Bond naait út yn ien fan 'e hovercrafts, en kolonel Moon komt him yn in oaren efternei. De efterfolging einiget as Moon mei syn hovercraft by fersin by in klif del kneppelet en fier yn 'e djipte delkomt yn in kolkjende rivier. Bond en de ûnderwilens arrivearre generaal Moon nimme oan dat kolonel Moon omkommen is. Bond wurdt op 'e nij finzen nommen en ôffierd nei in Noardkoreaanske finzenis, dêr't er fêstholden wurdt en allegeduerigen martelings ûndergiet. Nei fjirtjin moannen komt er frij troch in spionneruil, wêrby't er útwiksele wurdt tsjin nimmen oars as Zao, dy't yn it Westen oppakt is nei't er fredesûnderhannelings tusken Noard- en Súd-Koreä besocht hat te sabotearjen troch trije Sineeskediplomaten te fermoardzjen en it lykje te litten as wie dat it wurk fan 'e Súdkoreänen.
Sadree't er oer de Brêge fan Gjin Weromkear yn Súd-Koreä oankomt, wurdt Bond troch manlju yn wite pakkenplatspuite en ôffierd nei in Britsk marineskip. Dêr wurdt er yngeand ûndersocht om der wis fan te wêzen dat de Noardkoreänen him net earne mei besmet hawwe om him as biologysk wapen te brûken. Mar ek nei't fêststeld is dat dat net sa is, wurdt er net frijlitten. M, de sjef fan MI6, siket him op om him oan te sizzen dat er op non-aktyf steld is en de status fan 00-agint him ôfnommen is. De Noardkoreänen hawwe koartby ynformaasje oer de aktiviteiten fan 'e Westerske ynljochtingetsjinsten yn 'e hannen krigen, en it fermoeden is dat Bond ûnder de martelings trochslein is en begûn is te lekken. Dêrfandinne dat der in spionneruil regele is, want it wie dúdlik dat Bond út Noardkoreaanske hannen helle wurde moast. Hy sil no nei de Falklâneilannen stjoerd wurde foar fierder ûndersyk.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Bond is it dêr net mei iens. Hy is derfan oertsjûge dat er as sûndebok brûkt is foar it trochspyljen fan geheime ynformaasje oan 'e Noardkoreänen en dat deselde anonime boarne dêrefter sit dy't ek ferantwurdlik wie foar it ferrieden fan syn wiere identiteit oan Zao en kolonel Moon. Mei't dúdlik is dat er gjin stipe hoecht te ferwachtsjen fan MI6, mar wisberet om dan mar op eigen manneboet in ûndersyk yn te stellen, ûntsnapt Bond fan it skip dêr't er finzen holden wurdt. Hy swimt nei de kust ta en ûntdekt dat er him yn Hongkong befynt. As er him dweiltrochwiet en inkeld klaaid yn in pijama meldt by it hotel dêr't er yn Hongkong geregeldwei ferbliuwt, ken de hotelmanager Chang him wer en kriget er in hotelkeamer, iten en drinken en nije klean.
Wannear't Chang him in masseuze stjoert mei de namme 'Fredige Fonteinen fan Begearte', in set dy't dúdlik bedoeld is om him út te kloarkjen, makket Bond bekend dat er altyd al witten hat dat Chang foar de Sineeske ynljochtingetsjinst wurket. Hy stelt foar om it op in akkoartsje te goaien: as de Sinezen him helpe om Zao te finen, sil Bond dyselde út 'e wei romje. Mei't it de bazen fan Chang yn Peking noch net fergetten is dat Zao trije Sineeske diplomaten deamakke hat, hawwe se der gjin beswier tsjin dat Bond efter de man oan giet. Se foarsjogge Bond fan in ferfalskepaspoart, jild en oare taris en sette him op it fleantúch nei Kuba, dêr't Zao it lêst sjoen is.
Yn 'e Kubaanske haadstêdHavana leit Bond kontakt mei Raúl, de eigner fan in sigarefabryk, dy't in slieperagint fan MI6 is. Dyselde spoart fia-fia Zao op yn 'e ôfhandich sitewearre en tige eksklusive klinyk fan dokter Álvarez. Ek foarsjocht er Bond fan in pistoal en fan in fierrekiker en in fûgelgids sadat er him foardwaan kin as in fûgelder. Op it strân deunby de klinyk moetet Bond in tsjeppenegroïdeAmerikaanse, dy't harsels foarstelt as Giacinta Johnson, byneamd Jinx (dat "Ungeloksbringer" betsjut). Mei't de klinyk op it Isla de los Organos leit, in lyts eilantsje foar de kust, en de fearboat pas moarn wer giet, bringe Bond en Jinx de nacht mei-inoar troch.
De oare deis ynfiltrearje Bond en Jinx ûnôfhinklik faninoar de klinyk, dy't, sa docht bliken, spesjalisearre is yn in tige pynlike behanneling, wêrby't de rikekliïnten in folslein oar uterlik oanmetten wurdt troch de ferfanging fan harren bienmoarch en dêrmei fan harren DNA. Jinx docht har foar as in nije kliïnte en likwidearret dokter Álvarez. Underwilens siket Bond Zao op, dy't healwei syn transformaasje fan Koreaan ta Dútser is. De beide mannen reitsje slaande deilis, mar Zao wit úteinlik te ûntkommen yn in helikopter, hoewol't Jinx noch war docht om him dea te sjitten. Dêrnei ûntkomt se oan 'e befeiligingslju fan 'e klinyk troch harsels efteroer fan in heech klif ôf yn 'e see falle te litten, dêr't se oppikt wurdt troch in wachtsjende speedboat. Trochdat de bewekkers efter Jinx oan sitte, kin Bond ûngemurken útpike.
By syn gefjocht mei Zao hat er de man in hinger fan 'e hals skuord, dy't bestiet út in patroanhúl. Dêryn blike fjouwer diamanten te sitten. Werom yn Havana stelt Raúl fêst dat it bloeddiamanten binne, dy't yllegaal yn in konfliktgebiet yn Afrika wûn binne, yn dit gefal spesifyk yn Sierra Leöane. Ien fan 'e diamanten hat lykwols in merkje dat oanjout dat er út in Iislânskediamantmyn komt, dy't eigendom is fan 'e Britske miljardêr en sakeman Gustav Graves. Bond ûntdekt dat Graves in jier ferlyn ynienen opdoek en dat it sûnt mei syn karriêre as in raket omheech gien is. Oan 'e basis fan syn rykdom en ferneamdens leit de ûntdekking fan diamanten op Iislân. Om't Bond no fermoedet dat de Iislânske diamantmyn eins in front is foar it wytwaskjen fan bloeddiamanten út Afrika, stelt er in ûndersyk yn nei Graves.
Bond reizget nei Londen, dêr't er fia in mienskiplike kunde, Verity, de skermynstruktrise fan Graves, in moeting mei de sakeman beävensearret yn in pleatslike skermklub. Dêr komt er ek yn 'e kunde mei Graves syn koele sekretaresse Miranda Frost, dy't foarhinne as skermster in lid fan it Britske Olympysk team wie. Graves daget Bond út ta in potsje skermjen, en Bond nimt de útnûging oan. De freonlike wedstryd rint lykwols al rillegau út op in gefjocht op libben en dea as Bond syn tsjinstanner taflústeret dat er in smoarge oplichter is dy't syn rykdom en status oan 'e yllegale hannel yn bloeddiamanten te tankjen hat. Nei't der gâns skea oan 'e ynboel fan 'e klub oanrjochte is en Bond de wedstryd wûn hat, komt it Graves blykber wer yn 't sin dat der taskôgers binne, en beart er dat it allegear mar in spultsje wie. Om syn goede wil te toanen, nûget er Bond út foar in feest yn Iislân ta gelegenheid fan 'e demonstraasje fan syn nije satellyt, de Icarus.
By in moeting tusken M en Miranda Frost komt oan it ljocht dat Frost eins in aginte fan MI6 is dy't undercover yn 'e organisaasje fan Graves ynfiltrearre is. M bewurkmasteret ek in geheime moeting mei Bond, wêrby't se him temûk wer yn syn âlde funksje befêstiget en formeel har goedkarring hechtet oan syn ûndersyk nei Graves. Neitiid wurdt Bond troch Q, de kertiermaster fan MI6, foar syn misje foarsjoen fan 'e nedige gadgets, wêrûnder in Aston Martin dy't troch it gebrûk fan lytse projeksjeskermkes en kamera's frijwol ûnsichtber makke wurde kin.
Yn Iislân arrivearret Bond by it fantastyske iispaleis dat Graves spesjaal foar de demonstraasje fan 'e Icarus bouwe litten hat. Dêr treft er ek Jinx Johnson wer, dy't no de momkape fan in sjoernaliste oannommen hat, mar oan Bond fertelt dat se foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst NSA wurket. By de demonstraasje lit Graves sjen hoe't er mei de Icarus, dy't eins foar it meastepart in reuseftige útklapbere spegel is, sinneljocht opfange en reflektearje kin nei dielen fan 'e wrâld dy't oars yn it tsjuster sitte soene, lykas alle gebieten op it noardlik healrûn boppe de poalsirkelwinterdeis. Dat soe in revolúsje betsjutte kinne foar de lânbou yn dy kontreien. Nei ôfrin fan 'e demonstraasje ynfiltrearje Bond en Jinx, op 'e nij ûnôfhinklik fan inoar, yn it haadkertier fan Graves, dat njonken it iispaleis om in waarmwetterboarne hinne boud is. As se trappearre wurde, kin Bond troch de help fan Miranda Frost ûntkomme, mar Jinx wurdt finzen nommen.
Bond en Frost, dy't inoar yn in tsjuster hoekje ynmoedich tútsje om foar de bewekkers oer in reden te hawwen om har op dat plak op te hâlden, geane neitiid mei-inoar op bêd. Underwilens jout Zao, nei in fruchteleaze ûnderfreging, syn trewant Mr. Kil opdracht om Jinx út 'e wei te romjen. Bond komt Kil lykwols oer it mad foar't er dat dwaan kin. Kil wurdt mei ôfweefd, wêrnei't Bond Jinx befrijt. Se ûntdekke dat Graves oer soartgelikense apparatuer beskikt as dy't se yn 'e klinyk fan dokter Álvarez yn Kuba sjoen hawwe. Bond konkludearret dat Graves in eardere klant fan Álvarez wêze moat, dy't in oare identiteit oanmetten krigen hat. Hy beseft dat Graves nimmen oars is as de Noardkoreaanske kolonel Moon, dy't blykber syn fal mei de hovercraft fan it klif oerlibbe hat. Graves en al syn sakebelangen binne inkeld in momkape foar wat Moon wier fan doel is mei de Icarus.
Bond stjoert Jinx nei yn syn keamer yn it iispaleis om Miranda Frost te warskôgjen, mar de keamer is leech en nei't se der binnen gien is, wol de doar net wer iepen. Underwilens konfrontearret er sels Graves mei syn riddenearrings, dy't alles befêstiget. Ear't Bond mei de smjunt ôfweve kin, jout Frost har lykwols by harren en docht bliken dat sy de mysterieuze boarne fan Moon is, dy't Bond oardel jier lyn ferrette. Bond wit lykwols te ûntkommen en pykt út yn Graves syn iissylboat. Graves set de Icarus yn om mei in striel konsintrearre sinneljocht mei Bond ôf te weven, mar hy wit himsels op spektakulêre wize te rêden en keart werom nei it iispaleis om op 'e nij Jinx te befrijen.
Yn 'e tuskentiid hawwe Graves en Frost de sinnestriel fan 'e Icarus op it iispaleis konsintrearre, dat dêrtroch as in razende begjint fuort te ranen. De keamer fan Jinx streamt sadwaande fol mei iiskâldwetter oant se hast ferdrinkt. Graves, Frost en al harren trewanten útsein Zao lade alle nedichheden yn in grut frachtfleantúch en pike út. Bond riidt syn Aston Martin it iispaleis binnen, efterfolge troch Zao. Mei dyselde weeft er ôf troch him te mislieden mei de ûnsichtberens fan syn auto. Zao riidt dêrtroch de see yn, en as er út syn eigen auto wit te kommen, lit Bond in reuseftige kroanluchter fan iis op him delstoarte, dat er it bestjert. Neitiid befrijt er de bewusteleaze Jinx út 'e folrûne keamer en nimt har mei nei de waarmwetterboarne yn it haadkertier fan Graves om har by te bringen.
No mei iepentlike stipe fan sawol MI6 as de NSA folgje Bond en Jinx Graves-en-dy nei Noard-Koreä, dêr't se in loftmachtbasis ynfiltrearje en as fersteklingen meireizgje yn Graves syn frachtfleantúch as dat wer opstiget. Oan board fan it fleantúch makket Graves syn identiteit bekend oan syn heit, generaal Moon, dy't er oan board bringe litten hat. Ek fertelt er it wiere doel fan 'e Icarus-satellyt: om troch in konsintrearre sinnestriel de minefjilden en oare obstakels yn 'e Koreaanske Demilitarisearre Sône út 'e wei te reagjen, sadat de Koreaanske Folksstriidkrêften út Noard-Koreä wei it suden binnenfalle kin om dêr de Amerikaanske en Súdkoreaanske troepen te ferslaan en einlings de Koreaanske Oarloch yn it foardiel fan it noarden te besljochtsjen. Untsteld dat syn soan op it punt stiet om in konflikt te begjinnen dat samar ta de Trêde Wrâldoarloch liede kinne soe, besiket generaal Moon it plan tsjin te hâlden, mar Graves fermoardet him.
Underwilens binne Bond en Jinx út 'e romten foar it ynlutsen lâningsgestel it eigentlike fleantúch binnenkrongen. Jinx bejout har nei de cockpit, dêr't se ôfweeft mei de piloat en de kontrôle oer it tastel oernimt. Bond besiket Graves mei ien skot te eliminearjen, mar syn wapen wurdt krekt as er it ôffjurret fansiden treaun troch in Noardkoreaanske soldaat. De kûgel trochboarret de romp fan it fleantúch en feroarsaket in eksplosive dekompresje. It fleantúch driget del te stoarten, mar Jinx wit dat, mei muoite, tsjin te kearen. Sadree't se de automatyske piloat aktivearre hat, wurdt se oanfallen troch Frost. Wylst de beide froulju in duël mei swurden en messen útfjochtsje, fljocht it fleantúch dwers troch de sinnestriel fan 'e Icarus, sadat it tastel noch slimmere skea oprint. Op 't langelêst wint Jinx it gefjocht troch Frost troch it hert te stekken.
Wylst om harren hinne al Graves syn trewanten troch de dekompresje út it tastel sûgd wurde, wrakselje Bond en Graves mei-inoar. As er Bond sa'n wan bruien jûn hat dat dy fersuft op 'e flier leit, risselwearret Graves om mei in parasjute fan ruten te spyljen. Bond lit de parasjute lykwols te betiid iepengean, mei as gefolch dat Graves yn ien fan 'e strielmotors fan it frachtfleantúch sûgd en temoarzele wurdt. Dêrmei wurdt ek de ôfstânsbetsjinning fan 'e Icarus ferneatige, mei as gefolch dat de satellyt út giet. Bond en Jinx klimme yn Graves syn helikopter, dy't yn 'e laadbak fan it frachtfleantúch stiet, en litte harren dêrmei út it delstoartende fleantúch falle. Krekt foar't se de grûn reitsje, wit Bond de helikopter oan 'e praat te krijen. It docht bliken dat Graves al syn diamanten yn 'e helikopter opburgen hie. Bond en Jinx sykje in ôfhandich sideplak yn in boedistysketimpel oan 'e Súdkoreaanske kust op, dêr't se op in bêd fan diamanten de leafde bedriuwe.
Op it strân by Cádiz waard de sêne yn Kuba opnommen wêryn't Jinx Johnson (Halle Berry) yn bikiny út 'e see komt en Bond har foar it earst sjocht. Ynstee fan it tropyskeklimaat dat it lykje moast, wie it dy deis nei't it skynt kâld en wynderich, en der binne produksjefoto's frijjûn fan Berry dy't harsels tusken de shots troch besiket op te waarmjen troch har te bewuoljen yn tsjûke badlekkens. Oare Kubaanske sênes, lykas dy yn Havana en op it fiktive Isla de los Organos, waarden ek yn en om Cádiz hinne filme.
De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikusJames Berardinelli moast lykwols neat fan 'e film hawwe. Hy skreau: "Die Another Day is in oefening yn lûde ûntploffings en teannekromjend minne special effects." Ek neamde er Die Another Day "in treinramp fan in aksjefilm" en "in besykjen om jin oer te besauwen fan 'e filmmakkers om James Bond yn in ferstânleaze mal te twingen en fjirtich jier filmskiednis troch it húske te spielen yn it foardiel fan felle flitsen en lûde batsen." Ferskate oare resinsinten hiene itselde soarte krityk op 'e yn harren eagen minne special effects. En de eardere Bond-fertolker Roger Moore, waans dochterDeborah yn 'e film figurearre as stewardess, fûn dat Die Another Day út 'e bocht fleach mei in ûnsichtbere auto.
In oar punt fan krityk wie de mjitte fan reklame (yn it filmjargonproduct placement neamd) yn Die Another Day. Der wiene neffens de berjochten tweintich bedriuwen dy't opteld yn totaal $70 miljoen betellen om harren produkten yn 'e film opnimme te litten. De Britske steatsomropBBC, it Amerikaanske tydskriftTime en it parseburoReuters besloegen dat mei de gek troch de film ynstee oan te tsjutten as Buy Another Day ("Keapje in Oare Kear"). De produsinten besleaten dêrop en behein it tal merken foar product placemant yn 'e folgjende Bond-film, Casino Royale út 2006, ta acht.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Die Another Day in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De aksje sil foar guon sjoggers wat te oerdreaun wêze, mar [de film] is wielderich makke en besiket mei súkses klassike Bond-tema's op te roppen út eardere dielen fan 'e franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Die Another Day ek in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 43 resinsjes.
Die Another Day brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$160,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $271,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $432,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $142 miljoen betsjut dat in winst fan $290 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Die Another Day de meast opbringende James Bond-film aller tiden oant dat rekôr yn 2006 ferbettere waard troch Casino Royale. It wie ek de op fiif nei meast opbringende film fan 2002.