In moanne letter, nei't se foar de safolste kear seks hân hawwe, set Casely Roxie oan 'e dyk en fertelt er har dat er hielendal gjin konneksjes yn 'e showbusiness hat, mar dat er dat inkeld sei om har op bêd te krijen. Roxie kin har earen net leauwe en besiket mei him te redendielen, mar Casely triuwt har by him wei en bedriget har mei geweld as se him ea wer oanrekket. Dêrop hellet Roxie yn razernij in revolver foar 't ljocht en sjit him dea. Neitiid fertelt se har man, de ûnnoazele Amos, dat se in ynbrekker deasketten hat en bepraat se him om 'e skuld op him te nimmen. As de plysjeresjersjeur dy't de moard ûndersiket lykwols oankomt mei in buorfrou dy't tsjûget dat Roxie en Casely in affêre hiene, makket Amos him derôf en lit er Roxie der sels foar opdraaie. Hja wurdt ôffierd nei it tichthûs nei't ofsier fan justysje Martin Harrison, dy't politikeambysjes hat, har tabiten hat dat er de deastraf tsjin har easkje sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Yn it tichthûs, de Cook County Jail, komt Roxie telâne op Murderess' Row, dêr't alle moardneressen ferbliuwe op 'e noed fan 'e korruptefroulikesipier "Mama" Morton. Dêr moetet Roxie har idoal Velma Kelly wer, mar as se besiket freonskip te sluten, stegert Velma dat op ûnfatsoenlike wize ôf. De ferearing dy't Roxie foar har fielt, slacht dêrnei om yn haat. Morton advisearret har om deselde abbekaat as Velma yn 'e earm te nimmen: de briljante Billy Flynn. Dat is in glûperige glêdjanus dy't beweart dat er alles út leafde docht, mar eins inkeld om jild jout. Roxie wit Amos safier te krijen dat er it jild byinoar skrabet dat nedich is foar Flynn syn tsjinsten.
Neitiid manipulearje Flynn en Roxie de parse troch Roxie har eftergrûn folslein byinoar te fantasearjen as in fan oarsprong deugdsume jonge frou fan it plattelân dy't moreel ûnder fuotten rekke is troch alle ferliedings yn 'e grutte stêd. De affêre mei Casely begûn se út iensumens, om't Amos altyd oan it wurk wie. Se besleat lykwols om 'e ferhâlding te beëinigjen, om't se besefte dat it ferkeard wie wat se die. Doe't se Casely fertelde dat it út wie tusken harren, waard er poer en foel er har oan út jaloerskens, en sy moast him wol deasjitte om't er har oars deadien hawwe soe. De parse, oanfierd troch de goederleauske Mary Sunshine, dy't skriuwt foar in op sensaasje beluste krante, yt it hiele ferhaal foar sûkerswiet op, en Roxie wurdt op slach in tragyske heldinne, mei wa't hiel Chicago meilibbet.
Op dy wize ferdriuwt Roxie Velma út it mulpunt fan 'e belangstelling, en Velma is dêr poerrazen oer. Se besiket te stokeljen tusken Roxie en Flynn, mar dat set gjin seadden oan 'e dyk. Dêrop besiket se Roxie te bepraten om har by har te jaan, as ferfangster fan har fermoarde suster Veronica. Mar Roxie, dy't Velma no net mear nedich hat om't sy no populêr is wylst Velma yn 'e ferjitnis rekket, jout har koekje fan eigen daai en stegeret har op ûnfatsoenlike wize ôf.
As der in rikeerfgenamte, Kitty Baxter, arrestearre wurdt foar it deasjitten fan har man en de beide froulju mei wa't se him op bêd oantrof, driget Roxie, krektlyk as Velma foar har, de belangstelling fan 'e parse (en fan Billy Flynn) kwyt te reitsjen. Velma laket yn har fûstke, mar se komt bedragen út as Roxie fuortendaliks de belangstelling fan eltsenien wer werom wit te winnen troch te sizzen dat se swier is. Amos wurdt yn alle trelit negearre troch sawol de parse as Roxie sels. Flynn rekkenet him foar dat it bern net fan him wêze kin en dus fan Casely wêze moat. Sa hellet er Amos oer om in skieding fan Roxie oan te freegjen, mei as doel om mear sympaty fan it omsteand laach foar har te kreëarjen. Roxie, wa't alle publike belangstelling nei de holle stige is, ûntslacht Flynn om't se mient dat se it no fierder wol op eigen manneboet ôf kin. As koarte tiid letter lykwols Katalin Helinszki, in Hongaarske frou dy't gjin Ingelsk sprekt (en de iennichste op Murderess' Row dy't folhâldt dat se ûnskuldich is), as earste frou ea yn Illinoisophongen wurdt, beseft se hoe faai oft se derfoar stiet en nimt se Flynn wer oan as abbekaat.
As Roxie har rjochtsaak begjint, makket Flynn dêr mei help fan Mary Sunshine in wier mediaspektakel fan. Hy lûkt tsjûgeferklearrings yn twifel, manipulearret bewiismateriaal en lokket sels yn it iepenbier in fermoedsoening tusken Amos en Roxie út troch Amos der no fan te oertsjûgjen dat it bern dòchs fan him is. It liket mei it proses foar Roxie te gean dat it slydjaget, mar dan ferskynt Velma Kelly as tsjûge foar it Iepenbier Ministearje mei in deiboek dat se nei eigen sizzen út Roxie har selstellen hat. Dêr steane in stikmannich tige belêstgjende ferklearrings yn dy't Roxie sels optekene hawwe soe, hoewol't sy dat sels ûntstriidt. Flynn stelt fêst dat Velma amnesty krigen hat fan ofsier fan justysje Harrison yn ruil foar har tsjûgenis, en dat se dus gjin betroubere tsjûge is. Dêrnei suggerearret er dat Harrison sels de belêstgjende stikken oan it deiboek tafoege hat. As er Velma ûnder druk set, jout dy ta dat se it deiboek net út Roxie har sel stellen hat, mar dat it har taspile is fia "Mama" Morton.
It einiget dermei dat Roxie frijsprutsen wurdt fan moard. Flynn jout neitiid ta dat hysels dejinge is dy't stikjes oan it deiboek tafoege hat en it fia "Mama" Morton oan Velma takomme litten hat, sadat er dwaan koe wat er no krekt dien hat. Op dy wize hat er twa fan syn kliïnten tagelyk frijkrigen: Roxie troch frijspraak en Velma troch amnesty. Roxie tinkt no fan har ferneamdens profitearje te kinnen troch in karriêre as stjer fan 'e vaudeville te begjinnen, mar dat falt ôf. Fuort nei har frijspraak sjit in frou dy't earder har man fermoarde hat, op 'e treppens fan it gerjochtsgebou har abbekaat dea. Alle belangstelling fan 'e media ferskoot fuortendaliks nei har en Roxie rekket fan it iene op it oare momint fergetten. De iennichste dy't har trou bliuwt, is Amos, dy't noch altyd yn 'e oertsjûging ferkeart dat er heit wurdt. Roxie helpt him lykwols op wrede wize út 'e dream, mei't se hielendal net swier is. Nei har ôfwizing kriget er einlings foar it ferstân hoe't se him brûkt hat en jout er him te lider slein ôf.
Roxie giet op ferskate audysjes om in vaudeville-artyste te wurden, mar wurdt hiderkear ôfwiisd. Velma, dy't krekt like ûnsúksesfol is, ferfalt sels ta earmoede. Se is twongen om Roxie wer op te sykjen en in duo-act foar te stellen mei as gimmick dat se twa frijsprutsen moardneressen binne. Roxie sjocht dêr earst neat yn, mei't se Velma hatet, mar nei't Velma derop wiist dat soks yn 'e showbusiness gjin inkele behindering is om gear te wurkjen, akseptearret se it oanbod. Tegearre fine se daverjend nij súkses op it toaniel.
Ferskes
All That Jazz – Velma en eftergrûnsjongsters
Funny Honey – Roxie en Amos
When You're Good to Mama – "Mama" Morton
Cell Block Tango – Velma en de froulju út it selleblok
All I Care About – Billy Flynn en showgirls
We Both Reached for the Gun – Billy Flynn, Roxie, Mary Sunshine en de ferslachjouwers
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Chicago in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 257 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in opwinende en energetyske adaptaasje fan 'e Broadway-musical, dy't slagge is op it nivo fan poer spektakel, mar ek in ferrassend soad djipte en humor biedt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Chicago in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 39 resinsjes.
By de Golden Globes waard Chicago nominearre foar 8 prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Catherine Zeta-Jones), bêste byrol fan in akteur (John C. Reilly), bêste byrol fan in aktrise (Queen Latifah) en bêste senario. De film wûn trije Golden Globes, foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur yn in musical of komeedzje (Richard Gere) en bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Renée Zellweger).
By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Chicago nominearre foar 12 prizen yn 11 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Renée Zellweger), bêste byrol fan in aktrise (Queen Latifah), bêste kamerarezjy, bêste kostúmûntwerp, bêste filmmontaazje, bêste fisazjy en hierstilearing (Judi Cooper-Sealy), bêste orizjinele filmmuzyk (Danny Elfman) en bêste produksje-ûntwerp (John Myhre). De film wûn 2 BAFTA's, foar bêste byrol fan in aktrise (Catherine Zeta-Jones) en bêste lûd.