In fideoteek (fia it Nederlânskevideotheek fan it DútskeVideothek) is in bedriuw dat mei films of (soms) tillefyzjesearjes foarbespile bylddragersferhiert oan partikuliere klanten. Sokke bylddragers wurde hierfideo's neamd, en moatte ûnderskaat wurde fan keapfideo's, dy't net ferhierd mar ferkocht wurde. Foarhinne gie it by hierfideo's om fideobannen, mar tsjintwurdich wurde der benammentlik dvd's ferhierd. De earste fideoteek waard yn 1975 yn Dútslân oprjochte. Yn Nederlân ûntstiene benammen yn 'e 1980-er jierren in soad fan sokke saken. In oansjenlik part dêrfan moast letter wer opdoeke omreden fan tefolle konkurrinsje. Sûnt likernôch 2000 hawwe fideoteken te lijen ûnder in krimpende ferhiermerk. Njonken fideoteken mei in algemien oanbod binne der ek guon dy't har spesjalisearre hawwe yn 'e ferhier fan bygelyks útslutend filmhûsfilms of útslutend pornografyske films.
Skiednis
De earste fideoteek waard yn 'e simmer fan 1975 oprjochte troch Eckhard Baum yn it DútskeKassel. Baum wie in sammelder fan films op Super 8 film, en doe't bliek dat freonen en kunde fan him dêr belangstelling foar hiene, begûn er harren films út syn kolleksje út te lienen. Fia-fia kamen hieltyd mear lju by him oan 'e doar mei de fraach oft er harren in film útliene woe, en sadwaande krige Baum it idee om dêr jild foar te freegjen en sa in bedriuwke op te setten. Meitiid naam er fideobannen en dvd's yn syn assortimint op. Baum en syn fideoteek wiene it ûnderwerp fan de dokumintêreEckis Welt, fan Olaf Saumer, út 2006. Yn 2015 fierde Baum it fjirtichjierrich bestean fan syn bedriuw.
Lange tiid wie it sa dat as in film útkaam, der earst in healjier útlutsen waard foar fertoaning yn 'e bioskopen. Nei likernôch seis moanne kaam er dan beskikber foar ferhier yn 'e fideoteken. Nei't der nochris in healjier oerhinne gien waard, kaam deselde film ek út as keapfideo en koed er útstjoerd wurde op 'e tillefyzje. Tsjintwurdich wurde films lykwols faak in pear moannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne, al te keap útbrocht op dvd en blu-ray. Dêrnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it ynternet by video on demand-bedriuwen, lykas Netflix. Dy ûntwikkelings hawwe makke dat in soad fideoteken om 2010 hinne ferdwûn binne. De oerbleaune saken binne faak útgroeid ta entertainmentwinkels mei in breder assortimint.
Ferhier
Om fideo's hiere te kinnen by in fideoteek moat men lid wêze fan dy fideoteek. Dat hâldt yn dat men jins namme en adres opjaan moat en jins identiteitsbewiis sjen litte moat, sadat de fideoteek wit wêr't de ferhierde films bedarje. Dêrfoar kriget men in lidmaatskipskaart mei in streepkeskoade, dy't neitiid by eltse ferhier scand wurdt. Fideoteken ferhiere de nijste films yn 'e regel by de dei, mei in maksimum fan trije dagen. Aldere films wurde ornaris by de wike ferhierd. Meastal kin men trije films tagelyk hiere. Guon fideoteken hawwe tsjintwurdich abonneminten foar in fêst bedrach yn 'e moanne, dêr't ûnbeheind films mei hierd wurde kinne. Der is dan inkeld in beheining oangeande it tal films dat tagelyk hierd wurde kin.
Auteursrjocht
De ferhier fan boeken, cd's en films is bûn oan 'e wetjouwing op it mêd fan auteursrjocht. De auteursrjochthâlders foegje warskôgings ta oan ferpakking en yn it gefal fan films ek de ynhâld fan produkten dy't bedoeld binne foar ferhier, om ynbrek op it auteursrjocht foar te kommen. Yn in soad gefallen binne de rjochten fan klanten yn Jeropa en Noard-Amearika lykwols eins folle rommer as dat yn sokke warskôgings foarsteld wurdt.