Yn 1957 wurdt yn New YorkRudolf Abel arrestearre en oanklage foar spionaazje foar de Sovjet-Uny. Eltsenien is it deroer iens dat er in earlik proses krije moat, en dêrta moat him in abbekaat tawiisd wurde. De kar falt op James B. Donovan, hoewol't dy him de lêste jierren eins útslutend mei fersekeringssaken dwaande holden hat. Nettsjinsteande dat giet Donovan akkoart mei de ûntankbere taak as dy oan him foarlein wurdt, om't er fynt dat it syn demokratyske plicht is. Hy is der lykwols fan oertsjûge dat eltse kliïnt de bêste ferdigening fertsjinnet dy't er fiere kin, ek as dy kliïnt in Sovjet-spion is. Sa ferset er him tsjin 'e talitting fan it bewiismateriaal yn 'e saak, om't dat allegear krigen is troch in hûssiking dêr't gjin hûssikingsbefel foar ôfjûn wie. Dêrmei ropt er de argewaasje fan sawol de ofsier fan justysje as rjochter Byers op. As de CIA kontakt mei him siket om him derta te bringen syn amtsgeheim te skeinen troch de ynhâld fan syn fertroulike petearen mei Abel troch te spyljen, stegeret er dat fersyk misledige ôf.
Abel wurdt feroardiele, mar Donovan wit rjochter Byers te bepraten om him net de deastraf te jaan (dy't it Iepenbier Ministearje tsjin him easke hie). Hy riddenearret dat hoewol't Abel in "ferrieder" neamd wurdt, de man dat eins net is. Mei't er gjin Amerikaan is, kin er de Feriene Steaten ommers net ferret hawwe. Krektoarsom, Abel is trou oan syn oannommen heitelân, de Sovjet-Uny, en hat plichtsgetrou besocht út te fieren wat syn oerhearrigen by de KGB him opdroegen. Dêropta hâldt Donovan de rjochter foar, dat de Feriene Steaten ek spionnen yn 'e Sovjet-Uny hat, en dat in libbene Abel letter noch wolris fan pas komme kin as dêr in Amerikaanske spion oppakt wurdt dy't de Feriene Steaten graach weromhawwe wolle. Byers liket net bot sjarmearre te wêzen fan lykfol hokker argumint dat Donovan oandraacht, mar úteinlik blykt er dochs harke te hawwen en feroardielet er Abel ta tritich jier finzenisstraf.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Ta ferbjustering en lulkens fan eltsenien, syn baas Thomas Watters en syn eigen frou Mary ynbegrepen, beslút Donovan yn heger berop te gean tsjin it fûnis. Foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf besiket er jitris om it bewiismateriaal ûnjildich ferklearje te litten omreden fan it missende hûssikingsbefel. Foar dy prinsipiële opstelling wurde Donovan en syn húshâlding lestich fallen, wêrby't der op in stuit sels by syn hûs troch de ruten nei binnen sketten wurdt. De feroardieling fan Abel wurdt úteinlings troch it Heechgerjochtshôf bekrêftige mei fiif stimmen tsjin fjouwer.
Yn 1960 wurdt Francis Gary Powers, in piloat fan it topgeheime programma fan 'e CIA om mei U-2-spionaazjefleantugen fan grutte hichte ôf bylden fan 'e Sovjet-Uny te meitsjen, delsketten boppe Sibearje. It giet sa hurd dat er net de kâns kriget om syn fleantúch te ferneatigjen of himsels fan kant te meitsjen, sa't er troch syn opdrachtjouwers hjitten wie te dwaan as er delsketten waard. Hy wurdt finzen nommen en nei in skynproses feroardiele ta tsien jier finzenisstraf.
Net lang dêrnei ûntfangt Donovan in brief út Leipzig, yn 'e DDR, dy't sabeare skreaun is troch Abel syn frou. Dêryn wurdt er betanke foar syn tsjinsten oan har man en oanfitere om kontakt op te nimmen mei har abbekaat, in Vogel. Abel stelt mei ien blik op it brief fêst dat it net fan syn frou komt. De CIA fermoedet dat it in berjocht fia ûnoffisjele kanalen is wêrmei't de Sovjet-Uny in spionneruil bewurkmasterje wol. De ynljochtingetsjinst freget Donovan om nei Berlyn te reizgjen om in ruil fan Abel tsjin Powers te regeljen. Mocht it misbeteare, dan kin it Amerikaanske regear folhâlde net by de saak belutsen te wêzen, mei't Donovan gjin (offisjele) bannen mei it regear hat. Donovan, dy't yn 'e tuskenlizzende tiid befreone rekke is mei de lakonike Abel, beslút foar de man te dwaan wat er kin en fertelt syn frou dat er mei in kliïnt te angelfiskjen giet yn Skotlân.
Underwilens wurdt yn Berlyn de Berlynske Muorre oplutsen, dy't de beide stedsdielen West-Berlyn en East-Berlyn fan inoar skiedt mei in miniatuerferzje fan it Izeren Gerdyn. De Amerikaanske ekonomystudintFrederic Pryor glûpt East-Berlyn binnen om te besykjen en bepraat syn faam, in Dútskfamke, om nei it westen te flechtsje ear't de grins tichtgiet. Hy is lykwols te let, en komt sels yn it easten fêst te sitten, dêr't er oppakt wurdt en sûnder oanklacht yn in Eastdútske sel bedarret.
Nei't Donovan yn West-Berlyn arrivearre is, stekt er oer nei East-Berlyn, dêr't er ûnderweis nei de ambassade fan 'e Sovjet-Uny berôve wurdt fan syn oerjas. Op syn bestimming oankommen, bepraat er de saak mei in Ivan Sjistsjkin, dy't himsels foarsteld as de twadde sekretaris fan 'e ambassade, mar oer wa't CIA-agint Hoffman Donovan letter ferteld dat er eins in agint fan 'e KGB is. Hoewol't de CIA inkeld belangstelling hat foar in ruil fan Abel tsjin Powers, besiket Donovan Abel te ruiljen tsjin sawol Powers as Pryor. Sjistsjkin hâldt lykwols fol dat er oer Pryor neat te sizzen hat, mei't dy fêstholden wurdt troch de DDR en net troch de Sovjet-Uny. Hy ferwiist Donovan troch nei Vogel, dy't de prokureur-generaal fan 'e DDR blykt te wêzen. Vogel fertelt Donovan dat syn lân Pryor wol gean litte wol yn ruil foar offisjele erkenning fan 'e DDR as ûnôfhinklik lân troch de Feriene Steaten. Donovan makket Vogel dúdlik dat dat der net yn sit, en liket mei de man ta oerienstimming te kommen oer in ruil fan Abel tsjin Pryor.
De oare deis hat Sjistsjkin it griene ljocht krigen foar de ruil fan Abel tsjin Powers, dy't plakfine sil op 'e Glienicker Brücke, op 'e grins fan East- en West-Berlyn. De CIA is yn 'e wolkens en set Abel fuortendaliks op it fleantúch nei Berlyn. Vogel hat lykwols lucht krigen fan 'e ruil dy't tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny op hannen is, en trapet no op 'e rem. Hy beskuldiget Donovan derfan dat dy twa foar de priis fan ien keapje wol. Donovan besiket him derfan te oertsjûgjen dat de ruil fan Abel tsjin Powers mei de Sovjet-Uny gjin ynfloed hat op 'e ruil fan Abel tsjin Pryor mei de DDR. Vogel bliuwt lykwols by syn ôfwizing en soarget der sels foar dat Donovan in nacht yn in Eastdútske sel trochbringe moat. Donovan lit him lykwols net yntimidearje. As de oare deis it berjocht komt dat Vogel syn baas Harald Ott mei him prate wol, reizget er wer nei East-Berlyn ta, ek al besiket agint Hoffman, dy't mear as tefreden is mei de ruil fan Abel tsjin Powers, him dat te ûntpraten.
Mei Ott komt Donovan net folle fierder, en harren petear wurdt abrupt ôfbrutsen as Ott in wichtich tillefoantsje kriget. Nei't er in oere op 'e gong sitten hat te wachtsjen, kriget Donovan te hearren dat Ott dy deis gjin tiid mear foar him hat. Hy jout dan oan 'e assistint fan Ott dy't him dat berjocht oerbringt, in berjocht foar Ott mei werom: as de DDR Pryor net frijlit, giet de hiele spionneruil net troch, en dan mei de DDR oan 'e Sovjet-Uny útlizze hoe't it komt dat Abel yn Amerikaanske finzenskip bliuwt. Let dy jûns komt it ferlossende wurd: Pryor sil tagelyk mei de spionneruil op 'e Glienicker Brücke frijlitten wurde by Checkpoint Charlie.
De oare moarns ier steane Donovan, Hoffman mei in kloft CIA-minsken en Abel by de Glienicker Brücke ree foar de útwikseling. Oan 'e oare kant fan 'e brêge arrivearret de KGB mei Powers. De spanning wurdt om te snijen as by Checkpoint Charlie, dêr't de CIA in direkte tillefoanline mei hat, alles stil bliuwt. Donovan ynterpretearret dat as it ôfwachtsjen fan 'e DDR om te sjen oft de spionneruil ek trochgean sil sûnder de frijlitting fan Pryor. Hoffman, dy't noch altyd gjin belangstelling foar Pryor hat, fiteret Abel oan om 'e brêge oer te gean, mar Abel seit dat er noch wol eefkes de tiid hat. Sadree't Pryor by Checkpoint Charlie oan 'e Amerikanen oerdroegen wurdt, stekke Abel en Powers de brêge oer. Neitiid keart Donovan werom nei hûs, dêr't er fuortendaliks, mei alle klean noch oan, op bêd yn 'e sliep falt, wylst syn frou en bern op it nijs op 'e tillefyzje hearre dat der yn Berlyn in spionneruil plakfûn hat, dy't fasilitearre is troch abbekaat James B. Donovan út New York.
Hoewol't Bridge of Spies basearre is op wiere foarfallen, nimt de film hjir en dêr in loopke mei de wurklikheid. Sa fine de foarfallen yn 'e film yn in folle koarter tiidsbestek plak as dat se yn wurklikheid diene. In wichtich foarbyld is de Berlynske Muorre, dy't wiidweidich yn 'e film oan bod komt. Donovan sjocht út in trein dy't de grins oergiet hoe't lju dy't út East-Berlyn besykje te ûntsnappen yn it nimmenslân by de Muorre deasketten wurde troch de Eastdútskegrinsplysje. Yn it echt barde soks pas yn 'e simmer nei de útwikseling fan Abel tsjin Powers. Krektsa wie Frederic Pryor net tsjûge fan 'e bou fan 'e Berlynske Muorre om't er op dat stuit op fakânsje yn Denemark wie. Hy waard fêstset nei syn weromkear, doe't de Muorre al lang en breed stie. Ek waard der wol deeglik in oanklacht tsjin him yntsjinne, nammentlik dat er "steatsgeheim" materiaal yn syn besit hie. Pryor sei fierders nei it sjen fan 'e film yn in fraachpetear dat de ôfskildering fan Wolfgang Vogel neffens him ûnearlik wie.
Fierders brochten Donovan syn dieden himsels en syn húshâlding net sa bot yn 'e swierrichheden as de film hawwe wol. Sa waard syn hûs nea besketten en likemin waard syn oerjas him yn in wintersk East-Berlyn ûntstellen. Donovan wurdt foarstelt as in abbekaat sûnder gedoente mei de Amerikaanske oerheid, dy't ynset wurdt as strieman en fierhinne op eigen manneboet operearret. Yn wurklikheid tsjinne er lykwols ûnder de Twadde Wrâldoarloch as abbekaat foar it Office of Strategic Services (OSS), dat de direkte foarrinner fan 'e CIA wie.
Abel, in yn Ingelânberne agint foar de ynljochtingetsjinsten fan 'e Sovjet-Uny (dy't eins William G. Fisher hiet), die syn bêste wurk foar syn oannommen heitelân net as in spion yn in sjofel appartemintsje yn New York dat foltroppe wie mei radioapparatuer, mar folle earder. Foarôfgeande oan en ûnder de Twadde Wrâldoarloch trainde er aginten en radiobetsjinners foar fersetswurk yn gebieten dy't troch nazy-Dútslân beset holden waarden. Dêrmei levere er in krúsjaal oandiel oan ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e oarloch. Der ûntstie nei it útkommen fan 'e film wat opskuor oer it feit dat akteur Mark Rylance Abel mei in Skotskaksint spile hie, wylst de man berne en oplaat wie yn Newcastle-upon-Tyne en omkriten, yn noardlik Ingelân, dat in hiel oar aksint hat.
Untfangst
Bridge of Spies krige rûnom lof fan 'e filmkritisy. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte de film fjouwer fan fjouwer stjerren ta en priizge benammen regisseurSteven Spielberg. Yn 'e Chicago Tribune omskreau Michael PhillipsBridge of Spies as in "tige befredigjend foarbyld fan Hollywood-fakmanskip fan 'e âlde skoalle, mei yn 'e haadrol in filmstjer dy't swaaid mei in aktetas en in bûsdoek ynstee fan mei in pistoal." Neffens Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club wie Bridge of Spies "ien fan 'e knapste films fan 'e jongste faze fan Spielberg syn karriêre, en miskien wol de meast wolsprekkende". In ôfwikende miening wie Preston Jones tagedien, dy't skreau foar de Fort Worth Star-Telegram. Hy joech de film mar twa en in heale stjer fan fiif, en fûn de film "inkeld opmerklik om hoe saai en ferrassend traach oft [er] is."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Bridge of Spies in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 283 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] blaast nij libben yn 'e klassike Kâlde Oarloch-spionaazjeskrillerformule fan Hollywood, tanksij it betrouber treflike wurk fan Steven Spielberg en Tom Hanks." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bridge of Spies in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 48 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Bridge of Spies brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$72,3 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria $93,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $165,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen late dat ta in winst fan $125,5 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch al fan ôf. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn Bridge of Spies yn 'e bioskopen fral konkurrinsje fan Goosebumps, dy't tagelyk útkaam, en fan The Martian. Om utens die de film it it bêst yn Itaalje ($12,1 miljoen) en it Feriene Keninkryk ($11,0 miljoen).
Prizen
Bridge of Spies wûn ferskate prizen en waard nominearre foar noch in grut tal oaren. Sa waard Mark Rylance foar syn rol fan Rudolf Abel yn 2016 nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Letter dat jiers wûn er Oscar yn dyselde kategory. Bridge of Spies sleepte noch fiif oare Oscar-nominaasjes yn 'e wacht, foar bêste film, bêste orizjinele senario, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste lûdsmixing.
De film waard ek nominearre foar njoggen BritskeBAFTA Awards, wêrûnder de prizen foar bêste film, bêste regisseur, bêste orizjinele senario, bêste filmmuzyk, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste lûd. Mark Rylance wûn de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur. Hy wûn ek de AustralyskeAACTA Award foar bêste ynternasjonale byrol fan in akteur. En de film sels waard nominearre foar in Britske Empire Award foar bêste skriller.