De lokaasje fan 'e Noardamerikaanske Kordillera (read omrâne) yn Noard-Amearika.
De Noardamerikaanske Kordillera (Ingelsk: North American Cordillera) is in keatling fan in grut tal berchtmen, yntramontane bekkens en plato's yn it westen fan Noard-Amearika, dy't yn inoars ferlingde lizze of lykstrekich mei-inoar oprinne fan noardlik Alaska oant súdlik Meksiko. De Noardamerikaanske Kordillera is it noardlike diel fan 'e gruttere Amerikaanske Kordillera, dy't yn it suden trochrint oant yn Antarktika. It bekenste ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera wurdt foarme troch de Rocky Mountains. It heechste punt is de berch de Denali yn súdlik Alaska.
Oersjoch
De Noardamerikaanske Kordillera strekt him út oer in oer in ôfstân fan 6.400 km fan noardlik Alaska oant súdlik Meksiko. It berchtmekeatling wurdt yn it westen begrinzge troch de Stille Oseaan en yn it easten troch (fan noard nei súd) de Artktysketoendra, de Kanadeesketaiga, de Grutte Flakten en de Golfkustflakte oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Geologysk sjoen begûn de ûntwikkeling fan dit keatling fan berchtmen yn it lette Kryt, sa'n 80 miljoen jier lyn. Lettere ûntjouwing fan 'e topografy fan 'e krite fûn plak yn it Eoseen (55–50 miljoen jier lyn) en yn it Oligoseen (34–23 miljoen jier lyn). Sûnt dy tiid is it gebiet ridlik stabyl bleaun.
De Noardamerikaanske Kordillera bestiet rûchwei út fiif dielen: trije parallel rinnende keatlings fan berchtmen mei dêrtuskyn twa leger leine yntramontane (tuskenberchske) stripen lân. Begjinnend yn it westen, by de kust fan 'e Stille Oseaan, binne de trije berchkeatlings it Pasifysk Kustberchtme, de Nevadaberchtmekeatling en de Laramide Berchtmekeatling. De heechste berchtop fan it hiele systeem is de Denali, foarhinne bekend as de Mount McKinley, yn súdlik Alaska, mei in hichte fan 6.168 m.
Bewesten it Columbiaberchtme lizze trije heuvelrêgen of leechberchtmen dy't in oergong foarmje tusken de eigentlike bergen en it Binnenlânsk Plato. Dêrby giet it om it Quesnelheechlân, it Shuswapheechlân en it Okanaganheechlân. Soms wurde dy ta it Columbiaberchtme rekkene, mar formeel hearre se ta it Binnenlânsk Plato.
Yn Kanada sjocht men it Columbiaberchtme as los steand fan 'e Rocky Mountains, dêr't it tsjinoan leit, mar yn 'e Feriene Steaten wurdt it hiele berchtmesysteem as ien gehiel beskôge en sjocht men it Columbiaberchtme as ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains. It Salishberchtme en it Cabinetberchtme besuden de rivier de Kootenay, yn 'e Amerikaanske steat Montana, hearre ta itselde berchstelsel as it Columbiaberchtme, mar wurde altyd as diel fan 'e Rocky Mountains behannele.
Krekt foar de súdgrins fan Britsk-Kolumbia giet de Nevadaberchtmekeatling fierder mei de Cascades, dy't yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten fia sintraal Washington en sintraal Oregon trochrinne nei it noardeasten fan Noardlik Kalifornje. De Cascades besteane foar in part út fulkanen, mei as heechste de Mount Rainier, mei in hichte fan 4.392 m. De bekendste is grif de Mount St. Helens fanwegen syn grutte en tige gewelddiedige útbarsting yn 1980, dêr't 57 minsken by omkamen. De Noardlike Cascades yn it noarden fan Washington en it suden fan Britsk-Kolumbia, benammen inkele ûnderdielen, lykas it Skagitberchtme en it Okanaganberchtme, binne net fulkanysk en hawwe in hiel oar, rûger en mear alpine karakter as de súdlike dielen fan 'e Cascades.
Yn it noardeasten fan Noardlik Kalifornje, besuden de Mount Lassen, geane de Cascades oer yn 'e Sierra Nevada, dy't beëasten de Sintrale Delling fan 'e steat Kalifornje de grins mei de oanbuorjende steat Nevada markearret. Yn it suden rint de Sierra Nevada troch oan it saneamde Oerdwerse Berchtme (Transverse Ranges), dat yn east-westrjochting in ferbining mei it Pasifysk Kustberchtme foarmet en sa yn it suden de Sintrale Delling ôffredet. De heechste top fan 'e Sierra Nevada is de Mount Whitney, mei in hichte fan 4.421 m. Yn 'e Sierra Nevada leit ek de Tahoemar, de grutste berchmar fan Noard-Amearika.
Yn westlik Meksiko is de Westlike Sierra Madre geologysk sjoen in fuortsetting fan 'e Sierra Nevada. Dat berchtme rint fan deunby de grins mei de Amerikaanske steat Arizona hielendal nei súdlik Meksiko, dêr't it gearkomt mei de Súdlike Sierra Madre, dy't ta it Pasifyske Kustberchtme heart. De Westlike Sierra Madre begrinzget de westlike râne fan it sintrale Heechlân fan Meksiko.
It Laramide Berchkeatling omfiemet it noardlikste part fan 'e Noardamerikaanske Cordillera en begjint yn noardlik Alaska mei it Brooksberchtme, dat it Binnenlân fan Alaska skiedt fan 'e Noarderbedelte. It rint troch yn Kanada, dêr't it it Britske Berchtme neamd wurdt. Wichtige dielberchtmen fan it Brooksbrchtme binne it De Longberchtme oan 'e westlike útein, deunby de kust fan 'e Tsjûktsjensee, it Endicottberchtme, dat it sintraal massyf foarmet, en it Richardsonberchtme oan 'e eastlike útein, yn 'e noardlik Yukon. It Brooksberchtme wurdt beskôge as in noardwestlike fuortsetting (of soms as in ûnderdiel) fan 'e Rocky Mountains. Yn it easten giet it Brooksberchtme oer yn it Mackenzieberchtme, dat troch de Yukon ôfbûcht nei it súdeasten.