De tolvejierrige Dre Parker en syn mem Sherry, in widdo, emigrearje út Detroit, yn 'e Feriene Steaten, nei Peking, yn Sina, dêr't Sherry hinne oerpleatst is troch it autofabryk wêrby't se wurket. Deselde middeis dat se arrivearje, giet Dre mei Harry, in oare Westerskejonge dy't yn itselde appartemintekompleks wennet, nei in park fuortby it flatgebou om basketbal te spyljen. Dre rekket dêr ûnder de tsjoen fan 'e fioeliste Meiying, in famke fan syn jierren dat ek belangstelling foar him hat. Cheng, in fjirtjinjierrige jonge waans famylje tige goed befreone is Meiying harres, nimt dêr oanstjit oan en wiist Meiying te plak. As Dre foar har opkomt, eskalearret de konfrontaasje binnen de koartste kearen ta slaanderij, wêrby't Cheng gebrûk makket fan syn kennis fan 'e fjochtsportkung fu om Dre in wan bruien te jaan.
De oare deis giet Dre foar it earst nei skoalle en ûntdekt er dat sawol Meiying as Cheng en syn maten op deselde skoalle sitte. Om't Meiying de iennichste is dy't er dêr ken, siket er har selskip op, wat ta nei represailles fan Cheng-en-dy liedt. Hja begjinne in ûnmeilydsume kampanje fan narjen tsjin Dre, oant dy it foar de moade kriget om him foar harren te ferskûljen. Nei in ekskurzje nei de Ferbeane Stêd treft Dre Cheng-en-dy yn in strjitte dêr't er lâns moat om thús te kommen. Wylst er efter in rige parkearreauto's lâns slûpt om ûnsjoen foarby te kommen, sjocht er in amer mei smoarch wetter stean dat fan 'e dakken rûn is. Gebrûk meitsjend fan in passearjende auto komt er Cheng en syn maten oer it mad en smyt er de amer wetter oer harren hinne om dêrnei hurd út te naaien.
Cheng-en-dy komme efter him oan en nei in lange efterfolging troch Peking komt Dre fuortby syn appartemintekompleks fêst te sitten yn in dearinnende strjitte. Dêr begjinne Cheng en de oaren him yninoar te slaan sa't er noch nea yninoar slein is, oant se tsjinholden wurde troch de konsjerzje fan it flatgebou, menear Han. Cheng-en-dy geane de man te liif, mar Han blykt in kung fu-master te wêzen, dy't harren agresje tsjin harsels brûkt en harren inoar yninoar slaan lit. Nei't de jonges úteinlik slûksturtsjend de ôftocht blaasd hawwe, behannelet menear Han de ferwûnings dy't Dre oprûn hat mei de âlde Sineeske genêswize fan fjoerkopjen. Hy fertelt Dre dat Cheng-en-dy yn 'e grûn gjin ferkearde jonges binne, mar dat se ferkearde dingen leard hawwe. Der besteane nammentlik gjin minne learlingen, allinne mar minne learmasters.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Dre freget menear Han om mei te gean nei master Li, de kung fu-master fan Cheng en syn maten, om dyselde te fregen om it near op it narjen te lizzen. Han fielt der earst net folle foar om him fierder mei de saak te bemuoien, mar jout úteinlik ta. Li wol lykwols neat witte fan it fredesoanbod; ynstee stelt er foar dat de jonges it hjir en no útfjochtsje yn syn dojo. Han docht in tsjinfoarstel: Dre sil meidwaan oan in oankommend kung fu-toernoai, wêrfan't Li in poster oan 't lewant hingjen hat. As er dêr Cheng en de oaren ferslacht, hâldt it narjen op, mar ek oan it toernoai ta, sil der net mear narre wurde. Li stimt dêrmei yn, mar heakket der de warskôging oan ta dat er syn learlingen net inkeld efter Dre, mar ek efter Han oan stjoere sil as Dre net opdaagjen komt op it toernoai.
Hoewol't it him net oanlokket, nimt menear Han neitiid syn ferantwurdlikheid troch ta te sizzen en lear Dre kung fu. De training begjint, ta Dre syn teloarstelling, mei it ophingjen fan syn jas, om dy dêrnei wer fan 'e kapstôk ôf te heljen, oan te dwaan, út te dwaan, oer de grûn te smiten, op te pakken en oan 'e kapstôk te hingjen, ensfh., oeren lang oant ferfelens ta. Troch eltse dei oeren efterinoar dyselde bewegings te meitsjen, traint Dre sûnder erch syn spierûnthâld foar de basisbewegings fan kung fu. Letter nimt Han Dre mei yn 'e trein nei in taoïstysketimpel yn it Wudangberchtme, dêr't er him boarnewetterdrinke lit út in hilligewelle op in berchtop. Yn 'e timpel sjocht Han in kung fu-masteresse dy't mei in kobra 'dûnset', troch sekuer de bewegings fan it bist nei te bearen. As er dêr wat oer seit tsjin menear Han, leit dy him lykwols út dat er net goed sjoen hat: de frou beart de kobra net nei, mar de kobra de frou. Dat berikt se troch folslein stil te wêzen, sadat it bist har as in spegel sjocht.
Nei wiken fan training, dy't no ek krêfttraining, skoppen en ôfwarren omfiemet, jout menear Han Dre in dei frij. Dre brûkt de ûnferwachtse frije tiid troch Meiying op te sykjen, mei wa't er wilens min ofte mear ferkearing krigen hat. Hoewol't se eins oefenje moat mei de fioele, mei't se de oare deis audysje dwaan moat foar it konservatoarium, bepraat Dre har om ynstee mei him te skoaltsjeskûljen. Se geane de stêd yn en hawwe in protte wille, oant Meying har heit har opskillet op har mobile tillefoan mei it boadskip dat har audysje ferset is nei hjoed en de fraach wêr't se yn 'e frede úthinget. Meiying wurdt troch har heit en mem mei de auto ophelle en mei tûzen hasten nei skoalle riden foar de audysje. Dre draaft de hiele stêd troch en arrivearret noch op 'e tiid om it lêste stikje fan har audysje by te wenjen. Neitiid twinge Meying har âlden har om tsjin Dre te sizzen dat se net mear mei-inoar omgean kinne om't hy in minne ynfloed op har is.
Alhiel ferbûke giet Dre op hûs oan, dêr't er leven út it appartemint fan menear Han kommen heart. As er sjocht wat der te rêden is, blykt dat Han de auto, dy't er mei safolle muoite krekt sa moai opknapt hie, hielendal oan grôt slacht. De dronken Han leit de feralterearre jonge út dat it deselde auto is dêr't syn frou en tsienjierrige soan in tal jierren lyn yn ferûngelokke binne. Elts jier knapt er de auto hielendal op, om him dan op 'e dei fan it ûngemak wer folslein te ferrinnewearjen. Dat is Han syn manear om mei it ferlies fan wiif en bern om te gean. De ôfwizing troch Meiying en de hertferskuorrende oanblik fan 'e dronken Han ynspirearje Dre om noch hurder te trainen as er al die. Inkele wiken letter freget er Han om help by it skriuwen en opsizzen fan in ûntskuldiging yn it Mandarynsk, dêr't er mei nei Meiying har hûs giet om har heit ta te sprekken. Dyselde wurdearret de skuldbewustens fan Dre en syn besykjen om it goed te meitsjen. Hy ûnthjit dat Meiying op it kung fu-toernoai oanwêzich wêze sil om Dre oan te moedigjen.
Op it kung fu-toernoai sit Dre syn mem sadwaande mei Meiying en har heit yn it publyk. Dre, dy't it oan selsfertrouwen ûntbrekt, hat der yn 't earstoan klauwen oan om syn tsjinstanners te belykjen. Nei't er syn earste oerwinning behelle hat, giet it lykwols better en begjint er him in paad nei de finale te klearjen. Cheng docht itselde, mar op in folle gewelddiediger manear. Nei't Dre ferskate learlingen fan master Li ferslein hat, jout Li opdracht oan Liang, dy't yn 'e heale finale tsjin Dre útkomt, om Dre te ferwûnjen. Mei tsjinnichheid docht Liang wat him sein is en bringt Dre in rige hurde slaggen op itselde plak op syn skonk ta. Dat resultearret yn 'e diskwalifikaasje fan Liang, wylst Dre nei de klaaikeamers ôffierd wurdt om ûndersocht te wurden troch in dokter. Dy stelt fêst dat de ferwûning sa slim is dat er him earfol út it toernoai weromlûke kin. Mei't Cheng, dy't de oare heale finale wûn hat, dan automatysk kampioen wurde soe, is Dre noch net ree om op te jaan. Hy bepraat menear Han om troch fjoerkopjen syn skonk safierhinne te genêzen dat er fierder kin.
De finale skuort hinne en wer wylst noris Cheng en dan wer Dre de oerhân hat. By in time-out oarderet master Li Cheng om Dre syn skonk te brekken. Dêrop skopt Cheng Dre nochris op itselde plak dêr't Liang him al gnjirde hie. Dre klaut lykwols wer oerein. Op dat stuit hawwe beide dielnimmers twa punten en binne sadwaande noch mar in punt fan 'e oerwinning ôf. Dre besiket de technyk fan 'e frou mei de kobra nei te bearen, dy't er by it besyk oan 'e timpel sjoen hat, troch folslein stil te wêzen. Cheng rekket yn betizing om er net begrypt wat Dre docht, mar hy nimt in oanrin om Dre út te skeakeljen. Dre docht in salto en skopt, wylst er ûnderstboppest hinget, Cheng tsjin 'e holle oan. Cheng knoffelet del en Dre behellet it winnende punt. Dêrmei hat er net inkeld it toernoai wûn, mar ek it respekt fan Cheng en syn maten. Cheng freget de skiedsrjochter oft hy Dre de trofee útrikke mei, wat tastien wurdt. Neitiid bûge Cheng-en-dy foar menear Han, wêrmei't se him, ta konsternaasje fan master Li, as harren nije learaar oannimme. Dre en menear Han ferlitte tegearre de seal.
Fan 'e filmkritisy krige The Karate Kid oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren en neamde it "in prachtich en knaphandich makke ferhaal dat op eigen fuotten stean kin." Claudia Puig fan 'e kranteUSA Today en Owen Gleiberman fan it tydskriftEntertainment Weekly parten de film allebeide in 8 ta op in skaal fan 1 oant 10. Simon Abrams joech The Karate Kid yn Slant Magazine lykwols mar 11/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De personaazjes binne gewoan net âld genôch om oertsjûgjend oer te kommen yn harren troch hormoanen oandreaune ferlet om harsels te bewizen".
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Karate Kid in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 210 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mooglik dat er net likefolle ynhouten hat as de edysje út 1984, mar The Karate Kid út 2010 leveret in ferrassend befredigjende update fan it orizjineel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Karate Kid in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 37 resinsjes.
Koart nei't The Karate Kid útkommen wie, waard bekendmakke dat der in ferfolchfilm yn produksje nommen wie. Dêryn soene Jackie Chan, Jaden Smith en Taraji P. Henson yn deselde rollen weromkeare. It projekt kaam lykwols fêst te sitten yn 'e preproduksjefaze. Yn oktober2017 sei Chan dat de reden dêrfoar wie dat it senario net goed genôch wie. Anno 2022 is de ferfolchfilm noch altyd net makke.