Yn har earste stúdzjejier kaam Ocasio-Cortez har heit yn 2008 oan longkanker te ferstjerren. Hy liet gjin testamint nei, mei as gefolch dat Ocasio-Cortez behelle rekke yn in lange juridyske striid om syn beërf. Dêrby makke se (sa fertelde se letter) út 'e earste hân mei hoe't abbekaten dy't troch de rjochter oansteld wurde om in neilittenskip te behearen, harrensels ferrykje yn it neidiel fan 'e djipdrôven, dy't mar kwealk alle burokratyske regeltsjes neikomme kinne. As gefolch dêrfan wiene har mem, dy't as skjinmakster wurke, en har beppe twongen om by famylje yn Floarida yn te lûken, doe't se út harren hûs set waarden om't se de hypoteek net mear opbringe koene.
Karriêre
Libben foar de polityk
Nei't se har stúdzje yn Boston ôfrûne hie, ferhuze Ocasio-Cortez werom nei de Bronx. Se fûn wurk as barkeeper yn in bar yn Manhattan en as servearster yn in taqueria. Dêropta rjochte se Brook Avenue Press op, in útjouwerij foar boeken mei in posityf boadskip oer de Bronx. Ek wie se as frijwillichster belutsen by ferskate organisaasjes, wêrûnder it National Hispanic Institute, dêr't se as direktriseûnderwiis tsjinne en ferantwurdlike wie foar de Northeast Collegiate World Series fan 2017, in fiifdeisk lesprogramma foar middelbere-skoalbern fan Latino-komôf út 'e Feriene Steaten en oare lannen.
Letter neamde Ocasio-Cortez har besyk oan Noard-Dakota it kantelpunt yn har karriêre, mei't se foartiid fan miening west hie dat men inkeld effektyf in politike kampanje begjinne koe as men tagong hie ta rykdom, maatskiplike ynfloed en macht. Yn Noard-Dakota seach se lykwols hoe't sljochtwei lju "harren hiele libben en alles dat se hiene op it spul setten foar de beskerming fan harren mienskip." Se putte dêrút ynspiraasje om harsels ek op dy wize foar har mienskip yn te setten. Yn maaie2017 waard de namme fan Alexandria Ocasio-Cortez neamd as ûnderdiel fan in lanlike Amerikaanske list fan nije kandidaat-Kongresleden fan 'e Demokratyske Partij dy't bekendmakke waard troch de organisaasje Justice Democrats en Brand New Congress. Yn augustus fan dat jier wie se op in konferinsje fan Netroots Nation, yn Atlanta, lid fan in panel dat diskusjearre oer de fraach hoe't men in kampanje fan ûnderop fiere kin, dy't de minsken boppe de partij pleatst.
Demokratyske foarferkiezings (2018)
Ocasio-Cortez stelde har ferkiesber foar it 14e kiesdistrikt fan New York, dat it eastlike part fan de Bronx en dielen fan it midnoarden fan Queens omfettet. Se wie de earste sûnt 2004 dy't dêr it sittende lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, Joe Crowley, útdage yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij. Crowley wie in foaroansteand politikus en de foarsitter fan 'e Demokratyske fraksje yn it Hûs fan Offurdigen, dy't foar de foarferkiezings in kampanjekas fan $3,4 miljoen gearbrocht. Ocasio-Cortez wie foar him oer sterk yn it neidiel, mei in totaal kampanjebudget fan $194.000. Hast 75% fan 'e donaasjes oan har kampanje bestie út lytse jeften fan priveepersoanen, wylst sokke bydragen minder as 1% fan 'e kampanjedonaasjes fan Crowley foarmen. Mear as 99% fan syn jild kaam nammentlik fan grutte bedriuwen en organisaasjes. Ocasio-Cortez sei dêroer: "Je kinne it grutte jild eins net mei mear jild ferslaan. Je moatte se ferslaan troch in hiel oar spul te spyljen." Hja hie nea earder in keazen amt hân en har kampanjefideo begûn mei de wurden "Froulju lykas ik hearre harren eins net ferkiesber te stellen foar in publike funksje."
Crowley en Ocasio-Cortez metten inoar mar ien kear ûnder de hiele kampanje. Dat wie op 15 juny2018, op 'e set fan it politike praatprogrammaInside City Hall, foar de lokale tillefyzje fan New York-Stêd. Dêryn waarden se om bar troch presintatorErrol Louis ûnderfrege, mar giene se net mei-inoar yn diskusje. Op 18 juny, doe't der wol in debat holden waard, liet Crowley ferstek gean en stjoerde er Annabel Palma, in Demokratysk lid fan 'e gemeenteried fan New York, om syn plak yn te nimmen.
By de foarferkiezings, dy't holden waarden op 26 juny2018, stimde 57,1% fan 'e Demokratyske kiezers (15.897) op Ocasio-Cortez, tsjin 42,5% op Crowley (11.761). Polityk ferslachjouwers neamden dat de grutste ferrassing fan 'e foarferkiezings fan 2018. The New York Times omskreau it barren as "in skokkende nederlaach yn 'e foarferkiezings fan tiisdei, it wichtichste ferlies fan in Demokratysk sittend Kongreslid yn mear as tsien jier, dat wjergalmje sil troch de partij en it lân." De oerwinning fan Ocasio-Cortez wie noch ûnferwachter as men yn omtinken nimt dat Crowley achttjin kear safolle oan syn kampanje útjûn hie as sy oan harres. WurdboekútjouwerMerriam-Webster melde dat op syn webside nei Ocasio-Cortez har oerwinning sykopdrachten nei it wurd "sosjalisme" mei 1500% tanamen. Om 23.00 oere op 'e dei fan 'e foarferkiezing hie Ocasio-Cortez noch gjin tillefoantsje hân fan Crowley om har te lokwinskjen. Se ferklearre dat troch te fertellen dat se fermoede dat er har tillefoannûmer net hie; sy hie sines yn elts gefal net. Mei dat sizzen befêstige se har eigen status as outsider. Earder dy jûns hie Crowley, in amateur-gitarist, op syn foarferkiezingsgearkomste syn ferlies tajûn en it lietBorn to Run fan Bruce Springsteen spile, dat er oan Ocasio-Cortez opdroech.
Midtermynsferkiezings (2018)
Hoewol't se foarôfgeande oan 'e foarferkiezings troch it meastepart fan 'e Amerikaanske media negearre wie, waard Ocasio-Cortez nei har oerwinning op Crowley oates en toates frege foar ynterviews yn tydskriften, kranten en op 'e tillefyzje. Sa wie se te gast yn praatprogramma's as The View, The Late Show with Stephen Colbert en The Daily Show with Trevor Noah. Se loek ek in protte belangstelling doe't sy en Bernie Sanders yn july2018 yn Kansas kampanje fierden foar James Thompson. In ferkiezingsgearkomste yn Wichita moast ferpleatst wurde fan in skouboarch dêr't 'mar' 1.500 minsken yn koene, nei in grutter gebou. Uteinlik kamen der mear as 4.000 lju op ôf. Rjochtse en ektreem-rjochtsemedia yn 'e Feriene Steaten begûnen nei har oerwinning yn 'e Demokratyske foarferkiezing op Ocasio-Cortez ôf te jaan. Dat gie al fluch in stik fierder as ienfâldige krityk op har politike stânpunten; sa besloegen de tillefyzjestjoerderFox News en de krante de Washington Examiner de (drege) finansjele sitewaasje fan Ocasio-Cortez har famylje mei de gek.
Yn 'e Amerikaanske midtermynsferkiezings fan 6 novimber2018 naam Ocasio-Cortez it op tsjin 'e RepublikeinAnthony Pappas, in perfesterekonomy oan 'e St. John's University út Astoria (Queens). Neffens de krante de New York Post wie de kampanje fan Pappas in kwestje fan "foar it gefal dàt", mei't it 14e distrikt fan New York al sûnt minskewitten fêst yn 'e hannen fan 'e Demokraten wie en der seis kear safolle leden fan 'e Demokratyske Partij wennen as leden fan 'e Republikeinske Partij. Pappas fierde neffens de Post ek net aktyf kampanje. Ocasio-Cortez krige foar har kampanje stipe fan ferskate progressive organisaasjes en politisy, ûnder wa Crowley, senator Bernie Sanders en âld-presidintBarack Obama. Se wûn de ferkiezing mei 78% fan 'e stimmen (110.318) tsjin 14% foar Pappas (17.762). By deselde ferkiezings wûnen de Demokraten der 40 sitten yn it Hûs fan Offurdigen by, en namen dêrmei de kontrôle fan dat diel fan it Amerikaanske Kongres oer fan 'e Republikeinen.
Ocasio-Cortez wie by har oerwinning mei 28 jier de jongste frou dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is. Nei har oerwinning waard se dêrom troch de Amerikaanske rjochtse media oanfallen om har jonge leeftyd en har brekme oan ûnderfining. Yn desimber2018 neamde Ocasio-Cortez dy behanneling seksistysk, wêrby't se it foarbyld fan Paul Ryan oanhelle, de Republikeinske foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen. Doe't dy foar it earst yn it Hûs keazen waard, wied er krekt as har 28 jier. Mar hy waard ynhelle as in jong sjeny nettsjinsteande syn (neffens Ocasio-Cortez) "min trochtochte beliedspunten", wylst sysels behannele waard mei erchtinkendheid en hún.
Werferkiezings yn it Kongres
By de ferkiezings fan 2020 waard Ocasio-Cortez by de Demokratyske foarferkiezings útdage troch Michelle Caruso-Cabrera. Nei't Ocasio-Cortez de nominaasje wûn, stapte Caruso-Cabrera út 'e Demokratyske Partij en stelde har ferkiesber foar de Serve America Movement. Oare útdagers fan Ocasio-Cortez wiene de offisjele Republikeinske kandidaat John Cummings, in earder plysjeman, en in ûnoffisjele Republikeinske kandidaat, Antoine Tucker. Ocasio-Cortez wûn sûnder muoite in twadde termyn.
By de ferkiezings fan 2022 wie Ocasio-Cortez yn har kiesdistrikt de iennichste Demokratyske kandidate, wat betsjutte der gjin foarferkiezings holden waarden. By de algemiene ferkiezings fersloech se mei gemak de Republikeinske Tina Forte.
Yn it Hûs fan Offurdigen
Op 'e earste dei fan har oriïntaasje yn it Amerikaanske Kongres naam Ocasio-Cortez diel oan in demonstraasje tsjin klimaatferoaring foar de doar fan it kantoar fan Nancy Pelosi, de liedster fan 'e Demokraten yn it Hûs fan Offurdigen. Nei't se op 3 jannewaris2019 ynsward wie as lid fan it Hûs, stipe se lykwols wol Pelosi har kandidaatskip foar it foarsitterskip fan it Hûs, mei't Pelosi, sa sei se "noch altyd de meast progressive kandidaat foar [dy post] is." Ocasio-Cortez kaam binnen yn it Amerikaanske Kongres as in polityk 'grientsje', mar mei in macht op 'e sosjale media dy't neffens de websideAxios like grut wie as dy fan alle oare nije Demokratyske Kongresleden mei-inoar. Yn jannewaris2019 hie se 2,5 miljoen folgers op Twitter (mear as Pelosi). Se hie ek 1,6 miljoen folgers op Instagram.
Mei Ilhan Omar fan Minnesota, Ayanna Pressley fan Massachusetts en Rashida Tlaib fan Michigan waard Ocasio-Cortez troch de media bombardearre ta "The Squad": in groep nau gearwurkjende, jonge, progressive leden fan 'e Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen. Nei de ferkiezings fan 2020 sleaten Cori Bush fan Missouri en Jamaal Bowman fan New York harren dêrby oan. Ocasio-Cortez wie ien fan 'e betinkers fan 'e Green New Deal, in ambisjeus pakket fan maatregels om klimaatferoaring tsjin te gean, dat se op 7 febrewaris2019 yn it Hûs fan Offurdigen yntsjinne. Yn dy kontekst ûnderfûn se lykwols net inkeld wjerstân fan 'e Republikeinen, mar ek fan 'e fêstige oarder binnen de Demokratyske Partij.
Omreden fan har linkse ideeën en har bekendheid waard Ocasio-Cortez it mikpunt fan politike tsjinstanners. Op 20 july2020 waard se oanholden op 'e treppen foar it Amerikaanske Kapitoal troch de Republikeinske ôffurdigen Ted Yoho en Roger Williams. Yn it gehoar fan in sjoernalist neamde Yoho har "walchlik" en fertelde er har dat se "gek" wie om't se fûn dat earmoede en wurkleazens de oarsaken wiene fan abrupte taname fan 'e misdie ûnder de koroanafiruspandemy. Ek rôp er har nei dat se in "aaklike teef" ("fucking bitch") wie. (Letter ûntskuldige er him yn in taspraak foar it Hûs fan Offurdigen om't "it aard fan it petear sa koartôf" west hie.) Yn novimber2021 publisearre it Republikeinske lid fan it Hûs fan Offurdigen Paul Gosar fia sosjale media in animefilmke wêryn't er de gesichten fan himsels, Ocasio-Cortez en presidint Joe Biden oer dy fan 'e oarspronklike haadpersoanen hinne plakt hie. "Gosar" foel de oaren dêrby oan mei in swurd en ûnthalze "Ocasio-Cortez". De Demokraten fetten dat op as in deadsbedriging en Gosar krige in offisjele beskrobbing fan 'e Hûs fan Offurdigen, hoewol't de oare leden fan 'e Republikeinske Partij wegeren dêroan mei te wurkjen.
By de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal troch lulke oanhingers fan presidint Donald Trump op 6 jannewaris2020 ferskûle Ocasio-Cortez har earst op it húske fan har kantoar. Se krige de skrik fan har libben doe't in lid fan 'e United States Capitol Police it kantoar yn kaam en rôp: "Wêr is se?" De man makke him dêrby net daliks bekend as plysje, en Ocasio-Cortez miende earst mei in relskopper fan dwaan te hawwen. Letter ferskûle se har mei oaren yn it kantoar fan ôffurdige Katie Porter fan Kalifornje. Se hie, sa fertelde se letter, in momint dat se yn grut gefaar ferkearde en tocht dat se it net oerlibje soe.
Fierders is Ocasio-Cortez in foarstanner fan 'e ôfsetting fan presidintDonald Trump, om't it in presidint fan 'e Feriene Steaten op it strangst ferbean is om persoanlik better te wurden fan it útoefenjen fan syn funksje. Trump, dy't syn eigen hotels en golfresorts brûkt foar offisjele oangelegenheden (en de Amerikaanske oerheid dêrfoar betelje lit) hat neffens har sûnder mis de wet oertrêde.