Hjoed oan 'e dei is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn mei elts jier om-ende-by de 500.000 besikers it grutste filmfestival fan 'e wrâld. Der wurde mear as 400 films fertoand (op 'e edysje fan 2014: 441 ûnderskate films, yn 945 fertoanings). Dêrfan tingje ornaris sa'n 20 films mei nei de prizen dy't op it festival útrikt wurde: de Gouden Bearen foar de bêste films, en de Sulveren Bearen foar yndividuële prestaasjes fan akteurs en filmmakkers.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, de Jeropeeske Filmmerk, de Berlinale Talents en oare eveneminten om it filmfestival hinne lûke elts jier sa'n 20.000 besikers dy't har wurk yn de filmyndustry hawwe, ôfkomstich út mear 130 lannen. Fierders binne der ek likernôch 4.200 sjoernalisten út 110 lannen oanwêzich dy't ferslach dogge fan it barren. By de premiêres fan langspylfilms mei in heech profyl paradearje ûnder it festival ynternasjonale filmstjerren en oare ferneamde persoan oer de reade loper, dêrby sekuer beächte troch sjoernalisten en fotografen.
Underdielen
De op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fertoande films binne ûnderbrocht yn ferskate 'filmseksjes':
Wettbewerb: Hjiroan dogge elts jier likernôch 20 films mei dy't noch útkomme moatte bûten harren lân fan oarsprong. Se tingje sa mei nei in Gouden Bear, de priis foar bêste film. De akteurs en filmmakkers tingje op persoanlike titel mei nei in Sulveren Bear.
Forum: In rige eksperimintele films en dokumintêres fan 'e oer de hiele wrâld mei de klam op wurk fan jongere filmmakkers.
Generation: In miks fan koarte films en langspylfilms mei as doelpublyk bern en jongerein. Der binne twa subkategoryen: Generation Kplus foar bern fan 4 oant 14 jier, en Generation 14plus foar jongerein fan 14 oant 18 jier. Dizze films hawwe har eigen prizen, de Glêzen Bearen, dy't takend wurde troch trije ûnôfhinklik faninoar operearjende sjuerys: de Bernesjuery, de Jongereinsjuery en in ynternasjonale faksjuery.
Perspektive Deutsches Kino: In breed ferskaat oan Dútske en Dútsktalige films, mei de klam op aktuële tema's yn de Dútske filmwrâld.
Berlinale Shorts: In rige Dútsk(talig)e en ynternasjonale koarte films, yn 't bysûnder guon dy't in nije oanpak fan it filmmeitsjen sjen litte. Dizze films tingje mei om 'e Gouden Bear foar bêste koarte film en ek om in eigen, troch in sjuery tawiisde Sulveren Bear.
Retrospektive: In seleksje filmklassikers dy't yn eardere edysjes fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fertoand binne.
Njonken de sân filmseksjes binne der ek inkele 'spesjale searjes', lykas de Berlinale Special, de Gala Special, Forum 5, Kulinarisches Kino en Homage.
Prizen
De prizen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn binne de Gouden Bear en de Sulveren Bear (de bear is it symboal fan Berlyn en stiet prominint yn it wapen en de flagge fan 'e stêd).
Gouden Bear
De Gouden Bear (Goldener Bär) bestiet fan it begjin fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn ôf. Hy wurdt útrikt foar:
De Sulveren Bear (Silberner Bär) waard yn 1956 yntrodusearre foar yndividuële prestaasjes op it mêd fan aktearjen en it meitsjen fan films. Ek is der in Sulveren Bear foar bêste koarte film, wat delkomt op in twadde priis nei de Gouden Bear foar bêste koarte film. Fierders waard yn 1965 ek in twadde priis foar bêste film yntrodusearre. De offisjele namme dêrfan is eins net 'Sulveren Bear', mar wie fan 1965 oant 1999 Spesjale Priis fan de Sjuery (Sonderpreis der Jury) en is fan 2000 ôf Grutte Priis fan de Sjuery (Großer Preis der Jury). Nettsjinsteande dat wurdt ek dy priis ornaris oantsjut as in Sulveren Bear. De Sulveren Bear wurdt sadwaande útrikt foar:
Alfred Bauerpriis (sûnt 1987; ferneamd nei de 1e direkteur fan it festival; foar in langspylfilm dy't nije ideeën oer de filmkeunst yn 'e praktyk bringt)