It nije gebouwekompleks wie yn haadsaak ûntwurpen troch arsjitektKem Weber, mar ûnder tafersjoch fan 'e bruorrenWalt Disney en Roy O. Disney. It wie it earste studiokompleks dat spesifyk boud wie foar it meitsjen fan tekenfilms. Ien fan 'e djoerste oanpassings datoangeande wie de oanlis fan tunnels dy't de wichtichste gebouwen mei-inoar ferbûnen, om it oerbringen fan animaasjetekenings mooglik te meitsjen sûnder dat dy bleatsteld hoegden te wurden oan it waar.
Yn 'e jierren nei de Twadde Wrâldoarloch sette Disney njonken de produksje fan tekenfilms ek útein mei it meitsjen fan live-actionfilms. Dêrfoar hie men ferlet fan soundstages. Om't dy der net wiene, waarden de earste live-actionfilms fan Disney yn Ingelân opnommen. Dat wie lykwols in djoere grap, dat dat koe sa net bliuwe. It probleem wie dat de bou fan soundstages sa djoer wie, dat Disney it sels net finansiere koe. Dêrom waard der in oerienkomst sletten mei regisseur en produsintJack Webb, wêrby't hy in oansjenlik diel bydroech yn 'e kosten yn ruil foar it rjocht op it gebrûk fan 'e soundstages nei't dy klear wiene.
Fan 'e 1950-er jierren ôf waard it studiokompleks mei tuskenskoften útwreide en/of ferboud. Sa waarden yn 1984, nei't der in nije direksje kommen wie, de fêste filmsets op it backlot fan it kompleks ôfbrutsen. Yn 1986 fûn der in grutte ferbouwing plak om mear romte foar sawol soundstages as kantoaren te krijen. Yn 1990 liet algemien direkteurMichael Eisner it Team Disney Building sette, en yn 1992 waard it Riverside Building boud nei't de gemeente Burbank dêr tastimming foar jûn hie.
It Animation Building is it oarspronklike studiogebou dat yn 1940 boud waard en dêr't de Walt Disney Animation Studios noch altyd sitte. It hat de foarm fan in dûbele H mei acht ûnderskate fleugels. It Roy O. Disney Building stiet njonken it Animation Building en is ek ien fan 'e âldste gebouwen fan it kompleks. It ûntliend syn namme oan it feit dat Roy O. Disney, de broer fan Walt Disney, der foarhinne syn kantoar hie. Tsjintwurdich is de juridyske ôfdieling fan Disney der fêstige. It Digital Studio Center, dat wijd is oan fasiliteiten foar postproduksjewurk, kaam yn 2012 ree en húsfêstet de ôfdieling Disney Digital Studio Services.
De Hyperion Bungalow is gebou fan ien ferdjipping (dêrfandinne de oantsjutting bungalow) dat oarspronklik yn 1935 op 'e eardere lokaasje fan Disney oan Hyperion Avenue yn Los Angeles boud waard foar de ôfdielings strips en public relations. By de bou fan it nije studiokompleks yn Burbank waard dit gebou ôfbrutsen en op 'e nije lokaasje wer opboud. Tsjintwurdich sit de postkeamer fan Disney yn dit gebou. It twa ferdjippings tellende Shorts Building waard by de ferhuzing fan Hyperion Avenue nei Burbank ek ôfbrutsen en wer op 'e nij opboud en datearret oarspronklik út 1934. Foarôfgeande oan 'e ferhuzing waarden der ferskate koarte films makke (dêrfandinne de namme shorts), mar neitiid fungearre it as kantoarromte foar de ôfdieling Studios Operations.
De Walt Disney Studios omfetsje ek in eigen wettertoer, de Walt Disney Studios Water Tower, dy't yn 1939 boud waard tsjin in priis fan $300.000. De toer hat in hichte fan 41.30 m en hoewol't er no leech stiet, koe der foarhinne 39.578 literwetter yn. It Main Theater is in eigen lytse bioskoop mei 419 sitplakken, dêr't nije films foarôfgeande oan 'e premiêre oan 'e wurknimmers fan Disney toand wurde kinne. It Main Theater is ien fan 'e oarspronklike gebouwen út 1940. Datselde jildt ek foar it Original Commissary, dêr't in (inkeld foar wurknimmers fan Disney tagonklike) kafetaria en grill yn kaam dy't no it Buena Vista Café hjit.
It Ink and Paint Building út 1940 wie wêr't foarhinne de tekenings fan 'e animators op transparante sellen set en ynkleure waarden. Dat wurk waard dien troch mear as hûndert jonge froulju, dy't net mei harren manlikekollega's omgean mochten. It Ink and Paint Building stie dêrom in ein út 'e reek en waard by túltsjes ek wol "it Nonnekleaster" neamd. Tsjintwurdich is it in kantoargebou, mei't kompjûtertechniken de âlde hântekene animaasje ferfongen hawwe. It Camera Building, ek út 1940, wie wêr't de ynkleure sellen op filmfotografearre waarden. Sûnt 1990 sit dêr Disney-dochterBuena Vista Imaging. It Cutting Building, ek út 1940, is wêr't de ôfdieling filmmontaazje sit, hoewol't der no net mear fysyk "snijd" (cut) wurdt, mei't soks tsjintwurdich digitaal giet.
It Roy E. Disney Animation Building stiet bûten it eigentlike studiokompleks, oarekant West Riverside Drive. It kaam ree yn 1994 en sûnt is it it haadkertier fan 'e Walt Disney Animation Studios. It is ferneamd nei Roy E. Disney, dy't lang oan it haad fan 'e tekenfilmstudio stie. It Roy E. Disney Animation Building is in apart gebou, dat in likernôch 10 m hege ferzje fan 'e tsjoendersmûtse út 'e tekenfilm Fantasia omfettet. Oan 'e fierste kant fan West Riverside Drive stiet ek it ABC Studios Building, it nije haadkertier fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurkABC, dat yn 1996 boud waard nei't it bedriuw troch Disney oernommen wie. It stiet njonken it Roy E. Disney Animation Building en wurdt troch in blauwe fuotgongersbrêge oer West Riverside Drive mei it eigentlike studiokompleks fan 'e Walt Disney Studios ferbûn. Behalven ABC húsfêstet it gebou ek Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan Disney.
Stage 4 kaam yn 1958 ree en waard foar it earst brûkt foar de film Darby O'Gill and the Little People. Nei tritich jier tsjinst waard it yn 1998 yn twaen spjalten, sadat der twa lytsere soundstages ûntstiene dy't gaadliker wiene foar tillefyzje-opnamen. Sa kaam yn itselde gebou as Stage 4 ek Stage 5 te sitten. Yn 1997 waarden de beide nijste soundstages fan 'e Walt Disney Studios boud, Stage 6 en 7, beide mei in oerflak fan 1.400 m². Dy binne tarist mei de nijste snufkes om opnamen makliker te meitsjen.
Produksjes
Films
In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Walt Disney Studios makke of opnommen binne: