Tritich jier letter brekt der yn Judéa rebûlje út tsjin 'e Romeinske oerhearsking. De Romeinen smoare de opstân yn bloed en krusigje de lieders, wêrnei't se de EdomytHeroades de Grutte op 'e troan fan Judéa pleatse om as harren fazal oer de Joaden te regearjen. It is yn dyselde snuorje dat de Romeinen befel jouwe ta it hâlden fan in folkstelling, wêrfoar't eltsenien him ynskriuwe litte moat yn it plak dêr't er berne is. De timmermanJoazef reizget dêrom mei syn frouMarije, dy't op alle dagen rint, nei syn berteplak Betlehim. Mei't de herbergen dêre oan 'e kop ta fol sitte, moatte se oernachtsje yn in stâl, dêr't Marije in jonkje te wrâld bringt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Omreden fan it ûnskuldige bloed oan syn hannen wurdt Heroades de Grutte delslein troch God troch it middel fan in hertoanfal; wylst er noch yn it stjerren leit, eigenet syn soanHeroades Antipas him de troan al ta. Mei dy troanwiksel is it foar Joazef en Marije feilich om werom te kearen út ballingskip, en hja fêstigje har mei har soan Jezus yn it plak Nazaret, yn 'e lânstreekGaliléa. Jierren letter hat de sintuerion Lusius reden om yn Nazaret te wêzen, dêr't er de dan tolvejierrige Jezus en syn mem Marije moetet. As Lusius heart dat Jezus tolve jier earder yn Betlehim berne is, beseft er dat dit in jonge is dy't oan it bloedbad ûntkomd is. Hy kiest der lykwols bewust foar om te bearen as hat er neat troch en fuort te riden.
Tweintich jier letter risselwearje Joadske rebellen ûnder oanfiering fan Barabbas en Judas Iskariot foar in oanfal op it reisselskip fan 'e nije Romeinske gûverneur fan Judéa, Pontius Pilatus, en dy syn frou Klaudia Prokula. De oanfal mislearret, foar in part troch de wachens fan 'e sintuerion Lusius, dy't noch altyd yn Judéa tsjinnet. Barabbas en Judas witte lykwols te ûntkommen. Heroades Antipas riidt út om Pilatus yn te heljen, en de beide mannen moetsje inoar oan 'e igge fan 'e rivier de Jordaan, dêr't de profeetJehannes de Doper preket foar in gearklofte mannichte folk. Jezus is dêr ek, en lit him dope troch Jehannes, dy't yn him de messias werom ken. Neityd giet Jezus de woastyn yn, dêr't er fjirtich dagen trochbringt en yn dy tiid yn fersiking brocht wurdt troch Satan. As er dy beproeving trochstien hat, reizget Jezus nei Galiléa, dêr't er syn dissipels gearfandelet, ûnder wa de fiskerPetrus.
Underwilens lit Heroades Antipas yn Jeruzalim Jehannes de Doper oppakke en finzen sette, om't dyselde foar de doar fan syn paleis preket tsjin him en syn frou, keninginneHerodias. Letter wurdt Jehannes yn syn sel opsocht troch Jezus, dy't dêr ynlitten wurdt troch Lusius. Judas Iskariot ferlit de rebellen fan Barabbas en jout him by de dissipels fan Jezus. Dyselde begjint neitiid te preekjen en de minsken te belearen. Der komme almar mear lju op syn boadskip ôf, ûnder wa de sintuerion Lusius en Klaudia, de frou fan Pilates.
Heroades Antipas is wilens ûnder de yndruk rekke fan Jehannes de Doper, mar hy kin de man net frijlitte sûnder swak te lykjen. Syn hâlding stjit op ûnbegryp by syn frou Herodias en har dochter, prinsesseSalomé, dy't Jehannes haatsje om't er it folk Herodias har oerhoer yn 't sin brocht hat. Heroades Antipas hat sin oan Salomé, en it fanke ferliedt har styfheit om yn ruil foar it opfieren fan in dûns te ûnthjitten dat er har alles jaan sil dêr't se mar om freget. As se neitiid freget om 'e holle fan Jehannes de Doper op in skûtel, kin er net werom en is er twongen om 'e profeet ûnthalzje te litten.
Wat mear oanhing Jezus kriget en wat mear wûndertekens oft er ferrjochtet, wat benauder oft Heroades Antipas, Pilatus en de Joadske hegepreesterKajafas foar him wurde. Underwilens risselwearret Barabbas foar in grutte opstân yn Jeruzalim yn 'e wike foar Pesach, wannear't Jezus de stêd yn triomf yngiet om yn 'e Timpel te bidden. De rebellen bestoarmje de boarchAntonia, mar de Romeinske troepen fan Pilates, dy't warskôge is foar de gearspanning, meitsje koart wurk fan harren. De rebellen wurde ôfslachte en Barabbas wurdt finzen nommen. Op 'e tongersdeitejûn komt Jezus mei syn dissipels gear foar in lêste jûnsmiel, wêrnei't er te bidden giet yn 'e Hôf fan Getsémané. Judas Iskariot is der fan oertsjûge rekke dat Jezus wier de messias is en dat er troch God stjoerd is om 'e Joaden fan 'e Romeinske oerhearsking te befrijen. Om Jezus te twingen net langer te talmjen mar mei geweld regaad te meitsjen en de Romeinske legioenen út it lân te reagjen, ferriedt er him oan 'e Joadske autoriteiten.
Jezus wurdt foar hegepreester Kajafas brocht, dy't him berjochtsje litte wol troch Pilatus. De gûverneur set dêrmei útein, mar as er foar it ferstân kriget dat Jezus in Galileeër is, seit er dat Galiléa bûten syn rjochtsfoechgebiet leit, en stjoert er him troch nei Heroades Antipas. Dyselde bespot en fernederet Jezus, mar hy wol syn hannen likemin oan 'e saak baarne, dat hy stjoert him werom nei Pilatus. Wilens leagenet Petrus, sa't Jezus al foarsein hie, oant trije kear ta dat er in dissipel fan Jezus is. Pilatus is razen dat Heroades Antipas de saak op him ôfskoot, dat hy jout syn soldaten befel om Jezus te giseljen. Neitiid leit er oan 'e Joaden foar om Jezus of Barabbas frij te litten, en de Joaden kieze foar Barabbas. Pilatus jout ta oan 'e druk en feroardielet Jezus om krusige te wurden. Mei in toarnekroan op 'e holle moat Jezus syn eigen krús nei de heuvelGolgota drage, fuort bûten de stêd. As er der ûnderweis fan pine en útputting hinne falt, wurdt in tafallige omstanner, Simon fan Syrene, twongen om it krús de rest fan 'e wei te dragen. Op Golgota wurdt Jezus krusige, mei oan wjerskanten fan him twa kriminelen: de beroufolle diefDismas en de ûnberoufolle diefGestas.
Twa dagen letter treft in froulike dissipel fan Jezus, Marije Magdalena, de tombe leech oan en moetet se de út 'e dea opstiene Jezus. Oan 'e igge fan 'e Mar fan Galiléa ferskynt Jezus oan syn dissipels, dy't no apostels wurden binne, en hjit harren om syn boadskip oan ierdryks einen ta te fersprieden. Inkeld syn skaad wurdt dêrby yn byld brocht, dat de foarm fan in krús kriget dêr't it oer de útstrutsen fisknetten hinne falt. De apostels jouwe har ôf en, wylst it skaad fan Jezus it byld fertsjusteret, wurdt suggerearre dat er opfart nei de himel.
Yn novimber1958 giene Bronston en Farrow tegearre gear oer Son of Man, mar yn oktober1959 rûn Farrow derby wei omreden fan in "kreätyf skeel". Farrow lei letter út dat it brekpunt foar him de berjochting fan Jezus west hie, wêrby't Bronston woe dat er it oandiel "fan 'e Joadske lieders behimmele en de Romeinen alle skuld op 'e lea skode. Ik wegere dy feroarings troch te fieren. Ik naam ûntslach." Neffens associate producer Alan Brown gie it skeel djipper; hy sei oer Farrow: "Syn skript wie net echt in skript: it wie de fjouwer evangeeljes opskreaun […]." Yn novimber1959 beloek Bronston Nicholas Ray as nije regisseur by it projekt. Tsjin dy tiid wiene de filmsets yn Spanje al hast klear, dat Ray frege senarioskriuwer Philip Yordan, mei wa't er earder gearwurke hie oan Johnny Guitar (1954), om it senario op 'e nij te skriuwen.
Yordan, dy't hielendal gjin sin hie om nei Spanje ta, liet him lykwols beprate. Letter seid er dêroer: "De film hiet Son of Man. In freeslike titel, en immen hie haadstikken út 'e Bibel oernommen en besocht dy [as skript] rinne te litten." It earste dat er die, wie oanrikkemandearje dat de film omneamd wurde soe ta King of Kings. Dêrnei skreau er yn seis wiken tiid in folslein nij senario. Hy hie dêr folle minder muoite mei as er ferwachte hie. Dat ferklearre er letter mei de wurden: "Kristus wie in Einzelgänger. Hy ferskilt net sa'n soad fan myn gewoanlike personaazje, it westernpersonaazje. It is itselde personaazje, de man allinne." Bronston wie sa tefreden oer it nije senario, dat er Yordan frege om yn Madrid te bliuwen, dêr't se letter gearwurken oan it skript foar de histoaryske filmEl Cid (1961). It nije senario fan King of Kings liet Bronston besjen troch ferskate bibelekspêrs, om der wis fan te wêzen dat it trou (genôch) wie oan 'e evangeeljes. Under dyselden wiene toanielskriuwerDiego Fabbri en teoloochGeorge Kilpatrick. Yn maart1960 krige er boppedat de goedkarring fan it skript fan pausJehannes XXIII, dy't Bronston ûntfong yn it Fatikaan.
De opnamen wiene tige dreech. Bronston hie finansiering gearbrocht troch ynvestearrings fan sakemanPierre S. du Pont III, mar nei in pear moannen wie it jild al op. De grutte AmerikaanskefilmstudioMetro-Goldwyn-Mayer (MGM), dy't koartby grut súkses hân hie mei in soartgelikense sandalefilm, Ben-Hur, liet blike belangstelling te hawwen om King of Kings te finansieren, mei't men de film as in potinsjele rivaal fan Ben-Hur seach, dat doe noch yn 'e bioskopen draaide. Joseph Vogel, de algemien direkteur fan MGM, besocht de filmset yn Spanje, rekke ûnder de yndruk fan 'e film en stjoerde produksjehaad Sol C. Siegel om it spul oer te eagjen. Uteinlik wie mei de ynstap fan MGM foar de film in budget beskikber fan $7 miljoen. Siegel rikkemandearre lykwols ferskate feroarings oan, mei't er fûn dat de film te lang wie, te min aksje hie en swak einige. Doe't regisseur Ray dêryn meigie, late dat ta heechoprinnende rûzje mei senarioskriuwer Philip Yordan, oant de beide mannen inkeld noch fia de portofoan kommunisearren.
Fan 'e filmkritisy krige King of Kings doedestiden mingde resinsjes. It tydskriftVariety priizge de film as "in grutte filmproduksje neffens eltse mjitstêf" dy't net inkeld "slagge is as spektakel", mar dy't it ek "slagget om it hert oan te roeren." Harrison's Reports parte de film syn bêste beoardieling "treflik" ta en foarsei dat King of Kings "net inkeld in duorjend stimpel drukke sil op it glorieuze boek fan 'e filmyndustry, mar ek in memorabele ynfloed hawwe sil op it gedachtelibben fan al dy miljoenen dy't [de film] sjen sille."
Philip K. Scheuer fan 'e Los Angeles Times fûn de film mar sa-sa. Hy skreau: "It is gjin Grutte Keunst […], mar it is teminsten trochdrinzge fan in soberheid fan doel dy't, nettsjinsteande de gewoane minsklike feilberens, stilswijend oanfielt en respektearre wurde kin. Technysk is it fansels in produksje mei folle mear glâns as de film fan C.B. DeMille út 1927, en tige wierskynlik teminsten syn gelikense op it mêd fan effektiviteit. Dramatysk falt er, leau ik, earne tusken it teätrale fermaak dat Ben-Hur wie en it spirituele mar geastleaze Francis of Assisi yn."
It Monthly Film Bulletin murk op: "As, ienfâldichwei, in ferzje fan it withoe bekende ferhaal, hat [King of Kings] guon aparte ynfoegings (it besyk fan Jezus oan Jehannes de Doper yn syn sel) en weilittings. It oerweldigjende falen sit him lykwols yn it finen fan lykfol hokker styl, yn bylden, dialooch of muzyk, dy't better is as de de meast smaakleas konvinsjonele Bibelyllustraasjes." Bosley Crowther fan The New York Times fûn dat de film "it aard fan in yllustrearre preek" hie en in "nuveraardich ûnpersoanlike film" wie dy't "in protte willekeurige aksje om Jezus hinne opbout en mar in hiel lyts bytsje docht om foar Him in libbene persoanlikheid op te bouwen."
Noch negativer wie it blêd Time, dat King of Kings omskreau as "sûnder mis de flauste, ûnoprjochtste, ûnnoazelste en alderferskriklikst fulgêrste fan alle grutte Bibelferhalen dy't Hollywood yn it lêste desennium ferteld hat." En yn The Washington Post liet Richard L. CoeKing of Kings ôfrinne as "in film dy't nea makke wurde moatten hie" omreden fan it beslút fan 'e makkers om Jezus te presintearjen as "in universeel, ûnkontroversjeel figuer". Neffens Coe wie "it fuortsnijen fan Syn dynamyske, revolúsjonêre konsepten" itselde as "Syn reis op 'e ierde ta in hol ritueel meitsje, in sinleas mearke […]."
Lettere beoardielings fan King of Kings binne oer it generaal mylder as de kontemporêne. Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat King of Kings in goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei genôch ferhaaldjipte om it ferwachte spektakel te ferankerjen is King of Kings in wiere seine foar fans fan bibelskeepossen."