De nije eigners stiften yn 1887 op it lân in delsetting dy't se nei Burbank ferneamden. Itselde jiers noch krige it nije doarp in treinstasjon. De lânspekulaasje yn 'e krite bliek lykwols in luchtbel te wêzen, dy't yn 1889 abrupt barste, mei as gefolch dat de prizen fan 'e grûn kelderen en in protte eigners har perselen wer ferkeapje moasten om har belestings opbringe te kinnen. Nettsjinsteande dat woeks Burbank stadichwei oan troch drûchten en de depresje hinne dy't Los Angeles yn 'e 1890-er jierren parten spile. Yn 1911 krige Burbank stedsrjochten en waard der in tramline yn gebrûk nommen tusken Burbank en Glendale.
Yn 1915 waard in grut diel fan 'e San Fernando-dellinganneksearre troch Los Angeles, mar Burbank, dat syn eigen wetterboarne hie, wie ien fan in hantsjefol stedsjes dy't steech ûnôfhinklik bleaune, mei as gefolch dat Burbank no oan trije kanten, yn it suden, westen en noarden, troch grûngebiet fan Los Angeles omjûn wurdt. Tsjin 1916 hie Burbank noch mar 1.500 ynwenners, mar yn 'e 1920-er jierren iepenen ferskate grutte bedriuwen, wêrûnder de Lockheed Company en de Northrop Aircraft Corporation, fabriken yn Burbank, mei as gefolch dat it ynwennertal tsjin 1930 omheech gien wie oant krapoan 17.000. Under de Grutte Depresje, yn 'e 1930-er jierren kaam oan 'e groei fan Burbank tydlik in ein.
Tsjin 1936 wie it slimste leed lykwols lit, en begûn de pleatslike ekonomy wer wat oan te waaksen. De filmstudioColumbia Pictures hie al earder ûnreplik goed yn Burbank oankocht om dêr op lokaasje films te meitsjen, en yn 1939 kaam it nije haadkertier fan 'e Walt Disney Company ree, dy't syn eardere fêstiging yn Hollywood ûntgroeid wie. Tsjin 1950 wie de befolking fan Burbank groeid ta hast 80.000 minsken. Yn 'e 1950-er, 1960-er en 1970-er jierren fêstigen har almar mear ûndernimmings út 'e entertainmentyndustry yn Burbank. Sa ferhuze NBC yn 1952 syn haadkertier nei de stêd, dêr't de omrop him fêstige yn in studiokompeks dat pas yn 1962 hielendal ôfboud waard.
Burbank hjoed de dei
Hjoed de dei is Burbank in sintrum fan 'e Amerikaanske film-, tillefyzje- en muzykyndustry dat mar amper ûnderdocht foar it Hollywood. Wylst Hollywood alle glitter en glamour hat, fynt in grut part fan it eigentlike produksjewurk yn Burbank plak. Burbank hat sadwaande as oantrekkingskrêft dat it der yn ferliking mei Hollywood frij rêstich is, wylst it dochs mar 10 minuten riden is nei Hollywoods hippenachtklubs en restaurants. Der wurkje mear minsken yn Burbank as dat der wenje: yn 2005 wurken der 125.871 lju yn 'e private sektor (oerheidstsjinsten dus net meirekkene), wylst der doe goed 100.000 minsken wennen.