De titel fan 'e film, Reservoir Dogs, kin letterlik oerset wurde as "Opslachmarhûnen" of "Hûnen fan 'e Opslachmar". Dat hat hielendal neat mei de plot fan 'e film te krijen, mar wie in opfallende namme dy't regisseurQuentin Tarantino foar syn earste film keas op basis fan in foarfal yn 'e fideoteek dêr't er op dat stuit wurke. Dêr kaam nammentlik ris in (Amerikaanske) klant binnen dy't de útspraak fan 'e titel fan 'e Frânske film Au revoir les enfants (1987) fan Louis Malle folslein ferhaspele ta eat dat "Reservoir Dogs" liek.
Nei't de oerfal op in bloedbad útrûn is, flechtet Mr. White mei Mr. Orange, dy't troch in âldere frou yn 'e búk sketten is doe't se har auto kaapten om fuort te kommen. De skotwûne fan Mr. Orange bliedt as wat, en hoewol't er net fuortendaliks dearekket, is it dúdlik dat er ferlet hat fan medyske help as er it op 'e langere termyn oerlibje wol. Yn in leechsteand bedriuwsgebou, dat eigendom fan Joe Cabot is, besiket Mr. White Mr. Orange gerêst te stellen dat se der in dokter by helje sille en dat er sûnder mis wer hielendal de âlde wurde sil.
Mei't it bedriuwgebou yn 't foar as moetingspunt ôfsprutsen wie, komt ek Mr. Pink dêr opdaagjen. Dy is fan miening dat de oerfal ferret wie oan 'e plysje, dy't de oerfallers opwachte. Mr. White fertelt him dat Mr. Brown dea is en dat Mr. Blue en Mr. Blonde noch altyd misse. Mr. Pink en Mr. White binne pisnidich dat Mr. Blonde de hiele boel ûntspoare litten hat troch mei opsetsin in stikmannich meiwurkers fan 'e juwelierssaak dea te sjitten nei't immen it alaarm ôfgean litten hie. Mr. White is boppedat breinroer dat Joe, dy't er as syn freon beskôget, in "psychopaat" as Mr. Blonde by de oerfal belutsen hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Mr. Pink, dy't mei de bút ûntkommen is en dy earne ferstoppe hat, wol it moetingsplak ferlitte om't er sa heal en heal ferwachtet dat de plysje hjir aansten ek foar de doar stiet. Mr. White wiist op it probleem wat se dan mei de ferwûne Mr. Orange oan moatte. Mr. Pink wol him by in sikehûs efterlitte, mar as er foar it ferstân kriget dat Mr. White oan Mr. Orange ferteld hat wat syn foarnamme is (Larry) en wêr't er wei komt (Milwaukee), beslút er dat Mr. Orange no net mear nei it sikehûs kin om't er by arrestaasje te gefaarlik is foar de oare oerfallers. Mr. White en Mr. Pink redendiele dêroer oant se slaande deilis reitsje en úteinlik sels har pistoalen lûke. Ear't de rûzje noch fierder eskalearje kin, ferskynt Mr. Blonde, dy't de ûntfierde jonge plysjeman Marvin Nash yn syn kofferbak hat.
Inkele dagen earder moetet Mr. Blonde Joe Cabot en "Nice Guy" Eddie nei't er krekt út it tichthûs kommen is. Hy hat fjouwer jier sitten, en hoewol't er folle earder frijkomme kinnen hie as er Joe derby lapt hie, hat er him stilholden. Joe en Eddie fiele har dêrom tige ferplichte oan Mr. Blonde, dy't se Vic neame, en beskôgje him as in freon. Se binne wisberet om him te beleanjen foar syn trou en regelje in baan as havenarbeider foar him dêr't er mei pronkje kin by syn reklassearringsamtner, mar dêr't er nea echt hoecht te ferskinen. Mr. Blonde wol lykwols wer oan it "echte wurk", dat op inisjatyf fan Eddie beslút Joe om Mr. Blonde by de oerfal te belûken.
Yn 'e hjoeddeistige tiid mishannelje Mr. White en Mr. Pink plysjeman Nash om ynformaasje los te krijen oer wa't harren oan 'e plysje ferret hat. Nash is lykwols noch mar acht moannen by de plysje, dat sels al soed er harren dat sizze wolle, dan noch koed er it net om't soks him net ferteld wurdt. Eddie arrivearret yn it bedriuwsgebou en nimt Mr. White en Mr. Pink mei om harren flechtauto's te dumpen en de troch Mr. Pink ferstoppe bút op te heljen.
Mr. Blonde bliuwt sadwaande allinne efter mei de fêstbûne Nash en de noch altyd swier bliedende Mr. Orange, dy't troch de pine fan syn skotwûne bewusteleas rekke is. Mr. Blonde knevelet Nash en fertelt him dan dat er him martelje sil, net om ynformaasje los te krijen, mar simpelwei om't er dêr aardichheid oan hat. Hy hellet in skearmês foar 't ljocht en bringt dêrmei snijwûnen oan yn it gesicht fan Nash, wêrnei't er de plysjeman syn rjochterear ôffiket. Dan hellet er in lytse jerrycanbenzine op út 'e kofferbak fan syn auto en oerjit de plysjeman dêrmei. As Mr. Blonde risselwearret om 'e benzine oan te stekken en Nash libben te ferbrânen, lûkt Mr. Orange, dy't net bewusteleas blykt te wêzen, ynienen syn pistoal en sjit Mr. Blonde dea. Neitiid fertelt Mr. Orange oan Nash dat er in undercoverplysjeman is en dat de plysje mei koarten in ynfal yn it bedriuwsgebou dwaan sil, sadree't Joe Cabot dêre arrivearret.
Wiken earder betinkt Mr. Orange, dy't Freddie hjit, mei syn begelieder Holdaway in yngewikkeld ferhaal oer de ôflevering fan drugs om it fertrouwen fan Joe en de oare kriminelen te winnen. Mei't er by de tarieding foar de oerfal oan Mr. White keppele wurdt, komt er dy it bêste te kennen. De beide mannen reitsje befreone.
Werom yn 'e hjoeddeistige tiid komme Eddie, Mr. White en Mr. Pink wer yn it bedriuwsgebou en treffe Mr. Blonde dea oan. Mr. Orange besiket harren derfan te oertsjûgjen dat Mr. Blonde in geastlik sikepsychopaat wie, dy't net inkeld Nash mar ek him fermoardzje woe om dêrnei út te naaien mei de bút. Mr. White, dy't Mr. Orange graach lije mei en dochs al in strieminne miening oer Mr. Blonde hie, leaut dat daliks. Mr. Pink niget yn deselde rjochting. Eddie, lykwols, dy't goed befreone wie mei Mr. Blonde, wol der neat fan witte. Hy sjit Nash dea om sjen te litten dat it him mienen is en hjit dan it ferhaal fan Mr. Orange ligen.
Joe arrivearret yn it bedriuwgebou en fertelt dat de plysje Mr. Blue deasketten hat. Hy fertinkt Mr. Orange derfan dat dy in ferrieder is en wol him deasjitte. Mr. White, dy't noch altyd nidich is dat Joe him opskipe hat mei de psychopaat Mr. Blonde, komt tuskenbeiden en rjochtet syn pistoal op Joe. Eddie nimt fuortendaliks Mr. White ûnder skot, sadat der in Mexican standoff ûntstiet. De sitewaasje eskalearret. Joe fjurret op Mr. Orange en ferwûnet dyselde fierder. Mr. White sjit Joe dea. Eddie sjit Mr. White del. Mr. White sjit Eddie dea.
Mr. Pink, de iennichste dy't noch libbet en net ferwûne is, pakt de bút en naait út. Koarte tiid letter is der bûtendoar in sjitpartij mei de plysje te hearren, wêrby't Mr. Pink nei alle gedachten omkomt. De swierferwûne Mr. White krûpt nei Mr. Orange ta en nimt dy syn holle yn syn earms. Mr. Orange bychtet op dat er in undercoverplysjeman is. Mr. White is raar gesteld troch dat ferrie en set him syn pistoal tsjin 'e holle oan. Op dat stuit falt de plysje it bedriuwsgebou binnen en oarderet Mr. White om syn pistoal falle te litten. Mr. White sjit Mr. Orange troch de holle en sakket yninoar as er trochsingele wurdt mei plysjekûgels.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Reservoir Dogs in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], dy't gûnzet fan 'e yntelliginsje en enerzjy, leit it fûnemint foar de filmmakkerskarriêre fan Quentin Tarantino yn in styl dy't tahuft." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Reservoir Dogs in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 24 resinsjes.