Tombstone (Ingelsk foar "grêfstien"; útspr.: ['tu:mstoʊn], likernôch: "tûûm-stoon") is in lyts plak yn it súdeasten fan 'e AmerikaanskesteatArizona, dat lykwols de status fan stêd hat. It makket diel út fan Cochise County en waard yn 1879 stifte doe't der deunby sulver ûntdutsen waard. Yn minder as sân jier tiid groeide de befolking fan sa'n 100 minsken oant likernôch 14.000. Tombstone waard ferneamd as it plak dêr't de Sjitpartij by de O.K.-Kraal plakfûn. Nei 1886 wie it dien mei de sulverminen en rûn it stedsje leech. Tombstone waard hast in spûkstêd, mar sûnt 1910 groeide de befolking wer in bytsje. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Tombstone doe 1.300 ynwenners. It plak hat syn histoaryske ferneamdens omset yn in libbene toeristyske yndustry.
Under it oerflak woeksen lykwols de spannings oan. De myneigners en de stedsbewenners wiene fierhinne Republikeinen út 'e noardeastlike steaten, wylst de feeboeren, cowboys en in diel fan 'e mynwurkersDemokraten en sympatisanten fan 'e Konfederaasje wiene. Dêr kaam noch by dat in oansjenlik part fan 'e feeboeren en cowboys it net sa nau mei de wet naam en him ek mei bygelyks feedieverij dwaande hold. Tombstone lei mar 48 km fan 'e grins mei Meksiko ôf en wie in iepen merk foar fee dat stellen wie fan boeren yn 'e Meksikaanske steat Sonoara. Ien fan 'e bindes dy't har op sokke dieverij taleine, wie The Cowboys.
Nei't yn 1879-1880Wyatt Earp en in stikmannich fan syn bruorren yn Tombstone arrivearren, dêr't in tal fan harren plysje-amten bemachtigen, ûntjoech der him in oanboazjend konflikt tusken de Earps en The Cowboys. Dat kaam op 26 oktober1881 ta útbarsting yn 'e ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal, wêrby't Wyatt Earp, syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday it opnamen tsjin fiif leden fan The Cowboys: de bruorren Frank en Tom McLaury, de bruorren Ike en Billy Clanton en Billy Claiborne. Yn dy sjitpartij waarden Frank en Tom McLaury en Billy Clanton deasketten. Ike Clanton en Billy Claiborne ûntkamen, wylst Virgil en Morgan Earp en Doc Holliday ferwûne rekken. Neitiid namen The Cowboys wraak op 'e Earps. Virgil Earp rekke op 28 desimber1881 swierferwûne by in oanslach op syn libben, en op 18 maart1881 waard Morgan Earp deasketten. Wyatt Earp naam dêrnei it rjocht yn eigen hân en gie mei Doc Holliday en ferskate oare meistanners efter The Cowboys oan by wat bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride. Se deaden fjouwer leden fan 'e binde ear't se de wyk nimme moasten nei Nij-Meksiko.
Yn 'e midden fan 'e 1880-er jierren berikten de sulverminen fan Tombstone it grûnwetternivo. De mynboubedriuwen ynvestearren doe foar kaptalen yn spesjalisearre pompen, wêrmei't se de minen drûchholden. Doe't yn 1886 lykwols it pomphûs troch brân ferwuostge waard, besifere men dat de ynvestearrings dêr't ferlet fan wie om 'e djoere pompen te ferfangen nea wer weromfertsjinne wurde koene. Sadwaande wie it doe ynienen dien mei de sulverminen om Tombstone hinne. Alle mynwurkers teagen fuort, en fanwegen ferlies oan klandyzje pakten in protte ûndernimmers ek op. It plak waard hast in spûkstêd, mar nei't der yn 1900 noch mar 646 ynwenners oer wiene, begûn de befolking wer te groeien. Dat kaam benammen om't Tombstone de funksje fan haadplak fan Cochise County behold oant 1929, doe't by referindum besletten waard om it haadplak te ferpleatsen nei Bisbee.
Ekonomy
Tsjintwurdich driuwt de pleatslike ekonomy fan Tombstone benammen op it toerisme. Neffens in artikel dat yn july2005 op 'e webside fan CNN pleatst waard, komme der elts jier 450.000 minsken yn Tombstone del (oftewol 300 minsken yn 't jier foar eltse ynwenner fan it stedsje). Der binne yn en om Tombstone dan ek in grut tal hotels en restaurants. Yn 'e beboude kom en de omlizzende krite binne in protte plakken fan histoarysk belang dy't ynteressant binne foar de toeristen, en de countyhaadstêd Bisbee en Sierra Vista, dat it kommersjeel sintrum fan Cochise County is, lizze deunby.
De histoaryske O.K.-Kraal, oan Fremont Street (de moderne autodyk Arizona State Route 80), dêr't op 26 oktober1881 de ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal plakfûn, is yn 'e âlde steat beholden bleaun, mar wurdt no omjûn troch in muorre. Etalaazjepoppen wurde brûkt om 'e plakken en hâldings wer te jaan fan 'e dielnimmers oan 'e sjitpartij, neffens it tsjûgenis fan Wyatt Earp. It gefjocht waard foarhinne eltse dei om 14.00 oere neispile troch akteurs, mar sûnt april2013 wurde der deis trije neispilings holden, om 12.00 oere, 14.00 oere en 15.30 oere. Dat kin skoan, want de histoaryske sjitpartij naam eins mar 30 tellen yn beslach. Fierders binne yn Tombstone ek ferskate oare optredens dy't it imago fan it Wylde Westen yn it stedsje libben hâlde moatte. It âldste festival fan Tombstone wurdt foarme troch de saneamde Helldorado Days, dy't ek weromgripe op it Wyldwest-ferline.
Wrâlds grutste roazeplant
In oare publykslûker, hoewol ornaris foar in oare soarte toeristen, is de roas dy't neffens it Guinness Book of World Records de grutste roazeplant fan 'e wrâld is. De Lady Banksia-roas waard yn 1885 yn Tombstone plante troch Mary Gee, de frou fan mynboukundige Henry Gee, in wurknimmer fan Vizina Mining Company. Frou Gee, dy't oarspronklik út Skotlân kaam, wie yn Arizona frijwat ûnwennich, dat doe stjoerde har famylje har in doaze mei woartelstokken fan in roas dy't by har âldershûs groeide. Frou Gee plante de roas by de patio fan it kosthûs fan 'e Vizina Mining Company, dat it earste fan adobemuorren oplutsen gebou yn Tombstone wie, oan 'e krusing fan 4th en Toughnut Street, foar de lettere treinremize oer.
Dat gebou waard letter it Cochise House Hotel, en fan 1909 oant 1936 stie it bekend as it Arcade Hotel. Tsjin 'e 1930-er jierren wie de roazeplant sa grut wurden dat er de hiele patio beskade, en wie it dêrmei letterlik útgroeid ta in ynteressante attraksje foar toeristen. Yn 1940 besloech de roazeplant in oerflak fan 370 m². Om dêr de klam op te lizzen waard it hotel yn 1936 omneamd ta de Rose Tree Inn ("Roazebeamherberch"). Tsjintwurdich hjit de herberch it Rose Tree Inn Museum. De roazeplant groeit yn in iepen plak yn it binnenste fan it gebou, en der moat yntree betelle wurde om him te besjen. Neffens de konservator stamje alle oare Lady Banksia-roazen yn 'e Feriene Steaten fan dizze plant ôf. Yn 2014 besloech de plant in oerflak fan 740 m² en hie de stam in omtrek fan 3,7 m.
Demografy
Histoarysk hie Tombstone om 1886 hinne it heechste ynwennertal ea, doe't de befolking sa'n 14.000 minsken berûn. It tichtgean fan 'e sulverminen soarge derfoar dat it plak suver in spûkstêd waard, mei noch mar 646 ynwenners yn 1900. Neitiid gie it ynwennertal omheech oant krapoan 1.600 yn 1910, wêrnei't it wer omleech gie oant der yn 1940, oan 'e ein fan 'e Grutte Depresje, noch mar 822 minsken yn Tombstone wennen. Yn 1960 wie de befolking mei krapoan 1.300 wer boppe de tûzen útkommen. Dêromtrint bleau it neitiid hingjen, mei noris in pear hûndert minsken mear en dan wer mei in pear hûndert minsken minder. Yn 2000 waard mei goed 1.500 minsken in nei hichtepunt berikt, mar neitiid sakke it ynwennertal wer.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Tombstone 23,3% âlder as 65 jier en 19,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 32,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 22,6% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,5% blanken; 24,1% Latino's; 1,0% Yndianen; 0,6% swarten; 0,3% Aziaten; 10,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.