنة ممثل اللغة الأم الإنجليزية...

2016 film directed by Carles Torrens PetTheatrical release posterDirected byCarles TorrensWritten byJeremy SlaterProduced by Nick Phillips Carles Torrens Kelly Wagner Starring Dominic Monaghan Ksenia Solo Jennette McCurdy Nathan Parsons CinematographyTimothy A. BurtonEdited byElena RuizMusic byZacarías M. de la RivaProductioncompanies Revolver Picture Co. Magic Lantern Distributed by Orion Pictures Samuel Goldwyn Films (United States) Magic Lantern (Spain)[1] Release dates March ...

 

Đối với các định nghĩa khác, xem Quỳnh Lưu (định hướng). Bảo tàng chiến khu Quỳnh Lưu Sơ đồ tổng qua chiến khu Quỳnh Lưu Một điểm di tích của Chiến khu Quỳnh Lưu Hồ Đồng Chương ở xã Phú Lộc Bảo tàng chiến khu Quỳnh Lưu Chiến khu Quỳnh Lưu (Vùng ATK Quỳnh Lưu) là một căn cứ cách mạng của Đảng Cộng sản Việt Nam thời kỳ kháng Nhật và Pháp tại Ninh Bình, đồng thời được coi l�...