Yn 1966, ûnder de Fjetnamoarloch, beselskippet Dan Ellsberg, in militêranalist fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, Amerikaanske soldaten by gefjochtsmisjes yn Fjetnam. Syn opdracht fan minister fan Definsje Robert McNamara is om 'e foarútgong te dokumintearjen dy't de Amerikanen yn 'e slepende oarloch boeke. Op 'e flecht nei hûs rapportearret Ellsberg dat der gjin foarútgong is; de oarloch is stagnearre rekke. McNamara seit dêrop tsjin him en tsjin William B. Macomber dat de sitewaasje eins fermindere is, mei't de Amerikanen yn it lêste jier 100.000 ekstra soldaten ynsetten hawwe moatten om persiis deselde sitewaasje te behâlden. Hy kwalifisearret de oarloch as "hopeleas". As er nei de oankomst yn 'e Feriene Steaten de media te wurd stiet, seit McNamara dat er der alle fertrouwen yn hat dat de Amerikanen de oarloch úteinlik winne sille.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Bradlee hat al yn tiden gjin artikel mear lêzen fan Neil Sheehan, in briljante sjoernalist fan The New York Times, dat hy fermoedet dat de Times dwaande is mei de tarieding foar in grutte primeur. Hy giet safier dat er in stazjêr op in ferkapte spionaazjemisje nei de haadredaksje fan 'e Times stjoert, mar dat smyt net folle op. Underwilens nimt McNamara, dy't mei Graham befreone is, har op in soirée eefkes apart om har te warskôgjen dat der de oare deis in artikel yn 'e Times ferskine sil dat foar him "net botte flaaikjend" wêze sil. It docht bliken dat Ellsberg de Pentagon Papers oan 'e Times trochspile hat en dat Sheehan de lêste tiid út al dy ynformaasje in earste artikel distillearre hat oer it bedroch fan 'e Amerikaanske oerheid oangeande Súdeast-Aazje. It nijs slacht yn as in bom. Bradlee hat de pest yn, om't dit it safolste foarbyld is fan it fermogen fan 'e Times om mei in primeur te kommen, wylst de Post der mar wat efteroan poatelet en dêrtroch in twadderangs krante bliuwt.
Yn it Wite Hûs is presidint Nixon poerrazen dat in krante it weage hat en publisearje steatsgeheime ynformaasje. Hy lit The New York Times troch it Amerikaansk Ministearje fan Justysje foar de rjochter slepe, dy't de Times oangeande dit ûnderwerp ynearsten in publikaasjeferbod opleit. Hoewol't de Times de boarne fan syn ynformaasje net priisjout, fermoedet Ben Bagdikian, in redakteur fan 'e Post dy't yn it ferline in kollega fan Ellsberg west hat, dat er wol wit wa't de klokkelieder wêze moat dy't de ynformaasje lekt hat. Hy spoart Ellsberg fia-fia op en beävensearret in moeting, wêrby't Ellsberg him ek foarsjocht fan kopyen fan 'e Pentagon Papers.
Bradlee lit Bagdikian mei de papierren by him thús komme en mei in selekt groepke sjoernalisten sykje se út wat se hjir no eins allegear hawwe en hoe't se dêr in opsjochjaand artikel út gearstalle kinne. Bradlee hat in moeting mei Graham, wêrby't er har fertelt dat syn eigen politike freonen, ûnder wa John F. Kennedy, harren freonskip mei him yn it ferline misbrûkt hawwe troch him mei in stielen gesicht foar te ligen. Hy drukt har no op it hert dat har freonskip mei McNamara gjin faktor wêze mei yn har beslissing oer it al of net publisearjen fan 'e Pentagon Papers. Graham giet nei McNamara ta, dy't se ynformearret oer de stân fan saken, mar se seit der fuort by dat se inkeld syn miening oer de saak witte wol, en dat har úteinlike beslút folslein los fan harren relaasje stean moat. Hy stiet der by har op oan om net te publisearjen en warskôget har foar de wraaksucht fan Nixon.
Ek de abbekaten fan 'e Post riede publikaasje fan it materiaal ôf, mei't de Times der al in publikaasjeferbod foar oplein krigen hat. Neffens harren kin it sadwaande allinne mar liede ta juridyske problemen. Yn in tillefoanyske gearkomste oerleit Graham mei Bradlee, de abbekaten, de foarsitter fan 'e ried fan bestjoer Fritz Beebe en bestjoerlid Arthur Parsons. De abbekaten en Parsons binne mordikus op publikaasje tsjin, wylst Bradlee der fel foar is. Beebe wifelet, mar riedt publikaasje ôf. Graham pakt der bot mei om, mar beslút úteinlik om Bradlee de frije hân te jaan.
De tastân boazet oan as de abbekaten foar it ferstân krije dat de boarne fan 'e Pentagon Papers foar de Post deselde is as foar de Times. Foar de wet giet it dan om ien en deselde saak, en in publikaasje troch de Post wylst datselde de Times al ferbean is, kin Bradlee en Graham op in feroardieling foar minachting fan it hof komme te stean, wat betsjutte soe dat se de sel yndraaie soene. Sa'n skandaal soe de beursgong fan 'e Post bedjerre kinne mei potinsjeel it fallyt fan 'e krante ta gefolch. Oan 'e oare kant, as in rjochtsaak oer publikaasje fan 'e Pentagon Papers wûn wurde kin, dan soe dat it profyl fan 'e Post gâns fergrutsje, de oplaach oanwaakse litte en fan 'e krante in deiblêd fan nasjonale ynfloed meitsje. Der folget in nachtlik oerlis by Graham thús, wêrby't deselde persoanen deselde mienings ferkundigje as earder dy jûns yn it tillefoanpetear. Graham beslút by har eardere beslissing te bliuwen.
De oare moarns stiet der in artikel op basis fan 'e Pentagon Papers op 'e foarside fan The Washington Post. It Wite Hûs slacht werom en daget de Post foar de rjochter. Omreden fan 'e wichtigens komt de rjochtsaak, bekend as New York Times Co. v. United States, al rillegau foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dêr't de Times en de Post har mienskiplik op it Earste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet beroppe, wêryn't de frijheid fan mieningsutering fêstlein is. Underwilens begjinne oare kranten út grutte stêden oeral yn 'e Feriene Steaten út 'e Pentagon Papers te publisearjen om harren solidariteit mei de Post en de Times te toanen. Op 30 juny1971 docht it Heechgerjochtshôf mei 6 tsjin 3 stimmen útspraak dat it de kranten frijstiet om 'e ynformaasje út 'e Pentagon Papers te publisearjen. As de oerwinners nei bûten ta komme, giet alle oandacht fan 'e media út nei útjouwer Abe Rosenthal fan The New York Times, mar Katharine Graham rint tusken in hage fan bewûnderjende froulju troch as se de treppen ferlit.
Koarte tiid letter easket presidint Nixon dat The Washington Post op gjin inkele wize mear tagong ta it Wite Hûs krije sil. Bradlee en Graham treffe inoar wylst se yn 'e drukkerij fan 'e Post tasjogge hoe't nije bekendmakkings út 'e Pentagon Papers op 'e foarside fan 'e krante ferskine. Graham is bliid mei de oerwinning, mar se is noch blider dat it no foarby is. Sa'n senuwslopende boel wol se gjin twadde kear, seit se, wylst se tegearre fuortkuierje. Dêrop ferspringt it byld nei in nachtwachter dy't yn it Watergatekompleks yn Washington, D.C. in ynbraak yn it haadkertier fan it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij ûntdekt. (Dêrmei wurdt foarútrûn op it útbringen fan it Watergateskandaal troch The Washington Post, dat foar Katharine Graham wer like senuwslopend wêze soe as de sitewaasje mei de Pentagon Papers.)
The Post waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario dat oarspronklik skreaun wie troch Liz Hannah op basis fan wiere, histoaryske foarfallen. Letter waard dat nochris oereide troch Josh Singer. It skript fan Hannah waard yn oktober2016 oankocht troch filmprodusinteAmy Pascal. Spielberg sei dêroer: "Doe't ik de earste ferzje fan it senario lies, [waard my daliks dúdlik dat] dit net wat wie dat trije jier of twa jier wachtsje koe. Dit wie in ferhaal dêr't ik fan fûn dat it nedich wie om it hjoed noch te fertellen." (Dêrmei ferwiisde er nei de doe aktuele sitewaasje mei Donald Trump yn it Wite Hûs, dy't sterke likenissen fertoande mei it regear fan Richard Nixon.)
Fan 'e filmkritisy krige The Post oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Manohla Dargis fan The New York Times de manear fan regisseurSteven Spielberg om 'e skiednis ta libben te bringen. Yn it tydskriftEntertainment Weekly hie Chris Nashawaty ek lof foar de film, hoewol't er fûn dat dy mar bleekjes ôfstiek yn ferliking mei in oare ferneamde film oer The Washington Post, te witten: All the President's Men (1976). Yn 2019 bespriek Matt Zoller SeitzThe Post nochris op 'e websideRogerEbert.com. Dêrby stelde er fêst dat de measte resinsinten twa jier earder tefolle fokust west hiene op it ferline troch de historisiteit fan 'e film tsjin it ljocht te hâlden, wylst se fierstente min each hân hiene foar it feit dat The Post eins in "kodearre kommentaar" wie op 'e aktuele Amerikaanske polityk en "in temûk portret fan 'e ferantwurdlikheid fan 'e media yn it tiidrek fan Trump".
Der kaam al wat krityk op ien elemint fan The Post, en dat wie de ôfskildering fan The New York Times. Yn 'e film wurdt de histoaryske rol ôfswakke dy't de Times hie by it útbringen fan it oerheidsbedroch dat fêstlein wie yn 'e Pentagon Papers, wylst de rol fan The Washington Post ophimele wurdt. Guon wurknimmers en âld-wurknimmers fan 'e Times, fral dyjingen dy't yn 1971 sels by it publisearjen fan 'e Pentagon Papers belutsen west hiene, skeat dat yn it ferkearde kielsgat. James Goodale, doedestiden de abbekaat fan 'e Times, omskreau wat him dwerssiet oan The Post sa: "It is krekt as hat Hollywood in film makke oer de triomfantlike rol yn [it oan it ljocht bringen fan] it Watergateskandaal." (Dat wie nammentlik frijwol folslein de fertsjinste fan The Washington Post.)
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Post in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 399 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De histoaryskesetting fan [dizze film] wurket wat ferrifeljend foar de bitend aktuele tematyk, dy't oangripend ta libben brocht wurdt troch regisseur Steven Spielberg en in treflike stjerrecast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Post in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 51 resinsjes.