In artyst (froulike foarm: artyste), fan it Frânskeartiste (dat tebek giet op it Latynskeartista) is immen dy't syn talinten brûkt om yn persoan yn it iepenbier foar in publykoptredens te fersoargjen. In synonym fan 'artyst' is poadiumkeunstner.
Inkeld wurdt de term 'artyst' yn 'e folksmûle ek wol brûkt foar keunstners, d.w.s. de beoefeners fan 'e byldzjende keunst lykas skilders en byldhouwers, mar dat is in anglisisme en in ynkorrekt gebrûk fan it wurd. It komt troch betizing mei it Ingelske wurd artist, dat net 'artyst', mar 'keunstner' betsjut.