1968 wie it jier fan de studintenrevolúsje, en dat wie ek it gefal yn Meksiko. Foar it begjin fan de Spullen hiene der yn Meksiko studintenopstannen plak fûn, om op dy manier wrâldwide oandacht te krijen foar it repressive klimaat yn Meksiko. De regearing sloech dy opstannen mei hurde hân del, wat ûnder oare laat hat ta it Bloedbad fan Tlatelolco. Fierder wie der noch in oar probleem dat de Spullen fersteurde. De swarte Amerikaanske atleten brochten yn it Olympysk doarp in protestbeweging op gong tsjin de rassediskriminaasje dêr't sy yn har lân it slachtoffer fan waarden. Se hiene allegear in ynsynje op 'e klean dêr't 'Olympic Project for Human Rights' op stie. In dêroan relatearre ynsidint fûn plak tûnder de medaljeseremoanje fan de 200 meter. Tommie Smith en John Carlos, respektivelik earste en tredde op dy ôfstân, stutsen ûnder it folksliet in fûst mei in mof yn 'e loft wylst se mei de holle nei ûnderen stiene: 'Black Power' op de Spullen. Dat foarfal waard it twatal net in tank ôfnommen en se waarden út it Olympysk doarp setten.