De namme 'Eber' komt nei alle gedachten fan 'e Semityske wurdwoartel ‘-b-r (עבר), mei de betsjutting "oare kant" of "foaroerlizzende kant". De oantsjutting 'Hebreeërs' soe dan yntepretearre wurde kinne as "dy fan 'e oare kant [fan 'e woastyn of de rivier]. Dêrmei soe dat dus in eksonym foar de Israeliten wêze, besjoen út it eachpunt fan 'e bewenners fan Mesopotaamje, Transjordaanje of mooglik Fenysje. It moderne Hebriuwske endonym, Ivrit, dat fan deselde oarsprong as 'Hebriuwsk' komt, wurdt allinnich brûkt om it Nijhebriuwsk oan te tsjutten; de namme foar âldere foarmen fan 'e taal is יְהוּדִית, Yěhudit, oftewol "Judeesk".
De Gezerkalinder is skreaun yn it Aldhebriuwske skrift of it Paleo-Hebriuwsk skrift, in âld Semitysk konsonanteskrift dat sterk liket op it Fenisyske skrift dêr't him letter it Grykske alfabet út ûntwikkelje soe. De Gezerkalinder is hielendal sûnder fokalen skreaun, en sels sûnder fokaalferfangende konsonanten op plakken dêr't de lettere Hebriuwske stavering dy wol skreau. Yn 'e Levant binne by oare opgravings ferskate klaaitabletten opdobbe dy't skreaun binne yn fierhinne oerienkommende skriften, lykas it Proto-Sinaïtysk skrift. It tinken is dat de foarmen fan 'e letters weromgeane op 'e Egyptyske hieroglifen. In skrift dat him út it Aldhebriuwske skrift ûntwikkele hat, it Samaritaanske skrift, wurdt noch altyd brûkt troch de Samaritanen.
It Israelitysk-Hebriuwsk wie fan 'e tsiende oant de trêde iuw f.Kr. in noardlikdialekt fan it Bibelsk Hebriuwsk. It bestean dêrfan is net bewiisd, mar wurdt oannommen op basis fan beskate skaaimerken dy't yn guon bibelteksten foarkomme en dúdlik net ta de standerttaal hearre. It tinken is dat de Tenach skreaun waard yn it súdlike Keninkryk Juda, en dat yn 'e taal dy't dêr sprutsen waard soms dialektyske foarmen út it noardlike Keninkryk Israel trochkrongen.
Fan 'e earste oant de fjirde iuw fan 'e Westerske jiertelling sprekt men fan Misjnaysk Hebriuwsk. Dy perioade korrespondearret mei de Romeinske Tiid nei de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim. De namme ferwiist nei de Misjna of Mišnah, dy't yn 'e mande mei de Gemara de (Babyloanyske) Talmoed foarmet. Dit taalstadium wurdt ek wol oantsjut as Rabbinaal Hebriuwsk. Behalven it meastepart fan 'e Talmoed waard ek in diel fan 'e Deade-Seerôlen yn it Misjnaysk Hebriuwsk skreaun, spesifyk de Bar Kochba-brieven en de Koperen Boekrôle. It Misjnaysk Hebriuwsk is op te dielen yn it Tannaïtysk Hebriuwsk (fan 'e tannaim), dat ek wol Ier Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk I neamd wurdt en dat in sprutsen taal wie, en it Amoraysk Hebriuwk (fan 'e amoraim), dat ek wol Let Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk II neamd wurdt, en dat poer in literêre taal wie.
Yn 'e tiid fan it Ier Postbibelsk Hebriuwsk sette de delgong fan it Hebriuwsk as sprektaal ûnder de Joaden troch, dy't yn 'e sechsde iuw f.Kr. ûnder de Babyloanyske Ballingskip begûn wie. Hoewol't der gjin twifel oer bestiet dat it Hebriuwsk op in stuit as memmetaal en deistige omgongstaal fan 'e Joaden ferfongen waard troch it Arameesk, hat de miening fan 'e wittenskip oer wannear't dat krekt barde, frijwat ûntwikkeling trochmakke. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wiene de measte saakkundigen fan tinken dat oan it begjin fan it Hellenistyske Tiidrek yn 'e fjirde iuw f.Kr. frijwol alle Joaden al Arameesktalich wiene. Argeologyske opgravings yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, en yn 't bysûnder de taalkundige analyze fan 'e Deade-Seerôlen, dy't tusken 1946 en 1948 yn 'e neite fan Kûmran ûntdutsen waarden, hawwe dy opfetting lykwols ûntsjinstriidber wjerlein.
De Deade-Seerôlen wiene nammentlik yn oerweldigjende mjitte yn it Hebriuwsk skreaun ynstee fan yn it Arameesk, en it wie gjin ferstienne ferzje fan it Let Bibelsk Hebriuwsk, sa't men dat ferwachtsje meien hie as de taal as sprektaal útstoarn wie, mar in jongere foarm fan 'e taal dy't dúdlik nije ûntjouwings trochmakke. De Deade-Seerôlen wiene fierders dúdlik skreaun foar in algemien lêzerspublyk en net foar in lytse heechgelearde elite, wat oanjout dat de trochsneed Joad út dy tiid noch goed thús wie yn it Hebriuwsk. Saakkundigen tinke dêrom no dat meldings oer Arameesktalige Joaden út dy tiid wize op in meartaligemaatskippij ynstee fan op wat de memmetaal fan sokke lju wie.
It Hebriuwsk en it Arameesk moatte iuwenlang njonkeninoar bestien hawwe, wêrby't it Hebriuwsk de taal wie dy't yn 'e hûs en binnen de eigen mienskip sprutsen waard, wylst it Arameesk brûkt waard foar de hannel en foar kommunikaasje mei lju fan oare etnyske groepen. Geandewei it Hellenistyske Tiidrek kaam it Gryksk dêr noch as trêde taal by, dat de taal fan 'e oerheid waard. It liket wol wierskynlik dat it Hebriuwsk yn 'e lêste iuwen f.Kr. en yn 'e earste iuw n.Kr. stadichoan terrein ferlear oan dy beide oare talen.
Tsjin it begjin fan 'e Westerske jiertelling wie it Judeo-Arameesk de memmetaal wurden fan 'e measte Oriïntaalske Joaden yn Babyloanje, mar ek fan 'e Joaden fan Galileä en Samaría en fan 'e gewoane lju yn Jeruzalim. De Westerske Joadske diaspora spriek Gryksk, en dat wie ek de taal fan 'e Israelityske havenstêden oan 'e kust fan 'e Middellânske See, de oerheidssintra en de Joadske hegerein yn Jeruzalim. Inkeld yn Judeä besuden Jeruzalim waard noch oan 'e eigen taal fêstholden troch de befolking fan it plattelân, dy't bestie út 'e ôfstammelingen fan 'e weromkearde ballingen út Babyloanje. Itselde gou yn Jeruzalim foar de preesters, fariseeërs, sadduseeërs en de saneamde seloaten (Joadske nasjonalistenavant la lettre, soe men sizze kinne), dy't harren oankanten tsjin 'e Romeinske oerhearsking.
Nei de rampsillige Bar Kochba-opstân fan 135, dy't einige mei de deportaasje fan Joaden út Jeruzalim en Judeä en in ferbod foar alle Joaden om noch foet yn Jeruzalim te setten, begûn it mei it Hebriuwsk slim yn it neigean te reitsjen. It meastepart fan 'e Hebriuwsktalige Judeeërs liket him doe yn 'e noardlike regio Galileä fêstige te hawwen, sadat dat it lêste bolwurk fan it Hebriuwsk waard. De measte taalkundigen datearje it útstjerren fan it Hebriuwsk no omtrint 200. De taal bleau neitiid yn gebrûk foar liturgyske doelen en ek as taal fan 'e rabbinale geskriften.
Midiuwsk Hebriuwsk
Nei it foltôgjen fan 'e Talmoed ûntjoegen har ferskate regionale literêre fariëteiten 'e Hebriuwske skriuwtaal, dy't mei-inoar bekendsteane as it Midsiuwsk Hebriuwsk. De wichtichste dêrfan wie it Tiberiaansk Hebriuwsk of Masoretysk Hebriuwsk, in pleatslik dialekt út Tiberias yn Galileä dat him ûntwikkele ta de standerttaal foar it fokalisearjen fan 'e Tenach (de Joadske Bibel), dy't ommers yn in konsonanteskrift skreaun wie. Dêrtroch oefenet dy taalfariant oant yn 'e hjoeddeistige tiid ynfloed út op alle oare fariëteiten fan it Hebriuwsk. It Tiberiaansk Hebriuwsk út 'e perioade fan 'e sânde oant en mei de tsiende iuw wurdt soms 'Bibelsk Hebriuwsk' neamd om't it brûkt wurdt om 'e Joadske Bibel út te sprekken, mar it moat ûnderskaat wurdt fan it eigentlike, histoaryske Bibelsk Hebriuwsk út 'e sechsde iuw f.Kr., dêr't de Joadske Bibel yn skreaun is en wêrfan't de oarspronklike útspraak rekonstruëarre wurde moat.
It Tiberiaansk Hebriuwsk wie de earste foarm fan it Hebriuwsk dy't de opmerklike wittenskip fan in groep skriftlearden omfette dy't de Masoreten neamd wurde. Dyselden foegen fokaalpunten en grammatikapunten oan 'e letters fan it Hebriuwske skrift ta om 'e krekte útspraak te behâlden, bgl. foar opsizzen of sjongen. De Masoreten urven in bibelske tekst wêrfan't de letters as te hillich beskôge waarden om oanpast te wurden, dat dêrom pleatsten se markearrings yn 'e foarm fan punten om 'e letters hinne, as in soarte fan diakrityske tekens. De Kodeks fan Aleppo, in Hebriuwske Bibel mei Masoretyske markearrings, waard yn 'e tsiende iuw skreaun, wierskynlik yn Tiberias, en is oant de dei fan hjoed bewarre bleaun. It wurdt beskôge as miskien wol it wichtichste Hebriuwsktalige manuskript dat noch bestiet.
De needsaak om wittenskiplike en filosofyske ideeën út te drukken dy't kamen út it Gryksk en it Arabysk, wie foar skriuwers fan it Midsiuwsk Hebriuwsk reden om lienwurden en soms grammatikale konstruksjes út dy talen oer te nimmen, of oars om lienfertalings of folslein nije termen yn it Hebriuwsk te betinken. Dêrtroch krige it Hebriuwsk sa't dat brûkt waard om filosofyske teksten te skriuwen, in hiel eigen styl. Wichtige Joadske filosofen út dy tiid dy't harren wurken yn it Hebriuwsk skreaune wiene de leden fan 'e Ibn Tibbon-famylje. In oare wichtige ynfloed wie Maimonides (1135-1204), dy't in ienfâldige styl ûntwurp, basearre op it Misjnaysk Hebriuwsk, om syn wetskoade te skriuwen, de Misjneh Torah. Neifolgjende rabbinale literatuer waard skreaun yn in mingfoarm fan syn styl en it aramisearre Rabbinaal Hebriuwsk fan 'e Talmoed.
De oanhâldende bekendheid fan (learde) Joaden mei it Hebriuwsk betsjutte dat sokke lju út alle dielen fan 'e wrâld mei-inoar korrespondearje koene yn in mienskiplike taal, dat boeken en oare dokuminten troch Joaden út 'e hiele wrâld lêzen wurde koene, en ek dat Joaden op reis gean koene nei fiere oarden en, salang't dêr oare Joaden wennen, harsels altyd fersteanber meitsje koene. It Hebriuwsk wie dêrmei foar de Midsiuwske Joaden wat it Latyn foar de kristlikegeastlikheid út dy tiid wie.
Ben-Jehûda waard motivearre troch in romantysknasjonalisme en in ôfwizing fan 'e "štetl"-libbenswize fan 'e diaspora. As basis foar de nije Hebriuwske sprek- en memmetaal naam er de oerlevere literêre en liturgyske taal en besocht dy oan te passen foar aldendeisk gebrûk. Syn taal waard it Nijhebriuwsk, dat ek wol Modern Hebriuwsk, Israelysk Hebriuwsk of Standerthebriuwsk neamd wurdt. Dêrfoar naam er it Hebriuwsk fan 'e Sefardyske Joaden út it Middellânske-Seegebiet as basis, hoewol't dat grammatikale eleminten en stilen omfette dy't yn it Hebriuwsk fan 'e Asjkenazyske Joaden fan Midden en East-Jeropa en dat fan 'e Mizrahyske Joaden fan 'e Oriïnt ferfongen wiene troch oare taalnoarmen. Troch syn organisatoaryske talinten en syn belutsenens by de oprjochting fan skoallen en it skriuwen fan skoalboeken wist Ben-Jehûda oanhing te skeppen foar syn taalplannen, mar pas ûnder de Twadde Alia fan 1904-1914, doe't in nije weach Joadske ymmigranten oerkaam nei Palestina, begûnen syn plannen wier frucht te dragen.
Hoewol't in protte oare Joaden net folle yn 'e ideeën fan Ben-Jehûda seagen, of se sels feroardielen as godslasterlik (om't it Hebriuwsk de hillige taal fan 'e Torah wie en dêrom ûngaadlik foar fulgêr gebrûk as aldendeiske sprektaal), begriepen in soad Joadske ymmigranten yn Palestina ek wol dat der in lingua franca komme moast dy't se brûke koene foar ûnderlinge kommunikaasje. De ymmigranten hiene nammentlik in grut tal ferskillende talen as memmetaal: Joadske talen as Jiddysk, Sefardysk (ek wol Ladino neamd), foarmen fan Judeo-Arabysk en Judeo-Arameesk, mar ek talen fan 'e lannen dêr't se berne wiene, lykas Russysk, Frânsk, Perzysk en Arabysk. Sadwaande waard der in Komitee foar de Hebriuwske Taal oprjochte (dat nei 1948 de Akademy fan 'e Hebriuwske Taal fan 'e Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim wurde soe). Troch it wurk fan Ben-Jehûda en it Komitee wie it Hebriuwsk tsjin 'e tiid dat yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek in hiel ein op slach om 'e wichtichste taal fan 'e Joadske mienskip yn Palestina te wurden. Allinne de leden fan 'e âlde jisjûv (de Joaden dy't al foar de opkomst fan it sionisme yn Palestina wennen) en inkele gassidyskesekten (benammen dy ûnder it bewâld fan 'e Satmar-dynasty) wegeren Hebriuwsk te sprekken en holden fêst oan it Jiddysk.
Nei de Earste Wrâldoarloch waard Palestina in mandaatgebiet fan it Folkebûn, wêrfan't it bestjoer opdroegen wie oan it Feriene Keninkryk. De ûntwikkeling fan it Nijhebriuwsk krige in flinke oantrún doe't it Hebriuwsk yn 1921 yn 'e mande mei it Ingelsk en it Arabysk ta offisjele taal fan Palestina ferklearre waard. Dy nije formele status droech sterk by oan 'e fersprieding ûnder nije Joadske ymmigranten. Doe't yn 1948 de Steat Israel ûntstie, waard it Hebriuwsk de (earste) offisjele taal fan dat lân.
Yn deselde tiid waard yn 'e Sovjet-Uny krekt it near lein op it gebrûk fan it Hebriuwsk. De autoriteiten dêre seagen dy taal, fanwegen de assosjaasje mei it sionisme, as 'reäksjonêr', en besleaten yn 1919 dat de iennichste nasjonale taal fan 'e it Russyske Joaden it Jiddysk wie. It Hebriuwsk waard dêrnei behannele as in frjemde taal, oant dêr yn 'e 1980-er jierren ûnder ynfloed fan Gorbatsjovspolityk fan glasnost en perestrojka in ein oan makke waard.
Taalstatus
It Hebriuwsk is de nasjonale taal fan 'e Joaden. It hat sûnt 1948 de status fan offisjele taal yn 'e Joadske Steat Israel. Oarspronklik wie ek it Arabysk in offisjele taal yn Israel, mar de status fan dy taal waard yn july2018 troch it regear fan premierBenjamin Netanyahu ferlege. It Arabysk hat sûnt yn Israel de status fan "taal mei in bysûndere lanlike status". Ek it Ingelsk hat yn Israel in semy-offisjele status. It Hebriuwsk is fierders de offisjele taal (of faker ien fan 'e offisjele talen, yn 'e mande mei it Ingelsk) fan ferskate ynternasjonale Joadske organisaasjes, lykas it Joadsk Wrâldkongres (WJC). Yn twa lannen genietet it Hebriuwsk politike erkenning as in (te beskermjen) minderheidstaal. Yn Poalen is it sûnt 2005 steatsrjochtlik erkend as minderheidstaal ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. En yn Súd-Afrika genietet it sûnt 2006 ûnder de grûnwet erkenning as in foar religieuze doelen brûkte minderheidstaal.
Mizrahysk-Hebriuwsk (of Oriïntaalsk-Hebriuwsk), is in samling liturgysk sprutsen dialekten fan 'e Mizrahyske Joaden út it Midden-Easten (Syrje, Irak, Iraan, ensfh.), dy't harren ûntjoegen ûnder ynfloed fan it Arabysk. It Jemenitysk-Hebriuwsk, dat fan 'e oare Mizrahysk-Hebriuwske dialekten ferskilt troch in radikaal oar systeem fan fokalen en in betsjuttingsûnderskiedend ferskil fan útspraak tusken konsonanten dy't yn 'e oare dialekten itselde útsprutsen wurde (lykas gimel, mei de g fan "goed", en ġimel, mei de g fan "bûge"), wurdt lykwols ornaris ek ta it Mizrahysk-Hebriuwsk rekkene.
De ferskillende útspraken fan it liturgysk Hebriuwsk wurde noch altyd brûkt by de earetsjinst yn 'e synagoge en by religieuzestúdzje, sawol yn Israel as dêrbûten, mar foar it meastepart troch lju dy't gjin memmetaalsprekkers fan it Hebriuwsk binne. Sels as wól war dien wurdt om 'e Sefardyske útspraak oer te nimmen út respekt foar it Nijhebriuwsk, behâldt it liturgysk Hebriuwsk yn sokke gefallen noch in dúdlik Asjkenazysk of Mizrahysk substraat. Guon tradisjonalistyske Israeeljers, dy't wól it Hebriuwsk as memmetaal hawwe, brûke lykwols in ôfwikende liturgyske útspraak foar it opsizzen fan gebedens, sa't roomskekristenen soms Latyn brûke ynstee fan harren memmetaal.
Tal sprekkers
Der wiene anno 2017 wrâldwiid 9 miljoen sprekkers fan it Hebriuwsk. Dêrfan sprieken 5 miljoen minsken dy taal as memmetaal, benammen yn Israel. Nochris 4 miljoen minsken sprieken it Hebriuwsk as twadde taal, fan wa de helte, 2 miljoen, floeiend. De Feriene Steaten wiene it lân mei de measte Hebriuwsksprekkers nei Israel: 220.000 minsken, foar it meastepart emigranten út Israel.
Yn Israel sels kin 90% fan 'e Joaden him goed rêde yn it Hebriuwsk, en 70% hiel goed. Dat dy persintaazjes net heger lizze, komt trochdat Israel sûnt de fal fan it Izeren Gerdyn oan it begjin fan 'e 1990-er jierren in grutte stream oan nije Joadske emigranten út 'e eardere Sovjet-Uny opnommen hat, dy't oer it algemien fanwegen it ferbod op Hebriuwsk ûnderwiis yn 'e Sovjet-Uny it Hebriuwsk net machtich wiene doe't se arrivearren. Sa'n 26% fan 'e ymmigranten út 'e eardere Sovjet-Uny sprekt min of hielendal gjin Hebriuwsk.
Fan 'e Arabyske minderheid yn Israel kin 60% him goed rêde yn it Hebriuwsk, wylst 30% sels better Hebriuwsk as Arabysk sprekt. Likernôch 12% fan 'e Israelyske Arabieren sprekt min of hielendal gjin Hebriuwsk. Fan 'e hiele Israelyske befolking hie yn 2013 53% it Hebriuwsk as memmetaal. Foar de leeftydskategory fan boppe de tweintich jier lei dat persintaazje lykwols mar op 49%. Oare memmetalen (as it Hebriuwsk) fan 'e Israelyske befolking binne, yn folchoarder fan oantallen memmetaalsprekkers: Russysk, Arabysk, Frânsk, Ingelsk, Jiddysk, Sefardysk en in grut tal oare talen.
Skrift
It Nijhebriuwsk wurdt fan rjochts nei lofts skreaun yn it Hebriuwske skrift, dat in 'ûnsuver' konsonanteskrift (abjad) fan 27 letters is. Dat skrift jout yn prinsipe inkeld konsonanten wer en gjin fokalen, mar it is ûnsuver om't yn 'e praktyk gauris guon konsonanten tafoege wurde op plakken dêr't se eins net thúshearre om 'e útspraak fan fokalen oan te tsjutten. Sokke konsonanten wurde 'lêsmemmen' neamd. Sa nedich kinne fierders diakrityske tekens brûkt wurde om 'e útspraak fan konsonanten oan te jaan as it ferskil betsjuttingsûnderskiedend is (lykas by bet en vet en by šin en sin). Ek kinne oare diakrityske tekens (fokaalpunten) ynset wurde om fokaalwearden wer te jaan, en wer oaren (kantillaasje) foar ynterpunksje, wurdklam en muzikale werjefte.
It Hebriuwsk fan hjoed de dei is foar in part keunstmjittch (wer)opboud. It is in taal mei in wierlik Semityskewurdskat en skriftlike foarm, mar in fonology dy't faak de kant fan 'e Yndo-Jeropeeske talen fan Jeropa útskaait. De basis foar it Nijhebriuwsk foarme de útspraak fan 'e Sefardysk-Hebriuwskeliturgyske taal sa't dy oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk wie yn 'e Sefardysk-Joadskemienskip fan Jeruzalim. Dêroan waarden lykwols withoefolle neologismen tafoege om 'e taal by de tiid te bringen en gaadlik te meitsjen foar aldendeisk gebrûk. In soad fan dy neologismen waarden betocht troch Eliëzer Ben-Jehûda, dy't yn it foarste plak socht nei gaadlike âlde Hebriuwske wurden of útdrukkings dy't er in nije betsjutting jaan koe. Slagge dat net, dan naam er sokke nije begripen, wat sprektaaltermen oangie, faak oer út it Arabysk of it Arameesk, wylst technyske termen ûntliend waarden oan it Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Russysk. Mei't de ierste sprekkers fan it Nijhebriuwsk yn grutte mearderheid Jiddysktalige Joaden wiene, waarden ek in protte lienfertalings út it Jiddysk yn 'e nije taal yntrodusearre.
Nettsjinsteande it feit dat it Sefardysk-Hebriuwsk oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw primêr as basis foar it Nijhebriuwsk brûkt waard, ken it hjoeddeistige Nijhebriuwsk ferskate fonologyske skaaimerken dy't út it Asjkenazysk-Hebriuwsk komme. Dêrby giet it om:
It weiwurden fan 'e faryngale útspraak fan 'e letters chet (ח; ḥ) en ajin (ע; ‘) by in protte sprekkers.
De útspraak (troch in soad mar net alle sprekkers) fan 'e tzere (ֵ) as in ij-klank (as yn "pij"), ynstee fan in ee-klank (as yn "leed"), dus sifrej en tejša ynstee fan sifre en teša.
It foar in diel weilitten fan 'e sjwa: zman ynstee fan zěman.
It lizzen fan 'e klam yn eigennammen (en beskate oare wurden) op it foarlêste wurdlid ynstee fan op it lêste wurdlid: Dvóra ynstee fan Děvorá en Yehúda ynstee fan Yěhudá.
It lizzen fan 'e klam yn tiidwurdsfoarmen mei in efterheaksel dat de twadde persoan meartal werjout op it foarlêste wurdlid ynstee fan it lêste wurdlid: katávtem, "jimme skriuwe", ynstee fan kětavtém.
Klankynventaris
Konsonanten
It Hebriuwsk telt 27 letters dy't konsonanten werjouwe, mar net mear as 18 fonemen (klanken) dy't konsonanten werjouwe. Ferskaten fan 'e letters jouwe dus deselde klank wer. Dat komt om't de klankynventaris fan it Hebriuwsk troch de iuwen hinne ferienfâldige is, want oarspronklik stiene alle 27 letters foar ferskillende konsonanteklanken.
Fierders omfiemet it Hebriuwsk de folgjende fokalen, dy't yn 'e skreaune foarm fan 'e taal net of op oanpaste wize ta utering komme, mei't der gjin aparte letters foar besteane: