Yn it Korps Nasjonale Plysje bestiet tsjintwurdich gjin ferskil mear yn opspoaringsfoech tusken in brigadier en de fjouwer plysjerangen dêrûnder (haadagint, agint, surveillant en aspirant). In útsûndering op dy regel betreft de bûtengewoan opspoaringsamtner (boa).
In brigadier kin wurkje by ferskate ûnderdielen fan 'e plysje, lykas by in wykteam of by de resjerzje, dêr't er almeast in koördinearjende funksje hat. Ek yn 'e mienskiplike meldkeamers wurkje plysjes mei dizze rang. Sokken koördinearje de needhelpprosessen en ferfolje by opskaling yn gefal fan in ramp de rol fan kalamiteitenkoördinator (CaCo). Yn sommige regio's kin in brigadier ek in 'senior projekt agint' (SPA) wêze yn in beskaat spesjalisme, lykas Jongerein, Iepenbiere Oarder en Feilichheid of Ferkear. Dêrnjonken binne der brigadiers dy't as funksje Senior Gebietsbûne Plysjesoarch (Senior GGP) hawwe. Sokken wurkje yn 'e needhelp en ferfolje teffens faak ek in koördinearjende rol. Dat kin wêze as operasjoneel koördinator (OpCo) binnen in plysjeburo, mar ek yn it fjild by it ôfhanneljen fan ynsidinten, wêrby't de meldkeamer harren weromken oan in spesjaal ropnûmer.
Yn it ferline hiene in protte brigadiers ek de funksje fan helpofsier fan justysje, mar tsjintwurdich net mear. It is no nammentlik wetlik fêstlein dat helpofsieren fan justysje minimaal de rang fan ynspekteur hawwe moatte.