McGraw syn heit Tug spile yn 1966honkbal foar de Jacksonville Suns, en wenne yn Jacksonville yn in appartemint boppe dat fan 'e húshâlding D'Agostino. Betty D'Agostino gie doedestiden noch nei de middelbere skoalle, en doe't hja in relaasje mei Tug krige en swier rekke, waard hja troch har âldelju nei famylje yn Louisiana ta stjoerd om it bern te krijen. Tim McGraw waard troch syn memgrutbrocht yn it plakje Start (Louisiana). Hy droech de efternamme Smith en miende dat syn styfheit Horace Smith syn biologyske heit wie. Yn 1978 fûn er by tafal syn eigen bertebewiis doe't er yn in kast nei krystpresintsjes socht, wêrnei't syn mem him fertelde hoe't it echt siet. McGraw besocht doe kontakt te krijen mei syn biologyske heit, mar dy ûntstried sân jier lang dat McGraw syn soan wie, oant er him einlings en te'n lêsten erkende doe't er mei achttjin jier mearderjierrich waard. Neitiid ûntjoegen hja in nauwe bân en holden dy oant Tug McGraw yn 2004 kaam te ferstjerren.
Nei ferskate jierren yn Nashville omstipt te hawwen wylst er it neat te rom hie, loek McGraw yn 1990 de oandacht fan platemaatskippijCurb Records. Hy hie in demosingle makke dêr't syn heit Tug in kopy fan krigen hie, en Tug draaide dat nûmer wylst er mei in goekunde fan him út 'e plate-yndustry ûnderweis wie. In pear wiken letter mocht McGraw syn tape foar de platebazen by Curb ôfspylje, en dy beaen him op grûn dêrfan in kontrakt oan. Twa jier letter, yn 1992, hied er syn earste hitsje mei Welcome to the Club, in nûmer fan syn nei himsels neamde debútalbumTim McGraw.
Nei noch in pear oare lytse hitsjes brochten McGraw en Curb Records yn 1994 syn twadde album út, Not a Moment Too Soon ("Gjin Momint te Betiid"), in nuveraardich tapaslike titel foar de cd dêr't er mei trochbriek. De earste single fan dy plaat, Indian Outlaw, liet nochal wat stof opwaaie om't de liettekst delbûgend foar Yndianen oer wêze soe, en guon radiostasjons wegeren om it nûmer te draaien. De kontroverse joech McGraw lykwols bekendheid en die him dêrtroch mear goed as kwea. De twadde single fan Not a Moment Too Soon, mei as titel Don't Take the Girl, helle it earste plak op 'e countryhitlisten Hot Country Songs en Country Airplay, en brocht it sels ta it santjinde plak op 'e mainstreamhitlistBillboard Hot 100. De trêde single fan itselde album, Down on the Farm, helle oan 'e ein fan dat jier it twadde plak op 'e countryhitlisten, en yn 1995 behelle McGraw mei de fjirde single, de titelsongNot a Moment Too Soon, foar de twadde kear in earste plak.
All I Want wie McGraw syn trêde album, dat publisearre waard yn 1995, en daliks nei it earste plak Top Country Albums-list sprong. Der waarden mear as 2 miljoen eksimplaren fan ferkocht. De nûmers I Like It, I Love It en She Never Lets It Go to Her Heart wiene wer nûmer 1-hits, wylst trije oare lieten fan 'e cd yn 'e top 5 kamen. Yn 1996 gie McGraw op in toernee mei sjongster Faith Hill as syn iepeningsact. It bewuste toernee hiet The Spontaneous Combustion Tour ("It Spontane Untbrâningstoernee"), op 'e nij in tige tapaslike namme, want Hill en McGraw foelen as in blok foarinoar en krigen al mei gauwens in affêre. Hill briek har ferloving mei muzykprodusintScott Hendricks ôf, en doe't bliken die dat se yn ferwachting wie, trouden sy en McGraw op 6 oktober1996.
McGraw syn folgjende album wie Everywhere, dat yn 1997 wer boppe-oan yn Top Country Albums-list stie en dêr't 4 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. It duëtIt's Your Love, mei Hill, stie seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e hitlisten, wûn sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards, en waard nominearre foar 2 Grammys (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis). Oare topnûmers fan deselde cd wiene de titelsong Everywhere, Where the Green Grass Grows en Just to See You Smile, dat in rekôr fêstige troch 42 wiken lang yn 'e hitlisten hingjen te bliuwen. Mei syn fyfde album A Place in the Sun, út 1999, sette McGraw syn opmars fuort. Dy cd waarden sa'n 3 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en nûmers as Please Remember Me, Something Like That en My Best Friend dominearren wikenlang de countryhitlisten. Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren naam McGraw noch twa duëtten mei syn frou op, dy't allebeide diel útmakken fan albums fan har. Just to Hear You Say that You Love Me wûn ferskate prizen, mar it wie Let's Make Love dat McGraw syn earste Grammy besoarge.
Yn 2000 kaam McGraw syn earste kompilaasje-album út, titele Greatest Hits, dat njoggen wiken lang boppe-oan yn 'e albumlisten stie, en dêr't krapoan 6 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene. Dêrmei wie it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Datselde jiers rekken McGraw en kollega-sjonger Kenny Chesney op toernee yn Buffalo behelle yn in hângemien mei de plysje, nei't Chesney it yn 'e kop krige om in ritsje op in plysjehynder te meitsjen en de plysjes mienden dat er it hynderstelle woe. Doe't McGraw him dermei bemuoide, waarden beide sjongers arrestearre foar mishanneling, mar nei ûnderfreging sûnder oanklacht frijlitten. Under in konsert op it George Strait Country Music Festival, in pear wike letter, ferskynde Faith Hill oan 'e ein fan 'e jûn yn in plysje-unifoarm op it poadium om, ta hilariteit fan it publyk, in ferraste McGraw yn hânboeiens ôf te fieren.
McGraw syn sechsde album, Set This Circus Down, kaam út yn april2001, en omfette û.m. de hits Grown Men Don't Cry, Angry All the Time (in duët mei Faith Hill), The Cowboy in Me en Unbroken. Teffens song er yn datselde jier it duët Bring On the Rain, mei sjongster Jo Dee Messina, dat op it earste plak yn 'e hitlisten binnenkaam. Yn 2002 brocht McGraw it album Tim McGraw and the Dancehall Doctors út, dat er tsjin 'e gewoanten fan 'e countrymuzyk yn mei syn toerneeband de Dancehall Doctors opnommen hie. (Yn 'e Amerikaanske countrymuzyk is it wenst om albums op te nimmen mei saneamde sesjemuzikanten, en toernees ôf te wurkjen mei toerneebands, en dy beide net trochinoar te heljen.) McGraw woe mei dizze cd lykwols erkenning skinke oan 'e bydrage dy't syn fêste toerneeband oan syn súkses levere hat. It nûmer Real Good Man helle it earste plak en She's My Kind of Rain it twadde plak op 'e hitlisten.
Live Like You Were Dying wie McGraw syn achtste album, dat útkaam yn 2004. De titelsong Live Like You Were Dying, opdroegen oan McGraw syn biologyske heit Tug McGraw, dy't earder dat jiers oan in harsenstumorferstoarn wie, waard in grut súkses en wûn in Grammy Award en ferskate oare prizen. Oan 'e ein fan datselde jier hie McGraw noch in grutte hit mei Over and Over, in ûnwierskynlik duët mei hiphop-sjonger Nelly, dat tsien wiken lang boppe-oan 'e hitlisten stie. It wie McGraw syn earste oerstap nei in oar sjenre (dat fan 'e softrock-ballad), en wie ek yn it bûtenlân in grut súkses, dêr't it in nûmer 1-hit wie yn it Feriene Keninkryk en yn 'e top tsien stie yn Denemark, Dútslân, Eastenryk, Kanada, Roemeenje en Switserlân.
McGraw syn Soul2Soul II Tour fan 2006 waarden hast 1,1 miljoen kaartsjes foar ferkocht en brocht krapoan $89 miljoen yn 't laadsje, wat it ta it meast opbringende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk makke. Yn 2007 kaam der alwer in nij album fan McGraw út, Let It Go, wêrfan't de earste single, Last Dollar (Fly Away) op 'e nij in nûmer 1-hit wie, wylst If You're Reading This en it duët mei Faith Hill I Need You elts twa Grammy-nominaasjes yn 'e wacht sleepten. Yn dyselde snuorje wie McGraw ek aktyf as muzykprodusint, û.m. fan it duo Halfway to Hazard. McGraw syn tsiende studio-album, Southern Voice, waard útjûn yn oktober2009, mei as súksesfolste nûmer It's a Business Doing Pleasure with You. It folgjende album, Emotional Traffic, dat úteinlik yn 2012 útkaam, wie McGraw syn lêste album foar platelabel Curb Records, mei't der spul ûntstien wie oer de publikaasje (yn 2008) fan in trêde kompilaasje-cd sûnder McGraw syn tastimming. De deilisskip waard yn 'e rjochtseal útfochten doe't McGraw dêrnei net mear foar Curb wurkje woe en de platemaatskippij him oanklage foar kontraktbrek. Yn novimber2011 stelde de rjochter McGraw yn it gelyk.
Yn maaie2012 tekene McGraw in nij kontrakt mei Big Machine Records, dêr't er yn 2013 syn tolfde studio-album, Two Lanes of Freedom, útbrocht. Dat album omfieme û.o. Highway Don't Care, in duët mei Taylor Swift. Yn septimber2014 kaam McGraw syn twadde album by Big Machine út, mei as titel Sundown Heaven Town. De grutste hit dêrfan wie Shotgun Rider, dy't wer ris it earste plak op 'e countryhitlisten helle. In nij studio-album, McGraw syn fjirtjinde, ferskynde yn novimber2015, mei as titel Damn Country Music. Fan april2017 oant en mei maart2018 giene McGraw en Hill tegearre op toernee troch de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Ierlân. Underwilens kaam yn novimber2017 by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn febrewaris2020 kearde McGraw werom by Big Machine Records, dêr't er yn augustus fan dat jier syn sechstjinde studio-album útbrocht: Here on Earth. Hy soe dêrmei ek wer op toernee, mar dat gie net troch fanwegen de koroanafiruspandemy.
Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaanKatrina setten McGraw en Faith Hill harren persoanlik yn om foarrieden by de oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan Katrina gie. Letter dat jier rjochten McGraw en Hill de Neighbor's Keeper Foundation ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting") op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen. Dêrnjonken set McGraw him ek geregeldwei yn foar it Reade Krús, en mids 2010 organisearre er mei Hill in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.
Tim McGraw troude op 6 oktober1996 mei sjongsterFaith Hill. Hja hawwe trije dochters: Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Nei eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen. Se binne eigners fan Goat Cay, in lyts eilantsje yn 'e Bahama's dat se ûnoffisjeel omneamd hawwe ta L'Île d'Anges (Frânsk foar "it Eilân fan 'e Ingels"). Neffens de foto's dy't McGraw op it sosjaal mediumInstagram pleatst fan it ferbliuw fan syn gesin op dat eilân, liket er him dêr benammen dwaande te hâlden mei angelfiskjen.