De Olympyske Winterspullen 1964, ek wol de IXe Olympiade neamd, waarden yn 1964 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 29 jannewaris oant en mei 9 febrewaris. Krekt foar de start fan de Spullen kamen by treningen op de Olympyske akkommodaasjes de Britske rodelaar Kazimierz Skyszpeski en de Australyske skyer Ross Milne om it libben.[1] De Spullen waarden bedrige troch in te min oan snie. It leger fan Eastenryk waard ynset om blokken iis en snie fan heger yn de bergen nei ûnderen te bringen om de skypistes en de bob- en rodelbaan yn oarder te krijen.
Op de Spullen fan 1964 stiene seis sporten op it programma en 34 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines. It IIstoksjitten wie it demonstraasjesport op de Spullen.
Seisentritich lannen diene mei oan de Spullen. Trije lannen debutearren: Yndia, Mongoalje en Noard-Korea. East- en West-Dútslân diene as in feriene ploech mei.