Mary Louise (Meryl) Streep (Summit (Nij Jersey), 22 juny1949) is in Amerikaanske aktrise. Fan heitekant is hja fan Nederlânsk komôf. Har Nederlânske foarfaar hiet net fan Steep, mar waard sa neamd om't er op it ymmigranteskip, ûnderweis nei Amerika, de foarrie byhâlde troch streekjes te setten. De oarspronlike famyljenamme is net wis.
Streep makke har debút op toaniel yn 1971 mei The Playboy of Seville; har filmdebút kaam mei de telefyzjefilm The Deadliest Season yn 1977. Itselde jier hie hja in rol yn de bioskoopfilm Julia. Goede kritiken en kommersjeel súkses kaam mei har rollen yn The Deer Hunter (1978) en Kramer vs. Kramer (1979). Foar de earste krige Streep har earste Oscar-nominaasje en foar de twadde wûn se ien. Letter wûn hja noch in Academy Award for Best Actress foar har optreden yn Sophie's Choice (1982).
Op 26 febrewaris2012 krige Streep har tredde Academy Award for Best Actress in a Leading Role foar har rol as Margaret Thatcher yn de Britske biografyske film (biopic film) "The Iron Lady".