Yn 'e neie takomst arrivearje bûtenierdske wêzens dy't troch de minskenmimics neamd wurde, fia in asteroïde-ynslach yn Jeropa. Nei in stadich begjin feroverje se yn 'e jierren dêrnei it hiele fêstelân fan it kontinint. Fiif jier letter behellet de Feriene Ferdigeningsmacht (UDF), in wrâldwide militêre alliânsje dy't oprjochte is om 'e bûtenierdske ynvaazje tsjin te kearen, by Verdun einlings in oerwinning oer de mimics troch de ynset fan troepen yn nij ûntwikkele meganyske eksoskeletten. Heldinne fan dy striid is de Britskesersjant Rita Vrataski, dy't troch de media de "Ingel fan Verdun" neamd wurdt, hoewol't se mank de sljochtwei soldaten bekend stiet as de "Izeren Teef".
Nei de oerwinning by Verdun makket de UDF plannen foar in grutte ynvaazje fan Frankryk út Ingelân wei. Majoar William Cage, in glêde p.r.-man fan it Amerikaanske Leger, arrivearret per helikopter yn Londen, dêr't er opwachte wurdt troch de swartekorporaal Julie Montgomery. Hy wurdt dêr tafoege oan 'e stêf fan 'e Britske generaal Brigham, dy't de lieding oer de op hannen wêzende militêre operaasje hat. Cage hat noch nea oan it front west, en hy is in leffert dy't dat graach sa hâlde wol. As Brigham him mei de earste weach fan 'e troepen mei nei Frankryk stjoere wol om der foar de media ferslach fan te dwaan, liket dat him dan ek wol nei fleanen. Hy betanket foar dy ear, en as Brigham tsjin him seit dat it gjin útnûging mar in befel is, besiket er op wanhopige wize de generaal te sjantearjen troch te sizzen dat er der troch syn kontakten mei de media foar soargje kin dat Brigham de skuld fan eventuele takomstige nederlagen kriget.
Brigham lit soks lykwols net oer syn kant gean. Hy lit Cage arrestearje troch de militêre plysje, en as de majoar besiket út te naaien, wurdt er tasere en rekket er bewusteleas. As Cage wer bykomt, befynt er him op 'e Ynternasjonale Lofthaven Heathrow, dat no in militêre basis is. Hy ûntdekt dat Brigham him yn rang weromset hat nei soldaat, en dat er as deserteur oerlevere is oan 'e net sa sêftsinnige soargen fan sersjant-ynstrukteur Farell. Dyselde dielt him yn by Seksje J, in militêre ienheid dy't dochs al foltroppe is mei aparte figueren. De oare soldaten sitte der net op te wachtsjen om op in deserteur passe te moatten en litte dat dúdlik blike. De rest fan 'e dei bringt Cage mei de oare leden fan Seksje J yn training troch en nei in koarte nacht fynt de oare moarns de ynvaazje plak.
De amfibyske operaasje op it Frânske strân rint út op in folslein fiasko, mei't bliken docht dat de mimics der ree foar binne en de UDF opwachtsje. Farell en de rest Seksje J sneuvelje al rillegau. Cage is der tsjûge fan hoe't ek Rita Vrataski omkomt. Neitiid brûkt er in M18 Claymore-myn om in ûngewoan grutte, blauwe mimic, en by fersin ek himsels, op te blazen. Hy rekket deadlikferwûne, mar wylst er yn it stjerren leit, rekket er oerdutsen troch de bloed fan it bûtenierdske wêzen, dat fia syn wûnen syn lichem yn kringt. Hy stjert en alles wurdt swart.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Cage skrikt wekker en ûntdekt dat er wer op Heathrow is, op itselde stuit as doe't er dêr in dei earder bykaam út bewusteleazens nei't er tasere wie. Deselde foarfallen fan 'e foarrige deis spylje har wer ôf. Cage besiket oan sersjant Farell út te lizzen dat der wat nuvers oan 'e hân is, mar wurdt negearre. Hy wurdt by Seksje J yndield, bringt de rest fan 'e dei troch mei training, nimt nei in koarte nacht diel oan 'e ynvaazje en sneuvelet wer op it strân yn Frankryk, wêrnei't er wer wekker wurdt op Heathrow. Hy makket tsientallen kearen dyselde tiidlus troch, wêrby't de lytse feroarings dy't er besiket oan te bringen by einsluten gjin oare útkomst ta gefolch hawwe. Op in kear besiket er it libben fan Rita Vrataski te rêden. As sy sjocht dat er op 'e sekonde sekuer wit wannear't wêr in mimic opdûke sil, beseft se wat der mei him oan 'e hân is en jout se him befel om har op te sykjen as er de earstfolgjende kear wer wekker wurdt.
As Cage wer wekker wurdt op Heathrow, moat er earst oan Farell en Seksje J sjen te ûntkommen, wat er klearspilet troch by it opdrukken ynienen fansiden ûnder in ridende frachtwein troch te rôljen. Nei't er in kear deariden is, perfeksjonearret er syn timing. Hy siket Vrataski op en fertelt har wat sy de oare kear tsjin him sein hat. Hja is der maklik fan te oertsjûgjen dat er yn in tiidlus fêstsit, om't harsels foar Verdun itselde oerkommen is. Vrataski nimt him mei nei dr. Noah Carter, in ekspêr yn mimic-biology dy't omreden fan syn ekstreme ideeën yn ûngenede fallen is.
Syn teory is dat de mimics eins ien superorganisme foarmje, wêrfan't de tige seldsume blauwe wêzens, de "alfa's", analooch oan it senuwstelsel binne en de sljochtwei soldaten behearskje. De harsens wurde foarme troch ien inkeld wêzen, dat Carter oantsjut as de "omega". De omega hat it fermogen om 'e tiid te behearskjen; as der in alfa omkomt, set de omega de tiid in dei werom en past er syn taktyk oan oant de striid wûn wurdt. Trochdat it bloed fan 'e alfa dy't er deade mei syn eigen bloedstream fermongen rekke is, hat Cage by fersin it fermogen om 'e tiid in dei werom te setten 'kaapt'. Vrataski hie itselde fermogen en libbe mear as 300 kear deselde dei by de slach om Verdun, oant se op in kear ferwûne mar net dea rekke, in bloedtransfúzje tastjinne krige en dêrmei it fermogen om 'e tiid werom te setten ferlear. Se seit tsjin Cage dat er de fizioenen brûke moat, dy't nei ferrin fan tiid mei syn fermogen mank geane, om 'e omega te lokalisearjen en de deadzjen, om't dat de iennichste mooglikheid is om 'e bûtenierdske ferovering fan 'e hiele wrâld tsjin te kearen.
Wylst se wachtsje oant Cage fizioenen fan 'e omega begjint te krijen, wurdt er lus nei lus troch Vrataski traint, sadat er úteinlik begjint út te blinken as fjochter. Mentaal nimme de lussen lykwols har tol, en om't it dochs neat útmakket, knypt Cage der op in kear tuskenút om in frije dei yn Londen troch te bringen. Wylst de ynvaazje op it strân yn Frankryk mislearret, sit hy yn in Londenske kroech oan it bier nei de berjochten op 'e tillefyzje te sjen. As de elektrisiteit útfalt, giet er nei bûten ta en is er der tsjûge fan hoe't de mimics in tsjinynvaazje fan Londen útfiere, wêrby't de stêd ferwoastge wurdt. Mei't er no begrypt dat it mislearjen fan 'e ynvaazje de definitive nederlaach fan 'e minskheid ynliede sil, smyt Cage him mei nammenste mear oandriuw op syn training.
De fizioenen dy't er meitiid kriget, binne fan in keardaam yn Dútslân, dêr't de omega him yn 'e katakomben ûnder de daam beskûl hâldt. Netiid bringe Cage en Vrataski, mei help fan Carter, in grut tal lussen troch mei út te sykjen wêr't dat krekt is en hoe't se der komme kinne. Mei't Vrataski no al withoefolle dagen de iennichste persoan is mei wa't er echt kontakt hat, begjint Cage gefoelens foar har te krijen. Foar har leit dat hiel oars: sy ken him eltse kear mar ien dei, en se hat mei dêrtroch inkeld belangstelling foar de misje. Meitiid slagget it Cage en Vrataski einlings om by de ynvaazje fan it strân ôf te kommen. Se stelle in efterlitten auto op in útstoarne camping en ride dêrmei it Frânske binnenlân yn oant de benzine op is. Rinnende fine se in boerespultsje dêr't in helikopter stiet foar gewaaksbesproeiïng. Hoe faak oft er it ek besiket, Cage kin gjin mooglikheid fine om Vrataski foarby dat punt te loadsen: as se de helikopter start, lokket dat mimics oan en sy komt eltse kear om yn it gefjocht.
Mei't er syn nocht derfan hat om tasjen te moatten hoe't sy deagiet, betinkt er him yn in nije tiidlus, wêryn't er him al út gewoante wei by har melden hat. As se freget wat er fan har wol, seit er dat er him fersind hat en jout er him ôf. De oare deis wit er allinnich fan it strân te kommen en mei de helikopter de keardaam te berikken. It docht lykwols bliken dat de omega harren te fiter hân hat: it wêzen is net by de keardaam, mar wol in alfa dy't in mûklaach foar Cage opset hat. De alfa besiket him libben yn 'e hannen te krijen om him syn fermogen om 'e tiid werom te setten, ôf te nimmen. Mar Cage ferdrinkt himsels mei opsetsin yn it grûnwetter dat ûnder de daam opsiperet om dat foar te kommen.
Yn 'e folgjende lus leit er syn befinings foar oan Vrataski en Carter. Neffens Vrataski is der no noch mar ien mooglikheid oer. Carter hie in prototype fan in apparaat boud dat kontakt meitsje koe mei it senuwstelsel fan in alfa om sa de lokaasje fan 'e omega gewaar te wurden. It probleem is lykwols dat dat apparaat him ôfpakt is doe't er yn ûngenede foel; it leit no efter slot en skoattel yn in klûs yn it kantoar fan generaal Brigham. As Carter derop wiisd dat se mei dat apparaat noch altyd in alfa sjen moatte te fangen, antwurdet Vrataski dat it mei Cage, dy't de fermogens fan in alfa hat, ek wurkje moatte soe. It kostet tsientallen tiidlussen foar't it Cage en Vrataski slagget om mei súkses it haadkantoar fan it Britsk Ministearje fan Definsje binnen te kringen en noch mear om Brigham safier te krijen dat er harren it apparaat jout.
Neitiid stjoert Brigham lykwols de militêre plysje efter harren oan, sadat se noch mear tiidlussen kwyt binne om te learen hoe't se mei súkses ûntsnappe kinne. As dat op 't lêst slagget, stekt Vrataski ûnder in auto-efterfolging troch de Londenske binnenstêd it apparaat yn Cage syn boppeskonk, wêrnei't er de omega yn it wetter yn in parkearkelder yn Parys sjocht, rjocht ûnder de Glêzen Piramide foar it Louvre. Fuort dêrnei komt de efterfolging ta in abrupte ein as in soldaat yn in meganysk eksoskelet harren auto tsjinkeart. Cage en Vrataski reitsje út 'e tiid, en as Cage wer bykomt, leit er yn in militêr hospitaal, dêr't er krekt in bloedtransfúzje krigen hat en sa syn fermogen om 'e tiid werom te setten ferlern hat.
Cage en Vrataski beseffe dat dit harren alderlêste kâns is om 'e omega út te skeakeljen: as se diskear deageane, bliuwe se gewoan dea. Se ûntsnappe út it militêr hospitaal en rekrutearje Seksje J foar in nachtlike misje nei Parys. De soldaten reitsje al heal oertsjûge fan Cage syn ferhaal om't er alderhanne dingen fan harren wit dy't se him beslist nea ferteld hawwe (ynsafier't se witte), en as blykt dat Vrataski de lieding oer de misje hat, smite se harren gewicht der folslein efter. Oankommen yn Parys offerje de soldaten fan Seksje J harren ien foar ien op om Cage en Vrataski by it Louvre te krijen. As dêr by de yngong nei de kelder in alfa de wacht hâldt, lokket Vrataski dy fuort mei fatale gefolgen foar harsels, om't Cage troch syn seare skonk net drave kin. Cage smyt himsels yn it gat nei de kelder, dêr't er yn it wetter falt en omleech swimt nei de omega. De alfa kriget him te pakken, en trochboarret him mei in tentakel, mar net foar't Cage de pinnen út in hiele gurle mei hângranaten lûkt en de gurle loslit, sadat dy yn it wetter omleech sakket nei de omega. De dêropfolgjende eksploazje deadet de omega, wat de alfa's en gewoane mimics oeral yn 'e wrâld op slach ferswakket om't se gjin sintrale lieding mear hawwe.
Wylst in stjerrende Cage deabliedend en ferdrinkend troch it wetter omleech sakket, driuwt er troch it bloed fan 'e omega hinne. Nei't er stoarn is, wurdt er wekker yn 'e helikopter nei Londen, dêr't er opwachte wurdt troch de korporaal Julie Montgomery. Hy beseft dat troch de ynfloed fan it bloed fan 'e omega de tiid twa dagen tebekset is. It Londen wêryn't er arrivearret, is lykwols net itselde Londen dêr't er oarspronklik yn oankaam: oeral liede de tsjerkklokken om 'e oerwinning te fieren, want in ûntploffing fan ûnbekende oarsprong yn it sintrum fan Parys, de jûns tefoaren, hat blykber it fermogen fan 'e mimics ferneatige om noch te fjochtsjen. Op it nijs fertelt generaal Brigham dat er ferwachtet dat de lâning op 'e Frânske kust, moarn, sûnder swierrichheden ferrinne sil. Cage bejout him nei Heathrow, dêr't er de hiele Seksje J libben en wol trainen sjocht foar't er Vrataski opsiket, lykas er ûntelbere kearen earder dien hat. As hja him as ofsier like kâld begroetet as hja yn alle foargeande lussen mei him as sljochtwei soldaat die, moat Cage laitsje.
Dat skript waard skreaun troch Dante Harper, dy't der acht moannen mei besteld wie. Doe't it ôf wie, waard it yn april2010 fuortendaliks oankocht troch de Amerikaanske filmstudio Warner Bros., foar de priis fan $3 miljoen. Yn juny2011 waard Joby Harold oannommen om it senario om te wurkjen. Doug Liman, dy't oannommen waard as regisseur, ferwiisde in healjier foar't de opnamen begjinne soene, twatrêdepart fan it skript fan Harper nei de foddekoer. Jez en John-Henry Butterworth waarden ynset om it senario op 'e nij te skriuwen. Letter naam Simon Kinberg it fan harren oer, en acht wiken foar de opnamen waard Christopher McQuarrie frege om in nije ein foar de film te betinken, om't de ein fan 'e roman en it eardere skript as te somber beskôge waard. Uteinlike wiene de opnamen al begûn doe't McQuarrie noch mei de ein fan 'e film oan 'e gong wie.
Warner Bros. woe oarspronklik Brad Pitt foar de haadrol hawwe, mar dy betanke foar de ear. Tom Cruise hie wol belangstelling. In grut part fan 'e oandriuw fan 'e filmmakkers om it senario wat luchtich te hâlden en de somberens derút te skriuwen, kaam eins út Cruise syn koker, dy't allegeduerigen timmere op 'e humor dy't neffens him yn 'e serieuze film ferwurke wurde moast. Foar it úteinlike senario krigen inkeld McQuarrie en de Butterworths in fermelding op 'e ôftiteling. Behalven Stoff en Hoffs wiene ek Tom Lasally en Jeffrey Silver as produsint by it projekt belutsen, foar de filmstudio'sVillage Roadshow Pictures en RatPac-Dune Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $178 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dion Beebe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck.
It wie de bedoeling dat de lâningsoperaasje yn 'e film de sjoggers tinke litte soe oan soartgelikense fjildslaggen út 'e Twadde Wrâldoarloch, lykas D-Day en de Evakuaasje fan Dúntsjerk. Fierders waard ek aktyf besocht om 'e film wat it oansjen fan in fideospultsje te jaan, mei't Sakurazaka by it skriuwen fan syn roman dêrtroch beynfloede wie. Dêrby gie it benammen om it stjerren en wer wekker wurden fan 'e haadpersoan, dat lykstrekich opgiet mei it respawnen yn fideospultsjes, wêrby't in spiler op in beskaat level wer by it begjin begjinne moat as syn avatar omkomt foar't er dat level mei súkses ôfslute kinnen hat.
Fan 'e filmkritisy krige Edge of Tomorrow oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Todd McCarthy de film yn The Hollywood Reporter as in "narratologysk ambisjeuze science fiction-aksjefilm" dy't "relatyf boartlik omgiet mei de bekende fjildslachklisjees." Hy tekene dêrby oan dat er, nettsjinsteande de humor, it útgongspunt fan in tiidlus "ferfeelsum" fûn, en ek omskreau er de klimaks by en ûnder it Louvre as "dramatysk net oertsjûgjend en fisueel troebel". De special effects yn 'e film priizge er lykwol as "spannend" en "echt lykjend". Yn 'e Los Angeles Times neamde Kenneth TuranEdge of Tomorrow "spannend en ûnferwachts". Foar him trochbriek de film in rige "út deselde mal sleine, déjà-vu-kaskreakers".
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Edge of Tomorrow in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 325 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is spannend, goed aktearre, grappich en fernimstich, en leveret dêrmei it bewiis dat Tom Cruise noch altyd mear as kapabel genôch is om it gewicht fan in kaskreaker […] te dragen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Edge of Tomorrow in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 43 resinsjes.
Yn in fraachpetear mei it tydskriftCollider fertelde senarioskriuwerChristopher McQuarrie al yn desimber2015 dat Tom Cruise in idee foar in ferfolch op Edge of Tomorrow hie. Yn april2016 liet Doug Liman him dêrfoar as regisseur fêstlizze, en yn maaie2017 makke er bekend dat de ferfolchfilm Live, Die, Repeat and Repeat komme soe te hjitten, in ferwizing nei de slogan fan Edge of Tomorrow: Live, Die, Repeat. Yn maart2018 sei Emily Blunt dat sysels, Cruise en Liman allegear tige entûsjast wiene oer de ferfolchfilm. Nei in protte fertragings wie Live, Die, Repeat and Repeat yn jannewaris2020 neffens Liman noch altyd yn 'e preproduksjefaze. Dat jier soarge de koroanapandemy foar fierdere fertraging. Yn maaie2021 sei Blunt dat in ferfolchfilm op dat stuit, mei de beheinings dy't omreden fan 'e pandemy ynsteld wiene, te djoer wêze soe om te meitsjen.
1993 American filmThe TempTheatrical release posterDirected byTom HollandWritten by Kevin Falls Tom Engleman Produced by Tom Engelman David Permut Starring Timothy Hutton Lara Flynn Boyle Dwight Schultz Oliver Platt Faye Dunaway CinematographySteve YaconelliEdited byScott ConradMusic byFrédéric TalgornDistributed byParamount PicturesRelease date February 12, 1993 (1993-02-12) Running time96 minutesCountryUnited StatesLanguageEnglishBudget$15 million[1]Box office$6.4 m...
Francesco Sforza Francesco Sforza (1562–1624) merupakan seorang kardinal dan uskup Italia. Biografi Latar belakang Sebagai anggota dari Keluarga Sforza, Francesco Sforza lahir di Parma pada 6 November 1562, dari pasangan Sforza Sforza dan istri keduanya Caterina de' Nobili.[1] Pengkardinalan Ia wafat di Roma pada 9 September 1624.[1] Ia dimakamkan di San Bernardo alle Terme.[1] Referensi ^ a b c Entry from Biographical Dictionary of the Cardinals of the Holy Roman Ch...
Archidendron hendersonii Status konservasi Rentan (EPBC Act) Klasifikasi ilmiah Kerajaan: Plantae Filum: Magnoliophyta Kelas: Magnoliopsida Ordo: Fabales Famili: Fabaceae Subfamili: Mimosoideae Genus: Archidendron Spesies: A. hendersonii Nama binomial Archidendron hendersonii(F.Muell.) & I.C.Nielsen Sinonim Pithecellobium hendersonii F.Muell. Abarema hendersonii (F.Muell.) Kosterm. Archidendron hendersonii adalah pohon hutan hujan di Australia bagian timur. Tumbuhan ini termasu...
Military casualty classification used for deaths of personnel The Normandy American Cemetery and Memorial, near Colleville-sur-Mer in France, honoring American troops who died in Europe during World War II Killed in action (KIA) is a casualty classification generally used by militaries to describe the deaths of their own personnel at the hands of enemy or hostile forces at the moment of action.[1] The United States Department of Defense, for example, says that those declared KIA did n...
Запрос «Екклесиаст» перенаправляется сюда; см. также другие значения. Книга Екклесиастаивр. מְגִלַּת קֹהֶלֶת Раздел Ктувим Название на других языках: греч. Εκκλησιαστής; лат. Liber Ecclesiastes; Перевод «ведущий собрание, ораторствующий перед публикой» или «проповедующ...
У этого термина существуют и другие значения, см. Хреновое. СелоХреново́е Хреновской конезавод 51°07′12″ с. ш. 40°17′12″ в. д.HGЯO Страна Россия Субъект Федерации Воронежская область Муниципальный район Бобровский район Сельское поселение Хреновское История и г...
Military police force in Romania This article may require cleanup to meet Wikipedia's quality standards. No cleanup reason has been specified. Please help improve this article if you can. (September 2011) (Learn how and when to remove this message) Romanian GendarmerieJandarmeria RomânăCoat of armsMilitary colorsCommon nameJandarmeriaAbbreviationJRMottoLEX ET ORDOLaw and OrderAgency overviewFormed3 April 1850Annual budget4 billion EURJurisdictional structureNational agencyROInternation...
Questa voce o sezione sull'argomento film d'azione non cita le fonti necessarie o quelle presenti sono insufficienti. Commento: Intere sezioni senza fonti. Possibili ricerche originali. Puoi migliorare questa voce aggiungendo citazioni da fonti attendibili secondo le linee guida sull'uso delle fonti. Segui i suggerimenti del progetto di riferimento. Fast & Furious 5Una scena del filmTitolo originaleFast Five Lingua originaleInglese, Portoghese, Italiano, Spagnolo Paese di produzione...
Football clubUnión VieraFull nameClub de Fútbol Unión VieraFounded1962; 62 years ago (1962)GroundPepe Gonçalvez, Las Palmas,Canary Islands, SpainCapacity3,500ChairmanPacuco RamosManagerÁngel Luis CamachoLeague3ª RFEF – Group 122020–213ª – Group 12 (A), 5th of 103ª – Group 12 (D), 6th of 6WebsiteClub website Home colours Away colours Club de Fútbol Unión Viera is a Spanish football team based in Las Palmas, in the autonomous community of Canary Islands.[...
British peer (1900–1990) The Right HonourableThe Lord GardinerCH PC QCLord Gardiner in 1977.Lord High Chancellor of Great BritainIn office16 October 1964 – 19 June 1970Prime MinisterHarold WilsonPreceded byThe Lord DilhorneSucceeded byThe Lord Hailsham of St MaryleboneMember of the House of LordsLord TemporalIn office15 January 1964 – 7 January 1990Life Peerage Personal detailsBorn(1900-05-30)30 May 1900Died7 January 1990(1990-01-07) (aged 89)NationalityBr...
Counter-principle to net neutrality Part of a series aboutNet neutrality Topics and issues Bandwidth throttling Data cap Deep packet inspection End-to-end principle Internet Protocol (IP) Net bias Net neutrality law Search neutrality Tiered Internet By country or region Brazil Canada Chile European Union India Netherlands Philippines Singapore United States (FCC) vte Net bias (or network bias) is the counter-principle to net neutrality, which indicates differentiation or discrimination of pri...
Hong Kong-based Chinese language newspaper For a newspaper with the same Chinese name published in Shanghai, see Wen Hui Bao. Wen Wei Po 文匯報Typedaily newspaper; state mediaFormatBroadsheetOwner(s)Liaison Office of the Central GovernmentFounded9 September 1948Political alignmentPro-BeijingLanguageTraditional ChineseHeadquartersAberdeen, Hong KongWebsitewww.wenweipo.com Wen Wei PoHing Wai Centre, the head office of Wen Wei PoTraditional Chinese文匯報Simplified Chinese文汇�...
National Highway in India National Highway 709AMap of the National Highway in redRoute informationAuxiliary route of NH 9Length264 km (164 mi)Major junctionsWest endBhiwaniEast endGarhmukteshwar LocationCountryIndiaStatesHaryana, Uttar Pradesh Highway system Roads in India Expressways National State Asian ← NH 9→ NH 34 National Highway 709A, commonly called NH 709A is a national highway in India.[1][2] It is a greenfield spur road of NH-709.[3...
University in Terengganu, Malaysia Universiti Sultan Zainal Abidinيونيۏرسيتي سلطان زين العابدينFormer namesKolej Ugama Sultan Zainal Abidin (1980-2006), Universiti Darul Iman Malaysia (2007-2010)[1][2]MottoIlmu Demi Faedah Insan (Malay)Motto in EnglishKnowledge for the Benefit of HumanityTypePublic University Established26 March 2005ChancellorSultanah Nur Zahirah of Terengganu[3]Vice-ChancellorFadzli Bin AdamStudents8961AddressUniversiti ...
Number with a real and an imaginary part This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Complex number – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2022) (Learn how and when to remove this message) A complex number can be visually represented as a pair of numbers (a, b) forming a vector on a diagra...
Human settlement in ScotlandCraigtonScottish Gaelic: Baile ChreigScots: CraigtounShops and tenements in Craigton on Paisley Road WestCraigtonLocation within GlasgowOS grid referenceNS543643Council areaGlasgow City CouncilLieutenancy areaGlasgowCountryScotlandSovereign stateUnited KingdomPost townGLASGOWPostcode districtG52Dialling code0141PoliceScotlandFireScottishAmbulanceScottish UK ParliamentGlasgow South WestScottish ParliamentGlasgow Pollok L...
В Википедии есть статьи о других людях с именем Вильгельм. Вильгельм I Злойитал. Guglielmo I il Malo 2-й король Сицилии 26 февраля 1154 — 7 мая 1166 Коронация 4 апреля 1154 г. Предшественник Рожер II Преемник Вильгельм II Добрый Рождение 1126(1126)Сицилия Смерть 7 мая 1166(1166-05-07)Палермо, Сици...
British classical scholar (1921–2003) Geoffrey KirkDSC FBAKirk in 1953 by Antony Barrington BrownBorn(1921-12-03)3 December 1921Nottingham, EnglandDied10 March 2003(2003-03-10) (aged 81)Rake, West Sussex, EnglandSpouses Barbara Traill (m. 1950; div. 1975) Kirsten Ricks (m. 1975)Academic backgroundAlma materClare College, CambridgeInfluencesN. G. L. HammondDenys PageHarry SandbachAcademic workDis...
1459–1817 Ottoman administrative unit in Serbia Sanjak of SmederevoSanjak of the Ottoman Empire1459–16881699–17181739–17881791–18041813–1817The Pashalik of Belgrade in 1791CapitalSmederevo (1459–1521)Belgrade (1521–1817)GovernmentSanjakbey • 1462–1507 Ali Beg Mihaloglu (first)• 1815–1817 Marashli Ali Pasha History • Fall of the Serbian Despotate 1459• Autonomy of the Principality of Serbia 1817 Preceded by Succeeded by Serbian Despotat...