Slach oan de Rosebud

Slach oan de Rosebud
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: 17 juny 1876
plak: oan 'e rivier de 
útkomst: de Amerikaanske opmars ta stean brocht
troch de Lakota en Noardlike Sjajinnen
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Feriene Steaten
Krieën
Sjosjoanen
befelhawwers
Mâl Hynder George Crook
Mannich Kûp (Krieën)
Washakie (Sjosjoanen)
sterkte
±1.000   993 militêren
±100 boargers
  175 Krieën
    86 Sjosjoanen
ferliezen
13-36 deaden
63-100 ferwûnen
14-28 deaden (F.S.)
  1-5 deaden (Krieën)
  1-8 deaden (Sjosjoanen)
43-46 ferwûnen (F.S.)
kaart
Slach oan de Rosebud (Montana)
Slach oan de Rosebud
Lokaasje fan 'e Slach oan 'e Rosebud yn 'e Amerikaanske steat Montana.

De Slach oan de Rosebud wie in fjildslach út 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op 17 juny 1876, oan 'e rivier de Rosebud, yn it hjoeddeiske Bighorn County yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hjirby focht in troepemacht fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook, mei stipe fan 'e Krieën en de Sjosjoanen, tsjin in Yndiaanske koälysje besteande út 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, oanfierd troch it Oglala-opperhaad Mâl Hynder. De Sjajinnen neamden dit treffen letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Hoewol't Crook nei ôfrin bearde dat er de Yndianen ferslein hie, wie syn opmars ta stean brocht, en moast er wachtsje op fersterkings oant er fierder koe.

Foarskiednis

Spannings tusken lânseigen Yndiaanske folken en de almar opkringende stream fan blanke kolonisten soargen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kear op kear foar oarloch op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Dakota's, Wyoming en Montana waard dêrby troch de Feriene Steaten fral fochten mei de Lakota, it westlike diel fan 'e Grutte Sû Naasje, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Nei de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) folge der in perioade fan relative frede, mar doe't der yn 1874 by de Ekspedysje nei de Black Hills goud fûn waard, wie in nije oarloch ûntsjinkearber.

De Black Hills foarmen ûnderdiel fan it Grutte Sû Reservaat dat de Lakota en harren neie sibben, de Westlike Dakota, yn 1868 by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie tawiisd wie. Boppedat wiene dy heuvels foar de Lakota hillich, en soene se der nea frijwillich ôfstân fan dwaan. De ûntdekking fan goud dêre brocht in tastream fan goudsikers op gong ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills, en doe't it Amerikaanske regear, yn striid mei it Ferdrach fan Fort Laramie, wegere om sokken tsjin te hâlden as se Yndiaansk lân binnenkringe woene, besleaten de Lakota om eigenhandich harren rjochten te beskermjen. Lulkens ûnder de Amerikaanske befolking oer de dea fan guon goudsikers en de frij algemien oanhongen miening dat it Amerikaanske regear de Black Hills oan 'e Lakota ûntnaderje moast, laten úteinlik ta it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Brigadegeneraal George Crook.

Under de simmerkampanje fan 1876 waard de Yndianen fan trije ferskillende kanten troch de Amerikanen oanfallen, mei as doel om harren yn te sluten. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't op 30 maart ôfset wie út Fort Ellis mei 6 kompanjyen fan it 7e Ynfanteryrezjimint en 4 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. Ut it easten wei kaam brigadegeneraal Alfred Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, dy't op 17 maaie ôfset wie en bestie út 2 kompanjyen fan it 17e Ynfanteryrezjimint, it Gatling-mitrailleurdetasjemint fan it 20e Ynfanteryrezjimint en de 12 kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. En út it suden teach op 29 maaie brigadegeneraal George Crook op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman.

Opmars fan Crook

De troepemacht fan Crook bestie út 10 kompanjyen fan it 3e Kavaleryrezjimint (A, B, C, D, E, F, G, I, L en M); 5 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint (A, B, D, E en I); 2 kompanjyen fan it 4e Ynfanteryrezjimint (D en F); en 3 kompanjyen fan it 9e Ynfanteryrezjimint (C, G en H). Yn totaal kaam dat del op 993 man kavalery en ynfantery; de ynfanteristen ferpleatsten har foar de mobiliteit op mûldieren. Fierders hie Crook 197 fuorlju en lieders fan pakezels by him, wêrûnder de ferneamde Calamity Jane, yn 'e momkape fan in man. Teffens wiene der 65 bewapene goudsikers út Montana, 3 blanke ferkenners, wêrûnder de bekende frontiersman Frank Grouard, en 5 sjoernalisten, wêrûnder Robert Edmund Strahorn en John F. Finerty. Oan 'e rivier de Tongue joegen har op 14 juny 175 Krieën ûnder Mannich Kûp en 86 Sjosjoanen ûnder Washakie by de kolonne. Dat wiene Yndianen dy't fan âlds fijannen wiene fan 'e Lakota, Sjajinnen en Arapaho, en dy't mei gragens de kâns oangriepen om mei te fjochtsjen. Crook, dy't syn reputaasje makke hie troch "Yndianen te brûken om Yndianen derûnder te krijen", soarge derfoar dat de Krieën en Sjosjoanen goed bewapene wiene.

Tsjin dy tiid wiene de earste skotten yn it konflikt al lost, want it Lakota-opperhaad Mâl Hynder hie Crook yn 't foar warskôge dat er tsjin him fjochtsje soe as Crook de Tongue oerstiek, en nei't de generaal op 8 juny dochs de rivier oerstutsen wie, beskeaten de Yndianen op 9 juny út 'e fierte wei syn kamp, wêrby't twa soldaten ferwûne rekken. Op 16 juny liet Crook syn bagaazjetrein ûnder beskerming fan likernôch 200 bewapene boargers efter, en teach er mei de Krieën en Sjosjoanen yn 'e foarhoede op yn 'e rjochting fan 'e boarne fan 'e rivier de Rosebud. Al syn soldaten droegen rantsoenen foar fjouwer dagen en 100 patroanen by har.

In skets út 1934 fan Mâl Hynder, dy't makke waard troch in mormoanske sindeling nei in petear mei Mâl Hynder syn suster. Hja sei dat it in goede likenis wie.

Crook wie fan doel en kom de Yndianen stilwei oer it mad, mar dat plan rûn averij op doe't de Krieën en Sjosjoanen in keppel bizons tsjinkamen en ferskate bisten skeaten om op te iten. Likegoed gie Crook derfan út dat er rillegau in Yndiaansk kamp oan 'e Rosebud fine soe, mar yn wurklikheid lei it tichtstbye kamp oan 'e Ash Creek, mear nei it westen ta. De generaal ûnderskatte boppedat de wisberettens fan 'e Yndianen, mei't er neat mear ferwachte as de gewoanlike guerrilja-taktiken fan mûklagen en fan it dwaan fan flugge oanfallen folge troch like fluch útnaaien. Mar yn 'e midden fan 'e nacht fan 16 op 17 juny sette Mâl Hynder mei in macht fan hast 1.000 krigers ôf út it doarp oan Ash Creek om mei de soldaten yn 'e krite fan 'e Rosebud ôf te weven. Hja rieden de hiele nacht troch, lieten har hynders doe in pear oeren rêste en giene doe wer fierder. Op 'e moarn fan 17 juny, om likernôch 8.30 oere, makken se kontakt mei de troepen fan Crook.

De Slach oan de Rosebud

Tsjin 17 juny wie it moreel fan 'e Amerikaanske troepen, dat earder tige heech west hie, wat bekommen. De soldaten, yn 't bysûnder de ynfanteristen, dy't op mûldieren rieden en dat net wend wiene, hiene goed har nocht nei de 56 km dy't se de deis tefoaren ôflein hiene. Op 'e santjinde begûn de dei ek alwer ier, mei in appèl om 3.00 oere moarns. Dêrnei waard fluch-fluch iten en doe gie de legermacht wer op 'en paad. Omtrint 8.00 moarns hold Crook stil om syn manskippen en bisten in hoart útrêste te litten. Hoewol't er him djip yn fijannich gebiet befûn, naam er alhiel gjin maatregels ta ferdigening. Syn troepen lieten har yn marsfolchoarder delploffe op it plak dêr't se wiene doe't har ferteld waard dat se even lins nimme mochten. Inkeld de Krieën en Sjosjoanen bleaune alert. Om 8.15 oere hinne klonk der gewearfjoer fan 'e kliffen yn it noarden ôf, dêr't de Krieën en Sjosjoanen posysjes ynnommen hiene, mar de Amerikanen giene der earst fanút dat de Yndianen wer op bizonjacht wiene. Neigeraden dat it gewearfjoer tanaam, hastigen har twa Krieën by de troepen lâns, roppend: "Lakota, Lakota!"

Mannich Kûp, dy't ûnder de Slach oan 'e Rosebud de Krieën oanfierde.

Tsjin 8.30 oere wiene de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho yn in fûleindich gefjocht ferwikkele mei de Krieën en Sjosjoanen dy't har op 'e kliffen benoarden de haadmacht fan Crook befûnen. Mei't se fier yn 'e minderheid wiene, loeken de Krieën en Sjosjoanen har fjochtsjendewei werom nei harren Amerikaanske bûnsgenoaten, mar troch harren warskôgings en fertragingstaktiken krige Crook de kâns om syn troepen op te stellen. De fjildslach dy't dêrnei begûn, duorre sa'n seis oeren en bestie út in tal ûngearhingjende aksjes en oanfallen en tsjinoanfallen troch Crook en Mâl Hynder, wêrby't harren legermachten ferspraat fochten oer in front dat hast 4,5 km breed wie. De Lakota en Noardlike Sjajinnen ferdielden har yn in stikmannich ûnderskate troepen, en neigeraden dat de slach oanduorre, rekken de soldaten ek yn ferskate kommando's ferdield. De soldaten koene de oanfallen fan 'e Yndianen ôfslaan en harren tebekkringe, mar it slagge harren nea om 'e wetterflugge krigers klem te setten en te ferdylgjen.

Yn 't earstoan oardere Crook syn troepen om it heger leine terrein oan 'e noard- en súdkant fan 'e Rosebud te besetten. kaptein Frederick Van Vliet krige opdracht om mei twa kompanjyen fan 'e 3e Kavalery de hege kliffen oan 'e súdkant fan 'e rivier yn te nimmen en te ferdigenjen, om sa foar te kommen dat de Amerikaanske haadmacht yn 'e rêch oanfallen wurde koe. Noardkant de rivier stjoerde Crooke majoar Alexander Chambers mei twa kompanjyen fan 'e 4e Ynfantery en trije fan 'e 9e Ynfantery en kaptein Henry E. Noyes mei trije kompanjyen fan 'e 2e Kavalery om te foet in skermutselingliny te foarmjen en op te tsjen tsjin 'e Lakota. Harren fuortgong wie lykwols stadich, fanwegen it flankearjende fjoer dat de Yndianen op harren delreine litte koene fan 'e kliffen yn it noardeasten ôf.

Washakie, dy't ûnder de Slach oan 'e Rosebud de Sjosjoanen oanfierde.

Om 'e oanfal fan syn troepen makliker te meitsjen, befelle Crook kaptein Anson Mills om mei seis kompanjyen fan 'e 3e Kavalery op 'e Lakota yn te riden. De Yndianen wykten tebek foar de sjarzje fan Mills en syn mannen, en hja loeken har werom by de heuvelrêch lâns. Mills wergroepearre gau-gau trije fan syn kompanjyen en die in nije kavalery-oanfal, wêrmei't er de Yndianen fierder nei it noardwesten ta dreau. Doe't er syn troepen tarette op in trêde oanfal, ûntfong er oarders fan Crook om stil te hâlden en in definsive posysje yn te nimmen; Crook wie bang dat Mills him troch de Yndianen te fier fuortlokje en yn in mûklaach liede litte soe. Underwilens laten Chambers en Noyes harren ynfantery nei foarren ta en joegen har dêrmei in pear minuten letter by Mills op 'e heuvelrêch. Hja waarden folge troch Crook mei syn reservetroepen en de bewapene boargers, dy't om likernôch 9.30 oere it Amerikaanske haadkertier ynrjochten op in heuvel dy't neitiid Crook Hill kaam te hjitten.

Under ien fan 'e oanfallen fan Mills die him in foarfal foar wêrby't in Sjajinske haadman, Komt-yn-Sicht, syn hynder ferlear om't dat troch de Amerikanen delsketten waard. Doe't syn suster Bizonkeallepaadfrou murk dat har broer ferwûne op it slachfjild efterbleaun wie, joech hja har hynder de spoaren, ried nei him ta, skuorde him op it hynder en rêde sa syn libben. Har dappere die joech de Sjajinnen nije moed, en ta eare fan Bizonkeallepaadfrou neamden de Sjajinnen de slach letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Mills soe letter sizze oer de Yndianen dêr't er it tsjin op naam: "Se wiene de bêste kavalerysoldaten op 'e wrâld. Wylst se ús oanfoelen, lieten se sa min mooglik fan harsels sjen, en hongen se mei ien earm om 'e hals en ien skonk oer de rêch fan har hynders, wylst se ûnder de halzen fan harren hynders troch skeaten en mei spearen tastieken, sadat der gjin lichemsdiel fan 'e Yndiaan sels te sjen wie dêr't wy op sjitte koene."

De help fan syn Krieske en Sjosjoanske bûns-genoaten wie de iennichste reden dat Crook net troch de Lakota en Sjajinnen oer it mad kommen waard.

Mei de oanfallen dy't Crook syn troepen oan it begjin fan 'e slach útfierden, feroveren se wichtich terrein (dat gaadlik wie om ferdigene te wurden), mar de Yndianen waard mei dy oanfallen net folle skea tabrocht. Nei't se har weromlutsen hiene, setten de Lakota en de Sjajinnen dermei útein om út 'e fierte wei op 'e Amerikaanske posysjes te sjitten en oanhâldend lytse oanfaltsjes te hynder út te fieren. As de soldaten dan in tsjinoanfal begûnen, rieden de Yndianen gau-gau fuort. Crook besefte sadwaande dat syn grutte oanfallen net it winske effekt hân hiene. Hy wie ferheard oer de fêsthâldendheid fan 'e krigers, dy't yn syn ûnderfining betsjutte dat der tichteby in doarp mei froulju en bern wêze moast. Dêrom oardere er de kapteins Mills en Noyes om mei harren kavalery by de Rosebud lâns op 'e siik te gean nei in Yndiaansk doarp. Crook wie lykwols mis mei syn ûnderstelling, en de siiktocht nei in net-besteand doarp soe njoggen kompanjyen kavalery it grutste part fan 'e dei bûten de striid hâlde.

Om de troepen fan Mills en Noyes op 'e hichten benoarden de rivier te ferfangen, rôp Crook it detasjemint fan Van Vliet fan 'e súdkant fan 'e rivier werom. Underwilens wie Crook syn ûnderbefelhawwer, luitenant-kolonel William Royall, yn 'e swierrichheden rekke. Nei in oanfal op Crook Hill wie Royall de Yndianen mei seis kompanjyen kavalery efternei setten, wêrby't er fluch by de heuvelrêch lâns nei it noardwesten opteach oant in plak likernôch oardel km fan Crook Hill, en dat fan dy heuvel skaat waard troch de delling fan Kolmarr Creek. Dêrop konsintrearren de Lakota en Noardlike Sjajinnen harren oanfallen op Royall en syn troepen ynstee fan Crook syn fersterke posysjes, en dêrmei wisten hja Royall op in hier nei fan Crook ôf te snijen. Him bewust fan dat gefaar stjoerde Crook oarders nei Royall om him werom te lûken nei Crook Hill. De eigenwize Royall stjoerde lykwols mar ien fan syn seis kompanjyen werom, en hold letter út dat er te djip yn it gefjocht behelle wie om him weromlûke te kinnen.

Mei ien kompanjy minder boazen Royall syn swierrichheden fansels allinne mar oan, en úteinlik besocht er om al syn troepen oer Kolmarr Creek hinne werom te lûken, mar tsjin dy tiid slagge dat net mear om't er yn dat iepen terrein bleatstie oan tefolle fjoer fan 'e Yndianen. Dêrop begûn er him nei it súdeasten ta werom te lûken by de heuvelrêch lâns, yn 'e rjochting fan Crook Hill, mar oan 'e ferkearde kant fan 'e beek. In grutte groep Lakota en Sjajinnen briek harren gefjocht tsjin Crook syn mannen ôf en die in dryste oanfal troch de delling fan Kolmarr Creek hielendal oan 'e Rosebud ta, wêrmei't se op 'e nij de kommunikaasje tusken Crook en Royall frijwol trochsniene. Doe't kaptein Guy V. Henry, dy't harren oanfal besocht tsjin te kearen, ferwûne rekke, begûnen syn mannen yn panyk te reitsjen, en drigen op 'e flecht te slaan. Op dat stuit sprongen lykwols de Krieën en Sjosjoanen yn 'e bresse en dreaune de Lakota en Sjajinnen tebek, wêrmei't se wierskynlik Royall en syn troepen fan 'e ûndergong rêden. Neitiid stjoerde Crook twa ynfanterykompanjyen om in heuveltop oan 'e noardeastkant fan 'e delling fan Kolmarr Creek yn te nimmen, tusken Crook Hill en Royall syn posysje yn. It fjoer fan harren gewearen, dat fierder rikte as dat fan de karabinen fan 'e kavalery, hold de Yndianen doe op in ôfstân.

De posysje fan 'e troepen oan 'e ein fan 'e fjildslach, doe't de Yndianen har weromloeken.

Om likernôch 11.30 oere hinne sette Royall syn weromlûking yn súdeastlike rjochting fuort en naam in nije definsive posysje yn. Dêr lei er fan trije kanten ûnder fjoer. Crook besefte dat Royall ûntset wurde moast, mar de iennichste troepen dy't dat oprêde koene, wiene dy fan Mills en Noyes, dy't noch altyd de Rosebud folgen en ûnderwilens 4 oant 5 km fuort wiene. Nettsjinsteande dat stjoerde er in boadskipper nei harren ta mei oarders om ôf te slaan nei it westen en de Yndianen dy't Royall belegeren yn 'e rêch oan te fallen. Om likernôch 12.30 oere sette Royall útein mei in nije weromlûking yn 'e delling fan Kolmarr Creek. Syn kavalery stige op en rette him ta om troch fijannich fjoer nei de betreklike feilichheid fan Crook Hill te riden. Doe't Royall-en-dy harren sprint begûnen, fierden de Krieën en Sjosjoanen in tsjinoanfal út op 'e efterfolgjende Lakota en Sjajinnen, wêrmei't se in grut diel fan 'e druk op 'e kavaleristen ferlichten. De beide ynfanterykompanjyen iepenen fanôf harren heuvel oan 'e noardeastkant fan 'e delling ek it fjoer op 'e fijân en joegen dêrmei de kavaleristen dekking. Nettsjinsteande dat litte it detasjemint fan Royall yn 'e slach fierwei de swierste ferliezen.

Mills en Noyes arrivearren te let op it slachfjild om Royall noch te helpen, mar harren ûnferwachtse oankomst hie wol ta gefolch dat de Lakota en Noardlike Sjajinnen in ein oan 'e striid makken en har weromloeken fan it slachfjild. Mills syn kavalery sette de efterfolging yn, mar moast dy al rillegau opjaan doe't dúdlik waard dat der gjin skyn fan kâns wie om 'e Yndianen yn te heljen. Dat wie om 2.30 oere middeis hinne, en doe wie de Slach oan 'e Rosebud oer.

De balâns

Skattings fan oantallen slachtoffers rûnen sawol oan Amerikaanske as oan Yndiaanske kant fier útinoar. Crook sei dat der mank syn troepen 10 deaden fallen wiene en 21 mannen ferwûne rekke wiene. Syn adjudant John Gregory Bourke hie it oer in totaal fan 57 deaden en ferwûnen, en foege dêroan ta dat fan 'e ferwûnen 4 nei de slach stoarn wiene. Ferkenner Frank Grouard telde 28 deade soldaten en 56 ferwûnen. Skattings oangeande de ferliezen fan 'e Yndiaanske bûnsgenoaten fan 'e Amerikanen rûnen útinoar fan 1 oant 5 Krieën en fan 1 oant 8 Sjosjoanen dy't de dea fûn hienen.

Oan 'e kant fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen waard sprutsen fan 10 oant 100 deaden. De Krieën namen nei't it skynt 13 skalpen, mar dy waarden soms yn stikken snien om se ûnder krigers te ferdielen. Nei't it skynt sei Mâl Hynder letter dat der oan 'e Yndiaanske kant 36 krigers sneuvele en 63 ferwûne rekke wiene yn 'e Slach oan 'e Rosebud. Hoe't er by sokke presize oantallen kaam, is ûndúdlik, mei't it tige ûnwierskynlik liket dat de Yndianen statistyske gegevens oangeande har ferliezen gearstalden út 'e acht of mear Lakota-subgroepen dy't oan 'e slach dielnamen, mei dêropta noch de Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho.

In plakette op it stee fan 'e fjildslach.

Neisleep

Yn ferliking mei oare fjildslaggen út 'e Amerikaanske oarloggen tsjin 'e Yndianen wie de Slach oan 'e Rosebud in lange en bloedige striid. De Lakota en Noardlike Sjajinnen fochten mei grut trochsettingsfermogen en lieten sjen dat se ree wiene om ferliezen te ynkassearjen as dat nedich wie. De fertraagjende wurking fan 'e stadige weromlûking dy't de Krieën en Sjosjoanen oan it begjin fan 'e slach útfierden, wie fan krúsjaal belang en wie it iennichste dat Crook fan in slimme en fernederjende nederlaach rêde, dy't er oer himsels ôfroppen hie troch syn ûnbegryplike fersom om skyldwachten op te stellen, ferkenners út te stjoeren en in posysje yn te nimmen dy't ferdigene wurde koe doe't er syn troepen útrêste liet. Letter yn 'e slach spilen de Krieën en Sjosjoanen fannijs in krúsjale rol by it rêden fan Royall syn detasjemint, dat yn swierrichheden brocht wie troch de drystens fan Royall sels.

Nei ôfrîn fan 'e slach bewearde Crook dat hy de oerwinning behelle hie, om't er doe yn it besit wie fan it slachfjild, wylst de fijân him weromlutsen hie. Syn dieden bewiisden lykwols dat de Slach oan 'e Rosebud eins in oerwinning foar de Lakota en de Sjajinnen wie, want Crook marsjearre werom nei syn bagaazjetrein oan 'e igge fan 'e rivier de Tongue. Dêr bleau er sân wiken lang lizzen sûnder fan syn plak te kommen, wylst er syn ferwûnen fersoarge en op foarrieden en fersterkings wachte. Acht dagen foarôfgeande oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn hiene de Yndianen Crook en syn troepen dus effektyf útskeakele. Pas yn augustus koed er syn opmars fuortsette. Crook syn Krieske en Sjosjoanske bûnsgenoaten ferlieten syn legermacht koart nei de slach om op hûs oan.

Nei't de Amerikanen har ôfjûn hiene, kearden de Lakota en Sjajinnen nei it slachfjild werom en rjochten dêr stienbulten op om 'e plakken fan wichtige foarfallen te markearjen. Guon fan dy stienbulten steane noch altyd. Tsjintwurdich is it slachfjild in beskerme monumint, dat it Steatspark Slachfjild oan de Rosebud hjit. It slachfjild waard yn 1972 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken en waard yn 2008 oanmurken foar in National Historic Landmark.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Read other articles:

Wakil Bupati CirebonLambang Kabupaten CirebonPetahanaHj. Wahyu Tjiptaningsih, S.E., M.Si.sejak 10 Februari 2021KediamanRumah Dinas Wakil Bupati Jl. R. Dewi Sartika, Sumber, CirebonMasa jabatan5 TahunDibentuk2000Pejabat pertamaDedi SupardiSitus webcirebonkab.go.id Wakil Bupati Cirebon adalah politisi yang dipilih bersama Bupati Cirebon untuk membantu tugas Bupati dalam mengatur dan mengelola pemerintahan Kabupaten Cirebon, sebagai bagian dari sistem penyelenggaraan pemerintahan daerah di ...

 

Untuk kegunaan lain, lihat Serunai (disambiguasi). Artikel ini tidak memiliki referensi atau sumber tepercaya sehingga isinya tidak bisa dipastikan. Tolong bantu perbaiki artikel ini dengan menambahkan referensi yang layak. Tulisan tanpa sumber dapat dipertanyakan dan dihapus sewaktu-waktu.Cari sumber: Serunai alat musik – berita · surat kabar · buku · cendekiawan · JSTOR Sebuah Shehnai. Serunai, atau juga disebut puput serunai, adalah nama alat m...

 

Rembo Anthias anthias Klasifikasi ilmiah Domain: Eukaryota Kerajaan: Animalia Filum: Chordata Kelas: Actinopterygii Ordo: Perciformes Famili: Serranidae Subfamili: Anthiinae Genus: AnthiasBloch, 1792 Spesies tipe Labrus anthiasLinnaeus, 1758[1] Spesies Lihat teks Rembo adalah sejenis ikan dari genus anthias, adalah genus ikan berwarna-warni di subfamili Anthiadinae . Sebagian besar spesies ditemukan di terumbu dalam di Atlantik tropis dan subtropis, seringkali jauh di bawah kedalaman...

The two groups of indigenous peoples of Australia This article is about the two ethnically distinct groups of indigenous peoples of Australia: Aboriginal Australians and Torres Strait Islanders. For the whole Australian population, see Australians. Aboriginal Australians and Torres Strait IslandersIndigenous AustraliansTotal population812,728 (2021 census)[1]3.2% of Australia's populationPopulation distribution by state/territoryNew South Wales 265,685 (3.55%)Queensland 221,276 (4.57%...

 

Saab 340 AEW&C adalah pesawat peringatan dini udara dan kontrol (AEW&C) bermesin turboprop sayap rendah (low wing) Swedia, sebuah varian dari pesawat Saab 340 dinamakan S 100B Argus oleh Angkatan Udara Swedia. Enam pesawat S 100B Argus diproduksi untuk Angkatan Udara Swedia, empat di antaranya dilengkapi dengan radar peringatan dini (radar Erieye) permanen dan dua dipasang untuk misi transportasi selama masa damai. Dua pesawat yang diubah dipinjamkan ke Yunani sebelum pengiriman sist...

 

Ecuadorian professional football club For other clubs with a similar name, see Liga Deportiva Universitaria. This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: L.D.U. Quito – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2009) (Learn how and when to remove this message) Football clubLiga de QuitoFull nameLi...

Microbial mat that forms on the surface of water or rocks Beneath a floating algal mat Algal mat from above Algal mats are one of many types of microbial mat that forms on the surface of water or rocks. They are typically composed of blue-green cyanobacteria and sediments. Formation occurs when alternating layers of blue-green bacteria and sediments are deposited or grow in place, creating dark-laminated layers. Stromatolites are prime examples of algal mats. Algal mats played an important ro...

 

Region in South Korea This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Daegu–Gyeongbuk – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (December 2009) (Learn how and when to remove this message) Daegu-Gyeongbuk or Taegu-Kyŏngbuk (대구경북, 大邱慶北) is the compound word of Daegu and Gyeongbuk (formal...

 

Untuk pengertian lain, lihat Tellumpoccoe (disambiguasi). Koordinat: 5°02′17″S 119°31′07″E / 5.0380814°S 119.5185582°E / -5.0380814; 119.5185582 TellumpoccoeᨈᨛᨒᨘᨇᨚᨌᨚᨓᨙᨈᨒᨘᨅᨚᨌᨚᨕDesaKantor Desa Tellumpoccoe di Jl. Poros PalisiNegara IndonesiaProvinsiSulawesi SelatanKabupatenMarosKecamatanMarusuKode pos90551[1]Kode Kemendagri73.09.08.2003 Luas6,79 km² tahun 2017Jumlah penduduk2.974 jiwa tahun 2017Kepadatan438,00...

Colored cardstock paper Some construction paper colors Construction paper texture Construction paper, also known as sugar paper, is coloured cardstock paper. The texture is slightly rough, and the surface is unfinished. Due to the source material, mainly wood pulp, small particles are visible on the paper's surface. It is used for projects or crafts. Etymology The etymology of sugar paper lies in its use for making bags to contain sugar. It is related to the blue paper used by confectionery b...

 

Голубянки Самец голубянки икар Научная классификация Домен:ЭукариотыЦарство:ЖивотныеПодцарство:ЭуметазоиБез ранга:Двусторонне-симметричныеБез ранга:ПервичноротыеБез ранга:ЛиняющиеБез ранга:PanarthropodaТип:ЧленистоногиеПодтип:ТрахейнодышащиеНадкласс:ШестиногиеКласс...

 

This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: History of Orkney – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (February 2013) (Learn how and when to remove this message) Humans have inhabited Orkney, an archipelago in the north of Scotland, for about 8,800 years: Archeological evidence dates from Mesolithi...

Eparki Passaic (Ruthenia)Eparchia Passaicensis RuthenorumGereja Katolik Yunani Ruthenia Katedral Santo Mikael Malaikat AgungLokasiNegaraAmerika SerikatProvinsi gerejawiPittsburghMetropolitWilliam C. SkurlaStatistikPopulasi- Katolik(per 2009)17,629Paroki84InformasiDenominasiGereja Katolik Yunani RutheniaRitusRitus BizantiumPendirian6 Juli 1963 (60 tahun lalu)KatedralKatedral Santo Mikael Malaikat AgungKepemimpinan kiniPausFransiskusEparkKurt BurnettePetaSitus webeparchyofpassaic.com ...

 

فرنك موناكوfranc monégasque  (فرنسية)معلومات عامةالبلد لا أحد ، سابقا: موناكو و فرنسا و أندوراتاريخ الإصدار 7 مارس 1837 عوضه يورو[1] (1 يناير 2002)فرنك فرنسي (1995) رمز العملة MCFرمز الأيزو 4217 fr. or Fسعر الصرف 0٫152449 يورو العملات المعدنية 10 ، 20 ، 50 سنتيم ، 1 ، 2 ، 5 ، 10 ، 20 فرنكتعديل - تعديل م�...

 

American actor, comedian and producer This article is about the actor. For the American football coach, see Blake Anderson (American football). Blake AndersonAnderson at WonderCon 2022BornBlake Raymond Anderson (1984-03-02) March 2, 1984 (age 40)Sacramento County, California, U.S.OccupationsActorcomedianproducerscreenwriterfashion designerYears active2006–presentSpouse Rachael Finley ​ ​(m. 2012; div. 2017)​Children2 Blake Raymond An...

American film director Stan VanDerBeek in front of his Movie Drome theater at Stony Point, New York Stan VanDerBeek (January 6, 1927 – September 19, 1984) was an American independent animator,[1] experimental filmmaker, and art theoretician known for his collage works[2] and his early use the digital computer as a creative medium. His Movie Drome theater was a grain silo dome or geodesic dome where he showed 16mm films mixed with 35mm slides, video and digital animations. ...

 

Siegessäule Locatie Locatie Großer Stern/Großer Tiergarten, Tiergarten, Berlijn,  Duitsland Coördinaten 52° 31′ NB, 13° 21′ OL Status en tijdlijn Huidig gebruik Erezuil ter ere van meerdere Pruisische overwinningen Start bouw 1864 Bouw gereed 1873 Dimensies Hoogte tot top 67 m Architectuur Bouwstijl Neoclassicisme Materiaal graniet, Obernkirchener zandsteen, marmer, brons, mozaïek, bladgoud Bouwinfo Architect Heinrich Strack Opdrachtgever Wilhelm I van Duitsland ...

 

Giuseppe StatellaNazionalità Italia Altezza182 cm Peso76 kg Calcio RuoloCentrocampista SquadraDB Rossoblù Città di Luzzi CarrieraGiovanili  Bari Squadre di club1 2008 Bari3 (0)2008-2009→  Benevento22 (3)[1]2009-2010→  Salernitana10 (0)2010→  Torino4 (0)[2]2010-2011→  Grosseto11 (0)2011→  Andria BAT14 (1)2011-2012 Bari0 (0)2012-2013→  Pavia40 (5)[3]2013-2014 Bari3 (1)2014-2015 Pro Vercelli20 (0)&...

Questa voce sull'argomento cardinali italiani è solo un abbozzo. Contribuisci a migliorarla secondo le convenzioni di Wikipedia. Alessandro Riariocardinale di Santa Romana Chiesa  Incarichi ricoperti Uditore generale della Camera Apostolica (1565-1578) Patriarca titolare di Alessandria (1570-1578) Cardinale presbitero di Santa Maria in Ara Coeli (1578-1585) Prefetto del Supremo Tribunale della Segnatura Apostolica (1581-1585) Collettore apostolico in Portogallo (1580-1583) Legato ...

 

Period of Dutch history from 1588 to 1672 Part of a series on the History of the Netherlands Early Prehistory of the Netherlands Germanic tribes Frisii, Batavi, Cananefates, Chamavi Roman era Migration Period Frisians, Franks, Saxons Medieval Frisian Kingdom Frankish Kingdom Middle Francia Lotharingia Lower Lotharingia Holy Roman Empire Burgundian Netherlands Habsburg Netherlands Seventeen Provinces Spanish Netherlands Republic Eighty Years' War Dutch Golden Age (painting) Dutch colonial empi...