Peter O'Toole (folút: Peter Seamus Lorcan O'Toole ; Connemara (Ierlân ), 2 augustus 1932 – Londen , 14 desimber 2013 ), wie in Iersk -Britsk akteur , dy't bekend stie om syn felblauwe eagen . Hy begûn syn karriêre yn it Britske teäter , dêr't er namme makke as Shakespeare -fertolker. By it grutte publyk en bûten it Feriene Keninkryk waard er lykwols ferneamd troch syn wurk as filmakteur . Fral syn titelrol as T.E. Lawrence yn 'e histoaryske film Lawrence of Arabia makke him ta in filmstjer. Yn syn karriêre wûn er fjouwer Golden Globes , in BAFTA , in Emmy en in Oscar , wylst er fierders noch acht oare kearen foar in Oscar nominearre waard. Yn 2012 joech er it aktearjen deroan.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
O'Toole waard berne yn 1932 . Guon boarnen jouwe as syn berteplak Connemara , yn County Galway , yn Ierlân , wylst oaren úthâlde dat er te wrâld kaam yn it Ingelske Leeds . O'Toole sels wie net wis fan syn berteplak of -datum ; yn syn autobiografy skreau er dat er 2 augustus as syn jierdei beskôge, mar dat er sawol in Iersk as in Britsk bertesertifikaat hie, en dat er neffens it Ierske berne wie yn juny 1932 . O'Toole wie de soan fan Patrick Joseph O'Toole, byneamd "Spats", in Iersk metaalarbeider , fuotballer en bookmaker op in hurddraversbaan en dy syn frou Constance Jane Eliot Ferguson, in Skotsk ferpleechster .
O'Toole waard grutbrocht as lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke , en genoat syn leger en middelber ûnderwiis oan roomske skoallen , dêr't er troch de nonnen tirannisearre waard om syn loftshandichheid ôf te learen. Nei't er fan skoalle gien wie, wurke er as sjoernalist yn oplieding en fotograaf foar de krante de Yorkshire Evening Post , oant er oproppen waard foar syn tsjinstplicht en seinder yn 'e Britske Keninklike Marine waard. Nei syn tsjinsttiid folge O'Toole fan 1952 oant 1954 in oplieding oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA) te Londen , nei't er ôfwiisd wie troch de toanielskoalle fan it Abbey Theatre yn 'e Ierske haadstêd Dublin om't er de Ierske taal net machtich wie.
Karriêre
O'Toole sette mei syn karriêre as akteur útein op it toaniel . Hy makke namme as Shakespeare -fertolker yn it Bristol Old Vic en as lid fan it toanielselskip de English Stage Company . Yn 1954 makke er syn debút op 'e tillefyzje , en yn 1959 op it wite doek , mei in lyts roltsje yn 'e Britske film The Day They Robbed the Bank of England . Hy briek yn 1962 troch mei syn rol as de Britske legerofsier en aventoersman T.E. Lawrence yn regisseur David Lean syn masterwurk Lawrence of Arabia . Foar dy rol waard er trouwens pas útkeazen doe't bliken die dat Marlon Brando oare ferplichtings hie, en nei't Albert Finney derfoar betanke hie.
Peter O'Toole as T.E. Lawrence , yn Lawrence of Arabia .
Foar syn rol yn Lawrence of Arabia waard O'Toole foar it earst nominearre foar in Oscar , en yn 'e jierren dy't folgen, soed er noch sânris sa'n nominaasje yn 'e wacht slepe, foar rollen yn 'e films Becket (1964 ), The Lion in Winter (1968 ), Goodbye, Mr. Chips (1969 ), The Ruling Class (1972 ), The Stunt Man (1980 ), My Favorite Year (1982 ) en Venus (2006 ). Eltse kear gie de oerwinning lykwols oan him foarby. Pas yn 2003 krige er in eare-Oscar útrikt foar syn hiele oeuvre . O'Toole is trouwens ien fan mar in pear akteurs dy't foar deselde rol mear as ien kear nominearre binne foar in Oscar: hy spile kening Hindrik II fan Ingelân sawol yn Becket as yn The Lion of Winter .
Yn dy lêste film wurke O'Toole gear mei Katharine Hepburn , en yn 1972 spile er mei Sophia Loren yn 'e film Man of La Mancha] , oer de Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes en dy syn fiktive personaazje Don Quichot . Dat er ek komyske rollen oankoe, liet O'Toole sjen yn What's New, Pussycat? , út 1965 . Njonken syn karriêre as filmakteur gied er ek troch mei teäter ; sa stied er yn 1970 yn it Dublinske Abbey Theatre mei in rol yn Samuel Beckett syn stik Waiting for Godot . Yn 1980 spile er de rol fan 'e Romeinske keizer Tibearius yn 'e kontroversjele (want troch it neakenblêd Penthouse produsearre en foar in diel iepentlik pornografyske ) film Caligula . Hy wûn de prestizjeuze Britske Laurence Olivier Award foar syn optreden yn Jeffrey Bernard is Unwell (1989 ), en in Emmy Award , de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis , foar syn rol yn 'e minysearje Joan of Arc (1999 ).
De lêste tsien jier fan syn wurkpaad spile O'Toole fral lytsere roltsjes, lykas presidint Paul von Hindenburg fan 'e Weimarrepublyk yn Hitler: The Rise of Evil (2003 ), de Romeinske keizer Augustus yn Imperium: Augustus (2003 ), de Trojaanske kening Priamos , yn 'e film Troy (2005 ), de âldere Giacomo Casanova yn 'e BBC -tillefyzjesearje Casanova (2005 ), en paus Paulus III yn 'e histoaryske dramasearje The Tudors (2008 ). Op 12 july 2012 makke O'Toole bekend dat er ophold fan aktearjen.
Peter O'Toole as kening Hindrik II fan Ingelân yn The Lion in Winter .
Priveelibben
Yn 1959 troude O'Toole mei de Welske aktrise Siân Phillips , mei wa't er twa dochters krige, aktrise Kate O"Toole (1960 ) en Patricia O'Toole (19??). It houlik rûn yn 1979 út op in skieding . Phillips skreau letter yn twa autobiografyen dat O'Toole har geastlik mishannele hie, wat benammen feroarsake waard troch syn slimme alkoholisme . Teffens hied er oanfallen fan ekstreme jaloerskens doe't se him úteinlik ferliet foar in jongere minner . Neitiid krige O'Toole in relaasje mei it folle jongere model Karen Brown (al trouden hja nea), en krige mei har noch in soan , Lorcan Patrick O'Toole (1983 ).
Oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren makke slimme sykte hast in ein oan O'Toole syn libben , doe't syn maachkanker by fersin oansjoen waard foar in symptoom fan syn oerynname fan alkohol . Yn 1976 waarden by in operaasje syn alfleisklier en in grut diel fan syn mage fuorthelle, wat makke dat er tenei litte oan ynsuline -ôfhinklike sûkersykte . Yn 1978 ferstoar er suver oan in bloedkrupsje . Hy bettere lykwols wer op en kearde werom op 'e planken en foar de kamera .
Wat syn politike opfettings oanbelanget, wie O'Toole yn 'e iere jierren fyftich in fûleindich tsjinstanner fan 'e Koreaanske Oarloch . Yn 'e sechstiger jierren , ûnder de Fjetnamoarloch , wied er fannijs aktyf yn 'e anty-oarlochsbeweging . Nei't der grute wurdt, waard O'Toole yn 1987 in ridderskip oanbean (dat it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe), mar sloech er dy ôf fanwegen persoanlike en politike redens. Op religieus mêd omskreau O'Toole himsels yn in fraachpetear ris as in "kristen dy't mei pinsjoen gien is".
Ferstjerren
Nei't er lang yn 'e minnichte omtoarke hie, ferstoar Peter O'Toole op 14 desimber 2013 yn 'e âlderdom fan 81 jier, yn it Wellington Hospital yn syn wenplak, de Britske haadstêd Londen . Hy liet trije bern en in pakesizzer nei.
Filmografy
Filmografy as akteur
jier
titel
rol of funksje
opmerkings
tillefyzje
1956
The Adventures of the Scarlet Pimpernel
earste soldaat
gastrol ; ôfl. A Tale of Two Pigtails
1961
Rendezvous
John
weromkearende rol ; 3 ôfl.
1968
Present Laughter
Garry Essendine
tillefyzjefilm
1980
Strumpet City
James Larkin
minysearje
1981
Masada
tribún Cornelius Flavius Silva
minysearje nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1982
Man and Superman
Jack Tanner
tillefyzjefilm
1983
Pygmalion
prof. Henry Higgins
tillefyzjefilm
1983
Sherlock Holmes and the Baskerville Curse
Sherlock Holmes
as stimakteur ; tillefyzjefilm
1983
Svengali
Anton Bosnyak
tillefyzjefilm
1984
Kim
Lama
tillefyzjefilm
1986
The Ray Bradbury Theater
John Hampton
gastrol; 1 ôfl.
1987
The Dark Angel
omke Silas
minysearje
1990
Crossing to Freedom
John Sidney Howard
tillefyzjefilm
1992
Civvies
Barry Newman
tillefyzjefilm
1994
Heaven and Hell: North and South, Book III
Sam Trump
minysearje
1995
Heavy Weather
Clarence greve fan Emsworth
tillefyzjefilm
1996
Gulliver's Travels
keizer fan Lilliput
tillefyzjefilm
1998
Coming Home
kolonel Carey-Lewis
tillefyzjefilm
1999
Joan of Arc
biskop Pierre Cauchon
nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
1999
Jeffrey Bernard is Unwell
Jeffrey Bernard
tillefyzjefilm
2002
The Education of Max Bickford
Sidney McKnight
gastrol; 1 ôfl.
2003
Hitler: The Rise of Evil
presidint Paul von Hindenburg
tillefyzjefilm nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
2003
Imperium: Augustus
keizer Augustus
2005
Casanova
de âldere Giacomo Casanova
minysearje
2008
The Tudors
paus Paulus III
minysearje
2008
Iron Road
Lionel Relic
minysearje
films
1960
Kidnapped
Robin MacGregor
1960
The Savage Innocents
earste plysjeman
1960
The Day They Robbed the Bank of England
kaptein Monty Fitch
1962
Lawrence of Arabia
T.E. Lawrence
BAFTA foar bêste Britske akteurGolden Globe foar bêste manlike nijynkommeling nom. Oscar foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1964
Becket
kening Hindrik II fan Ingelân
nom. Oscar foar bêste akteur nom. BAFTA foar bêste Britske akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1965
Lord Jim
Lord Jim
1965
What's New Pussycat?
Michael James
1965
The Sandpiper
?
as stimakteur , net fermeld op 'e ôftiteling
1966
How to Steal a Million
Simon Dermott
1966
The Bible: In the Beginning...
de trije ingels
1967
The Night of the Generals
generaal Tanz
1967
Casino Royale
Skotske doedelsekspiler
cameo ; net fermeld op 'e ôftiteling
1968
The Lion in Winter
kening Hindrik II fan Ingelân
nom. Oscar foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1968
Great Catherine
kaptein Charles Edstaston
1969
Goodbye, Mr. Chips
Arthur Chipping
nom. Oscar foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1970
Country Dance
sir Charles Ferguson
1971
Murphy's War
Murphy
1972
Under Milk Wood
kaptein Tom Cat
1972
The Ruling Class
Jack Gurney, 14e greve fan Gurney
nom. Oscar foar bêste akteur
1972
Man of La Mancha
Don Quichot Miguel de Cervantes Alonso Quijano
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1975
Rosebud
Larry Martin
1975
Man Friday
Robinson Crusoe
1976
Foxtrot
Liviu
1976
Rogue Male
sir Robert Thorndyke
1978
Power Play
kolonel Zeller
1979
Zulu Dawn
Lord Chelmsford
1979
Caligula
keizer Tibearius
1980
The Stunt Man
Eli Cross
nom. Oscar foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1982
My Favorite Year
Alan Swann
nom. Oscar foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1983
Sherlock Holmes and the Valley of Fear
Sherlock Holmes
as stimakteur
1983
Sherlock Holmes and a Study in Scarlet
Sherlock Holmes
as stimakteur
1983
Sherlock Holmes and the Sign of Four
Sherlock Holmes
as stimakteur
1984
Supergirl
Zaltar
1985
Creator
dokter Harry Wolper
1986
Club Paradise
gûverneur Anthony Cloyden Hayes
1987
The Last Emperor
Reginald Johnston
nom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1988
High Spirits
Peter Plunkett
1989
As Long as It's Love
prof. Yan McShoul
1990
Wings of Fame
Cesar Valentin
1990
The Rainbow Thief
prins Meleagre
1990
The Nutcracker Prince
Pantaloon
as stimakteur
1991
King Ralph
sir Cedric Charles Willingham
1992
Rebecca's Daughters
lord Sarn
1992
Isabelle Eberhardt
majoar Lyautey
1993
The Seventh Coin
Emil Saber
1997
FairyTale: A True Story
Arthur Conan Doyle
1998
Phantoms
dokter Timothy Flyte
1999
The Manor
Ravenscroft
1999
Molokai: The Story of Father Damien
William Williamson
2002
Global Heresy
lord Charles Foxley
2002
The Final Curtain
J.J. Curtis
2003
Bright Young Things
kolonel Blount
2004
Troy
kening Priamos fan Troaje
2005
Lassie
de hartoch
2005
Mystic India
voice-over
dokumintêre
2006
Venus
Maurice
nom. Oscar foar bêste akteur nom. BAFTA foar bêste akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm nom. foar in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur
2006
One Night with the King
de profeet Samuël
2007
Ratatouille
Anton Ego
as stimakteur
2007
Stardust
kening fan Stormhold
2008
Dean Spanley
Fisk Senior
2008
Christmas Cottage
Glen Wesman
2012
Eldorado
ferteller
2012
Cristiada
pastoar Christopher
2014
Decline of an Empire
Gallus
2017
Diamond Cartel
Tugboat
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes