In kafee, bar of kroech is in útgeansgelegenheid dêr't men telâne kin om te sosjalisearjen ûnder it genot fan in kopke kofje of tee of in gleske frisdrank, bier of sterke drank. Yn 'e mande mei hotels en restaurants foarmje kafees de horeka-sektor. It ekwivalint fan in kafee yn it Feriene Keninkryk hjit in pub (koart foar public house, "iepenbier hûs"). De earste kafees ûntstiene yn 'e santjinde iuw as kofjehuzen; 'kafee' komt dan ek fan café, it Frânske wurd foar kofje. Neitiid begûnen stadichoan ek kroegen, dêr't benammen bier dronken waard, har 'kafee' te neamen, en sa ûntstie in grut ferskaat oan iepenbiere gelegenheden dy't ûnder dy term beflapt wurde kinne. Kafees ferfolje faak in wichtige sosjale funksje yn doarpen en stedsbuerten, dêr't stamgasten inoar moetsje oan 'e bar of oan harren stamtafel, en dêr't men geregeldwei in jûn trochbringt.
Soarten kafees
animearbar: in kafee dêr't saneamde 'animearfamkes' potinsjele klanten safier besykje te krijen dat se djoere drankjes mei harren drinke;
grand café: in grut kafee mei in moderne ynrjochting en in elitêre útstrieling;
gaybar of homobar: in kafee dêr't benammentlik homo's gearkomme, of dat him presintearret as in moetingsplak foar homo's;
hostessbar of hostbar: in kafee dêr't jonges en famkes yn tsjinst fan it kafee de klanten fermeitsje troch mei harren te praten (benammentlik yn Japan), wat soms útrint op in foarm fan prostitúsje;
hotelbar: in kafee dat ûnderdiel útmakket fan in hotel en ornaris op 'e begeane grûn fan sa'n hotel fêstige is (om't it bedoeld is foar de hotelgasten, kin de bûtendoar jûns let op slot dien wurde sadat sa'n kafee him net oan 'e wetlik fêstleine iepeningstiden hoecht te hâlden);
speakeasy: in kafee dat fan bûtenôf net as sadanich werom te kennen is; dizze term giet werom op 'e ûndergrûnske kafees (soms letterlik) út 'e tiid fan 'e Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten;