A Good Day to Die Hard is in Amerikaanskespionaazje-aksjefilm út 2013 ûnder rezjy fan John Moore, mei yn 'e haadrollenBruce Willis en Jai Courtney. De titel betsjut "In Goede Dei om Dreech te Stjerren". It ferhaal folget de Amerikaanske plysjeman John McClane as er him nei Ruslân bejout, dêr't syn soan Jack terjochtstean moat foar moard. McClane syn "fakânsje", sa't er it sels oanhâldend neamt, nimt in ûnferwachtse kear as Jack oan 'e Russyske autoriteiten ûntsnapt en bliken docht dat er foar de CIA wurket. A Good Day to Die Hard is it fyfde diel fan 'e Die Hard-filmsearje. De slogan fan 'e film is "Yippee-ki-yay, Mother Russia" (in wurdboarterij op 'e bekende útspraak fan McClane "Yippee-ki-yay, motherfucker" en "mem Ruslân", sa't de Russen harren heitelân neame). Fan 'e filmkritisy krige A Good Day to Die Hard yn oerweldigjende mjitte negative resinsjes, wêrby't de krityk him benammen taspitste op it ûnoannimlike útgongspunt, de swakke plot en it mei klisjees ôfmakke senario. Nettsjinsteande dat wie de film in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot
Yn 'e RussyskehaadstêdMoskou besiket de korrupteregearingsfunksjonaris Viktor Tsjagarin yn 'e finzenis syn eardere sakepartner, de rikeoligarch Joeri Komarov. Dyselde is op befel fan Tsjagarin op falske beskuldigings fêstset om't er as klokkelieder in boekje iepen dwaan woe oer Tsjagarin syn kriminele aktiviteiten. Komarov seit dat er no moai foar de rjochtbank syn ferhaal hâlde kin, mar Tsjagarin bewissiget him derfan dat er it nea safier komme litte sil dat Komarov syn tsjûgenis dwaan kin. Hy wol dat Komarov him it dossier oerlanget wêryn't er alle bewiismateriaal tsjin him (Tsjagarin) gearfandele hat. Komarov wegeret. Letter wurdt Tsjagarin der troch in tsjeppe jonge brunette fan bewissige dat alles goedkomme sil.
Ek yn Moskou kringt de Amerikaan Jack McClane in nachtklub binnen en sjit in heechpleatst lid fan 'e Russyske maffiadea. Hy wurdt oppakt foar moard, mar by syn ûnderfreging troch in korrupte plysjeman dy't foar Tsjagarin wurket, biedt er oan om ûnder ede te ferklearjen dat er de maffiabaas yn opdracht fan Komarov fermoarde hat. Underwilens kriget yn New York John McClane, in resjersjeur foar it New York Police Department, berjocht dat syn soan yn Ruslân oppakt is foar moard. Hoewol't er al jierrenlang folslein fan Jack ferfrjemde is en gjin idee hat wat dyselde by de ein hat, risselwearret er fuortendaliks om nei Moskou ta. Hy wurdt troch syn dochter Lucy nei de lofthaven ta brocht.
De deis dat McClane yn Moskou arrivearret, begjint it showproses tsjin Komarov. Om't Jack oanbean hat om tsjin 'e man te tsjûgjen, wurdt hy ek nei de rjochtbank brocht, dêr't hy en Komarov yn pleksyglêzenkoaien opsletten wurde. McClane, dy't útfûn hat wêr't Jack is, giet nei deselde rjochtbank, dêr't er him mank de demonstranten bejout dy't op 'e strjitte de frijlitting fan Komarov easkje. Ear't de rjochtsaak goed en wol begjinne kin, wurdt der in bomoanslach op it gerjochtsgebou dien troch in trewant fan Tsjagarin dy't Alik hjit. Dêrby reitsje alle oanwêzigen yn 'e rjochtseal dea of slim ferwûne, útsein Jack en Komarov, dy't beskerme wurde troch de pleksyglêzen koaien. Alik en de brunette dy't mei Tsjagarin gearwurket jouwe lieding oan in team fan terroristen dat de rjochtseal binnen kringt op 'e siik nei Komarov, mar dy is dan al tegearre mei Jack útnaaid.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Bûten it gerjochtsgebou hâldt McClane Jack steande en redendielt mei him oer syn ûntsnapping, dy't it neffens him inkeld minder makket foar syn soan. De rûzje wurdt ôfbrutsen as Alik in glimp fan Komarov opfangt en mei syn trewanten yn in pânserfiertúch fan 'e Moskovyskeplysje de efterfolging ynset. Jack en Komarov pike út yn in bestelbuske en McClane stelt in frachtwein en giet der ek efter oan. Tanksij de fêsthâldendheid fan McClane witte Jack en Komarov nei in lange en spektakulêre efterfolging te ûntkommen, hoewol't dat allegear net nedich west hie as McClane syn soan fuort nei syn ûntsnapping net in skoft opholden hie. Mei tsjinnichheid pikt Jack in strâne rekke McClane op.
Jack nimt syn heit en Komarov mei nei in ûnderdûkadres, dêr't oan it ljocht komt dat Jack foar de CIA wurket. Hy is de lêste trije jier al mei in undercoveroperaasje dwaande, dy't bedoeld is om him úteinlik it fertrouwen fan Komarov winne te litten. De CIA hat nammentlik ek syn sinnen set op it bemachtigjen fan it dossier oer Tsjagarin dat Komarov yn syn besit hat. Jack syn partner Mike Collins praat op Komarov yn om it dossier oer te dragen, en Komarov giet úteinlik akkoart, mar inkeld op betingst dat net allinne hysels, mar ek syn dochter Irina troch de CIA Ruslân útsmokkele wurde sil. By in hommelse oanfal op it ûnderdûkadres troch Alik en syn mannen, wurdt Collins lykwols troch de holle sketten, sadat Jack en McClane der allinne foar steane.
Se witte te ûntsnappen, wêrnei't Komarov harren meinimt nei in âld hotel dêr't er yn 'e balseal yn it penthouse foar de earste kear mei syn frou silger dûnse hat. Dat is it net inkeld it plak dêr't er mei Irina ôfsprutsen hat, mar hy hat dêr ek de kaai ferburgen fan 'e klûs dêr't er it dossier yn opburgen hat. Irina Komarova blykt lykwols deselde brunette te wêzen dy't al fan it begjin ôf oan mei Tsjagarin gearwurket. McClane wurdt fuortendaliks erchtinkend troch de gatten yn har ferhaal, mar Jack hjit syn heit om him der net mei te bemuoien en de misje oer te litten oan lju, lykas hysels, dy't dit foar harren berop dogge. Sadree't Komarov lykwols de kaai foar it ljocht helle hat, set Irina har heit in pistoal tsjin 'e holle oan en komme Alik en syn mannen te foarskyn, dy't har yn sydfertrekken beskûl holden hiene.
Jack en McClane hawwe gjin oare kar as om harren oer te jaan, wêrnei't se finzen nommen wurde. Irina leit har heit en de beide Amerikanen út dat der miljoenen dollars op it spul steane, en dat je yn sa'n sitewaasje net sentiminteel wurde moatte oer famyljerelaasjes. As Alik lykwols de tiid nimt om utering te jaan oan syn argewaasje oer de bemuoienis fan 'e beide McClanes mei syn soarchfâldich plande misje troch harren in wan bruien ta te mjitten, witte de McClanes los te brekken. Se deadzje de measten fan Alik syn trewanten, mar Alik sels wit mei Irina en Komarov te ûntkommen nei it dak fan in leger lein part fan it hotel, dêr't in Mil Mi-24-transporthelikopter op harren wachtet. Ienris yn 'e loft besykje Alik en Irina om foargoed fan 'e McClanes ôf te kommen troch de balseal ûnder fjoer te nimmen mei de masinegewearen fan 'e helikopter, mar Jack en McClane witte it faaie libben derôf te rêden troch út it finster te springen, wêrnei't se delkomme op in bousteger.
Dy jûns stelle se by in Moskovyske nachtklub, dêr't in protte kriminelen komme, in auto mei in kofferbak fol wapenreau. Om't Komarov sein hie dat se er it dossier ferburgen hie yn in klûs yn Pripjat, yn 'e Oekraïne, reizgje se dêrhinne. Pripjat is in spûkstêd yn 'e ûntromme sône dy't troch de Kearnramp fan Tsjernobyl, yn 1986, besmet rekke is radio-aktive strieling. Dêr arrivearre, ûntdekke se dat Alik en Irina dêr al earder oankommen binne mei Komarov.
Alik en Irina twinge Komarov om 'e klûsdoar iepen te meitsjen, mar de doar blykt, ta alteraasje fan Alik, tagong te jaan ta in ûnbidige opslachromte. Dan komt oan it ljocht dat it dossier oer Tsjagarin nea bestien hat. Wat der yn 'e klûs opslein leit, is in hoemannichte wapeneuranium, dat op 'e swarte merk€1 miljard wurdich is. It guod is troch Komarov oan 'e kearnsintrale fan Tsjernobyl ûntlutsen, wat laat hat ta de kearnramp. Ear't Alik foar it ferstân kriget wat dit betsjut, wurdt er troch Komarov troch de holle sketten. Irina blyk in dûbelaginte te wêzen, dy't altyd al mei har heit ûnder ien tekken skûle. Komarov skillet Tsjagarin op, dy't krekt in massaazje kriget. Mei sichtbere foldwaning leit er Tsjagarin út hoe't er him te fluch ôf west hat, en harket dan ta hoe't de masseur, dy't in trewant fan him is, Tsjagarin smoart oant er it bestjert.
Op dat punt kringe Jack en McClane de klûs binnen. Komarov besiket de Amerikanen mei toanielspyljen om 'e tún te lieden, mar McClane lit him net mear bedrage. Komarov ûntkomt nei it dak fan it gebou, dêr't er him troch Irina yn 'e transporthelikopter oppikke litte wol. Jack sit him op 'e hakken, wylst McClane nei bûten draaft en de opstigende helikopter yn klimt. Irina besiket har heit te beskermjen tsjin Jack troch it dak ûnder fjoer te nimmen mei de masinegewearen fan 'e helikopter. McClane, dy't net troch de cockpitdoar brekke kin, riidt dêrop in yn 'e helikopter laden frachtweintsje, dat mei keatlings fêstsit, út 'e laadklep. It bingeljende frachtweintsje bringt de helikopter út lykwicht, sadat Irina net mear op Jack sjitte kin.
Op it dak fan it gebou wurdt Jack Komarov oermânsk. Dyselde byt him ta dat syn heit net lang mear te libjen hat om't Irina dwaande is de helikopter fan it frachtweintsje te ûntdwaan. Dêrop smyt Jack Komarov fan it dak ôf, dat er yn 'e sturtrotor fan 'e helikopter falt en oan grôt houd wurdt. McClane wit nei it dak te springen. As Irinia foar it ferstân kriget dat har masinegewearen gjin munysje mear hawwe, besiket se har heit te wreekjen troch mei de helikopter it dak te ramen. Dêr komme sy en de oare bemanningsleden by om, mar de McClanes witte op 'e tiid fan it dak te springen en komme del yn in swimbad dat fol stiet mei reinwetter. Neitiid keare heit en soan McClane werom nei hûs. Se hawwe harren skeel no bylein en wurde op 'e lofthaven ôfhelle troch Lucy en de CIA.
A.O. Scott fan The New York Times neamde A Good Day to Die Hard "in hantsjefol út 'e holle learde trúkjes – elts yngewikkelder en dêrom op 'e iene of oare manear minder spannend as syn foargonger – ferbûn troch in ûnnoazel skript en in stikmannich heal fernimstige regels dialooch." Hy hie in protte krityk op 'e rezjy fan John Moore, en skreau "alles dat de earste Die Hard sa memorabel makke – de karakternuansearring, de politikesubtekst, de cowboyhumor – is [yn A Good Day to Die Hard] ôfdomme of hielendal fuortbjind."
Yn The Hollywood Reporter wie Todd McCarthy it dêrmei iens, fral wat de krityk op 'e rezjy fan John Moore oanbelange. Hy skreau dat Moore "dizze sênes regissearre hat sadat de foarfallen sà fiersocht en winliken net te oerlibjen binne dat je der allinne mar om laitsje kinne." Richard Roeper, dy't skreau foar de websideRogerEbert.com, hie fierhinne deselde krityk en parte A Good Day to Die Hard 11/2 fan 4 stjerren ta. Hy murk op dat John McClane yn dizze fyfde film "ûntdien is fan […] in echt trijediminsjonaal personaazje."
Yn 'e Los Angeles Times krige A Good Day to Die Hard fan Kenneth Turan 21/2 fan 4 stjerren, mei't it de film ûntbriek oan ynspiraasje. Turan fûn fierders de rivaliteit tusken heit en soan McClane "earder yrritant as in pluspunt." Ien fan 'e seldsume resinsinten dy't de film wól goed fûn, wie Robbie Collin fan The Daily Telegraph. Hy skreau: "Ek al stûket de rit úteinlik, dochs hat A Good Day to Die Hard al sa spektakulêr west yn syn eardere mominten dat er mei de dêrtroch opdiene feart útrôlje kin oer de finish hinne."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Good Day to Die Hard in leech goedkarringspersintaazje fan 14%, basearre op 229 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is it swakste diel fan in legindaryskefranchise, en sels it spytgnyskjend antlit fan Bruce Willis kin sa'n grôtfol klisjees sittend, ûnynspirearre skript noch net opfleurje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Good Day to Die Hard in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 40 resinsjes.