Kolonel John "Hannibal" Smith, in kommando fan 'e Army Rangers fan it Amerikaanske Leger, wurdt yn noardlik Meksikofinzen holden en mishannele troch in pear korruptefederales dy't wurkje foar de rebelgeneraal Javier Tuco. Smith wit lykwols sûnder folle muoite te ûntsnappen en begjint geandefoets oan 'e reis nei Tuco syn hacienda, dêr't syn maat en ûnderhearrige luitenant Templeton "Face" Peck troch Tuco trappearre is wylst er mei syn frouop bêd lei. Underwilens hat in âld-Ranger dy't ûnearfol ûntslein is, Bosco "B.A." Baracus, earne oars yn noardlik Meksiko de bindeautodieven fûn dy't syn dierbere Chevrolet G20-buskestellen hawwe. Hy slacht harren allegear yninoar en stelt it buske werom. As er letter ûnderweis werom nei de grins is, komt Smith op syn paad, dy't syn buske stelle wol. B.A. is net fan doel om dat barre te litten nei alle muoite dy't er dwaan moatten hat om syn grutte leafde werom te finen, dat de moeting rint út op in konfrontaasje oant de beide mannen foar it ferstân krije dat se allebeide Rangers binne. Dan biedt B.A. oan om Smith te helpen.
Tegearre witte se Face en Tuco syn frou te rêden, wêrnei't se, efterfolge troch Tuco en syn mannen, nei in legerhospitaal ride om dêr de tsjinsten fan 'e sljochtsinnigepiloatkaptein H.M. "Howling Mad" Murdock te rekrutearjen. By it hospitaal drage se de frou fan Tuco oer oan in hantlanger fan Smith, wêrnei't se fjouweresom ûntkomme yn in stellen traumahelikopter. Se wurde op 'e nij efterfolge troch Tuco, no yn in swierbewapene legerhelikopter, dêr't er harren oanhâldend út besjit. It ferget al Murdock syn feardichheden as piloat om it faaie libben derôf te rêden, en it fleantochtsje besoarget B.A. in bliuwende fleaneangst as er op in hier nei út 'e helikopter rûgelet. Se lokje Tuco ûngemurken oer de Amerikaanske grins hinne, wêrnei't syn helikopter troch de Amerikaanske Loftmacht út 'e loft sketten wurdt om't er yn it Amerikaanske loftrom Amerikaansk legerpersoniel oan it besjitten is.
Acht jier letter foarmje Smith, Face, B.A. en Murdock in hecht team, dat foar it Amerikaanske Leger in grut tal gefaarlike en geheime misjes ta in goede ein brocht hat. Underwilens is de Irakoarloch geande, en is it team legere op in Amerikaanske legerbasis yn Irak. Dêr nimt in spesjaal agint fan 'e CIA kontakt op mei Smith, dy't it team ynsette wol foar in geheime operaasje om 'e stellen duplikaten fan 'e drukplaten fan 'e Amerikaanske Munt en mear as $1 miljard yn kontanten dy't dêrmei drukt is, te bemachtigjen. Smith syn oerhearrige, generaal Russell Morrison, jout grien ljocht foar de operaasje. Underwilens nimt kaptein Charissa Sosa fan 'e Defense Criminal Investigative Service (DCIS), in âlde flam fan Face, kontakt op mei hìm, en warskôget him dat hy en syn team safier mooglik by de drukplaten en it jild weibliuwe moatte. Dat wurdt troch it team lykwols folslein negearre. In yngewikkeld plan fan Smith folgjend, oerfalt it team it swierbewekke konfoai dat de drukplaten en it jild ferfiert ûnder bewekking fan âld-kommando's fan it Iraakske Leger.
De misje is súksesfol, en it team keart mei de folsleine bút werom nei de basis. Dêr wurde lykwol de Humvee fan Morrison, sawol as de seecontainer mei it jild ferneatige troch tadwaan fan 'e leden fan 'e hierlingefirma Black Forest, dy't ûnder lieding steane fan 'e ûnsympatike Brock Pike. De drukplaten ferdwine spoarleas. Mei't it iennichste bewiis fan tastimming foar de misje mûnling fan 'e fermoarde generaal Morrison kaam, wurde Smith-en-dy neitiid foar de kriichsried dage foar eigenmachtich optreden en dieverij fan 'e drukplaten. Se kinne harren ûnskuld net bewize en krije ûnearfol ûntslach en wurde feroardiele ta tsien jier yn ferskillende finzenissen. Om't it weromkrijen fan 'e drukplaten har ferantwurdlikheid wie, wurdt Sosa foar straf yn rang weromset nei luitenant.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Seis moannen letter kriget Smith yn it tichthûs besite fan CIA-agint Lynch, dy't him fertelt dat Pike yn Dútslân is, dêr't er fia in bank yn Frankfurt am Main de drukplaten ferkeapje wol oan in ûnbekende Arabier. Lynch wol dat Smith en syn team op 'e nij besykje sille de drukplaten foar him werom te stellen, en Smith stimt dêryn ta, mar easket yn ruil dêrfoar dat se rang en funksje weromkrije sille en dat harren strafblêd wiske wurde sil. Smith ûntsnapt dêrop mei help fan Lynch út it tichthûs, troch fergif yn te nimmen dat in hertstilstân simulearret. Yn it krematoarium komt er krekt op 'e tiid by. Neitiid brekt er op hieltyd spektakulêrdere wize earste Face, dan B.A. en ta einbeslút Murdock út harren finzenissen.
Tsjin 'e tiid fan 'e fjirde útbraak sit Sosa harren op 'e hakken, en it team kaapt in Lockheed C-130 Hercules mei in tank oan board om oan har te ûntkommen. As it logge transportfleantúch delsketten wurdt troch twa General Atomics MQ-9 Reaper-drones, dy't derefteroan stjoerd binne, riidt it team yn 'e tank út it fallende fleantúchwrak, wêrnei't se trije grutte parasjutes útsmite en de tank boppe in mar maneuvrearje troch ferskate kearen it kanon ôf te sjitten (wat de tank troch de weromslach mei feart fansiden triuwt). Se meitsje sadwaande in relatyf sêfte lâning yn it wetter en ride de tank út 'e mar.
Neitiid oerfalle Smith, B.A. en Murdock de moeting tusken Pike en de Arabier yn 'e Frankfurter bank, dêr't se de Arabier ûntfiere en de koffer mei de drukplaten stelle. Underwilens rêdt Face op it treinstasjon fan Frankfurt it libben fan Sosa, dy't troch har fêsthâldende bemuoienis Lynch safier krigen hat dat dy opdracht jûn hat om har út 'e wei te romjen. By harren moeting is dúdlik merkber dat de fonk tusken har beiden noch net alhiel útdwêstge is. As it team letter wer byinoar is, docht bliken dat de Arabier nimmen oars is generaal Morrison yn momkape. Hy skûle fan begjin ôf oan mei Lynch en Pike ûnder ien tekken om 'e drukplaten foar harrensels te bemachtigjen, mar tegearre mei Pike besocht er Lynch te bedragen. Lynch wie him fan dy mooglikheid bewust, en dat wie de reden dat er it A-Team by de hiele kwestje beloek, om it dreger foar Morrison en Pike te meitsjen om harren eigen spultsje te spyljen.
Underwilens jout Lynch, sadree't Smith him witte litten hat dat er de drukplaten yn syn besit hat, opdracht om 'e lokaasje fan it team te bombardearjen. De drukplaten binne goed beskerme yn harren pânsere kofferke, en hy wol fan alle tsjûgen ôf. Morrison komt om by de oanfal, mar it team wit lykwols mei de drukplaten út te piken. Neitiid skillet Smith Sosa op, wittende dat Lynch al har ferbinings ôfharket, en beävensearret in útlevering fan 'Morrison' en de drukplaten oan har oer achtenfjirtich oeren oan board fan in containerskip yn 'e haven fan Los Angeles. Nei't dat regele is, skillet Face Sosa op op 'e mobile tillefoan dy't er har op it stasjon fan Frankfurt yn 'e bûse stoppe hat en dy't dus net ôfharke wurdt, wêrnei't er har by in hiel oar plan belûkt.
It plan fan it team foar de moeting yn 'e haven fan Los Angeles giet dat it slydjaget, oant Pike, dy't ûnderwilens troch Lynch-en-dy oppakt is en no mei him gearwurket, in bazooka brûkt om it containerskip ûnder de wetterline lek te slaan, sadat it kapseist en begjint te sinken. Neitiid efterfolget er Face troch de grimelgrammel fan seecontainers dy't fan it oer de side geande skip ôf op 'e kade rûgele binne, en docht him op in hier nei dea. Face wurdt lykwols rêden troch B.A., dy't handich mei Pike ôfweeft. Smith lokket ûnderwilens Lynch nei in seecontainer dêr't Murdock him mei in sek oer de holle hinne foardocht as generaal Morrison. Lynch sjit 'Morrison' yn 'e holle, dat it 'bloed' alle kanten út spat. (Eins hat Murdock in eigenmakke kûgelfrije helm op, dy't oan alle kanten beplakt is mei pûdsjes ketchup.) Dêrnei manipulearret Smith Lynch derta om te sizzen dat hy dejinge wie dy't fan it begjin ôf oan efter it plan siet om 'e drukplaten stellen, foar't de seecontainer omheechtakele wurdt en bliken docht dat se besingele binne troch Sosa en swierbewapene DCIS-personiel.
Lynch, dy't eins Vance Burress blykt te hjitten, wurdt arrestearre, mar Sosa wurdt letter twongen om him oer te dragen oan in oare spesjaal agint fan 'e CIA, dy't (sabeare) ek fan 'Lynch' hjit. Nettsjinsteande it súkses fan Smith en it team by it bewizen fan harren ûnskuld, wurde se lykwols dochs wer troch de DCIS oppakt om't se út 'e finzenis ûntsnapt binne, wat ek in misdriuw is. Sosa wurdt poerrazen om dy ûngefoelige burokratyske opstelling fan har baas MacCready, mar it slagget har net en bring him op oare gedachten. Sels kriget se wol har âlde rang fan kaptein werom. Se swart lykwols dat se alles dwaan sil om it team frij te krijen en jout Face in lange en hertstochtliketongtút foar't de mannen yn 'e hânboeiens fuortlaat wurde nei in finzenisbuske. Yn it buske binne de oare leden fan it team frijwat telider slein oer dizze ûnferwachtse tebeksetter, oant Face harren it kaaike fan 'e hânboeiens sjen lit dat Sosa him ûnder harren tút mei de tonge trochjûn hat.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The A-Team in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 208 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt in topcast gear om dêrnei lykwols it oansprekkend healwize útgongspunt fan 'e tillefyzjesearje falle te litten yn it foardiel fan eksplosive mar dizenige filmproduksjetechniken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The A-Team in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 37 resinsjes.
Resultaat
The A-Team brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$77.2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $100 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $177,2 miljoen, wat as in teloarstellend resultaat beskôge waard. It budget bedroech $110 miljoen, mar troch subsydzjes kamen de úteinlike produksjekosten út om $100 miljoen hinne, sadat The A-Team in winst makke fan $77,2 miljoen. Dêr moatte lykwols de marketingkosten noch wol ôf.
De film waard nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite simmerfilm.