Lokaasje fan 'e Transpecos yn 'e Amerikaanske steatTeksas. It arsearre gebiet leit wol bewesten de Pecos, mar wurdt ornaris net ta de Transpecos rekkene.
De Transpecos is it westlikste part fan 'e Amerikaanske steatTeksas. It heart ta de gruttere regio fan West-Teksas. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch de grins mei de steat Nij-Meksiko, dy't in rjochte line is. Yn it westen en suden foarmet de Rio Grande de meänderjende grins mei it buorlân Meksiko. Yn it easten wurdt de Transpecos fan 'e rest fan Teksas skaat troch de rivier de Pecos, dy't ûntspringt yn it Sangre de Christoberchtme fan Nij-Meksiko en úteinlik gearfloeit mei de Rio Grande.
De lette kolonisaasje fan it gebiet is te sjen oan it feit dat de Transpecos acht fan 'e alve grutste countys fan hiel Teksas omfettet. Mei-inoar hawwe de njoggen countys fan 'e Transpecos in oerflak fan 81.505 km². It westlike part fan Val Verde County, dat eins it aldersúdeastlikste diel fan 'e Transpecos foarmje soe, wurdt ornaris net ta de Transpecos rekkene, om't Val Verde County foar it meastepart eastlik fan 'e Pecos leit.
Yn 1821 waard Nij-Spanje ûnôfhinklik ûnder de namme Meksiko. De Transpecos waard doe mei de rest fan Teksas yndield by de Meksikaanske dielsteat Coahuila en Teksas. Yn 1835 kamen de Amerikaanskekolonisten yn Teksas yn opstân tsjin Meksiko by wat de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch kaam te hjitten. De striid liet de Transpecos ûnberoerd, en doe't de Republyk Teksas in ûnôfhinklik lân waard, bleau de Transpecos de facto yn Meksikaanske hannen. Pas nei't Teksas yn 1845 yn 'e Feriene Steaten opnommen waard, ferjagen de Amerikanen begjin 1846 de Meksikaanske autoriteiten út 'e Transpecos. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) wie Teksas ûnderdiel fan 'e SúdlikeKonfederearre Steaten fan Amearika. El Paso wie, as westlikste puntsje fan 'e Konfederaasje, earst in legerbasis fan 'e Súdliken, oant it yn 1862 ynnommen waard troch Noardlike troepen út Kalifornje wei. Dêrnei bleau it de rest fan 'e oarloch beset gebiet.
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan 2020 hie de Transpecos doe in befolking fan 919.868 minsken. De befolkingstichtens lei oer de hiele regio op 11,3 persoanen de km². De befolking is lykwols tige ûngelyk ferdield, mei't El Paso 679.000 ynwenners hat, oftewol 73,8% fan 'e hiele befolking fan 'e Transpecos. El Paso County, wat delkomt op El Paso en syn foarstêden, hat krapoan 869.000 ynwenners, wat delkomt op 94,5% fan 'e befolking fan 'e Transpecos.
De restearjende 5,5% fan 'e regionale befolking is dan ferdield oer de rest fan it gebiet, dat tige tinbefolke is. Brewster County bygelyks, dat mei 16.040 km² de grutste bestjoerlike ûnderferdieling fan 'e Transpecos foarmet (en grutter is as de steat Connecticut), hie yn 2020 in befolking fan mar 9.343 minsken. Dat smyt in befolkingstichtens op fan 0,6 persoanen de km². Nei El Paso binne de grutste plakken yn 'e Transpecos Pecos mei 12.900 ynwenners, Fort Stockton mei 8.500 ynwenners en Alpine mei 6.000 ynwenners. Alle oare plakken hawwe minder as 5.000 ynwenners.
Etnysk sjoen bestiet it meastepart fan 'e ynwenners fan 'e Transpecos út Meksikanen, mei't dyselden yn El Paso 84,1% fan 'e befolking útmeitsje. Op it plattelân beëasten El Paso binne de blanken yn 'e mearderheid.