Yn totaal beslacht Miami Beach in oerflak fan 48,5 km², wêrfan't 30,2 km² út oerflaktewetter bestiet (benammen yn 'e Biscaynebaai) en mar 18,2 km² út drûch lân. De stêd is opmakke út trije wichtige wiken. Fan noard nei súd binne dat North Beach, Mid-Beach en South Beach. Elts binne dy stedsdielen wer opboud út ferskate buerten. South Beach foarmet mei de binnenstêd en de haven fan Miami, op it oanbuorjende fêstelân, it kommersjele sintrum fan Súdlik Floarida.
Miami Beach leit mar 1.20 m boppe seenivo, en by springfloedstrûpe ferskate strjitten derûnder. It westlike part fan South Beach leit frijwol op seenivo en hâldt sadwaande by in gewoane floed de fuotten mar krekt drûch. Ut wittenskiplik ûndersyk troch de Universiteit fan Miami is bleken dat fan 'e midden fan 'e 2000-er jierren ôf oerstreamings as gefolch fan tijwurking almar faker foarkomme. Dat is in nammenste grutter probleem foar Miami Beach om't troch de poreuze aard fan 'e kalkstiennene ûndergrûn fan 'e stêd it opsmiten fan seediken nei ferwachting net folle úthelje sil, om't it seewetter der dan gewoan ûndertroch siperet.
De famylje Collins seach it potinsjeel yn fan 'e ûntwikkeling fan it foar de lânbou weardeleaze strân fan 'e eilannen as baaiplak. Dat proses sette koart nei de iuwwiksel útein yn gearwurking mei de bruorren Lummus, dy't bankiers yn Miami wiene, en de ûndernimmer Carl G. Fisher út Indianapolis. Omreden fan it strân krige it baaiplak de plaknamme Miami Beach, dat oerset wurde kin as "Miami-Strân" of "Miami oan it Strân"; as it yn Nederlân lei, hie it nei alle gedachten "Miami-oan-See" hjitten. Yn 't earstoan wie der allinne mar sprake fan deitoerisme troch strânbesikers dy't yn Miami wennen en har troch in set oerfarre lieten. Om soks te fasilitearjen waarden der badhuzen boud en itenkreamkes opset.
Tsjin 1912 setten de earste lju har op 'e eilannen sels nei wenjen. Dat wiene foar it meastepart wurknimmers fan 'e Miami Beach Improvement Company fan 'e Collins/Pancoast-famylje, dy't har dwaande holden mei it klearjen fan it binnenlân fan 'e eilannen. Dat wie oant dy tiid foar it meastepart noch in betize oerwâld fan mangroven. Behalven dat it beamkeguod fuortkappe waard, ferdjippe en ferbrede men ek de wetterrinnen. Doe't de lânseigen begroeiïng frijwol folslein ferwidere wie, waard úteinset mei de djoere oanfier fan ierde fan it fêstelân om 'e lânbougrûn te ferbetterjen en de eilannen op te heegjen en út te wreidzjen. Wat earst in 1.600 acres mjittende sânbank west hie, feroare op dy wize yn in rige eilannen mei in oerflak fan 2.800 acres.
Om dyselde tiid hinne wie de famylje Collins, mei finansiering troch de bruorren Lummus, úteinset mei de oanlis fan 'e houtenbrêge fan 4 km lang dwers troch de Biscaynebaai, dy't de eilannen mei it fêstelân ferbûn. De bou fan dy Collinsbrêge koste mear as $150.000, en it wie doedestiden de langste houten brêge fan 'e wrâld. Hy gie op 12 juny1913 iepen. Yn 1915 waard it earste hotel yn Miami Beach boud, Brown's Hotel, dat noch altyd stiet (op 112 Ocean Drive). Tsjin dy tiid wennen Collins en syn famylje, Pancoast, Fisher en de bruorren Lummus allegear yn nijboude filla's op 'e eilannen, dêr't datselde jiers noch twa oare hotels, twa grutte badhuzen, in iepenbier akwarium en in golfbaan fan achttjin holes oanlein waarden. Op 26 maart1915 waard Miami Beach bestjoerlik ûnôfhinklik fan Miami as in town, en yn 1917 krige it plak stedsrjochten.
Yn 'e 1920-er jierren ûntjoech Miami Beach him ta in fakânsjebestimming foar de superriken út it noardeasten en midwesten fan 'e Feriene Steaten. Der waarden ferskate tige lúksueuze hotels boud. It oerflak fan 'e eilannen waard fierder útwreide troch it opspuitsjen fan sân fan 'e boaiem fan 'e Biscaynebaai. Yn 1925 waard de Collinsbrêge, dy't de skipfeart troch de baai behindere, ferfongen troch de saneamde Venetian Causeway, dy't bestie út in rige ophelbrêgen. De ferwoastgjende orkaan fan Miami, dy't ek yn Miami Beach in protte skea oanrjochte, makke yn 1926 in ein oan 'e iere heechtijdagen fan it baaiplak. De Grutte Depresje, dy't yn 1929 begûn, kaam foar't der in nije súksesperioade ûntstie, mar dochs loek Miami Beach ek yn 'e Krisisjierren fan 'e 1930-er jierren noch wol toeristen oan, dy't ta de boppelaach fan 'e Amerikaanske maatskippij hearden en foar wa't it lang net sa knypte as foar oaren.
Yn 't earstoan wie der in protte antysemitisme yn Miami Beach. De measte hotels wegeren Joaden te bêdzjen, en projektûntwikkeler Carl Fisher wegere mei Joaden saken te dwaan, sadat dy inkeld besuden Fifth Street wenje koene. Pas geandewei de 1930-er jierren kaam oan dy sitewaasje in ein. Yn 'e 1940-er jierren begûnen rike Joadske famyljes yn Miami Beach sels hotels te setten. Yn dyselde snuorje krige ek de ûnderwrâld fêste foet oan 'e grûn yn it baaiplak. Ferskate ferneamde gangsters, ûnder wa maffiabaasAl Capone, en Meyer Lansky, it bekendste lid fan 'e saneamde Joadske Maffia, teagen nei har 'pinsjonearring' nei Miami Beach en stoaren dêr.
Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch brocht de ekonomyske oplibbing in weach fan migranten út 'e noardlike Feriene Steaten nei Súdlik Floarida ta. Fan gefolgen groeide de befolking fan Miami Beach fan 28.000 yn 1940 nei 46.000 yn 1950 en 63.000 yn 1960. Nei de Kubaanske Revolúsje fan Fidel Castro, yn 1959, waard Súdlik Floarida oerspield troch in weach fan flechtlingen út Kuba, in barren dat ek yn Miami Beach de etnyske gearstalling fan 'e befolking dramatysk feroare. Fan 'e 1960-er jierren ôf fêstigen har ek almar mear Joadske pensionado's út 'e noardeastlike Feriene Steaten yn it baaiplak. Tsin 1980 wie 62% fan 'e ynwenners fan Joadsk komôf. Yn 'e 1980-er jierren ferfearen de measte Joaden nei oare dielen fan Súdlik Floarida, lykas Delray Beach en Boca Raton, sadat it Joadske befolkingsoandiel tsjin 1999 belune wie ta in goede 12%. Yn 'e 1990-er jierren ûntjoech Miami Beach him ta in sintrum fan 'e Amerikaanske moade-yndustry en in wenplak fan ferneamde persoanen.
Bestjoer
Miami Beach wurdt bestjoerd troch in sânkoppich stedskommisjeregear, besteande út seis 'sljochtwei' kommisjeleden en in seremoniële boargemaster. Hoewol't dy lêste de gearkomsten fan 'e kommisje foarsit, is syn foech persiis-en-gelyk oan dat fan 'e oare kommisjeleden. Alle sân kommisjeleden wurde troch de stimberjochtige ynwenners fan Miami Beach keazen by ferkiezings. De boargemaster tsjinnet terminen fan twa jier mei in maksimum fan trije terminen, en de oare kommisjeleden tsjinje terminen fan fjouwer jier en kinne mar ien kear werkeazen wurde. De deistige lieding oer de gemeentlike organisaasje leit yn 'e hannen fan in oanstelde (net keazen) city manager (dy't ferlike wurde kin mei in gemeentesekretaris yn it Nederlânskesteatsbestel).
Ekonomy
De ekonomy fan Miami Beach moat it benammen hawwe fan it toerisme. Yn 'e gemeente Miami Beach wurdt mear as 50% binnenbrocht fan alle jild dat yn 'e countyMiami-Dade oan toerisme fertsjinne wurdt. Fan 'e 15,9 miljoen toeristen dy't yn 2017 yn 'e county ferbleaune, oernachte 58,5% yn Miami Beach. Dêrby giet it net mear inkeld om 'e superriken, lykas yn it ferline. Ek Spring Break, as de skoallen en universiteiten yn 'e Feriene Steaten yn it foarjier ticht binne en de studinten massaal op fakânsje geane yn sinnigebaaiplakken, is foar Miami Beach fan grut belang.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Miami Beach 16,2% âlder as 65 jier en 12,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 49,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Mank de Latino's foarmen de Kubanen fierwei de grutste groep mei 20,0% fan 'e befolking fan Miami Beach, op ôfstân folge troch de Kolombianen (4,9%), de Argentinen (4,6%), de Portorikanen (3,7%) en oaren. Ek wiene der 1,3% negroïde Latino's (hjirboppe net meiteld by de swarten). Fan 'e blanke ynwenners fan Miami Beach hie 9,0% in Italjaanskeeftergrûn, wylst 6,0% bestie út Dútsers, 3,8% út Ieren, 3,8% út Russen, 3,7% út Frânsen, 3,4% út Poalen en 3,0% út Ingelsen. Etnyske Joaden makken yn 1999 12% fan 'e befolking út.
Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 2000 54,9% fan 'e befolking fan Miami Beach yn 'e hûs inkeld Spaansk spriek, wylst it Ingelsk mei 32,8% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Portegeesk, mei 3,9%, en dêrnei folgen it Frânsk (1,7%), it Dútsk (1,1%), it Italjaansk (1,0%) en it Russysk (0,9%). It Jiddysk wie de memmetaal fan 0,81% fan 'e befolking, en it Hebriuwsk fan 0,75%.