Kevin Wendell Crumb is in man fan om 'e tritich hinne yn Philadelphia, dy't wrakselet mei in dissosjative identiteitssteuring (yn 'e folksmûle: in spjalten persoanlikheid). Dy krupsje komt fuort út in ferline fan bernemishanneling en bernemisbrûk troch syn mem Penelope. Hy libbet no mei 23 ûnderskate persoanlikheden. De dominantste, Barry, in fleurige, sêftmoedige moadeûntwerper, behearsket wa fan 'e oaren oft "it ljocht nimme" mei, d.w.s. wa't de kontrôle oernimme mei oer it lichem fan Crumb. Barry is de iennichste dy't nei beleavjen dy kontrôle weromnimme kin. Mei help fan 'e âldere psychologe Karen Fletcher hat Crumb (eins foar it meastepart Barry) wurk fûn by in net neier oantsjut bedriuw en giet it al ferskate jierren goed mei him/harren.
De boel komt lykwols fan 'e rails wannear't it bedriuw dêr't Barry wurket, it doel wurdt fan in útstapke fan 'e heechste klasse fan in middelbere skoalle. Wannear't se oer Barry syn psychologyske swierrichheden hearre, helje in pear skoalfamkes fan in jier as santjin in wrede grap mei him út troch elts ien fan syn hannen te pakken en dy ûnder harren truikes op harren boarsten te lizzen, om dan lûd geiend fan it laitsjen fuort te draven. Barry is dêr raar fan gesteld, mei't it foar him it seksueel misbrûk út it ferline wer boppe hellet. Troch Barry syn ynstabiliteit kriget ien fan 'e oare persoanlikheden, Hedwig, nettsjinsteande de famkesnamme in jonge fan njoggen, ek it fermogen om te behearskjen wa't it ljocht nimme kin, en wol op sa'n manear dat Barry dêr sels neat fan merkt.
Twa persoanlikheden meie fan Barry nea it ljocht nimme. Dat binne Dennis en Patricia, dy't der opfettings en foarkarren op nei hâlde dy't Barry as in negative ynfloed op Kevin Wendell Crumb as gehiel beskôget. Yn it gefal fan 'e tige sekuere en oan smetfrees lijende Dennis giet it om in ûnfertúnlike foarleafde om minderjierrigeteenagefamkesneakendûnsje te litten. Patricia, in dame út 'e hegerein, leaut yn it bestean fan in 24ste persoanlikheid, in mysterieuze entiteit dy't se "it Bist" neamt. It Bist sil neffens Patricia de wrâld suverje fan 'e ûnreinen, te witten: dyjingen dy't nea lijen te ferduorjen hân hawwe. Se hat Dennis witten te oertsjûgjen fan har gelyk, en wannear't Hedwig it fermogen kriget om te bepalen wa't it ljocht nimme mei, witte se tegearre it naïve jonkje oan harren kant te krijen. Dokter Fletcher merkt dat it Barry net is mei wa't se no by de terapypetearen praat, en se fermoedet dat it Dennis is dy't him foardocht as Barry.
Dokter Fletcher sit yn noed oer wat der mei Crumb oan 'e hân is, mar se hat alhiel net foar it ferstân hoefier't it spul al út 'e hân rûn is. Want Dennis ûntfiert, dêrta oanset troch Patricia, trije skoalfamkes fan in jier as santjin. De famkes, Claire, Marcia en Casey, sitte yn 'e auto fan Claire har heit te wachtsjen oant er harren nei hûs ride sil nei Claire har jierdeisfeest yn in restaurant. Dennis skeakelet de heit út, giet efter it stjoer sitten en bedwelmet de famkes mei guod út in spuitbus dat er harren yn it gesicht spuitet. Dêrnei nimt er de famkes mei nei it wurkplak fan Crumb, dêr't er harren yn in dwaaltún fan leechsteande kelders en ûndergrûnske gongen opslút.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Claire en Marcia binne inoars bêste freondinnen. Casey heart eins net ta it freonegroepke om't se har der nea by jout, mar om't Claire alle famkes út har klasse útnûge hie, fûn se it net kinnen om Casey oer te slaan. De famkes wurde yn 't earstoan mei syn trijen yn ien grutte sel opsletten. Dennis nimt Marcia mei om neaken foar him te dûnsjen, mar dat kriget gjin ferfolch mei't de dominantere Patricia yngrypt en Dennis twingt om syn ûntskuldigings oan te bieden. Patricia druit him goed yn dat er fan it "hillich fiedsel" ôfbliuwe moat. Claire, dy't in natuerlike liedster is, nimt it foartou by it sykjen nei in manear om te ûntsnappen, mar it is Casey dy't lang om let foar it ferstân kriget dat se fêstholden wurde troch in man mei in spjalten persoanlikheid.
Troch Hedwig út te kloarkjen ûntdekke de fammen dat de nije gipsplaten yn 'e selwand in útwei ferbergje. Se fine in fentilaasjekanaal, dêr't Claire troch besiket te ûntkommen, mar se wit gjin útwei út 'e tizeboel fan gongen en romten te finen en wurdt úteinlings wer finzen nommen en apart fan 'e oaren opsletten yn in berchromte. Wannear't Casey en Marcia letter troch Patricia meinommen wurde om yn 'e koken te iten, slacht Marcia Patricia del mei in stoel en naait dan út, mar ek sy wurdt wer fongen en yn in oare berchromte opsletten. Casey bliuwt allinnich efter yn 'e oarspronklike sel, dêr't Dennis in houten plaat oer it fentilaasjekanaal hinne skroeve hat. Se besiket Hedwig te manipulearjen en kriget in walkie-talkie yn 'e hannen. It slagget har sels om immen op te roppen, mar dy persoan is derfan oertsjûge dat der in flauwe grap mei him úthelle wurdt en wegeret nei har te harkjen wannear't se him besiket te fertellen dat se ûntfierd is en yn in ûndergrûnske romte fêstholden wurdt.
It hiele skoft dat se finzen holden wurdt, wrakselet Casey mei flashbacks nei it ferline, oer dy kear doe't se fiif jier wie en se mei har heit en har omke John foar in meardeiske tocht op jacht gie yn it wâld. Wylst har heit noch sliepte, lokke omke John har ier op 'e moarn mei by it kampearplak wei en misbrûkte har. Net folle letter kaam har heit te ferstjerren oan in hertoanfal, mei't in swak hert in famyljekwaal wie. Casey, dy't dêrtroch wees waard om't se al earder har mem ferlern hie, waard troch de autoriteiten oerdroegen oan omke John om grut te bringen, wat foar har in libben fan oanhâldend misbrûk betsjutte. De reden foar Casey har ôfhâldichheid, swierrichheden op skoalle en gebrek oan freonen komt alsa oan it ljocht.
Underwilens wit dokter Fletcher by ien fan harren petearen Dennis safier te krijen dat er tajout wa't er is. Se befreget him oer it Bist, dat er nei eigen sizzen noch nea met hat. Fletcher besiket him derfan te oertsjûgjen dat dat ek net barre sil, om't it Bist net echt bestiet. Wannear't ien of mear fan 'e oare persoanlikheden temûk it ljocht witte te nimmen en tsientallen mailtsjes om help nei dokter Fletcher stjoere, giet sy jûns nei tsjuster by Dennis oan, fan wa't se wit dat er omhúsmannet yn it yn ûnbrûk rekke kelderkompleks fan syn wurk. Se treft him dêr, wêrnei't er har fertelt dat er kontakt makke hat mei it Bist. Dokter Fletcher fynt syn ferhaal soarchwekkend, mar se beart dat se it hielendal mei him iens is. Under it mom fan dat se eefkes nei it húske moat, giet se yn it kelderkompleks op ferkenning út en ûntdekt se Claire yn in ôfskoattele berchromte. Op dat stuit kriget Fletcher foar it ferstân dat de hiele boel al folle fierder ûntspoard is as se tocht hie, mar foar't se wat dwaan kin, wurdt se oermastere troch Dennis, dy't har bedwelmet.
Sels set Dennis neitiid nei it spoarstasjon ta. Dêr oankommen giet er in lege trein binnen, dêr't it Bist foar it earst it ljocht nimt. Dizze 24ste persoanlikheid is grutter fan stal en folle spiersterker as de oaren en fertoant dierlike skaaimerken. Dravendeweis giet er werom nei it kelderkompleks, dêr't dokter Fletcher yn 'e tuskentiid heal by besleur kommen is. It minske klaut op hannen en knibbels nei in tafel ta en kwattelet wat op in bryfke foar't it Bist har oankrûpt. Hy betanket har foar al har help en knypt har dan dea. Underwilens hat Casey de doar fan 'e sel iepen witten te brekken, mar dy liedt inkeld nei in oar fertrek wêrfan't de doar ek op 't slot sit. Der stiet wol in kompjûter, en as se dy opstart, fynt se deiboekfideo's fan alle persoanlikheden fan har ûntfierder. Se liket dêr neat oan te hawwen, oant se sjocht hoe't Barry oan 'e ein fan ien fan 'e fideo's in kaaibosk fan 'e kapstôk oan 'e foaroerlizzende wand pakt dy't ûnder syn mûtse ferburgen hinget. Se skuort de mûtse oan 'e kant en fynt yndie de kaaien, wêrmei't se út it fertrek komme kin.
Casey hastiget har nei de berchromten dêr't de oare fammen opsletten binne, mar se treft Marcia dea en oanfretten oan. By Claire is se krekt op 'e tiid om te sjen hoe't it Bist har deamakket en begjint op te fretten. Casey naait út, mar it Bist sit har al rillegau op 'e hakken. Yn Barry syn wenkeamer kin se net fierder, mar foar't it Bist har deameitsje kin, fynt se it bryfke fan dokter Fletcher, dêr't op stiet dat se de folsleine namme fan har ûntfierder útsprekke moat: Kevin Wendell Crumb. Casey docht dat en ropt dêrmei Kevin, de oarspronklike persoanlikheid, nei foarren ta. Wannear't Kevin foar it ferstân kriget dat er mear as twa jier gjin kontrôle oer syn eigen lichem hân hat en dat ien fan syn persoanlikheden boppedat dokter Fletcher en twa famkes deamakke hat, fertelt er Casey wêr't er in jachtgewear en byhearrende munysje ferstoppe hat. Hy wol dat sy it fjoerwapen brûkt om him dea te sjitten. Dat bringt alle fjouwerentweintich alternative persoanlikheden derta en fjochtsje om kontrôle oer syn lichem. Uteinlings komt Patricia as de winner út 'e bus. Hja fertelt Casey dat Kevin no fier fuort sliept en har net mear hearre kin, sels al soe se syn folsleine namme wer útroppe.
Casey hat ûnderwilens it jachtgewear opsocht. Wannear't Patricia de kontrôle wer oerdraacht oan it Bist, pykt Casey mei har wapen út, de gongen yn. Se flechtet in hiel ein en wurdt in kear yn har kûtbiten troch it Bist, mar wit him fierders mei it jachtgewear fan har ôf te hâlden. Op 't langelêst rint de rûte dy't se keazen hat lykwols dea yn in romte mei ferskate roastigekoaien. Casey slút harsels yn ien dêrfan op. As it Bist mei syn boppeminsklike krêft de traaljes útinoar lûkt sadat er by har komme kin, sjit se him twaris fan deunby yn it boarst foar't har munysje op is. Sa't Patricia en Dennis lykwols al sein hiene, is de hûd fan it Bist folle tsjûker as dy fan gewoane minsken, wat betsjut dat de hagel der net trochhinne komt. No't se warleas is, sil er har krekt as de oare beide famkes fersline, mar op har wylde flecht is Casey har truike kwytrekke, sadat se oan har boppeliif inkeld noch in beha draacht. Dêrtroch binne de withoefolle groeden op har búk en skouders bleatkommen, dy't har omke John har by syn jierrenlange misbrûk tabrocht hat. As it Bist dat bewiis fan har lijen sjocht, ferklearret er dat se "rein" is. Hy lit har dêrnei gewurde en jout him ôf.
Letter wurdt Casey yn har koai fûn troch in dieretúnoppasser dy't in stil plakje siket om eefkes in sigaretop te stekken. It docht bliken dat se al dy tiid finzen holden is yn it kelderkompleks fan 'e Philadelphia Zoo. De plysje wurdt derby helle en de stoflike omskotten fan dokter Fletcher, Claire en Marcia wurde oantroffen. Casey wurdt medysk behannele en sit letter allinnich efteryn in plysje-auto as in froulike plysje har ferteld dat har fâd, omke John, der is om har mei nei hûs te nimmen. Casey wifket, mar oft se weromgiet nei har eardere aaklike bestean, of dat se it misbrûk oan it ljocht bringt, wurdt iepenlitten.
Underwilens beprate Dennis, Patricia en Hedwig yn in skûlplak de krêften fan it Bist en harren plannen om 'e wrâld te feroarjen. Yn in kafetaria sjogge de iters nei in nijsferslach oer de ûntknoping fan 'e ûntfieringssaak, wêryn't sein wurdt dat de sensaasjeparse al in bynamme betocht hat foar de dieder, Kevin Wendell Crumb. Dy bynamme is "De Kliber", omreden fan alle ûnderskate persoanlikheden dy't er hat. In servearster merkt de oerienkomsten op mei dy geastlik steurde fint yn 'e rolstoel, dy't se fyftjin jier earder opburgen hawwe. Dy hiene se ek in aparte bynamme jûn, wat wie dat ek al wer? David Dunn, ien fan 'e iters dy't oan 'e tooch sit, antwurdet: "Mr. Glass."
Rolferdieling
haadrollen
personaazje
akteur/aktrise
Kevin Wendell Crumb Dennis Patricia Hedwig Barry Orwell Jade it Bist
De opnamen foar Split setten op 11 novimber2015 útein op lokaasje yn Philadelphia. Reshoots fûnen plak yn juny2016. De haadrol fan Kevin Wendell Crumb soe oarspronklik spile wurde troch Joaquin Phoenix, mar dy waard yn oktober2015, in moanne foar't de opnamen begûnen, ferfongen troch James McAvoy. De cameo fan Bruce Willis as David Dunn, hielendal oan 'e ein fan 'e film, is de iennichste bân fan Split mei Unbreakable, it earste diel fan 'e Eastrail 177 Trilogy. Shyamalan frege tastimming oan 'e Walt Disney Studios, dy't de rjochten op it personaazje fan David Dunn hiene, om it yn Split brûke te meien. Hy hie datoangeande in moeting mei Sean Bailey, in liedingjaande fan Disney, mei wa't er ta in heare-akkoart kaam: Shyamalan mocht fergees it personaazje fan David Dunn yn Split ynkorporearje, en Disney soe belutsen wurde by it meitsjen fan in ferfolch op Unbreakable en Split (dat waard Glass, út 2019).
Fan 'e filmkritisy krige Split oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Christy Lemire fan 'e websideRogerEbert.com de film 3 fan 4 stjerren. Hja omskreau Split as in "weromkear yn 'e goede foarm" en "in opwinend tebinnenbringen fan it technyske masterskip" fan M. Night Shyamalan en "in leafdefolle hommaazje oan Alfred Hitchcock" mei, lykas altyd, in eigen ferskining [fan 'e regisseur] yn in cameo." Yn 'e BritskekranteThe Guardian parte Jordan Hoffman de film 4 fan 5 stjerren ta. Hy omskreau Split as in "masterlike ferminging fan Hitchcock, horror en in terapysesje".
Kate Muir fan The Times joech de film 3 fan 5 stjerren. Hja skreau dat it senario "fol plotgatten" siet, mar dat "McAvoy syn freugdefolle en driigjend sljochtsinnige optreden de measten dêrfan fertsjustermoannet". Yn it tydskriftThe New Yorker moast Anthony Lane hielendal net folle fan 'e film hawwe. Hy kwalifisearre Split as "in âlderwetske eksploitaasjefilm – ûnderdiel fan in útput en fernederjend sjenre dat sels M. Night Shyamalan […] net behimmelje kin."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Split in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 312 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] tsjinnet as in dramatyske poepetoer foar James McAvoy yn ferskate rollen, wylst senarist-regisseur M Night Shyamalan op daverjende wize weromkeart nei it skrillersjenre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Split in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 47 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Split brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$138,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $140,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $278,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $9 miljoen betsjut dat in winst fan $269,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Split in ynvestearring mei in opbringst fan mear as 2.000%, sadat it yn ferhâlding de meast winstjaande film fan 2017 wie.