Om finansjele redenen moast Pierre de Coubertin de Spullen keppelje oan de wrâldútstalling hy hie eins rekkene op subsydzje fan de Frânske oerheid en de finansjele wrâld, mar beide ynstânsjes kamen net mei it nedige jild oer de brêge. Dertroch siet der foar De Coubertin neat oars op dan de Spullen te keppeljen oan de organisaasje fan de wrâldútstalling dat jier yn Parys. Dêrtroch wie de organisaasje fan de Spullen yn hannen fan it organisearjend komitee fan de wrâldútstalling. Dat komitee hie neat mei sport, en dêrtroch moasten de sporten yn minne akkommodaasjes beöefene wurde. Der wie gjin olympysk stadion en in soad sportferieningen namen de organisaasje fan de ferskeidene sporten yn hannen. Sa waarden de atletykwedstriden hâlden op de gersbanen fan de Racing Club de France en moasten der sels sporten beöefene wurde op in stik greide. De wedstriden waarden bywenne troch in oantal tafallige foarbygongers. Al mei al waarden de Spullen organisearre mei de Frânske Slach. Dat hie lieden ta in oantal opfallende ynsidinten. It organisaasje komitee fan de wrâldútstalling hie de beslissing naam om alle sporten dy't op 14 july, de Frânske nasjonale feestdei, op te fersetten om't se benaud wiene dat de sporten mear taskôgers lûke soene dan it militêr defilee. Alle sporten fan dy dei waarden dêrom de sneins hâlden, wêrtroch't in protte Amerikaanske sporters wegere ha om mei te dwaan oan de sporten dy dei.
↑De winner fan de maraton, Michel Théato, wie in Lúksemboarger yn stee fan in Frânsman. Dat waard pas inkele desennia nei de Spullen ûntdutsen, dêrtroch wurdt syn dielname en oerwinning faak takend oan Frankryk.