Jawa's libje yn grutte famyljeclans en fertsjinje ornaris de kost troch ôftanke of stikkene masinery te sykjen, op te knappen en troch te ferkeapjen. Foar ferfier oer it oerflak fan Tatooine, dat foar it meastepart út woastinen bestiet, brûke se reuseftige sânkrûpers, dat eins lang lyn ôftanke mynbouwurktugen binne. Hoewol't dy masines net folle faasje meitsje kinne, hawwe de Jawa's binnenyn mear as genôch romte foar harren hiele groep mei alle oppikte en reparearre masines der noch op ta. De Jawa's dy't mei de sânkrûper op reizen ôfsette, fertsjintwurdigje likernôch de helte fan in clan; de oare helte hâldt ûnderwilens de clanbasis yn 'e woastyn beset: in eigenboude fêsting besteande út ferrinnewearre romteskippen, dêr't de hiele clan beskûl hat tsjin 'e agressive Tusken-kapers en gefaarlike fauna. Guon Jawa's hawwe Tatooine ferlitten om har op oare planeten te fêstigjen, dêr't se lykwols itselde soarte bestean liede.