As steatspolitika hie Omar in progressive aginda, mei as wichtichste punten ferheging fan it minimumlean, fergees heger ûnderwiis foar bern fan âlden dy't jiers minder as $125.000 fertsjinje, en breder tapassen fan frijskelling fan studintelienings. Hja waard troch beskate Republikeinen beskuldige fan antysemitisme om't se it regear fan Israel "in apartheidrezjym" neamde, dat "de wrâld hypnotisearre" hie om it bombardearjen fan boargerdoelen troch de fingers te sjen, in dwaan dat sy karakterisearre as "kwea-aardich". Omar reägearre op 'e beskuldigings troch te sizzen dat dy nearne op basearre binne, en dat krityk op 'e aksjes fan it Israelyske regear yn 'e fierste fierte net haat tsjin it Joadskefolk ymplisearret. Oare beskuldigings, fan 'e Republikeinske steatsôffurdige Steve Drazkowski, dat Omar fraude dien hie mei kampanjejild, wiene neffens har ûnwier en polityk motivearre.
Ferkiezings foar it Kongres (2018)
Op 5 juny2018 kundige Omar oan dat se har ferkiesber stelde foar de sit fan it 5e distrikt fan Minnesota yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, nei't de sittende ôffurdige, Keith Ellison, bekendmakke hie dat er net wer ferkiesber wie. Op 17 juny krige se nei twa omgongen fan stimmen de stipe fan 'e partijtop fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party, en op 14 augustus wûn se de foarferkiezings fan har partij. By de eigentlike ferkiezings, op 6 novimber2018, naam Omar it op tsjin 'e Republikeinske konservative aktiviste Jennifer Zielinski, dy't se mei in romme marzje fersloech. Dêrmei waard se de earste persoan fan Somalysk komôf dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is, en tegearre mei Rashida Tlaib, út Michigan, wie se ek ien fan 'e earste islamityskefroulju dy't ea yn it Kongres keazen binne. Dêropta is Omar ek de earste islamityske flechtling dy't ea keazen is foar in sit yn it Amerikaanske Kongres, en de earste net-blanke persoan dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is foar in sit út Minnesota. Oer Omar har ferkiezing yn it Amerikaanske Kongres waard troch Norah Shapiro de dokumintêreTime for Ilhan makke, dy't draaide op û.m. it Filmfestival fan Tribeca.
Nei har ferkiezing ta lid fan it Hûs fan Offurdigen krige Omar ferskate kearen te meitsjen mei rasisme, û.m. fan presintatriseJeanine Pirro, dy't op 'e tillefyzje Omar har trou oan 'e Feriene Steaten yn twifel loek inkeld en allinne om't se in hidjaab draacht. In oare kear kaam Omar yn opspraak doe't se de ynfloed fan 'e pro-Israel-lobbyAIPAC op it Amerikaanske Kongres feroardiele. Se sei dêrby dat dat "der net fan [har] ferwachte wurde moatte soe om stipe ta te sizzen oan in oar lân foar't se [de Feriene Steaten] yn it Kongres tsjinje mocht." Har útspraken waarden troch in protte Republikeinen foar antysemitysk weiset. In oare kontroverse om Omar hinne ûntstie doe't se yn in taspraak foar de Council on American-Islamic Relations (CAIR) sei: "De CAIR waard nei 9/11 oprjochte om't men foar it ferstân hie dat guon lju wat útheefd hiene en dat wy allegear [as moslims] op it punt stiene om ús boargerrjochten te ferliezen." (Omar wie trouwens mis: de CAIR wie al yn 1994 oprjochte.) De omskriuwing "dat guon lju wat útheefd hiene" foar de terroristyske oanslaggen fan 9/11 skeat in protte lju yn it ferkearde kielsgat. De kranteThe New York Post printe op 11 april2019 op 'e foarside in foto ôf fan it brânendeWorld Trade Center, mei de kop "Kongreslid Omar: 9/11 wie 'Guon lju heefden wat út' – Hjir hast 'wat'... 2.877 minsken dea troch terrorisme". Op 12 apriltwittere presidint Donald Trump in oanpaste fideo wêryn't Omar har opmerking soarchfâldich fan 'e kontekst ûntdien wie, wylst syn soan Donald Trump jr. twittere: "Dat frommes moat har skamje." Ferskate Demokratyske kongresleden feroardielen it twitterberjocht fan 'e presidint, dat neffens harren geweld en haat oprôp.
By de ferkiezings fan 2020 moast Omar by de Demokratyske foarferkiezings fjouwer tsjinkandidaten ferslaan. De wichtichste dêrfan wie de mediator en abbekaat Antone Melton-Meaux, dy't in kampanjebedrach fan $3,2 miljoen gearbrocht, dat benammen ôfkomstich wie fan pro-Israelyske organisaasjes, wylst Omar it mei $500.000 dwaan moast. Ek de grutste krante fan Minnesota, The Star Tribune, stie efter Melton-Meaux, en fan gefolgen foarseine guon analysten in drege stimbusstriid. Omar wûn lykwols maklik, mei 57,4% fan 'e stimmen tsjin 39,2% foar Melton-Meaux. By de eigentlike ferkiezings fersloech Omar dêrnei ienfâldich har Republikeinske tsjinstanner Lacy Johnson.
By de ferkiezings fan 2022 fersloech Omar yn 'e Demokratyske foarferkiezings it eardere gemeenteriedslid fan MinneapolisDon Samuels mei in marzje fan minder as 2.500 stimmen. Yn 'e algemiene ferkiezings fersloech se dêrnei mei oermacht de Republikeinske kandidate Cicely Davis.