De plysje docht ûndersyk nei in rige oerfallen yn 'e wyk Wilson Heights, yn it wurkgebiet fan it plysjeburo dat ûnder lieding stiet fan haadynspekteur Thaddeus Harris. Dyselde kriget in anonime tip oer it plak dêr't de folgjende oerfal plakfine sil, en giet mei syn fêste assistint, de ûnnoazele ynspekteur Carl Proctor, op stake-out. Se hâlde lykwols de ferkearde juwelierssaak yn 'e gaten, wylst in pear meter efter harren parkearreauto in oare saak oerfallen wurdt troch de kriminelen Ace, Flash en Ox dy't mei-inoar yn 'e media bekend kommen binne te stean as de Wilson Heights-binde. Neitiid wurde Harris en plysjekommissaris Henry J. Hurst by de boargemaster op it matsje roppen, dy't harren de mantel útfeecht.
Om't de binde de plysje hieltyd in stap foar is, liket it wol as sit der in lek yn it plysjedistrikt fan Harris. Dêrom hat de gûverneur oan 'e boargemaster en kommissaris Hurst oplein om plysjes fan bûten dat distrikt op 'e saak te setten. Ta ôfgriis fan Harris giet it dêrby om syn âlde aartsfijân, kommandant Eric Lassard en dy syn ynstrukteurs fan 'e pleatslike plysjeskoalle. Lassard hat in sânkoppige taakgroep gearstald, besteande út syn omkesizzer Nick Lassard, in grapmakker dy't koartby út Miami Beach hjirhinne oerpleatst is; de wielderige mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan; de reuseftige, swarte ynspekteur Moses Hightower; de troch fjoerwapensobsedearrebrigadier Eugene Tackleberry; de mei in heech piipstimke bejeftige brigadier Laverne Hooks; de elts lûd imitearjende brigadier Larvell Jones; en de knoffelkont brigadier Douglas Fackler, dy't troch syn ûnhandichheid by syn earste besyk it plysjeburo fan Harris suver platbaarnt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
De taakgroep set útein mei it besykjen om op wenstige wize ynformaasje oer de Wilson Heights-binde yn te winnen, troch ynformanten út te kloarkjen, troch fan doar ta doar te gean op 'e siik nei tsjûgen en troch opspoaringsbefellen útgean te litten. Dat sortearret lykwols gjin effekt. By ûndersyk nei in nije bankoerfal komt út in troch in bankmeiwurkster ôfharke petear tusken twa fan 'e bindeleden wol oan it ljocht dat se inkeld stjoerd wurde, en dat se in skimige opdrachtjouwer hawwe moatte. Dy wurdt neitiid troch de plysje oantsjut as it 'Masterbrein'.
Nick Lassard lêst yn in krante oer in reuseftige diamant dy't foar in tentoanstelling nei in pleatslik museum oerbrocht wurde sil, en stelt foar om 'e diamant as lokies te brûken. It weardetransportbuske wurdt bestjoerd troch Nick en Jones, wylst de oaren it spul undercover fan alle kanten yn 'e rekken hâlde en Harris en Proctor efter yn it buske by de diamant sitte. As it buske foar in ferkearsljocht stiet te wachtsjen, snije de bindeleden fan út in rioelputsje ûnder it buske lykwols mei in laser in gat yn 'e flier en stelle de diamant wylst Harris en Proctor der mei de rêch nei ta steane. Hoewol't de grutste misslach dúdlik dy fan Harris-en-dy is, wit Harris neitiid Nick Lassard de swarte pyt ta te spyljen.
It is lykwols Nick dy't as earste beseft dat alle oerfallen fan 'e Wilson Heights-binde plakfine by de rûte lâns fan 'e âlde busline 51. Dêrtroch slagget it de plysje om út te riddenearjen wêr't de folgjende oerfal wierskynlik plakfine sil. De bindeleden wurde dêre sadwaande opwachte. Mar foar't se arrestearre wurde kinne, jaget Harris de boel yn 't hûndert, om't er de taakgroep fan Lassard de eare net gunt en de krimenelen sels yn 'e boeiens slaan wol. Dêrtroch ride de beide groepen plysjes inoar yn 'e tsjillen en slagget it de bindeleden om te ûntkommen. It Masterbrein, dat mei de bindeleden kommunisearret as in beskade figuer efter in ferljochte skerm, beslút dat Lassard-en-dy te tichtby komme en dat se útskeakele wurde moatte. Letter wurdt yn Lassard syn kantoar in diel fan 'e bút fan 'e lêste juwieledieverij fan 'e Wilson Heights-binde oantroffen. De boargemaster en kommissaris Hurst nimme oan dat Lassard it lek yn harren organisaasje wie, sette him op non-aktyf yn ôfwachting fan in ûndersyk en ûntheffe syn taakgroep fan 'e saak.
Nick, Hightower, Callahan, Jones, Tackleberry en Hooks litte it der net by sitte, mar beslute om te bewizen dat kommandant Lassard ûnskuldich is. As se fierder ûndersyk dogge nei de rûte fan busline 51, docht bliken dat dat krekt de rûte is fan in noch oan te lizzen metroline. Troch de oanhâldende oerfallen by de rûte lâns sakket de priis fan ûnreplik goed dêr alhiel yn. Nick en de oaren riddenearje út dat it Masterbrein fan doel wêze moat om gebouwen dêr goedkeap op te keapjen om se letter mei fette winst oan 'e gemeente troch te ferkeapjen as de metroline oanlein wurde moat.
De Wilson Heights-binde blaast in elektrisiteitssintrale op om 'e stêd yn it dûnker te setten en de gaos kompleet te meitsjen. De leden fan 'e taakgroep geane yn it tsjuster op patrûlje by line 51 lâns, dêr't Nick de trije bindeleden wer op it spoar komt. Hy folget harren nei in dearinnende stege dy't leech is. Dêr kriget er foar it ferstân dat de trije mannen it rioel yn gien wêze moatte. Wylst Callahan en Hooks boppe de grûn regaad meitsje troch ôf te weven mei rapalje dat de blackout brûkt om opskuor te meitsjen, folgje Nick, Hightower, Jones en Tackleberry de Wilson Heights-binde it rioel yn. As de bindeleden trochkrije dat de plysje har op 'e hakken sit, geane se útinoar, wêrmei't se de plysjes twinge om dat ek te dwaan. Hightower giet efter de krachtpatser Ox oan, dy't er nei in epysk gefjocht ferslacht. Jones wurdt mei syn Easterske fjochtsport Flash oermânsk, wylst Tackleberry de swierbewapene Ace yn 'e boeiens slacht.
Underwilens hat Nick yn it rioel it haadkertier fan 'e binde fûn, dêr't it Masterbrein fan efter syn opljochtsjend skerm wei gifgas yn 'e ôfsletten keamer pompt om him te fermoardzjen. Nick wurdt rêden troch Hightower, dy't de op 't slot sittende doar fan 'e hingen skuort. Se folgje it Masterbrein troch it rioel nei in stege dêr't de krimineel in heechwurker stelt en dermei útnaait, wylst Nick yn it bakje wit te springen. Hightower, Jones en Tackleberry stelle in monstertruck om derefteroan. Harris en Proctor, dy't op 'e berjochten oer de plysjeradio ôfkommen binne, wurde op in krúspuntoerriden troch sawol de heechwurker as de monstertruck, wêrnei't se in linebus foarderje ta ferfanging fan harren platriden plysje-auto.
Nei in wylde efterfolging troch de stêd einiget it hiele spul by it haadburo fan plysje, dêr't Nick, Hightower, Jones, Tackleberry en letter ek Harris en Proctor it Masterbrein folgje nei it kantoar fan kommissaris Hurst. As se dêr binnenfalle, treffe se lykwols inkeld Hurst efter syn buro oan. Yn betizing sille se wer fuort as der ynienen nòch in kommissaris Hurst binnenkomt. Se krije foar it ferstân dat ien fan beiden it Masterbrein yn momkape wêze moat, en dogge in "Pinocchiotest", wêrby't se de beide mannen oan 'e noas lûke. De letter binnenkommen Hurst, docht dat flink sear, mar by de Hurst dy't al efter syn buro siet doe't Nick-en-dy deryn kamen, lit de noas los en blykt ûnderdiel te wêzen fan in masker. As dat ôfkomt, wurdt de identiteit fan it Masterbrein einlings ûntbleate: hy blykt nimmen oars as de boargemaster sels te wêzen. Dan wurdt ek dúdlik wêr't it 'lek' by de plysje sit: de sjerpstrikerige Harris hat, om in wyt fuotsje by de boargemaster te heljen, dyselde oanhâldend oant yn detail op 'e hichte holden fan 'e plysje-operaasjes oangeande de Wilson Heights-binde. Nei't de boargemaster arrestearre en ôffierd is, biedt Hurst syn ûntskuldigings oan kommandant Lassard oan en stelt him en syn team wer oan yn harren âlde funksjes.
Letter wurdt de hiele taakgroep eare by in spesjale seremoanje, werby't se allegear in ûnderskieding krije foar harren ynset. Harris, op wa't de teamleden earder hieltyd wraak namen foar misledigings troch him earst op in stoelsitten gean te litten dêr't se in poat fan losdraaid hiene, sadat er dertroch sakke, en doe op in stoel dy't ynsmaard wie mei lym, sadat er der net wer fan loskomme koe, wikselet by de seremoanje op eigen fersyk fan stoel mei Hightower. Dêrop knipt immen de ferankering troch fan in reuseftige tros mei helium folle ballonnen, wêrfan't de oare útein oan 'e stoel fêstmakke is dêr't Harris no op sitten gien is. Dyselde wurdt dan mei stoel en al de loft yn skuord. As de oare plysjes oereinspringe en foar him saluëarje, blykt kommandant Lassard sels de skjirre noch yn 'e hân te hawwen.
Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 6: City under Siege oer it algemien negative resinsjes. Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 7 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Police Academy 6: City under Siege in goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 8 resinsjes. Neffens filmkritikus Pete Hammond wie de film "inkeld – ik werhelje: inkeld – foar dyjingen dy't fan miening binne dat Police Academy 5 berôve is doe't de Oscars útdield waarden."
Police Academy 6: City under Siege wie de lêste film fan 'e Police Academy-searje dat in jier nei it foargeande diel útkaam, sa't oant doe ta mei de hiele rige bard wie. It folgjende diel, Police Academy: Mission to Moscow, ferskynde pas yn 1994.